Bydrage fan Aant Jelle Soepboer . (Histoarikus, skriuwer, politikus en foaral yn syn hert in oprjochte Fries!).

Wat oars as in beam sûnder woartels is in folk sûnder skiednis, sûnder taal. Mei’t in taal stjert, stjert ek in folk wurdt der wolris sein, krekt dêrom is it sa wichtich om te stean foar dat wat kwetsber is, warleas sels as der gjin minsken ree binne oan harren lêste azem ta te krewearjen foar it fuortbestean derfan. It hinget no ienris fan minsken ôf. Minsken lykas Anders Minnes Wybenga dy’t alle tiid, enerzjy en talint stuts yn it boekstaavjen fan syn ynleave memmetaal.

Yn in tiid wêryn’t lytse talen marzjinalisearre wurde, kiest er der net foar om mei de stream mei te driuwen, mar om dwers te lizzen as in krib dy’t de loop fan de rivier feroarje wol. Syn wurk is net allinnich poëzij, mar ek ferset: tsjin ferjitnis, tsjin ferflakking, tsjin it stadichoan ferdwinen fan dat wat ús makket ta wa’t wy binne.

Wybenga sjocht skerp hoe’t taal en lânskip mei-inoar ferfrissele binne. Net as twa losse wrâlden, mar as ien gehiel. Taal en lânskip as wichtige dragers fan identiteit. Want wurden wurde berne út wat wy sjogge, fiele, rûke, meimeitsje; út de skerte fan it deistich libben.

Taal is dêrmei folle mear as in kommunikaasjemiddel. It is in sammelplak fan gewoanten en gebrûken. In wjerklank fan de skiednis. In finster op in folk, en tagelyk in spegel. Wa’t syn eigen taal net mear sprekt of skriuwt, ferliest net allinnich wurden, mar ek lagen fan betsjutting, fan gefoel, fan besef. Boustiennen fan jins wêzen.

En hoe sil immen fier sjen en rom tinke as er syn eigen ferline net goed ken? Hoe sil er stean bliuwe as de wyn oanboazet, as de grûn ûnder him weiwurdt? De beam sûnder woartels kin efkes rjochtop stean, mar by de earste stoarm leit er om.

It is krekt yn dat besef dat it wurk fan Wybenga syn wearde hâldt, faaks mear as ea. Yn in tiid fan globalisearring, fan ferbiningen oer grinzen hinne, wurdt it belang fan eigenheid allinnich mar grutter. Net as ôfskieding, mar as fûnemint. Wa’t wit wêr’t er weikomt, kin ek better witte wêr’t er hinne wol.

Sa wurdt poëzij mear as moaie wurden allinnich. It wurdt in foarm fan ûnthâld, fan ferankering. In krêft tsjin teloargong. Yn dy sin stiet Anders Minnes Wybenga dêr noch altyd, net allinnich as dichter fan syn tiid, of as stiennen byld foar de tsjerke fan Nijewier, mar as hoeder fan in djipper, trochgeand ferhaal.
In ferhaal dat wy allinnich trochjaan kinne as wy sels de wurken lêze, de wurden yn ’e mûle nimme en de pinne oppakke.

Sa’t oaren dat foar ús diene.

Aant Jelle Soepboer