A.M. Wybenga Psalmen -101 t/m 110.

101102103104105106107108109110

Werom nei Psalmen haadside

Psalm 101.

1.
Ik scil Gods lof mei fromme sangen priizje.
Om ’t heilich rjucht mei dreech myn lofliet riizje,
Myn psalmsang jowt, o heech trochloftich Hear,
Jo ivich de ear.

2.
‘k Scil mei forstân ’t paed wanlje mei de frommen;
Hwennear stean Jy, myn God, by my to kommen?
‘k Lit yn myn hûs, foar ’t each fen wiif en bern
De oprjuchtens sjen.

3.
‘k Scil wearzgjend-wêrs fen kwea en sûndeklâdde
Gjin godleas stik myselm’ foar eagen hâlde,
It tsjoede dwaen fen ’t wif útspattend sin
Stiet me ynlik tsjin.

4.
’t Forkearde hert, lit it syn sûnden blike
Scil fen myn hûs, scil fen myn freonskip wike;
De boaze dy’t syn sin op kweadwaen set:
Ik ken him net.

5.
Dy’t eft’r ‘e rêch mei ’s neisten eare fodzet
Fordylgje ik tel, mei dy’t syn broer bismodzet;
Dy’t heech fen each en bluistrich is fen hert
Fordraech ik net.

6.
De oprjuchte komt myn each mei ginst tomiette
De trouwe yn ’t lân scil oan myn side sitte;
Dy’t wannelt op de yn ’t Wird foarskreaune wei
Bliuwt my bynei

7.
‘k Scil nei Gods wet ’t skarlunich folk fordriuwe,
’t Bidraegjend moed scil yn myn hûs net bliuwe,
Dy’t ljeagen sprekt fynt ûnder ’s kenings dak
Nin rêstich plak.

8.
‘k Scil eltse moarn my tsjin de boazen keare,
’t Is hjar nin sté: de stêd is fen de Heare;
’t Hert dat syn boun mei skeinend ûnrjucht slút,
Ik roegje it út.

Psalm 102.

1.
Harkje o Heare nei myn stimme,
Wêz my nei yn ’t neare en slimme,
‘k Bin forkniesd, fen ’t leed forset:
O misachtsje ’t skriemen net!
Wol Jins antlit net forbergje
Nou’t my bange dagen tergje,
Niigje de earen dêr’t ik kermje,
Wol my mei Jins macht biskermje.

2.
Stjûr my op myn kritend roppen
Sterke stipe ta fen Boppen;
Hwent myn dagen binne forkwoun
Binne as reek en damp fordwoun;
Utbaernd is myn biente yn smerte,
Delslein is myn snokkrjend herte,
’t Lichem is as gêrs fortoarre:
Tiden hat my ’t lijen narre.

3.
‘k Mei gjin brea mear, ‘k mei gjin iten
‘k Bin formeagre yn ’t klaechlik kriten,
Fen myn suchtsjen tar ik wei,
’t Leed tokniest my nacht en dei.
Ik bin lyk yn ’t iensum kwinen
Oan ‘e reiddomp der woastinen;
‘k Hâld my lyk yn ’t wylde de ûle
For der minsken each forskûle.

4.
Slim ho’t my de smerten reitsje!
Hiele nachten moat ik weitsje,
‘k Bin forslein, yn ’t kleijen swak
As in iensum moskje op ’t dak.
Hja dy hiel de dei my smaedzje,
My mei spot en skimp oerlaedzje
Groeije, en dy’t myn stjerren wolle
Swarre flokkend by myn holle.

5.
Yeske hat me as fiedsel tsjinne,
‘k Ming myn drinken mei myn triennen;
Jins forsteurders treau me omleech;
Hwent Jy heven my omheech
En Jy smieten yn Jins grime
My omfierrens del yn swime;
Deldreaun yn in sé fen lijen
Wit ik nearne help to krijen.

