A.M. Wybenga Psalmen -21 t/m 30.
21 – 22 – 23 – 24 – 25 – 26 – 27 – 28 – 29 – 30
Psalm 21.
1.
O Hear, de Kenning sjongt Jins macht,
Is bliid oer al Jins wirken,
Hy hat Jins sterkte mirken;
Jins ljocht oerwint de neare nacht;
Hy juget lûd fen freugd,
Jins bystân, heil en deugd
2.
Jy dienen him nei ’s herten bea,
Jy joegen him nei winsken
Foar ’t stoarjend each fen minsken,
Bihoeden him foar ’t loerend kwea;
Jy weegren syn gebet
Syn sielesucht him net.
3.
Jy, dy’t him binn’ syn rêst en skoar
Komm’ rynsk mei lok en groede
Mei segenjaen fen ’t goede
En hillich ginstbitoan him foar,
Jy joegen him de troan,
De stêf en gouden kroan.
4.
Hy frege om libben: myld en goed
Haw Jy ’t him jown, syn dagen
Forlinge yn Jins bihagen;
Sa sjongt syn hert, sa júcht syn moed,
Sa strielt en hearsket hy
Sa stean Jy ‘m ivich by!
5.
Ho great, ho skittrjend is syn ear,
Ho is syn loksteat riizge
Troch ’t heil oan him biwiizge,
Nou bûgt Jins folk foar him as hear;
Nou blinkt syn hearlikheit
Yn glânze en majesteit.
6.
Jy joegen romte him yn ’t moed;
Hy mei troch alle tiden
Yn segen Gods forblide
Jins ginsten witte as ’t rykste goed,
Jy haw him ’t heuchlikst ljocht
Det Jy ’t oanskôgje, brocht.
7.
De kening wit yn Jo syn rêst,
Hy mei yn freugde en rouwe
Aloan op Jo bitrouwe,
Hy stiet yn Jins goedgintgens fêst,
Jy sêdzje syn forlet;
Syn foetten wanklje net.
8.
JIns hege hân scil yn in wink
Jins dryste haters fine
Det hja yn ’t leed forkwine,
Dêr giet Jins fijân tel to sink;
Jins sterke rjuchterhân
Slacht hjar yn fêste bân.
9.
Jy scill’ Jins haters op Jins dei
Toslaen mei woune op woune,
Weilôgje as yn in oune,
Jins grime baernt dy sûndaers wei,
Den baet hjar rop noch bea
It fjûr fortart hjar lea.
10.
Jy litt’ hjar frucht, hjar boaze bern
Ek yn hjar kwea fordjerre;
Hja scille yn rampen stjerre,
Hjar neiteam giet yn nacht forlern;
Sa lit Jins dylgjend fjûr
Hjar leat noch neinamme oer.
11.
De boazen briede ramp en dea;
Men sjucht hjar freugdfol springen
Oer skandlik tsjustre dingen
Hja haw hjar siel forkoft oan ’t kwea,
Mar hja bidije neat
Om’t God hjar wramen keart.
12.
Jy scille hjar foar ’t alsjend each
As sjitters-doelwyt sette,
Jy treffe hjar yn ’t herte;
Jins pylken bringe pleach op pleach;
Jins krêft nimt op dy dei
De boaze sûndaers wei.
13.
Forheechje o Hear Jins namme en macht,
Sa scil ús blide tonge
In hege lofsang sjonge;
Sa bringe wy, fen slachte op slacht
Jins krêft dy’t ivich stiet
In treftich, krêftich liet.
================
Psalm 22.
1.
Myn God, myn God, hwêrom forlit jy my,
Ho stean Jy net ta myn forlossing by?
Ik jamm’rje aloan: my slacht it heechste tij
Mei wylde weagen,
‘k Rop deis, myn God,
‘k smeekje-yn myn leezje-en pleagen,
Jy andrje net; Ik tsijrmje nachts, ik kermje,
Ik fyn gjin rêst, gjin bystân en ûntfermjen,
For ’t sleine hert.
2.
Jy wenje o God, as Hillge, as hege Hear
By Isrels sang, it lofliet ta Jins ear.
Us farden hawwe op Jo fortroud en klear
Jins rêdding skôge;
Hjar needrop riisde omheech nei ’s himels bôge:
Jins hân wier nei
Hja waerden net biskamme
Hja haw fortroud op ’t heil fen ’s livgen namme;
Ljocht blonk hjar wei.
