A.M. Wybenga Psalmen -61 t/m 70.

61626364656667686970

Werom nei Psalmen haadside

Psalm 61.

1.
Harkje – o God, – ik waerd forsmiten –
’t Eanstfol kriten,
Merk myn snokkrjend near gebet!
‘k Liz o Hear, oan ’s ierdryks igge,
Slim forwrigge,
Kwinend skriemt myn drôvich hert

2.
Wol my myld Jins bystân biede,
Wol my liede
Op in rots, for my to heech;
‘k Mocht by Jo tsjin leedzje en pine
Taflecht fine,
Jy wierne as in toer my dreech.

3.
Skik o God Jins hege tinte
My ta wente
En Jins each wêze oer myn paed,
‘k Scil by Jo myn taflecht witte,
Rêstich sitte
Under Heger wjukkne skaed.

4.
Hear, myn wird dych Jo to witten
’t Djûr ûnthjitten:
En Jo hearden stim en bea,
Dienen my mei al de frommen
D’ ervnis kommen:
‘k Gyn yn ’t wide lân myn brea.

5.
‘k Wit Jins kostlik wolbihagen:
Nije dagen
Scille Jy de kening jaen;
Slachte op slachte sjucht Jins segen
Oer syn wegen,
Scil earbiedich hilde dwaen.

6.
Hy scil hearlik foar Gods eagen
Fier fen pleagen
Sitte op d’ ivich-fêste troan.
Mei Jins trouwe, Jins ûntfermjen
Him biskermje;
Sjuch him nei Jins wierheit oan.

7.
Sa mei ik Jins greate Namme
Unbidamme
Romje oer ’t heil, my ivich nei.
‘k Scil mei nocht Jins lof forhelje
Trou bitelje
Myn ûnthjitten, dei by dei.

Psalm 62.

1.
Dôchs keart myn siele him ta God,
Fen Him is ’t Heil tsjin ’s boazen spot,
Hy scil myn fêste rotsstien bliouwe,
Myn heil, myn help tsjin ’t flymjend leed,
Myn taflechtsoarde – yn nacht en need:
Gjin minsk kin my fen ’t sté fordriuwe.

2.
Ho scill’ jim tiden, sûnder lins
Yn ’t kwea jim skerpje tsjin in mins’?
God scil ’t moardsuchtich ras toskoerre!
Jimm’ wyndrich tiergjen helpt jim net
Jim binn’ allyk in britsen sket
Allyk in broazlik raemde mûrre.

3.
Hjar rieplacht longret nei myn dea,
Hjar tins is ta Jins feintne kwea
Om fen syn hichte him to stjitten.
’t Hert fiert hjar list en ljeagen ta,
Mei huchelmûle seegne hja, –
Mar ’t sin is flok en bloedforjietten.

4.
Birêstgje yn ’s Heechsten wize wil
Wêz o myn siel for d’ Iivge stil
Ik hoopje op Him, yn God forrike,
Hy bliuwt myn heil, Hy wit myn steat
Hy is myn boarch, sa freezje ik neat:
‘k Scil fen gjin minsknewraek biswike.

5.
Yn God is al myn heil, myn fré
Hy bliuwt myn rots, myn feilich sté,
Myn taflecht yn ‘e wrange tiden.
O folk, bitrouje op de Iivge yn smert,
Siz him de neden fen jimm’ hert,
Hy skikt jim treast en hertsforbliden.

6.
De lytse ljuwe binne wyn
Binne idelheit en dûzelskyn,
De greaten ljeagen, ho’t s’ ek prealje;
Hjar hege greatens jowt nin wreid,
Hja binne licht’r as idelheit,
Hja geane omhegen yn ‘e skealje.

7.
Fortrou op ûnderdrokking nea,
De rôf en bút jowt treast noch brea;
Wol net om ydle dingen sykje;
Fortrou op macht noch rykdom, set
Nea op in waeksjend goed jimm’ hert,
Nea meij jim ’t goud ta heechmoed prykje.

8.
God spriek ien ding, ik hearde it klear
It rûze twaris yn myn ear:
Des Hearen is de sterktme allinne!
Jy wolle ek ginstryk ’t goede ús jaen
En scill’ Jy heil ef straffe ús dwaen,
’t Is nei der minskne wirken binne.

Psalm 63.

