A.M. Wybenga Psalmen 1-10
1 – 2 – 3 – 4 – 5 – 6 – 7 – 8 – 9 – 10
Psalm 1.
1.
Loksillig hy, dy’t net mei boazen giet,
Net yn hjar rie, net op hjar dwylwei stiet,
Dy’t him net jowt op by kweafolk to sitten,
Dy’t fier bliuwt him mei spotters yn to lit-ten,
Hy dy’t syn freugd’ en heil wit yn Gods wet,
Dy’t dei en nacht dêr ’t peinzgjend herte op set.
2.
Gods feint wirdt groede en ryk to djien jown;
Hy’s lyk in beam by ’t wiid yn fette groun
Dy’t fruchten draecht nei Godlik-sette tiden;
Syn blêd bluwt fris, syn bloeisel blierket swide;
Al druget ramp, God jouwt him blide nocht
It giet him goed, it lokt him hwet er docht.
3.
De fromme djit, hy pronket as in roas:
Gânsk oars is ’t mei ’t godleaze ras, gânsk oars!
Dat wirdt as tsjef, forteistra fen ’s winen;
’t Wit fen gjin rêst, wit nearne is sté to finen;
It boaze folk scil yn Gods rjucht forgean
Gjin sûndaer kin by ’t fromme folk bistean.
4.
De Heare, Dy’t al ’t minskne dwaen forstiet,
De herten ken, oer ’t djipste tinken giet,
Sjucht ginstig del op aller rjuchten wegen,
Struit op hjar paed Syn liocht, genéde en segen;
Hy wit hjar wei, lit hjar net moedleas stean,
Mar ’t spoar fen alle booazen scil fortgean.
================
Psalm 2.
1.
Hwet wrame dochs de heidnen stûf oerstjûr?
Hwet brân docht folk by folken d’ydlens tinken?
De keengen slaen ta Godforohúnjen oer,
De foarsten steane om ’t heilich rjucht to krinken;
Hja stekke God Almachtig nei de kroane,
Hja tergje oerdwealsk de heilige Opperhear,
Er sprekke greatsk tsjin de-ivig salve Soane:
“Smyt ôf hjar bân, ús past dat jok net mear!”
2.
Us greate God, dy’t heech-omhegen sit,
Hwaens troane stiet fier boppe loft en wolken,
Scil laitsje om hwet Er machtleas woedzjen wit,
Scil spotte mei ’t gewrot fen de ydle folken;
Dré scil Er yn Syn grime ’t machtwird sprekke,
’t Heechmoedich skaei forskrillet, swimet kjel;
Hja binne op ‘e ein, Syn hân scil hjar tobrekke
En ’t wyndrich ras falt yn d’ ilinde del.
3.
“Ik haw,” sprekt Hy Dy’t great ’t hielal bistjûrt
Dy’t hiel de wrâld hâldt yn syn hân bisletten,
“Ik haw Myn Soan foarsjoen fen ’t heilrykst goed
Myn kening mei Myn suvere oalje oergetten,
Him salve as foarst, mei mear den goud forrike,
Him Sion jown, dêr’t elts Syn swidens sjucht;
Syn macht stiet fêst, ‘k scil fen Myn berch net wike,
Dêr hearsket Hy, dêr sprekt Er ’t Godlik rjucht.
4.
“Ik, d’ iivge Foarst, op d’ieuwen-drege troan
Fen God my jown, lit d’ierde ’t Godsplan witte:
Hy seegne my: Jy binn Myn ienge Soan,
Myn wêzen lyk. Ik lit Jo by My sitte;
Siz frij Jins winsk, – Ik lit Jins oansjen riizje,
Jins ryk stiet heech, de folken knibblje tel,
De Heidnen moatt Jo bûgjend d’ ear bewiizje
En ’s ierdryks ein falt foar Jins troane del.
5.
“Jins iizren stêf dy’t al hjar glâns en macht
Nei ûndren twingt, det hja yn ’t leech forkwine,
As stiengûd hjar yn pún en gruzels slacht,
Forwydret hjar, det hja gjin plak wer fine.”