3.
Ik bin o Hear, ik bin in wjirm allyk,
Hja traepje my, hja wâdzje my yn ’t slyk,
Ik sjuch gjin help, ‘k wit nearne in fêst ûntwyk
Yn it leed to finen;
Hja smaedzje my, hja spotte mei myn pinen,
Hja húnje aloan;
‘k Bin foetwisk fen ‘e minsken,
Forachting driuwt omheech út al hjar winsken,
Yn ’t kwea bidoarn.
4.
Elk dy’t my sjucht, leit mei syn spot me yn ’t leech,
Slacht mei syn kop, en lûkt de lippe omheech
En gnysket: dêr ’s de man, dy’t jimmer dreech
Op God bitroude!
Lit nou de Hear, dêr’t hy syn heil op boude,
Him útkomst jaen,
Forlosse út leed en pine!
Is hy Gods lust, lit den syn God him fine
En ús forslaen!
5.
Jy hawwe o Hear, heech oer ’t hielal ’t biwâld,
Nei Jins bistjûr kaem ik, Jins feint, to wrâld,
Ik foun yn Jo myn stipe en sterke Hâld
Op memme skerte.
Hja wirp me op Jo yn ’t hjitste fen ‘e smerte,
Op Jo, hjar God,
Sadré my ’t ljocht omstriele;
Jy wiern’ myn Diel, de Sêdder fen myn siele
En djûrste skat.
6.
Wêz dochs myn treast; myn Heilân, wêz net fier,
Heech slacht de need, it leed falt diizjend skier,
It needwaer driigt, de loft driuwt leech en swier,
Gjin helpe daget,
Me omkringt in folk, dat nei ’t forkearde jaget
Mei hetsich moed.
‘k Sjuch Basans bisten kommen,
Hja haw myn dea ta winken doelwyt nommen,
Slij nei myn bloed.
7.
Wyld komme se oan mei gapjend-wide tût,
’t Binn’ liuwen sterk, ’t binn’ bisten hird fen hûd
Hja grânzje it út, mei âljend-rôljend lûd:
Ik skodzje en skrilje.
As wetter driuw ik wei, myn foetten trilje
Myn biente skiedt,
It wirdt as waeks me ynwindich,
Myn binnenst raent, ‘k bin troch en troch ilindich
Fen ’t fel fortriet.
8.
Myn tonge is toar in droege diggel by,
Hja klibbet oan ’t forskroeide wilfte my;
Ik liz yn ’t stof, yn bittre woastenij
Yn dea en bannen.
‘k Sjuch hounen, sterk, – gjin war bliuwt yn myn hannen, –
Fen ’t nidichst ras,
By ’n gearkomst fen forkearden
Hja slute me yn; dy’t neat as boazens learden
Komme op my los.
9.
Hja stekke my, hja dolle yn hân en foet,
Myn rêch is krom, hiel ’t lichem dript fen bloed,
Myn biendren stykje út hetsich felle gloed,
Ik scoe se telle kinne,
De fijân wykt net fen myn leed fendinne,
Hjar each is spot.
Hja laitsje om myn pinen,
Fordiel’ myn klean; om ’t rjuchte part to finen
Bislist hjar ’t lot.
10.
O God, Jins each seach ’t leed Jins feint wjerfearn,
O help my dôchs, bliuw net fen fierrens stean,
Jow, sterke God, my op myn frezen lean,
Wol my skewiele.
Forlos fen ’t ûnk, fen ’t boaze swird myn siele,
Rêd, sterke Helt,
My iensume, út hjar hannen,
Gean ’t hounebrod to kear, forbrek hjar bannen,
Forslyn ’t gewelt.
11.
Forlos my fen dy liuwen, kwea-bidoarn,
Fen nytlich fé, fen de oksen sterk fen hoarn,
Hja gean to slim tsjin dy’t Jy salven oan:
Untnim hjar d’ amme.
‘k Fortel den oan myn broerren, bliid Jins Namme,
Den júchje ik swiet;
Den scil myn psalmsang riizje,
‘k Scil Jo yn ’t mids fen Jins gemeinte priizje
Mei froalik liet.
12.