1.
O God, Jy binn myn heil, myn goed,
‘k Moat Jo mei hertsforlangjen sykje,
Sadré de twange skaden wykje,
By d’ earste mylde dagegloed.
Ho toarstet myn toskroeide siele!
Ho longret myn troppe lea!
Yn ôfmêd lân forskroeid en dea,
Hymje – ik o Hear om Jins skewiele.

2.
Wiswier, ‘k haw Jo yn ’t hillichdom
Mei froalik each en herte oanskôge;
Ho’t ljeafde me yn myn siele lôge!
Ho mirk ik sterktme en eare en rom!
Mear kostlik as ús lok op ierde
Us libben is Jins ginst en goed,
Nou jublje ik heech mei lippe en moed:
Myn God scil fen Syn feint net skiede!

3.
Sa scil myn hert mei silverklang
Jins Namme en swide goedens priizje,
Nou mei myn blide tanksang riizje
‘k Scil loovje en jublje ’t libben lang!
Myn hannen heevje ik peinzjensstille:
Jy sêdzje my mei ’t ealst geniet;
Myn mûle lovet yn myn liet,
Myn lippe sjongt fen hillge wille.

4.
As ‘k op myn bêd myn dwaen oertink
Peinzje ik oer Jo by ’t biddend weitsjen,
Ho tankje ik bliid for ’t woldiedsmeitsjen
For ’t nocht fen suvre fredeblink,
Jy jowe in lofliet op myn tonge:
Jy wierne my ta heil op ’t paed
En ûnder Heger wjukkne skaed
Mei ‘k Jins biwâld en suvrens sjonge.

5.
Myn siele klibbet Heare, oan Jo:
Jins rjuchterhân dych jimmer stipe
Woe my út kolk en kûle gripe
Dêr’t ik by ’t hilgend Godswird bliuw.
Mar dizzen, dy’t myn siele sykje
Falle yn forwoasting slinend del;
Jy jowe hjar oan dea en hel
Sa scille hja yn ’t grêf biswykje.

6.
Gjin boazen komme my to nei
’t Swird smyt dy húnders oer ‘e mûrre,
De foksen scille hjar toskoerre
Sa wine dré de woasterds wei.
Sa mei him ’s kenings hert forbliidzje,
’t Is fen Gods eigen hannen bard,
De minsk, dy’t hillich by Him swart
Mei romjend op Syn stipe tiidzje.

7.
Dy’t ljeagen sprekke ûnrjucht fen sin
Scil dré yn krêft en moed forslopje,
God scil hjar dwaze mûlen stopje,
Det sy hjar nea wer útrje kinn’.

Psalm 64.

1.
O God wol me – op myn bidden skoarje
Forhear myn neare jammerklacht,
Slach op myn dimmen smeekjen acht,
Wol ’t faeije libben dochs biwarje,
Tsjin dy my narje.

2.
Wol my for ’s boazen list bidekke,
Hja rinne yn tsjustre hoalen gear,
Hja wrotte tsjin myn flêsk o Hear,
Slim ho’t s’ opstânnich húnjend sprekke
En nei my stekke.

3.
Biskermje my tsjin ’s boazen bannen
Tsjin tongen flymjend lyk in swird,
In skerpe pylk is ider wird;
Ik sjuch dy bittre tsjoede hannen
De bôge spannen.

4.
Der froeden dea leit yn hjar sizzen,
Him, dy’t oprjucht is yn syn wei
Gean s’ yn ’t forhoalne loerend nei
om ûnfortocht en sûnder frezen
Him del to lizzen.

5.
Hja sterkje hja yn boaze saken,
Hja gnúvje oer strûpen op ‘e wei
Det dré de froede tûmlje meij’;
Hwa sjucht it? is hjar hounske sprake,
Hwa docht hjir wrake?

6.
Hja skrandrje hjar op tsjustre dingen
Hja loere en sneupe allyk in houn;
It ûnrjucht waekset op hjar groun
Om reinen hastich del to twingen
En om to bringen.

7.
Us God slacht op hjar wramen de eagen:
Dêr wirdt de boaze skriljend kjel,
God sjit hjar mei Syn pylken del;
Dêr slagge hjar mei weach op weagen
De stûfe pleagen.