6.
Sjuch, myn dagen driuwe hinne
As de skaden oer de finne:
Nearne fynt myn herte ûntwyk
‘k Bin oan ’t ôfmeand gêrs allyk.
Lit my lykwols hinne driuwe,
Heare, Jy scille ivich bliuwe!
En Jins Namme en rom wirdt achte,
Bliuwt yn wêzen slachte op slachte!

7.
Jy scille opstean, ús biskermje
Oer Jins Sion Jo ûntfermje
En it Bounfolk groetet bliid
’t Ljocht fen Jins genadetiid!
‘k Sjuch de goudne tiid al kommen;
Al Jins feinten, alle frommen
Deart it oan, det Sions stiennen
Grús en pún en broazels binne.

8.
Den oer eigen wirk biskamme
Scil de Heidnen ’s Hearen Namme
Freezje, en froed yn ’t fromme hert
Bûgje for Jins hillge wet!
Alle keengen fen ús ierde
Litte fen Jins hân hjar liede,
Witte dat Jy hearlik binne,
Jy de Foarst binn’, Jy allinne.

9.
De iivge God hâldt iivge trouwe:
Hy scil Sions mûrren bouwe!
As Er yn Syn glâns forskynt
Him nei ’t delslein Bounfolk wynt,
Help docht op ús neare klachten,
Dêr’t wy dagen, dêr’t wy nachten
Freegje om heil mei langjend bidden, –
Den is God wer yn ’t formidden.

10.
God scil ús de Rêdder wêze!
’t Neiteam scil ’t biskreaune lêze
Ho’t Syn ginst forachten redt
Helpe docht op ’t stil gebet.
’t Folk dat komt yn letter tiden
Júcht om de útkomst nei ús striden
’t Folk dat skepen wirdt, scil, Heare,
Loovjend yn Jins tsjinst forkeare.

11.
Ut Syn hillichdomme-hichte
Seach Er ’t wraksljen yn ús lichte,
Ut Syn hege himel wei
Gyng Syn each ús paden nei,
’t Suchtsjen fen dy’t finzen wiernen,
En Hy telde ús hjitte triennen;
Dy’t hjir doarmen, hiel forwêzen
Hat Er opsocht en genêzen.

12.
Sa moat elk Syn Namme priizje,
Moat yn Sion ’t lofliet riizje,
Yn Jeruzalim Syn rom!
‘k Sjuch de heidnenfolken from
Yn in blide gearkomst ringen
Him de tankjende eare bringen;
Keningen, ho fier s’ ek wenje
Scille de Iivge júbljend tsjinje.

13.
‘k Hie in wicht fen leed to dragen:
Do forkoarte Hy myn dagen;
’t Lijen gyng my flymjend nei,
Det ik yn myn jammren sei:
Sterkje my nei ’t wolbihagen,
Sparje yn ’t mids my fen myn dagen,
Jy, Dy’t my biwarje kinne,
Jy, Hwaens jierren ivich binne!

14.
Jy haw de ierde treftich makke
Do’t hja op hjar grounfêst sakke,
’t Himelfjild, it swide swirk
Is Jins hannene eptich wirk,
Dôchs ho sterk, ho dreech hja lykje
Hja forgeane, hja biswykje;
Mar lit ek ’t Hielal fordriuwe
Jy scille ivich steande bliuwe.

15.
Alles dûrret mar in rite,
’t Scil allyk in klaed forslite;
’t Kinststik pronket foar in dei
En it falt yn yeske wei.
Ierde en himel scil fordwine
Yn in sucht as reek forswine,
Mar Jy bliuwe Dy’t Jy binne
’t Ivich Libben, de iivge Sinne.

16.
’t Neiteam fen, dy’t Hear, Jo tsjinje
Scil yn frede by Jo wenje,
En hjar froede en fromme bern
Scille altroch Jins antlit sjen.
Dy’t fen Jo hjar liede litte
Scille yn ’t ljocht hjar sterktme witte,
Heech allyk de wolkems kliuwe
Ivich foar Jins antlit bliuwe!

Psalm 103.