O keengen, hear dos nei ús Kenings stimme,
Bistjûrders, gean net yn tsjin ’t Albistjûr,
Wol, rjuchters, dos myn heilich rjucht fornimme
En jow jim tel oan d’ iivge hearsker oer.
6.
Fal freezjend del foar Him yn greatens ryk,
Wol Him aloan mei triljend herte tsjinje;
Bring ’s livgen Soan mei patsjen hildeblyk
Den meije jim yn rêst en frede wenje;
Oars mocht Syn grime yn felle gloede ûntlôgje,
Det jimme op ’t paed ta yeske en stof forgean’,
Hy kin gjin striid ef opstân ea oanskôgje
Ring slacht Er del, dy’t tsjin Syn Almacht stean’.
7.
Loksillich elts, dy’t freget nei Gods wet,
Hy mei yn lok op d’ ienge rotsstien bouwe,
It suvre ljocht riist yn syn hoopjend hert;
Loksillich sy, dy’t fêst op Him bitrouwe.
================
Psalm 3
1.
Greatmachtig Opperhear,
Ho slim is ’t my, ho near!
Ik sjuch myn fijân dijen;
Hjar tal wint jimmer oan,
Hja stean my nei de kroan,
En winskje djip me-yn-’t lijen.
Hja sizze fen myn siel:
“Heil scil er noch skewiel,
By God noch minsken fine;
Hy mindret by de dei,
Hy sakket ringen wei,
En scil yn ’t grêf fordwine”.
2.
Jy, trouwe God en Hear
Binn’ fêst myn Skyld, myn Ear;
Ik mei Jins stipe wachtsje;
Jy heevje út near en leech
Myn holle heech omheech;
‘k Scil net yn ’t leed oernachtsje
‘k Sei God myn pine en Hy
Forhearde en treaste my
Joech ’t heilsljocht op myn paden,
Hy seach fen Sion tel
Ta bystân op my del;
Ho romje ik Syn genade!
3.
Ik laei en sliepte fêst,
Ik joech my del yn rêst
Hwent God woe my bihoedsje,
My bliid ûntweitsjen jaen,
My sterke stipe dwaen, –
Sa mei ‘k it feilich noedzje.
Sl stean mei stûf gerop
Tsientûzen man ek op
Om my yn ’t slyk to triuwen,
Ik wit de sterke Heit
Fordrifket hjar gewelt;
En ‘k mei omhegens kliuwe.
4.
Stean op forlos me, o Hear!
Jy hawwe o God, alear
Genadich oer my wekke,
Myn haters, by’noar tein
Op ’t kinnebekken slein
En djip yn ’t herte rekke;
Jy brieken ûnfortocht
Hjar tosken; ’t heil en ’t ljocht
Skynt ús fen d’Opperheare.
Jins mylde segen sij
O God, ús ivich by:
Sa sjonge wy Jins eare.
================
Psalm 4.
1.
Honear ik rop, wol ’t lûd fornimme,
O, Hear, dy’t rjuchtet heech tsjin ’t kwea!
Do ‘k eren rôp mei heaze stimme,
Haw Jy ús fijân’s macht bidimme,
Wêz wer genadich, hea myn bea
Hwet mei, godleazen, jim bigjinne?
Bring jim myn ear ta skan-de-en spot?
Hoe lang scil jimme d’ydlens minne,
Op ljeagen en bidragen sinne?
In greate wreker is myn God!
2.
Jim, deugdforwâlders scil it witte
Ho’t God yn ginst my salvje liet,
Dy Kening scil my net forstjitte,
Mar iders eagen skôgje litte:
Hy heart myn lûd, wit myn fortriet.
Wêz beevjend mei jimselm forlegen
Gean net mear yn tsjin ’s Hearen will’,
God jowt frijmachtich flok ef segen;
Oertink op ’t leger Goades wegen
En swij Syn plan en lieding stil.
3.