8.
Hjar tonge scil hjar strofflje litte,
Hja falle op ’s Hearen oardielsdei
Yn eigen ûnk en oanstjit wei;
Elk lit dy tsjoede húnder sjitte
Scil him forstjitte.

9.
De minsken skôgje’s boazen smerte,
Hja freezje Him. Dy’t wûndren docht
Forkundzje ’s Heechsten dwaen mei nocht,
Hja scille op ’t wize wirk hjar herte
Fol oandacht sette.

10.
De fromme oer ’t Godlik heil forblide
Bitrout, en set syn hope op God
For ’t rjuchte hert de hege skat;
Hy scil Gods rom en Namme swide
By ’t folk bilide.

Psalm 65.

1.
Nou docht ús liet ús tank to witten,
Yn stillens út dit stof,
Jins Sion sjongt nei ’t djûr ûnthjitten,
Jins wiidforneamde lof;
Jy witte-o God der froeden stimme,
Jy hearre-ús roppen tel,
En alle flêsk mei ’t heil fornimme
En jowt by Jo him del.

2.
D’ ûnrjuchte dingen hien’ my bûke
En d’ oerhân krige alhiel:
Jy woenen me út de oertrêdding lûke
Forsoenden ’t for myn siel.
Loksillich hy, dy’t Jo forkieze,
Jy bringe him to plak,
Hy scil Jins foarhôf nea forlieze,
Rêst jowt him ’t feilich dak.

3.
Jy sêdzje oerfloedich ús fen ’t goede
Jins ljocht is oer ús reis,
Dêr treastget ús de hillge gloede
Fen ’s Hearen heech paleis.
Jy litte ús skôgje oerswide dieden
Yn ’t suver-Godlik rjucht;
God fen ús heil, Jins hearlik lieden
Hâldt jimmer ’t paed ús sljucht.

4.
O greate God, o fêst Bitrouwen
Fen ’t fier-om-fierren lân,
Oan Hwaem der iggen folken leauwe
Fen ’t uterst-sprate strân,
Jins macht is swide en bergen sette
Jy fêst yn rêst en pracht!
Jy binne great! sjongt lûd ús herte,
Jy binne oerklaeid mei macht!

5.
Jy litte, mochten stoarmen bylje,
Wer stiltme sige oer sé;
As folken skodzje en bluistrich dwylje
Bidimje Jy s’ op ’t sté.
’t Unrêstich folk út fiere kriten
Fornimt Jins teiknen tel,
Hja jowe hjar, fen de eagstmen biten
Fol djippe freze del.

6.
Hwêr’t moarntiid riist en jounljocht strielet
Dêr jubelt heech Jins folk,
Hwêr ’t ljocht Jins priislik wirk pinsielet
Is ’t ús oan ’t herte nolk!
Jy wolle oer ’t lân Jins segen jiette
As ’t toar en toarstich kwynt,
Jy bringe it rynsk der wolken wiette
Det alles dijt en tynt.

7.
De Godsriviere wetters floeije
De fochte giet oer ’t lân,
Jy litte it nôt ryk-weagjend groeije,
Mei Godlik-golle hân.
Jy jowe de iepen foergen drinken,
Rjuchteffning fen ‘e klút,
De rein fâlt nei Jins mylde winken
Op krûd en plant en sprút.

8.
Sa kroanje Jy mei goedens, Heare,
Us ’t jier ta segen set,
Jins wûnder wirdt Jins folk forklearre:
Jins foetleast dript fen fet.
Woastinelân wirdt friske weide
Dêr siigt it kostlik wiet,
De klingen binne ién griene greide
Ién lûd, ién lof, ién liet.

9.
De fjilden binn’ mei fé biditsen
Mei djiertme yn sappich grien,
De lichten binn’ mei ’t nôt oertritsen
Dêr ’s groede en heil oer gien.
Sa skikke Jy de minsken spize,
In mylde, bliere tiid;
Elk sjongt it út op eigen wize
Yn de iivge Segen bliid.

Psalm 66.

1.
Sjong, ierdryk, sjong mei siele – en amme.
De greate Skepper fen ’t hielal!
Bring hearlikheit Syn hege namme
Mei lûd en snare-en jubelskal!
Siz: Ho is Great Jins wirk to duchtsjen,
Ho swiid en wûnder is Jins dwaen;
Ik sjuch Jins haters flaeijend suchtsjen,
Jins sterke krêften de – eare jaen.