Sjong , feinten Gods, sjong loovjend de Opperhear,
Bring, Jacobs team, Him tankber rom en ear,
Fal freezjends de sied Israëls, en lear
Op Him to wachtsjen.
Hwa’t me ek forspijt, hy wit fen gjin foraachtsjen,
Hat each noch ear
Myn flymjen leed ûnuntlitsen;
Do ‘k kritend rôp hat Hy myn bannen britsen,
Do wykte it near.
13.
Ik sjong Jins lof, ’t is my sa goed en nolk,
Nei ’t djûr ûnthijt by ’t Jo biminnend folk,
Jy holpen my en brochten me út ‘e kolk
Yn rommer kriten.
’t Sêftmpedig folk fynt yn Gods ginsten ’t iten,
Fynt molke en fet,
Hja libje dy’t Him sykje,
Hja loovje Him, Hy scil fen hjar net wykje,
Noait út hjar hert.
14.
Dré driuwt Syn lof de hiele wrâld yn ’t roun
En dêr’t men oars de wyldste folken foun
Kliuwt nou de bea út suvre hertegroun
Nei d’ Opperheare,
Elk slachte scil him nei syn Skepper keare;
Hy fjert biwâld,
En lit Syn almacht wutte.
De heiden scil him folchsum liede litte,
Wit Him syn hâld.
15.
Elk, dy’t it goed giet, falt for Isrels Hear
Nou bûgjend del, forkindget lûd Syn ear.
Dy’t kreunde yn ’t stof bringt psalmen, sterk en klear,
Scil d’ livge priizje;
It fromme sied lit lûd in lofliet riizje,
Bûgt foar Syn troan;
God skriuwt it fierste slachte
Fen ’t froede folk, dat fêst Syn rjucht forwachte
Yn ’t heilsboek oan.
16.
Dré komme s’ oan, fen ’t Godliik heilsljocht laet,
Forkindzje it rjucht fen ’t heechlik hjitten paed;
De neiteam fynt syn frede yn ’s livgen skaed;
Heech binn’ Syn wirken.
================
Psalm 23.
1.
Myn Hearder, God, nimt my, Syn skiepke, – yn hoede,
Neat is my brek, my stipet jimmer ’t. goede:
Hy wol my rêste – yn gêrzge weiden biede,
My sêftkens oan djip stille wetters liede;
Hy sêdet my, forkwikt aloan myn siele,
Op ’t rjuchte spoar mei ‘k al Syn woldwaen fiele.
2.
Al rint myn wei troch ’t nearste tsjuster hinne
My komt gjin kwea bineist, om ’t Jy dêr binne;
Jy stean my by, jins heil is oer myn siele,
Jins stôk en stêf mei treastgjend my skewiele;
Jins mylde hân woe my de tafel spriede,
Foar ’t haterseach my ’t myldste fiedsel biede.
3.
Jy meits my bliid en salvje my de holle
Myn bikker is fen ’t ealste oerrinnend folle;
Foarspoedigens nei ’t Godlik wolbihangen
En segen scil my nieu wêze al myn dagen;
Ik sjong Gods eare en mei it fêstlik leauwe:
Ik scil yn ’t hûs myns Hearen tiden bliuwe.
================
Psalm 24.
1.
Hiel d’ ierde is Goades-eigendom,
Hjar follens is Syn eare – en rom,
De wrâld mei dy hjir wenje – en rêste;
Hy hat hjar by hjar earste stoun,
De wide sé as grounslach joiwn,
En op de streamen hjar bifeste.
2.
Hwa mei des Hearen berch opgean?
Hwa yn Syn steed, it hillge, stean?
Hwa yngean binnen ljochte doarren?
De man dy’t rein fen hân en hert
Syn siele nea op ljeagen set,
En hater is fen falsluk swarren.
3.
De oprjuchte minsk scil macht en ear
En lok bikomme seegnjend klear;
’t Is God, Dy’t him mei heil forriket!
Dit ’s Jakobs sied, it fromme laech
Dat mei suvre sielefraech
Syn hillich antlit iivrich skiet.
4.
Heevje, iizren poarten sterk en dreech,
Jimm bôgen op, riizje yngang heech
Om de Earekening yn to litten!
Hwa is dy Foarst fen hege steat?
De Heare sterk, heltmoedig, great
De Heare yn krêften nea to mjitten.