1.
Helje op, myn siel! lofsjong yn blide gloede,
Dyn Heare God, de skepper fen al ’t goede,
Syn Namme moat dyn priizjende eare ha!
Sjong loovje Him, dy’t altyd om dy tochte
Forjit it nea, hwet woldied Hy dy brochte:
Him komt dyn tank en hiel dyn libben ta.

2.
Sjong, loovje God, Dy’t nei dyn kwea net dwaen woe,
Dyn skilden en dyn ûnrjucht dy forjaen woe,
Dyn siiktmen wit, en ljeavjend dy genêst!
It near fordjêr hat Hy for dy bistreden,
Hy kroande dy mei Syn barmhertichheden:
Dû fynst yn Syn goedginstigens dyn rêst.

3.
Sjong, loovje God, Dy’t wit fen ’t snokkrjend hûngrjen.
Dy sêddet mei Syn goed op ’t sielelongrjen,
Dyn jonkheit as dy fen in earn fornijt!
De Heare is rjucht, wit suver yn Syn rjuchtsjen
De pleitsaek fen binypten to bisljuchtsjen
En jowt det nea ’t fijânnich wirk bidijt.

4.
Oan Mozes joech Hy kennis fen Syn wegen
Oan Isrels team biskikte Hy Syn segen;
Hy learde hjar Syn wirden bliid to sjen.
Barmhertich en genadich is de Heare,
Fordildich koe Hy lang ús dwaen forneare
Syn ginst is great oer Syn fordoarme bern.

5.
Hy scil Syn folk net jimmer swier kastije,
Net ivich scill’ wy fen Syn grime lije:
Yn ginst hat Hy Syn lilkens parken set.
Hy docht ús nea nei ’t kwea dat wy bidreauwen.
Ho faek we ek fier fen ’t ienichst heilpaed bleauwen,
Hy straft ús wol, mar nei ús skilden net.

6.
Sa heech it swirk forriizget boppe de ierde
Sa swiid wol Hy ús Syn genade biede,
Hy bliuwt oan dy’t Him freezje, hearlik nei;
Safier it West forwiket fen it Easten
Safier docht Hy, ús siel ta lok en treaste,
De oertrêdding en de sûnden fen ús wei.

7.
Lyk as in heit him oer syn bern ûntfermet,
Dat need-forslein om ljochtsjende útkomst kermet
Sa is ús God mei ’t freezjend folk bigien:
Hy sjucht ús troch, wit hwêr’t wy komm’ fendinne
Ho swak fen moed, ho lyts fen krêft wy binne:
In hânfol tsjêf út stof en slyk ûntstien.

8.
De dagen fen de minske op ierde binne
Oan ’t gêrs allyk, oan ’t blomke op d’ iepen finne,
Hy dijt en bloeit, mar bliuwt trochhinne tear;
Honear de wyn oer ’t pronkjend ierdryk bilet
Forslynt syn pracht; it bloeijendst roaske wilet
En siget del, – syn plak ken him net mear!

9.
Hwet ek forgiet, troch alle de ieuwen hinne
Bistiet Gods ginst oer dy Him freezje allinne;
Hy wol Syn ginst oan ’t fiere bernsbern jaen,
Oan hjarren dy’t Syn boun en wetten minne,
Mei ’t rjuchte hert by ’t suvre foarskrift binne
Om de iivge wet mei siel en sin to dwaen.

10.
Us Heare hat heech boppe it stof Syn troane,
Syn macht is swide yn ’t himelryk bikroane,
Us kening fiert oer alle ding biwâld.
Sjong, loovje God, jim Inglen, dy’t Him tsjinje
Jim helten, dy’t yn ’t Hillich Hege wenje
Mei lústrjend moed jim by Syn wirden hâld’!

11.
Sjong, loovje God fen herten alle dagen,
Jim tsjinders, dy’t útfiere it wolbihagen;
Troch ’t himelrom wearklinke in eale sang!
Al ’t skepsel sjonge aloan Gods ljochtsjende eare,
Hiel de ierde wêze ien lofliet for de Heare!
Ek dû, myn siel, folsjong’ Him libbenslang.