Bring ’t offer, – yn Gods tsjinst tofreden,-
Op ’t alter mei in foechsum moed
Bring d’ offers fen gerjuchtichheden
De suvre swietrook fen gebeden
En steun op God, hwent Hy is goed.
Fen follen wirdt de sucht fornommen:
“Hwa lit ûs ’t ljochtsjend goede sjen?
Is nea Gods heilryk dwaen op kommen;?
Bring klearder dei en help de frommen.
O God, ontfermjen oer ús bern!
4.
Ik mocht yn ’t herte freugde smeitsje
Myn God en Fader yn Jins tsjinst,
Mear den as oaren hjar formeitsje
As koarn en wyn omhegens reitsje,
Hja ’t herte sette op ierdske winst.
Ik mei yn frede op sliepen sinne,
Ik jow my del, hwent God is nei;
Jy stypje my, Jy Heare binne
Myn Help, myn sterke Rots allinne,
Sadet ik feilich wenje mei.
================
Psalm 5.
1.
Wol Heare, wol myn lûd fornime;
’t Is yn myn herte neare nacht;
Merk op myn stille stammerklacht;
Ha ‘k net, as sloeg my ’t ban-ge-en slimme,
Myn siel bidimme?
2.
Forhear me yn ’t gûlen fen myn herte
Forlos my fen ’t my netljend lot,
O Hear, myn Kening en myn God!
Oan Jo myn bea; wol me út ‘e smerte
Yn romte sette.
3.
Ik moat myn leed Jo kenber meitsje;
Ik haw moarnstier by ’t earste ljocht
Myn leedzjen foar Jins antilt brocht;
‘k Sjuch longrjend út: wol dôchs ûntweitsje,
Det ‘k frede smeitsje.
4.
Jy kinne o God, gijn kwea forneare,
(Jo haget de forkeardens net,)
Mar straffe it skeinen fen Jins wet;
De boaze kin by Jo o Heare,
Nin tel forkeare.
5.
Dy’t wif fen sinnen ’t skynmoai siikje
Kinn’ foar Jins eagen net bistean,
Scille op hjar dwylpaed tel forgean;
Jy haetsje dy ta ’t ûnrjucht wykje.
Hjar dêr bislykje.
6.
Gjin ljegensprekker kin him bergje,
Dré komt for him de straffedei
Jy hawwe in grouwel oan syn wei;
Dy’t bloed forjiet, doar d’ livge tergje
Op ’t oardiel ’t fergje.
7.
‘k Mei troch Jins ginsten my fornoegje
Jins hûs fol freugde binnengean,
Dêr júchjend foar Jins antilt stean,
‘k Scil me yn Jins heilge timpel bûgje
Fen ’t heil dêr tsjûgje.
8.
Lied me yn Jins goedens, lit my witte
Det ik bistean mei troch Jins rjucht
Wolst fijân en forspied ’t sjucht;
Wol foar Jins each op sljuchte strjitte
My wanlje litte.
9.
Gjin rjucht leit boazen yn ‘e mûle,
Undogensk is hjsr glûpske siel,
In iepen grêf hjar falske kiel,
Hjar glêdde tonge in djippe kûle
Fen ’t kweade en fûle.
10.
Wol Heare, hjarren skildich sprekke,
En slach hjar mei hjar rieplacht tel
En slach hjar forwaende hichte del,
Dêr’t hja aloan hjar stive nekke
Omhegens stekke.
11.
Fen frommen mei de freugde riizje,
Hja scille ju1blje d’ ieuwen lâns,
Jins hoedzjen jowt hjar eagen glâns;
Hja scille júchjend ear bieiizje,
Jins namme priizje.
12.
Jy scill ’t rjuchtaerdich folk bileanje,
Hjar segen, stipe en wolfeart jaen,
Goedginstich deltsjen op hjar dwaen
Hjar hoedzje, dy’t Jo flitich tsjinje,
En by hjar wenje.
================
Psalm 6.
1.
O Hear, sa great yn goednes!
Straf my net nei myn tsjoedens,
Slagg me-yn Jins lilkens net,
Och, det Jins stûfe grime,
My net to pynlik strime,
Mei al to slimme smert.