2.
Lit nou hiel de ierde yn ’t stof him bûgje
En bidde jo hertsgrounich oan,
Mei psalmen fen Jins greatens tsjûgje;
Jins Namme is for Jins folk sa skoan.
Kom heech en leech, bimerk Gods wegen,
Wol op Syn sterke dieden sjen!
Hy, sittend yn it hege omhegen
Is freeslik oan de minskebern.

3.
Gods hân tosloech de wylde weagen
Hy hat de brede streamen skaet
Wy songen froalikmoeds en teagen
De djipten lâns as feilich paed.
De Heare scil aloan regearje
Syn each slacht alle naesjes acht
Hjar listich oerliz moat mislearje,
Hy keart hjar greatens om yn nacht.

4.
Sjong lof oan God, Dy ’t al biwarret
Sjong lûd Syn wis en wiis biwâld,
Him Dy’t ús tsjin de fijân sparret
En feilich ús yn ’t libben hâldt.
Jy hawwe ús hifke do’t J’ ús sloegen;
Wy waerden fen Jins suvring baernd,
We ûntskommen do’t wy ’t lijen droegen
Allyk it silver lottrjend raent.

5.
Ho njûr hie ’t leezje ús noch fortinne,
Jy brochten ús yn twange bân,
De minsken rieden oer ús hinne
Bihearsken ús mei strange hân,
Wy wierne yn ’t fjûr en ’t wetter kommen
Yn dize en nacht en twingjend skaed
Dôchs hoeden Jy Jins sleine frommen
En haw Jy hjar yn romte laet.

6.
Sa hat myn siel Jins heil fornommen!
Sa wije ik Jo myn priizjend liet!
‘k Scil offrjend yn Jins heilshûs komme,
Folbringe hwet myn mûle ûnthiet.
‘k Scil nou ‘k yn romte siken helje
Forlosse út eangstme en skeinend kwea,
Al hwet ik tasei, bliid bitelje:
Jy hoeden my for need en dea.

7.
‘k Scil Jo ta ’n offer ’t bêste wije,
Ik hâld it fetste feardich ré,
‘k Mei yn Jins hûs Jins lof fornije
By de offers fen it mestlingfé.
Meij swiete rook nei boppen riizje,
De lôge nei omhegens slaen!
By ’t alter scil ‘k Jins ginsten priizje
En kou en geit as offer jaen.

8.
Kom, lústrje stil, jim, dy jimm’ siele
From wijden oan jimm’ God en Hear;
Ik mocht Syn hearlik heilswirk fiele,
Syn ljocht is oer Syn tsjinder klear.
Ik sloech myn freegjend each nei boppen
Ik sei Him hwet me op ’t herte woech, –
’t Wier God Dy’t nei myn eangstfol roppen
In lofliet op myn tonge joech.

9.
Hie ‘k falsk fen sin om sterktme frege
En ’t herte op ydle dingen set,
Nea hie Gods bistân my forhege
Nea hie Syn ear myn lûd forheard!
Yndied, Hy seach me yn ’t leed forkommen
Hy hearde nei myn near gebet,
Hat me út der kûle djipten nommen
En út myn eangstich freezjen redt.

10.
Sjong, loovje ús God, myn Heil, myn Heare
Hy wies net ôf myn djippe bea;
Hy wol Syn ginst my net ûntkeare,
Mar jowt my romte en nocht en brea.

Psalm 67.

1.
De rynske God wêze – ús genadich,
Hy jowe – oerfloedich ús Syn goed,
Syn mylde sinne skine – ús standich,
Mei segenjaende waermte gloed;
Sa mei elk op ierde,
Dêr’t J’ ús hoedzje – en fiede,
Witte fen Jins wei
Alle heidnen fiele,
Oan hjar skolpre siele,
’t Heil, Jins froeden nei.

2.
De folken scille Jo bilide,
Hja loovje en júchje yn ljocht geniet
De naesjes sjonge oer ’t lok forblide
Jins Namme mei in foechsum liet.
Jy scill’ folken rjuchtsje,
Hjar forskil bisluchtsje
Nei in suvre wet;
Folken op dizze ierde
Scill’ Jy feilich liede
Det gjin kwea hjar met.