5.
Heevje, iizren poarten sterk en dreech,
Jimm bôgen op, riizje yngang heech
De Kening komt, de sterke Heare!
For hokker Helt dit hildeblyk?
For God it Haed fen ’t himelryk,
Hy, weldig, is de Foarst fen d’ eare!
================
Psalm 25.
1.
‘k Sjuch nei Jo mei sielelongrjen,
‘k Bou myn hope – op Jo, myn God!
Lit my net biskamme hongrje,
Doarmje by des fijâns spot.
Dôchs,
dy’t op Jo hoopje – o Hear,
Scille – ek nea biskamme reitsje,
Mar Jy werpe – yn pine -en sear,
Dy’t mei kweadwaen hjar formeitsje.
2.
Wol Jins wei my kenber meitsje
Heare, mei Jins wird en geast,
Lit my dêr Jins segen smeitsje,
Skik my dêr op ’t rjuchte paed Jins treast;
Lear my nei Jins wierheit fêst
My to hâlden en to dragen,
Hwent Jy binn’ myn heil en rêst;
‘k Biidzje Jo by nacht en dagen.
3.
Tink oan ’t Faderlik ûntfermjen
Us fen âlde tiden jown;
Niigje de earen nei ús kermjen
Nei Jins ivich trouforboun.
Wol dôchs nei genade, nea
Oan myn jonkheits sûnden tinke;
Harkje nei Jins feinte bea
Lit him gol Jins goedens blinke.
4.
Goed en binlik is de Heare,
Rjucht en wierheit al Syn dwaen:
Sûndaers, dy’t nei Him hjar keare
Bringt Er op de wisse baen.
Frommen wiist Er ’t ljochte paed
Dimmenen Syn suvre wegen;
’t Folk, lykmoedich, sêft fen aerd
Fynt dy wei fol ginst en segen.
5.
Al des Hearen paden binne
Wierheit, ginst, genade en trou
Hjarren, dy’t Syn boun biminne
Oan Syn foarskrift ’t herte jow’.
Wol my dôchs myn skild forjaen
Om Jins eare en greate Namme!
Swier weacht my ’t misdiedich dwaen,
Heare, och lit my net biskamme!
6.
Hwa fynt yn Godsfreze spize?
Hwa scil fêst op ’t goede stean?
God scil sels de wei him wize
Leare ho’t er hat to gean;
Ljocht en lok riist oer syn paed,
Foarspoed lit him ’t heilspoar witte
En syn sied, yn ’t erflân laet,
Scil de segen blier bisitte.
7.
Hjâ meij’ ’s Heeren omgang smeitsje
Dy’t Him freezje út suvre groun;
Myld wol Hy hjar kenber meitsje
’t Heil fen ’t Godlik fréforboun.
‘k Sjoech aloan mei suchtsjend moed
Op myn God yn leezje en smerten;
Hy, dy Trouwe, scil myn foet
Losmeitsje út der tsjoeden netten.
8.
Wêz my nei tsjin eangst en pine
Wêz genadich oer myn siel;
‘k Moat ilindich, iensum kwine,
Helpe sjuch ik noch skewiel.
‘k Rop oan Jo, fen ’t leed biset
Fen der soargen lêst bineare:
Meitsje lucht for ’t kritend hert,
Fier me út freze en djipte o Heare!
9.
Sjuch op myn ilinde en wounen
Sjuch myn moeite en druk en lêst;
O forjow yn ginst myn sunden
Skik my sounens, gin my rest;
Sjuch ho machtich hja op ’t paed
Steane, dy’t fijannich narje,
Húnjend, weldich is hjar haet,
Wol myn siele sterk biwarje.
10.
Help my, lit my net biswkamme,
‘k Nim ta Jo myn taflecht, Hear,
‘k Hoopje op ’t heilsljocht fen Jins Namme;
Mocht d’ oprjuchtens ta Jins ear
My bihoedzje heech tsjin ’t kwea;
‘k Hopje op Jo mei folchsum herte;
Wol, o God, op Isrels bea
’t Folk forlosse út near en smerte.
================
Psalm 26.
1.
Doch Heare doch my rjucht,
Myn each, myn herte sjucht
Op Jo, ik wanlje nei Jins wet,
‘k Haw Jo oprjucht foreare,
k’ Fortroude – op Jo de Heare,
Ik wankele nea, ‘k forwiggle net.