2.
Wêz my genadich Heare,
Ik bin forswakke yn ’t neare,
Salvje en genêze my!
Ho binn myn lea ûntstitsen,
Ho is myn biente britsen!
My Helper, stean my by!
3.
Myn siele is oantaest, tige
Fen kwalen rige op rige,
Forbjustre kwynt myn geast;
En Jy, myn God, ho lange
Lit Jy my lizze yn ’t bange?
Fyn ‘k nearne helpen ef treast?
4.
Lit wer Jins ginsten fiele,
Forlos, bihâld myn siele:
Ho gappet slim ’t fordjer!
Lit my Jins heil wer witte;
O wol my net forstjitte,
Mar help my, eart’ ik stjer.
5.
Hwa tsjûget, op dizze ierde
Nei ’t stjerren fen Jins dieden.
Jins greatnes, krêft en lof?
Hwa scil yn ’t grêf Jo priizje?
Ho scoe in tankliet riizje
Ut moude en môgelstof?
6.
Ho strang is, Hear, Jins rjuchtsjen:
‘k Bin wrich en ôf fen ’t suchtsjen,
Fen gûlen hiel de nacht;
’t Weacht me op myn moed as stiennen
Myn bêd driuwt wei yn triennen;
Slim ho’t Jins hân my slacht!
7.
Ho is myn siel forbjustre,
Ho is myn each fortsjure
Fen ’t bigljend triennewiet!
‘k Forkwyn yn tsjirmjend weitsjen
Om ’s fijâns haetlik laitsjen;
Hja dije yn myn fortriet.
8.
Wyk boazen allegearre!
De Heare woe my hearre,
Hy hat fen ’t leed my redt;
‘k Laei sonken lange riten
Yn ’t wé; do het Er ’t kriten,
Myn sjddrjend smeekjen heard.
9.
Hy wiste ho’t ik kerme
Hy hat Him rynsk ûntferme
Myn rjucht forgeat Er net;
Hy achtet op myn stimme,
En scil foar d’ oandacht nimme
Myn snokkerjend gebet.
10.
God scil myn haters fine:
Dré stean’ se yn ’t ûnk forbline
En doarmje wyld forheard;
Hja scille ringen wike
Biskamme stean, biswike,
Hwent God allinne is great.
================
Psalm 7
1.
Myn Heare en God, forhear myn stimme,
Ik mei ta Jo myn taflecht nimme;
Forlos me-út aller boazen bân,
Bring rêddin myld mei sterke hân
Kit him myn siele dochs net nimme,
Wol mde sterke liuw bidimme,
Oars slipt er dré Jins tsjinstfeint wei,
Det nimmens hân him rêdde mei.
2.
Myn God, as ’t wier wie’ hwet hja sizze,
’t Stik dat hja my to lêste lizze.
Wier ’t ûnrjucht yn myn rjuchterhân
Sloech ik de freedsume yn ‘e bân,
(Né, ‘k haw ynpleats him rêdt fen ’t lijen
Dy’t sûnder rjucht my socht to snijen),
Sa bring’ de fijân djip me yn ’t near,
Untnimme er ’t libben my en de ear.
3.
Stean op, greatmachtich Opperheare!
Kin Jy hjar sûnden yet fornare?
Stean yn Jins grime as Rjuchter op
Om ’s wreden haters woeste rop:
Wol ta myn stipe en help ûntweitsje
Det ‘k út dy slimme pine reitsje.
By Jo, Hwwaens each al ’t kweadwaen sjucht
Is ivich de groun fen ’t rjucht.
4.
Sa scil in boun fen naesjes komme
Om ’t heilsrjucht oer de stille fromme;
Sjuch Heare fen Jins himeltroan
De dizzer folken gearkomste oan!
De Hear scil alle naesjes rjuchtsje;
Wol, Sterke, ek heech myn pleit bisljuchtsje,
Bring myn oprjuchtens oan ‘e dei
Det elts myn froedens witte mei.
5.