3.
De folken loovje o Hear! Jins Namme
De Namme fen ús greate God!
Oer ’t fjild strykt segendaujende amme
En ’t ierdryk jowt in ryk biskot;
’t Heil driuwt oer ús wegen
God jowt ús Syn segen;
Nei Syn myld biwâld
Moat Him ider earje,
Freezje en forklearje
Oer de hiele wrâld.

Psalm 68.

1.
Us God scil opstean mei Syn fjûr,
Syn hater wykt fen skrik oerstjûr,
Hja doarmje skrilje – en suchtsje,
Ho greatsk de fijân wêze mei,
Hy scil op ’s Heechsten wrakedei,
Nei fiere kriten fluchtsje,
Jy scille dêr’t Jins hân hjar fynt,
As reek en damp, dy’t tel fordwynt
Hjar út hjar went fordriuwe;
Dy tsjoede man, sa falsk, sa njûr,
Fortart, raent wei as waeks for ’t fjûr,
Kin nearne steande bliuwe.

2.
Nou sjongt en júcht de oprjuchte yn God,
Syn siele tilt him om syn skat,
Nou júblje hert en tonge!
God hat Him mei Syn heil bitocht,
Hy kin, omstrielt fen ’t fleurich ljocht
Fen blidens fleurich sjonge.
Sjong de Iivge, sjong Syn ivige ear
Mei psalmen; romje ús God en Hear
Mei blide snaer en amme,
Hâld sljucht Him ’t paed, Dy’t nei de striid
Great lâns de flakke fjilden riidt
Hwent Heare is heech Syn namme.

3.
Sjong lof oan Him Dy’t heart hwa’t kleit,
Der earmen treast, der wezen heit
De rêdder út it lijen,
Hy wit der widdou drôve sucht,
Hy jowt hjar rêst, Hy skikt hjar rjucht
By minskne húnjend swijen.
’t Is God, Dy’t heech yn ’t hillge sit
En nea, dy’t iensum kwynt forlit,
Mar lit him wente fine;
Hy skoert en brekt der finzen bân,
Mar yn in toar en ôfskroeid lân
Scil ’t Godleas reau forkwine.

4.
O God, do’t Jy foar ’t hillich folk
’t Paed baenden mei Jins fjûr en wolk;
Do’t hjar Jins ginsten groeiden;
Do’t Jy lâns Parans woaste groun
Hjar laetten, skrille de ierde yn ’t roun
Der him’len wetters floeiden.
Dêr siigde in mylde segen del
Fen God, de God fen Israël:
Jy joegen wiette en groede.
Jy skinke ús as Jins erfnis kwynt
Det yn Jins folk wer sterkens tynt,
En ’t rêst fynt by Jins hoede.

5.
Nou rêst Jins folk yn ’t hertlik sté,
Fynt myld gerak en treast en fré,
’t Forearet Jo mei wille.
Jy hawwe kommerliken ’t lân
Yn gollens taskikt mei Jins hân;
Hjir wenje hja yn ’t stille.
De Hear joech ryk ta júchjen stof,
Syn wird wjerklonk: wy sjonge lof;
Us wirdt de bliidskip linge,
Dêr skikt Er ús in jubeldei,
Us komt in blide tynge nei
Dy’t mannichten ús bringe.

6.
De keengen seagen ’t, waerden kjel
Hja tomlen fen hjar hichten del
En flechten foar ús eagen.
De bút fen ’t wûnder woune lân
Falt frouljue en berntsjes yn ‘e hân
Dy’t nearne it stiidfjild seagen.
Ho jowt myn folk, myn Israël
Him twisken stiennen skuttings del?
Oer dy gjin dryst fordjerren!
Der douwe wjukken blikkrje kein
Dêr is in silvren gloede oertein,
Hja glimt mei gouden fearren.

7.
As Hy, Dy great en machtich is
De fijân slacht mei tsjusternis
En mei Syn macht bisiket,
Den wyndret Hy de woasterds wei
Den falle s’ op Syn oardielsdei,
De heechste en greatste wiket.
Den slynt hjar ear, den raent hjar rie,
Den teije hja lyk rym en snie
En floeije as wetter hinne!
As snie op Salmon siigje hja;
Mar ’t Godlik erfskip blinkert sa
As ’t wyt, omstrield mei sinne.