2.
Gean Heare, gean myn wei
Myn ynlik tinken nei
Myn siikjen, stribjen, winske en bea,
Wol lottrjend oer my wêze,
Yn ’t djipste binnenst lêze,
En suvre ’t herte my fen ’t kwea.
3.
Jins ginst, Jins kostlik goed
Is spize for myn moed,
Is my foar eagen t’ aller tiid;
Ik wier oprjucht fen wanljen,
Mei nei Jins wet to hanljen,
Yn ’t Godlik wierheitsprekken bliid.
4.
‘k Sit noait mei sielenocht
By him, dy’t ydlens docht;
Hjar wegen draeije falsk as skom;
Mei dy’t mei ’t goede brekke
En ’t kwea mei skyn bidekke,
Mei fluenske glûperts gean ‘k net om.
5.
Ik haetsje it netljend ras,
Hja binn’ to kwea, to los,
Hjar gearkomst docht myn siele smert,
Ik scil mei boaze ljuwe
Gjin sûnde en kwea bidriuwe,
By dogeneaten sit ik net.
6.
Ik waskje ta Jins ear,
Myn hân yn ûnskild, Hear!
Myn herte tilt me om ’t húchlik lot;
Ik, dêr’t ik Jo biminne
Gean om Jins alter hinne;
Dy omgong jowt myn siele bod.
7.
Ik bring mei blide klang
Jo lof en liet en sang;
’t Is yn Jins timpel my sa goed
Nou lit myn blide stimme
Jins wûndren ’t folk fornimme,
‘k Forkindzje ’t heilswirk woltomoed.
8.
’t Is my sa rom, sa nolk
As ik mei ’t hillich folk
My yn Jins timpel bûgje mei;
Ho ljeavje ik, Hear, Jins tinte
Des Himelkenings wente;
Hjir foegje ik my by ’t froede skaei.
9.
Honear Jins krêft o Hear
De sûndaer slacht yn ’t near
Gryp den myn siel mei hjar net wei;
Slach my net nei de mijtte
Fen hjar dy’t bloed forjiette,
Skik oan Jins feint in ljochter dei.
10.
De hân fen ’t godleas reau
Is fol fen kweabidriuw;
Hja jowe om God noch Syn gebot;
Fordraeije mei geskinken
It rjucht nei eigen tinken,
En driuwe mei Jins wet de spot!
11.
Ik wanlje nei Jins rjucht
Ienfâldich, froed en sljucht
Ik harkje nei Jins suvre wet;
Wol Heare my forlosse
En op myn siele passe;
Untferming op myn smeekgebet!
12.
‘k Scil net yn ’t ûnk forslaen:
‘k stean op in effen baen,
Hy sljuchtet my d’ ûnflakke groun,
Ik scil Gods heil forklearje,
Him yn Syn gearkomst earje;
Hy hat my redt en útkomst jown.
================
Psalm 27.
1.
God is myn ljocht, myn heil, myn treast en blidens.
Scoe my de frees for ’n minske – om ’t herte slaen,
De Heare jowt de libbenskrêft yn swidens,
Hwet minske scoe my deadsfordjerren dwaen?
Do’t boaze ras opdage – en nei my socht,
’t Fijânnich folk myn flêsk tel ’t ieten tocht,
Hat sels dit skaei dat winsket nei myn dea,
De foetten staet, ’t foel yn ilinde – en kwea.
2.
Scoe ’n leger my yn neare dijpten kringe?
Ik freezje net, gjin bangens slacht me om ’t hert.
Ef scoen’ hja my mei ’n stûfe kriich ek twinge
‘k Fortrouwe fêst, myn God forlit my net.
Ien ding haw ik bigearre fen myn God,
Hjir stribje ik nei as heechste en djûrste skat;
Ik bidde det Gods tsjinstfeint alle dei
Yn ’s Hearen hûs, by ’t alter wenje mei.
3.
Och det ik yn dy hilluge gebouwen
De ljeaflikheit des Gods fen ’t Bounfolk seach!
Dêr riist it ljocht, dêr ljeavje ik myn Bitrouwen,
Dêr skôgje ik roun mei djip-biwûndrjend each.