Lit tsjoeden út hjar steat fordwine,
Hjar Godforhúnjen ’t útein fine,
Mar jow ’t rjuchtfeardich folk as diel
In fêste steat, in blide siel,
O God Dy’t herte en nieren hifket
Rjuchtfeardich ’t kwea bistean fordrifket!
Myn skyld is God, Hwaens heech biwâld
’t Rjuchthertich folk yn ginst bihâldt.
6.
God bliuwt ús aller freze weardich,
Hy is yn ’t rjuchtsjen strang rjuchtfeardich;
Yn grime ûntstitsen dei oan dei;
Him komt it neazich folk to nei.
Honear de minsk him net bikearet,
Net God as de Opperkening earet,
Sa hottet Hy Syn wraekswird dré
En hâldt Syn bôge en pylken ré.
7.
God straffet boazen en tirannen;
Hy hâldt it waperis yn hannen,
Syn gleone pylken meane fel
De hetsige forfolgers del.
Sjuch,’t boaze folk forstiet gjin reden
’t Arbeidet ûngerjuchtichheden,
It is fen ramp en moeite swier
Dré wirdt syn ljeagen iepenbier.
8.
De boaze tocht me yn ’t leed to skroeven,
Hy hat in djippe kûle groeven,
Mar foel yn ’t eigendolde sté,
Yn ’t grêf, ta myn fordjerren ré.
Syn moeite yn drystens ûndernommen
Is op syn hirde holle kommen,
En op syn plasse it stûf gewelt
Dêr’t hy him tsjin Gods feint mei stelt.
9.
‘k Scil God ús Heare loovje en priizje
Heech Syn rjuchtfeardgens d’ ear biwiizje,
‘k Scil sjonge ’s Alderheechsten lof;
Myn stim en snare is ryk oan stof!
================
Psalm 8.
1.
O Heare ús Hear, ho hearlik is Jins Namme,
Ho hâld Jins fol krêft hiel d’ ierde om klamme!
Fjer giet Jins macht en Jins forheven glâns;
Jins Majesteit blinkt al de hymlen lâns!
2.
Dêr komt mei krêft in stevig bolwirk riizjen
Ut lyutsne lof, it skerteberne priizjen;
’t Fijannich folk merkt hjir Jins hege will’
’t Wraeksuchtich ras hâldt him forbûke stil.
3.
Honear myn each Jins himelwente oanslôget
Dat wûnderfjild, dêr’t bôge oer bôge yn bôget,
Jins fingers wirk, de3r’t moanne en stjirte yn stiet;
Hwet ’s den de minsk, dy’t tel ta stof forgiet?
4.
Myn God! hwet ’s by Jins wirk de minske op ierde?
Det Jo him mei jins eigen hannen liede!
Hwet, Albiwâld! is neatich minskebern
Det Jy him achtsje en as Jins eigen ken?
5.
Ho ginsryk woen’ J’ ús mei Jins heil forrykje;
Dit neazich stof mei d’ ivige Ingels lykje!
Jy kroanje him mei hearlikheit en ear,
In swinde glâns is oer syn holle klear.
6.
Jy jow’ de minske oant d’ alderfierste strannen
In sterk biwâld oer ’t wirk fen ’s livgen hannen;
’t Bûgt allegear foar him, foar syn bistjûr,
Jy joegen ’t him as ivige erfnis oer.
7.
De minske sprekt en ’t ierdryk stiet forbûke,
De skiep en kij litt’ ta syn nut hjar brûke
Al nei’t er wol; syn hân. bringt lok ef wé
Oer ’t wylde djierte allyk oer ’t njuete fé.
8.
Hiel d’ ierde tsjûgt fen ’s minske tûke oerlizzen
It fûgelt’ heech jowt sels him nei syn sizzen;
De fisk yn ’t djip is ta syn wollen ré,
Al hwet er swimt yn ’t herte fen ‘e sé.
9.
O Hear ús Hear! ho hearlik is Jins Namme
D’ ierde oer en oer! Sa moat ús siele en amme
Jo d’ eare jaen; ho hearlik en ho ryk
Is ’t ierdryk fen Jins krêft in trêftich blyk!