Psalm 104.

1.
Myn siele sjongt Gods lof en hege steat
Myn sterke God, Jy binne ûneindich great!
Jy binne omklaeid mei majesteit en glânze
Mei hearlikheit en ivige eare omkrânze!
J’ omjowe Jo, lyk mei in klaed mei ’t ljocht
De hymlen haw J’ op ’t wird yn ’t wêzen brocht,
En heech oer sé en mar en wide lannen,
Haw Jy it blau, ’t útspraet forwulfte spannen.

2.
Hy hat Syn troan op ’t loftewetter slein,
Nimt wolkems ta Syn swide oerwinningswein,
En wannelt op de wide wjuk fen winen
En glânzet mei de gloed fen ’t sinneskinen;
Hy stjûrt ta stipe ef straf nei sterk bislút
De winen as Syn rêdde boaden út.
Hja sweevje altroch, swyngje ûnder ’s himels bôge;
Syn tsjinders binne as fjûr en ljochte lôge.

3.
Syn wûnderkrêft hat, do’t de tiid bigoun
Oan de ierde sterk hjar drege steunsels jown
Hja wrigget nea, scil fen hjar groun net wykje:
Syn Godlik wirk scil skodzje noch biswykje.
Dêr laei dizze ierd’ fen ’t biidzjend wirk oerstjûr,
De wrâldsé sloech mei tsjustre brân hjar oer,
Jy hienen hjar as mei in klaed biditsen
De wettren stien’ boppe alle bergne pjitsen.

4.
Jy sprieken en de wettren flechten fier,
It jonge lân oanskôge it blauwe blier,
Ho driigjend dryst de wylde weagen wierne
Hja skolpren op Jins tongerlûd dêrhinne,
Jy sprieken en de bergen riisden tel
Nei ’t ljochte omheech, – de dallen dreauwen del
Op ’t sté dat Jy for hjar bistimme hienen, –
En brochten sa de wetten de oere binnen.

5.
Jy joegen oan ‘e wyn op ’t machtwird lins,
Jy stelden oan de sterke weagen grins,
Hja scille nea ús ierdryk wer bidekke,
Hja kinne nea dy sleine bân tobrekke.
Nou bûrlet rynsk it wetter út ‘e groun,
Ta minskneheil binne ús de wellen jown.
De streamen gean bitwisken bergen hinne;
En ’t heldre wiet wearkeatst de gouden sinne.

6.
Rjucht keninklik streamt machtich de rivier;
Nei ’t wetterwiid giet toarstich ’t wylde djier,
Wâldezels tsjugge yn blide rin en tinken
Nei ’t koeljend focht om ’t djûr biderf to drinken;
’t Is rounom tier, dy’t fen ‘e fochte ûntsprút:
Hjir sjongt sa kein it plommich folkje it út,
It draeit syn wjuk op de amme fen ‘e sigen
En jublet tank bitwisken griene twigen.

7.
’t Is God, Dy’t oan ‘e bergen ’t drinken skikt,
’t Forskroeide fjild mei dauwe en rein forkwikt,
It rotsich lân, it ûnbigroeide ynkeale
Boarnt Hy fol ginst út d’ ivige opperseale;
’t Gêrs sprút for ’t fé op ’s Hearen seegnjend lûd,
Hy jowt de minsk syn fruchtendragend krûd,
En kweekt it nôt mei sinneljocht en dauwe
En ier by ier wiuwt blinkend blier nei ’t blauwe.

8.
Hy jowt ús wyn, it hertforhúgjend focht
En de oalje dy’t it antlit blinken docht,
En ’t brea om wy wer nije krêft to finen
Nei ’t swiere wirk, by ’t baernend sinneskinen.
Hy sêddet beam en wâld, yn ’t hjitte sân
Skikt Hy hjar ’t focht, mei myld foarsjende hân,
Hy is hjar boarn, en ljeafdryk wol Er spiizje
De seders, dy’t op Libanon forriizje.