God scil syn feint biwarje tsjin de dea,
Nimme yn syn hut yn tiid fen ûnk en kwea;
Hy berget me yn ’t forhoalen fen Syn tint
Skikt me op in rots, det nea myn fijan ’t wint.
4.
God scil yn ginst tsjin dy’t myn fijân binne
Myn holle omheach forhefje en Syn hûs
My loovjen jaen, út lottre sieleminne
Offrje ik myn tank yn ’t hillich feest sa prûs
Myn psalmsang nei ’s Himels sealen op,
Hark, Heare, nei myn lûd honear ik rop;
Untfermje Jo, stean my genadich by,
Merk ho’t my ’t leed torbrekt en andrje my.
5.
Myn herte lit my Jins bidoeling witte;
Bring mei dyn bea dyn winsken foar Myn troan. –
Dat scil dat moeat ik dwaen, – scoe ‘k Jo forjitte?
‘k Rop smeekjend Jo om heil en segen oan.
Forbergje dôchs Jins antlit net for my,
Wiis my net ôf, gean net Jis feint foarby!
Jy wiern’ myn Help, Jy haw my faken redt:
O God, myn Heil, forstijd, forjit my net.
6.
Al scoene yn ’t leed my heit en mem forlitte,
Dôchs foun ik treast, myn Hear is great en goed;
‘k Mei sterk myn God as Heit en Hoeder witte,
Hy nimt my op, sa twingt my need noch noed.
De minsken gean’ me op al myn wegen nei;
Wiois, Hear, my ’t paed en bring me op re effen wei;
De wredert lei bigearich op ‘e loer,
Jow my net oan dy falske tsjûgen oer.
7.
Hie ‘k net fortroud, net leaud det my it goede
Wer riizje scoe, det ik Syn ginst wer seach;
Myn God, ho slim, ho bang wier ’t my to moede!
Oerstjalpe wier ‘k fen leed en lêst en pleach!
Hoopje op de Hear, Godljeavjend folk, mei moed,
De Heare is trou, fen Him komt alle goed;
Bljouw sterk; Hy komt, bisterket myld jim ’t hert;
Forwachtsje Him, forhoopje, en twiivlje net.
================
Psalm 28.
1.
Ik rôp ta Jo, greatmachtich Heare,
Myn Rotsstien, Diel en ivige Eare,
Wêz net for my as wiern J’ in dôve,
Bring net myn stille hope – yn ’t drôve,
Lit my net wêze – as moude – en tsjêf,
As sonk Jins feint yn ’t stille grêf.
2.
Wol dôchs myn snokkerjende stimme
Myn rop, myn kritend lûd fornimme;
Heevje ik myn hannen nei omhegen
Wêz den net fier, skik romte en segen;
Graep my net wei mei ’t boaze broed
Dat frede feinst, op roovjen loert.
3.
Lit Hear, dy eveldieders sinke
Yn ’t kwea, dat s’ oer Jins tsjinstfeint tinke,
Jow hjar, dy’t op Jins wet net mirken
De straffe nei hjar hânnewirken,
Bring oer hjar hollen de eigen smert
Dy’t ús mei leed en eangst biset.
4.
Hja witte net fen om to kearen,
Hja sjugge nea ’t wirk des Hearen,
Net nei de dieden fen Syn hannen;
Sa slacht de Heare hjar yn bannen
Sa brekt Hy s’ ôf, en bout hjar net,
Sa slacht Hy del, – dy fijân stjert.
5.
Nou loovje ik God, Hy woe my hearre,
Hy is myn sterkte, ‘k scil net stjerre,
Myn skyld bliuwt Hy, myn trouwe Helpe,
Hy hat myns fijâns oermoed stjelpe;
Sa júcht myn herte yn blide klang,
Sa loovje ik Him mei swiete sang.
6.
God skikt Syn ginstfolk sterkte en wille,
It hert mei hjar fen freugde tille,
Hy scil Syn Salfde altroch biwarje.
Forlos Jins folk, wol de erve ús sparje,
Wol al Jins skiep de weide jaen,
Hjar ivich drage en segen dwaen.
================
Psalm 29.
1.
Ierdske machten, heech yn ear,
Loovcje – en tankje d’ Opperhear,
Lit oan alle minskebern
’t Knibbljen foar Syn sterkens sjen!