================
Psalm 9.
1.
‘k Scil mei myn hiele hert de Hear,
Bliermoedich bringe lof en ear;
Jins wûndren scil ik nea forjitte,
Mar ‘k lit se ’t minskdom júchjend witte.
2.
Myn herte oer ’t Godlik woldwaen bliid
Tilt yn my op; ‘k scil t’ aller tiid
Jins Namme mei forhuge tonge,
O Akderheechste, psalmen sjonge.
3.
Myn haters binn’ forslein, fordien
Hja binne yn koarten tiid forgien;
Al sterken hja hjar mûrre en wallen
Hja binne foar Jins antlit fallen.
4.
Jy hawwe op wiere en suvre groun
My bystân yn myn rjuchtsaek jown;
Jy hawwe, o Rjuchter, founis spritsen,
Myn bannen, leed en soarch forbritsen.
5.
Jy skolden op it heidendom,
Jy smieten de godleazen om,
Hja binne wei, forgien ’s hjar amme
En oant yn ivichheit hjar namme.
6.
De fijân dryst op moard bitocht
Hat nou ’t forwoestjen tel folbrocht,
Hy dy’t ús stêd by stêd útroege
En op ús rêch syn fûrgen ploege.
7.
Der dwazen neitins scil forgean;
Gods hill’ge troan bliuwt ivich stean,
Hjir scil de Heare alle ieuwen sitte,
Hjir lit Er rjucht oan ’t minskdom witte.
8.
Godsels, de hill’ge Rjuchter, seit
De wrâld it rjucht yn suverheit,
Hy oardielt nei in wize reden
De folken yn rjucht-binlikheden
9.
In heech forbliuwe, in skûl is God
Yn nearens, tsjin ’t bihyplikst lot;
Hja dy’t yn leed en drok forkwine
Meij’ hjir in feilge taflecht fine.
10.
Hja, dy’t Jins namme kenne en ear
Scill’ fêst op Jo bitrouwe o Hear;
Jy litte noait yn ’t lijen stykje
Dy’t Jo fen gânsker herte sykje.
11.
Forhearlikje mei lof en liet
De Hear, Hwaens troan yn Sion stiet,
Forkindzje yn ’t roun Syn greate dieden
Syn Godelik dwaen, Syn feilich lieden.
12.
God is Syn tsjinders einleas goed
Mar wreekt it wreed forgetten bloed;
De moardner scil Syn grime witte,
Mar noait scil God Syn folk forjitte.
13.
Wêz my genadich, stean my by,
Myn haters tergje en húnje my;
Jow Heare, Dy’t me aloan forheget,
Det om ‘e nocht Jins feint net freget.
14.
Lit my Jins lof, Jins ear en goed
Oan Sion sizze wol tomoed;
Jow my wer blydskip op ‘e tonge,
Lit me yn Jins heilsliocht froalik sjonge.
15.
De Heidnen gyngen yn in wink
Yn de eigenmakke put to sink;
Hjar foet is finzen yn ‘e netten
Ta myn fordjer yn tsjuster setten.
16.
God is bikend by elkenien:
Rjucht hat Er oer ‘e folken dien;
De goddeleaze lûkt de bannen
Him om de lea mei eigen hannen.
17.
De dryste sûndaers falle del
Yn near fordjer, yn nacht en hel,
Mei allegear, dy’t God forjitte,
Dy’t heidenskblyn Syn tsjinst forlitte.
18.
Hy, dy’t yn netljend lijen kwynt
Syn paed oertein mei toarnen fynt
Scil net altyd yn ’t leed oernachtsje,
Him mei in bliid ûntweitsjen wachtsje.
19.
Stean op, greatmachtich Opperhear
Lit net in minskebern al mear
Himselme swiid bisterkje, – litte
De Heidnen tel Jins oardiel witte.
20.
Jei, Hear, de Heidnen sa bidoarn
Yn sûnde en kwea, forskrikken oan;
Lit hjar fornimme, hwer fendinne
En hwet s’ as ydle minsken binne.