8.
As greate berch, al de ieuwen dreech
Riist Basans rots nei ’t swirk omheech
Mei mannichten fen koppen
Ho woest’ o berch, yn tsjoed bitsjen
Wanginstich nei de Godsberch sjen,
Eft scoest dat sté forroppe?
Godsels brocht Sions berch yn steat,
Hjir blinkt syn ear, hjir hat Er great
Syn hillge wente fêste.
Hjir blykt Syn trou, hjir wennet Hy,
Hjir stiet Er Isrel ivich by
En bringt Syn folk Syn rêste.

9.
De weinen Gods yn ’t great hielal
Binn’ swide mannich tûzental,
Hy ’s op tsien tûznen kommen;
Sa riidt Er yn Syn majesteit,
Sa stiigt Er yn Syn hearlikheit
Yn hege hillichdommen.
Jy stiigden nei omheech, o God!
En namen finznen út hjar lot
En setten s’ yn Jins tinte;
J’ ûntfongen jeften ta ús treast,
Sels hwa’t oerhearrich is fen geast
Fynt lok en treast en wente.

10.
Sjong lof en tank oan de Opperhear
Hy skikt ús lok en heil en ear,
Mei noedzjend ús to dragen;
Wy fine oerfloedich ’t ealste goed:
Hy jowt ús spize en treast ús moed
Lâns al ús libbensdagen.
God is ús heil en sillilichheit
Dy’t oer ús hollen glânze leit,
Sa riist ús ’t lok oermiette;
Hy bringt ús rêst, wy twiivlje nea;
By Him is útkomst tsjin de dea,
Sa meij we ús feilich witte.

11.
Foarfêst, Hy widet ús de baen,
Hy scil Syns fijâns kop forslaen
Dat bluistrich hier toknieze;
Hy, dy’t yn moedwil, ’t kwea ta nocht
Yn skilden wannelt, sûnden docht
Scil alle krêft forlieze.
De Hear hat sels ús hearlik sein:
Dré wirde jim út Basan tein
En tsjin de kolk biwarre
Dré waskje jim yn ’t red de foet,
Jimm’ hounen slaen de tonge yn ’t bloed
Fen hjarren, dy’t jim narren.

12.
O greate Hoeder fen Jins bern!
Wy meij Jins glânsrike optocht sjen
Fol macht en krêft en eare;
Myn kening komt mei sterke rom
Yn ’t heech paleis, yn ’t hillichdom;
Heech stiet de hege Heare.
Dêr júblet bliid it hearlik koar:
De sjongers geane trêftich foar,
Forhuge yn ’s Iivgen namme.
Dêr sjonge hja fen wille ’t út;
Dêr spylje hja mei harpe en lút
Mids trommeljende fammen.

13.
Hja loovje God mei nochtfol liet
Yn Syn gemeinte is ’t sjongen swiet
Hja priizje aloan de Heare;
Op Isrels feesten bringe hja
Fen herten Him hjar tankjen ta,
De stammen uterje eare!
De foarsten fen elk húsgesin
Gean júbeljend op: hjir Benjamin
Dy lytse helt oer tûzen,
Hjir Juda’s stam, dy’t gloarje wo’n
Mei Nafthali en Zebulon;
De sterken by de prûzen.

14.
Lit, greate God, de minskebern
Jins macht en swide sterkens sjen;
Meije ús Jins kracht forkwikke!
Jy brûkten ta ús tier Jins stim
Om ’t bêste fen Jeruzalim:
Wol fierders ’t goede ús skikke!
De keengen fiere jeften ta
In skat fen kalmus bringe hja
Mei fé út Pathros lannen,
Hjar silversteaf, dy’t fen hjar nocht
Om Jo to tsjinjen útring docht
Bring hja mei blide hannen.

15.
Us God hat wûndre wirken wrocht
’t Fijânnich folk yn ’t ûnleech brocht,
Hy scil hjar ’t oardiel lêze.
O meije dôchs greatmachtich God
Der folken jeft, der naesjes skat
Oan Jo wolfallich wêze!
Egypte’s greaten komme tel
En bûgje hjir yn ’t stof hjar del
Seinboaden komme en beevje;
It fier-om-fierren Moarelân
Scil freezjend for Gods krêft syn hân
Nei Isrels kening heevje.