9.
It fûgelpear wit hjir syn skûl, syn rêst,
Bout floitsjend yn it blêdforwulft it nêst;
Hja loovje Him, Dy’t hoedzjend hjar biwarre.
Sipressen tsjinje as went de earebarre,
De stienbok springt en klattert, rap fen lea
Berch op, berch ôf, sa frij yn ’t wide gea;
De klipdas nimt syn hoal, de wylde kninen
Witte yn ‘e rots in fêstûntwyk to finen.

10.
Hy hat de moanne it ljocht fen stoun oant stoun
Ta tiden for de ús eale feesten jown;
Wy sjugge in gloede oan ’t wide blauwe blinken,
De sinne wit fen riizjen en fen sinken
Jy skikke o Hear mei ûnwearsteanbre macht
De tsjusternis, – oer de ierde tsjucht de nacht.
Den komt it djier út hoalen en út wâlden
Om iterstiid yn ’t frije fjild to hâlden.

11.
Sa stekt de liuw der keninklyk op út;
It liuwejong ropt brullend om syn bút
’t Rint om dy spize út Goades hân to sykjen
Om ’t ôfmêd liif to hoedzjen for biswykjen.
Mar kliuwt it ljocht wer ta de kleare dei
Mei sinneglâns, den jowe hja hjar wei
En lizze om fen hjar doarmjen út to rêsten
Djip yn ‘e bosk yn skuttend boude nêsten.

12.
Blinkt blier de dage oan ’t poarperstrieljend swirk
Den tsjucht de minsk fol hope en moed nei ’t wirk
Hy dolt en set, bout huzen en leit wegen
En de arbeid jowt in mylde skat fen segen.
Ho wûnder is Jins wirk! ho dreech, ho great!
Rjucht-machtich God! Jy rôpen ’t Al út neat
De wiisheit riist út al Jins greate dieden,
Fol fen Jins goed leit swide oerstjalpe ús ierde.

13.
Dêrjinsen leit fol majesteit de sé
Dêr wrimelt it fen lyts en greater fé,
Fen fisken dy troch wide rûmten sjitte,
Yn ’t wetter bliid hjar plak-fen-wêzen witte;
Jy spiizgje hjar mei rynskens allegear;
Hjir tsjugge altroch de skippen hinne en wer
Hjir tôgje hja hjar frachten oer ‘e weagen;
Ek boartet hjir de séslang foar Jins eagen.

14.
Hja wachtsje op Jo: it djiert fen sé en lân
Sjucht longrjende út, smeekt fiedsel fen Jins hân,
Hja wachtsje op Jo, det Jy hjar spize jowe:
Jy stypje hjar en skikke it hjar yn trouwe,
Hja bringe hwet hja krigen ringen gear
En tankje Jo mei eigen wird fen ear;
Jins iepne hân jowt de ierde frucht en groede
Jy sêdzje it al mei seegning myld fen ’t goede

15.
Forbergje Jy Jins each, hja kwine kjel,
Hja tarre wei, en falle yn ’t neare del,
Untnimme Jy de siken hjar, – hja stjerre,
Slacht hjar Jins dea, – de mânske lea fordjerre,
Hja wirde stof! mar skikke Jy Jins Geast
Hja libje rom, hjar dage bloeit op ’t kreast’!
’t Is hearlik as Jy ’t ierdryk ’t ljocht fornije,
As plant en djier mei jonge krêften dije.

16.
De hearlikheit fen de ivige Opperhear
Sij de ieuwen lâns by ’t minskdom ljochtsjend klear!
Litte àl Gods wirk him ta Syn eare foegje,
Meij de Iivge Him yn ’t Skeppingswirk fornoegje!
Oanskôget Hy de ierde yn Syn majesteit
Hja skoddet kjel, hja swypket as in reid!
Roert Hy mei macht de bergen oan, – hjar lôge
Riist rikjend op, slacht nei de blauwe bôge.