================
Psalm 10.
1.
Hwerom, o God, bliuw Jy fen fierrens stean?
Hosa forbergje Jy Jins antlit, Hear!
Nou’t leed en drok ús oer ús sielen gean?
Binaudens lûkt ús oer ‘e hollen gear;
’t Godleaze skaei slacht Sions bern yn ’t near;
Lit d’ oanslach dy’t sy smeije tsjin de fromme,
As oardiel oer hjar skildge hollen komme.
2.
Dy’t God forjit, doch dwaes yn lust en kwea
Neamt gjirgerts tûk, bilastret, hunet God,
Hy keart him ôf, hy siket ’s froeden dea
En jowt syn noas oan alle greatskens bod.
Hy sjucht net op it ein, syn heechste skat
Is ’t ierske goed; hy dreamt syn tinst en winske;
“Der is gjin God, gjin hegere as de minske!”
3.
Syn hannel bringt oer ’t Godsfolk djip fortriet
En fûle smert; hy jowt om ’t oardeiel net
Dat him forfêst fen Jo to wachtsje stiet;
Bispot dy’t tsjin syn dwaen him fromlik set,
Tink him yn ’t grêf, sprekt yn syn idel hert:
My giet it goed, ik scil net wrigje ef wike
Slachte út, slachte yn, scil nea myn trêd biswike.
4.
Syn mûle is fol bidroch en list en folk,
Syn tonge sprekt fordjer en moeite en leed,
Hy winsket boas to brekken ’s froeden lok,
Unrjucht fen sin forbrekt er plicht en eed,
Falt út yn ’t stille en slacht syn kloeren wreed
Op syn skildleas bloed, hy wit fen gjin ûntfermjen
Formakket him, heart hy de sleinen kermjen.
5.
Hy loert, hâldt him yn tsjusterehernem skûl
In liuw allyk, dy’t yn synhoale ‘im set
Syn bût op ’t each; op bloed to drinken fûl
Slacht hy syn slach, steurt him oan rjucht noch wet
Hy lûkt syn bût yn ’t liep-forbirgen net;
Hy dûkt him, bûgt, mei sprongforbiidzjend loeren
en de eare heap faltyn syn sterke kloeren.
6.
De greatskert sprekt yn ’t bluistrich, waenwiis hert:
“De Heare forgeat op om nei Syn folk to sjen!
Gotwit fen neat, de Alsjende merkt it net
Hwet ik my naem is for Syn macht forlern.” –
Stean op o God,ûntferming oer syn bern!
Lit mei Jins hân Jins krêft en bystân witte,
Wol dochs Jins folk net langer lije litte.
7.
Hwêrom sprekt dôchs de laster tsjin Gods ear?
Ho mient syn hert, det God it kwea net sjucht,
’t Net siikjend straft? – Jy merke it dôchs o Hear!
Jy skôgje it leed, de moeite, ús neare sucht,
Jy nimme it yn Jins hân, Jy sprekke rjucht;
Op Jo mei him de swakke aloan forlitte,
De wees kin Jo as heit en helper witte.
8.
Brek, Hear, de krêft fen aller boazen kloer,
Slagg’ de godleaze en greatske húnder del,
Jow him syn lean, jow ‘m oan ’t fordjerren oer
En riid him nei, meits him fortieze en kjel
Oant hy fordwynt yn ’t ûnderst fen ‘e hel;
De Heare is great, is kening oer hiel d’ ierde,
Gjin Heiden kin Him fêste tsjinstân biede.
9.
De Heidnen binne út ’t hillich lân fordwoun;
Jy hawwe, Hear, ’t sêfmoedich folk forheard
Hjar op hjar bea in blide wente jown;
Jy sterkje aloan de frommen ’t siikjen hert,
Jins ear merkt op, Jy sêdzje rynsk ’t forlet;
Jy scille de earme en wees it rjucht biskikke,
Gjin minsk (hy ’s stof!) scil langer ús forskrikke.
================
(Boarne: Privee kolleksje)