De eare fen Syn greate Namme,
Makket d’ ierdske macht biskamme,
Yn Syn keine heilichdommen
Wird’ aloan Syn macht fornommen.
2.
’s Hearen lûd trochkliuwt Natûr,
Driuwt de greate wetters oer,
Daevrjend sijt Syn stoarmgerûs
Oer it weldich weachgebrûs
’s Hearen lûd, Syn wûndre reden
Is yn krêft en hearlikheden;
’t Minskdom skokt yn ’t hert bineare:
Tongrjend sprekt de God der eare.
3.
’s Hearen wûderstim forbrekt
As Er yn Syn heechheit sprekt
De ieuwendrege krunen fen
’t Sederbosk by Libanon.
Loaitsje rots en berch en klingen
Op Syn lûd as keallen springen;
Merk ho’t Libanon forskrillet,
Ho’t de hege Siirjon trillet!
4.
’s Hearen lûd hout koalljocht fjûr
Ut de bergen slim oerstjûr;
Sterk werpt Hy Syn wearljocht del:
Kades bevet, ynlik kjel,
’t Sjucht Syn sterke lôge skinen
Oer de greate sânwoastinen;
’t Fé rydbosket, ’t lytse en greate,
En de wâlden wirde ûntbleate.
5.
Loovje God, hwent Hy is goed
For Syn folk, dat from en froed
Yn Syn hûs Him eare jowt,
Op syn ginst en heil bitrtout
Oer de wetters klonk Syn stimme
En de floeden binn’ bidimme;
Troch al de ieuwen sit der Heare
Op Syn troan as Foarst der eare.
6.
God scil rjucht oan ’t ierdryk dwaen,
Hy Syn folk formogens jaen,
De livge liedt ús nacht en dei,
En Syn frede is oer ús wei.
================
Psalm 30.
1.
Ik scil mei hiel myn herte, – o Hear!
Jins namme priizgje – en heech Jins ear;
Jy wiernen me – yn bineardens by,
Jy loeken út de djipten my;
Myn fjân dy’t myn fallen bide,
Haw J’-oer myn stroffljen net forbide.
2.
Myn God, Jy hawwe me op myn bea
Genezen, hoede tsjin de dea,
Jy fierden út it grêf myn siel,
Sa hearlijk wier Jins ginst myn siel,
Sa hearlik wier Jins ginst myn diel;
‘k Haw wer it rike. libben smakke
Neidet ik yn ‘e kûle sakke.
3.
Sjong, ginstfolk Gods, yn reine klang
In hearlik liet, in suvre sang;
Bring lof oan de iivige Majesteit
En tankje ’s Hearen heilichheit!
In eachwink mei Syn grime ús twinge
In libben wol Syn ginst ús bringe.
4.
As jouns de sinne yn dize dûkt,
As damp en ramp ús siele oerlûkt,
’t Each gûlend digert nei de loft,
Den parset wol ’t fortriet in skoft, –
Mar moarns is wer de smert genêzen
De scil der lof en júchjend wêze.
5.
Do’t foarspoed blonk, spriek wol myn hert:
‘k Forwringje, ik tûmlje nimmer net, –
Hwent, Hear Jy hien’ me in goede groun
Myn berch in stevig rêstplak jown,
Mar do’t Jins antlit my forstsjustre
Waerd ik forskrikt, stie ‘k tel forbjustre.
6.
‘k Rôp Jo dos oan mei longrjend moed:
“O Hear hwet winst sit yn myn bloed?
Hwet foardiel docht myn stûfe dea?
Hwet jowt it, leit yn ’t grêf myn lea?
Scil ’t stof Jo dêr mei lofsang priizje,
Jins trou en wirheit ear biwiizje?”
7.
Ik smeke: “O Heare omheech , fornim
Myn krittend lûd, myn stammerstim,
Wêz my genadich, stean my by,
Wêz in ûntfermjend Helper my!”
Do brocht Jins hân myn rjucht nei foaren
Det J’ yn sang myn klacht foroaren.
8.
Jy haw me út sek en yeske ûtslein
En blindens om de lea my lein:
Sa sjongt myn moed, sa júcht myn hert,
Sa jublje ik lûd en swiigje net;
Ik scil, myn God mei blide tonge
Al de ieuwen troch Jins lof bisjonge.
================
(Boarne: Privee kolleksje)