16.
Fall’ keninkriken, del yn ’t stof,
Bring mei in feardich herte lof
O hegen mei de kroane!
Sjong blide psalmen t’ aller tiid
Him, Dy’t yn himels sealen riidt;
Dêr stiet fen âlds Syn troane;
Syn stimme tsjûgt fen great biwâld
Hy hearsket oer de wide wrâld:
Jow sterktme oan Him, de Heare!
Syn majesteit is oer Syn folk,
En heech yn swirk en wite wolk
Bitoant Er sterktme en eare.

17.
Great is de God fen Israël
Him duchtsje wy, wy bûgje ús del:
Hy ’s great yn ’t hillichdomme!
’t Is de iivge God Dy’t sterktme jowt
Oan ’t folk dat op Syn macht bitrout;
’t Mei loovjend ta Him komme!

Psalm 69.

1.
Forlos me – o God, myn heech ûntwyk, myn goed;
De wetters gean my polskjend oer ‘e siele,
Ik sink yn ’t slyk, ik kin gjin groun mear fiele,
Ik reitsje wei yn djippe wetterfloed.
‘k Bin ôfmêd, slim docht my myn roppen sear,
Myn mûle – is droech, de kiel my sterk forbolgen,
Myn each is dof fen wachtsjen nei de Hear,
Tsjin hjarren dy’t myn heil en lok forswolgen.

2.
Hja haetsje my, hjitfolgje sûnder groun
Hjar tal is mear den hierren op myn holle;
Hja binne sterk, dy’t my forniele wolle
Al ha ‘k hjar nea ta lilkens oarsaek jown.
Hwet ik net stiel moat ik yn hannen jaen
Fen ’t dryste ras, myn sûnderhertske boalen
Jy witte, o God, fen myn fordwaesde dwaen
Myn sûnde en skild is net for Jo forhoalen.

3.
Biskamme dôchs yn my de hope net.
Fen hjarren dy’t o Heare, Jo forwachtsje
Lit net om my yn skande en smaed oernachtsje
Dy’t greate God, Jo siikje froed fen hert.
Mei my waerd dré hjar hope e útsjuch wei;
Ik wird om Jo mei hún en smading stitsen
Ek ride hja mei spot en skimp my nei:
Myn antlit is mei skamterea biditsen.

4.
‘k Bin yn myn leedzje in frjemd by sibbe en broer,
De soannen fen myn eigen mem forlitte
My glûpsk en hounsk, woll’ neat mear fen my witte,
Hwent ‘k joech my oan Jins hûs froed iivrjend oer,
Dat slynt my wei; ik draech de smaed en spot
Fen drysten, dy’t hjar God en Hoeder smaedzje,
Ik kjirme drôf, ik fêste; o Alsjend God!
Jy witte ho’t s’ àl mear mei hún me oerlaedzje.

5.
Ik treurje yn ’t leed, in sek leit om myn lea,
As sprekwird liz ik op myn haters tongen
De rjuchters sels haw nea hjar smaed bitwongen
De sûpers spylje in drinksankje op myn kwea.
Mar greate God, ik snokkrje Jo myn bea,
Dêr is in tiid fen ljocht op tsjustre nachten
In tiid fen ginst, in opstean út ‘e dea:
Hear dos yn trou oan ’t seine heil myn klachten.

6.
Forlos my, help my fen dit sûgjend slyk
Lit my dochs net yn weaze en sompe sinke,
Yn bange dea yn wetters djip fordrinke,
Wêz tsjin de floed der hatren myn ûntwyk!
Lit net de stream my oer de holle tsjen
Lit net de kolk, de oerstjûre my forswolgje;
De put my net oerstjelpje; hear Jins bern,
Antwirdzje o God, dêrt’t minsken my trochtdolgje.

7.
Jins ginst o Heare is segenryk en goed,
Sjuch den myn lot, kom treastgjend my tomiette,
Lit myld my ’t heil fen Jins erbarmjen witte
Biskermje my, bihylje it suchtsjend moed;
Forbergje for Jins feint Jins antlit net:
Jy witte it God; oars scil ik wis biswike;
Ik hymje oerstjûr, it nypt my bang yn ’t hert,
Kom ringen ta, lit Jins forhearring blike.

8.
Kom ringen by Jins feint, forhear syn bea:
Bifrijdzje my, stean ginstryk oer myn siele,
Forlos my, lit my rom Jins goedens fiele;
Forhúgje om my dy stûfe narders nea.
Jy witte o God, ho’t ik forhune wird,
Ik kermje yn ’t leed fen skamte en smaed tobritsen,
Jy hearre it dôchs: hjar spot sa fel en hird,
Hjar nettling is net for Jins each biditsen.

9.
De smaed en spot toflimet my myn hert;
‘k Fortwiivlje yn drok, ‘k bin ta in wjirm forswakke;
Ik hope, ik seach do’t ik yn d’ ûngroun sakke
Om stipe en treast, mar minsken holpen net;
Ja ljeafdryk God, dy húnders joegen neat
As hjit fenyn en galle my ta spize;
Do’t ik forkwoun fen toarst, yn hjitte great
Waerd yettik rikt as woen hj’ in ginst biwize.

10.
Hjar tafel meij’ hjar wirde ta in net
Dêr hja om al de úttochte leedzje en pine
Yn ’t eigen jern de ein fen hjar woedzjen fine
Hjar frede mei fordjerre yn nacht en smert.
Forbjustjre hjar, fortsjustrje hjarren ’t each
Det sy gjin heil, gjin dei noch ljocht mear skôgje
Forswakje hjar de lea mei pleach by pleach;
Sa meije hja allyk hjar oanslach môgje.

11.
Riid, greate God, hjar mei Jins grime nei
Wol hjar mei ’t fjûr fen greate lilkens reitsje,
Wol hjar paleis in woaste stienbult meitsje;
Det yn hjar tint gjin minske wenje meij;
Hwent hja forfolgje o Hear, him, dy’t Jy wiis
Ta syn bihâld mei heiteljeafde sloegen,
Jins feinten ûnk is nea der tsjoeden griis
Dêr’t hja altroch nei skampend praet hjar joegen.

12.
Dogg’ skild op skild ta hjar misdiedich dwaen,
Lit hjarren nea ta Jins gerjuchtens komme;
Wiskje út Jins boek, dy’t kwea stookt tsjin de fromme
Wol him gjin plak by Jins rjuchtskeepnen jaen.
Mar ik, ik liz yn pleagen en fortriet;
Jins heil o God, meij me op in hichte sette,
Den romje ik heech Jins Namme yn ’t ynlik liet,
Den earje ik Jo mei tank yn ’t sjongend herte.

13.
De Heare nimt bihaech yn ’s frommen klang
Mear den yn ’t fé, dat wy op ’t alter lizze
’t Sêftaerdich folk scil heech syn blidens sizze;
Sjong siikjend folk, sjong Goade in swide sang.
Untjow jim tel; rom libje scil jim ’t hert,
De Heare heart hjar dy’t yn earmoed kwine
Us goede God forsmyt Syn finzen net
Mar lit hjar help en ljochte rêdding fine.

14.
Sjong, loovje lûd, o himel, ierde en sé!
Al ’t libbne moat syn hege Skepper priizje;
Hy scil Syn folk Syn Sion helpe wiizje
En Juda wer herbouwe op ’t âlde sté.
Den scil Syn folk wer wenje nei Syn rie
Syn Isrel mei ’t ûtkarde gea bisitte;
Dêr scille hja, Gods feinten mei hjar sie
Dat God bimint, in fêste wente witte.

Psalm 70.

1.
Kom Greate God, kom ringen by,
Om my to rêdden út it neare,
Kom hastich my forlosen, Heare;
Wêzta in sterke stipe my.
Lit hjarren, dy’t myn siele sykje,
Hjar dy’t my stûf op libben gean,
Yn skande – en skea biskamme stean,
Lit hjarren fierfendinne wykje.

2.
Lit hjar dy’t stooklje my ta skea,
Roundoarmjend op ‘e doele reitsje,
Hjar dy’t mei ’n “ha!” myn siel bilaitsje
It lean fine yn hjar eigen kwea.
Mar lit forhuge wêze en blide
Jins feinten dy Jo siikje o Hear,
Lit Jins biminners rom Jins ear
Yn ’t roun forkindzje t’ aller tide.

3.
Ik liz ilindich earm en swak:
Kom tel, en jow Jins feint woldijen,
Jy binn’ myn Stipe o God yn ’t lijen
Bring, Heare, feilich my to plak.

Boarne: Privee kolleksje)