17.
De Heare is great! it bliuwt myn siele swiet
Syn swide krêft to loovjen mei myn liet!
Ik scil myn God myn snaresangen biede
Salang ‘k hjir bin en ’t goede oanskôgje op ierde.
It bliuwt my skoan t’ oerpeinzgjen ’t Godlik wirk
Dat rounom blinkt, op ierde, oan loft en swirk;
Och mocht myn lof rjucht wêze ta Syn eare!
Ik, ja ik scil forbliidzje m’ yn de Heare!

18.
De sûndaer mei forsinke allyk in stien!
Dré wirdt de macht fen ’t tsjoede folk fordien:
’t Bistiet net mear: mar ik scil ’t heilswirk fiele;
Sjong, loovje aloan, lofsjong de Hear, myn siele!

Psalm 105.

1.
Sjong loovje God mei siele en amme!
Oanbid Syn hege en heilge Namme,
Lit alle folk yn ider lân.
De dieden witte fen Syn hân.
En sprek mei oandacht fen Syn wei
En sterke wûnders dei by dei.

2.
Romje yn Syn Namme, great en heilich
Hy bliuwt ús God, by Him is ’t feilich;
Meij ’t hert fen hwa Him siikje mei
En freegje nei Syn wisse wei
Nou optille oer Syn strieljende ear
En bliid wêze yn der ljochten Hear!

3.
Fornim nei Goades greate dieden
Syn sterkens en Syn krêftfol lieden,
Siikje om Syn eachg, sa ljochtsjend klear
Tink oan de wûndren ta Syn ear,
Merk op Syn teiknen, merk op ’t pleit
En achtsje op ’t founis dat Er seit.

4.
Sjong Abrams team, jim sterke Heare,
Bring Jakobs bern, Him loovjend eare!
Hy is ús Stipe en greate God,
Hy weacht for ider minske ’t lot,
Syn oardiel strykt mei flamjend fjûr
Ta ’s boazen straffe ’t ierdryk oer.

5.
God scil Syn sizzen nea forjitte
Mar ivich stiet, hwet Hy ûnthjitte;
Rjucht suver bliuwt Syn trouforboun,
Hy bliuwt by ’t wird, Syn tsjinstfeint jown;
En ’t fierste team, en ’t jongste bern
Scil Him ’t forboun biseegljen sjen.

6.
Syn heil kaem Abraham tomiette,
Hy liet Syn eed oan Izak witte,
Hy hat dy ta in hillge wet
Oan Jakob as in segen set;
Dy hat Er Isrel hillgjend jown
As rjuchtlik erve en ivich Boun.

7.
Hy spriek: “Ik scil de bêste lannen
Dit Kanan skikke jim yn hannen
Jim meije it fêst as erfdiel ha’,”
Syn mûle sei dit wird hjar ta
Do’t Abram yet min-machtich stie
As frjemdling neat yn eindom hie.

8.
Do’t hja dêr yn ‘e frjemdte stienen
By minsken leech yn oansjen wiernen
En wannlen, siikjend om ûntwyk
Fen folk oant folk, fen ryk oant ryk,
Wier ’t God, Dy sterk ’t forhoedzje woe
Det immen hjar binearje scoe.

9.
God spriek en liet oan keengen witte:
“Jim meije nea Myn folk forstjitte,
Dogg’ nea Myn salfden lêsten oan:
Hjar kermjen riizget ta Myn troan,
Dogg’ Myn profeten leed noch kwea,
Oars slacht jim nacht en felle dea”.

10.
Hy liet yn ’t lân in hûnger komme,
It brea waerd út hjar mûlen nommen,
Mar Jozef, fen syn broerren hân
As slaef forkoft nei Faro’s lân,
Yn ’t izer slein tsjin rjucht en wet
Waerd hjar ta heil yn eare set.

11.
Do’t hy nei ’t Godlik-wiis biskikken
Trochlottre wier, kaem him ’t forkwikken,
Do kaem syn wird yn ’t glânzgjend ljocht
En waerd er om syn wizens socht:
De kening stjûrde om him t’ ûntslaen
In hearsker woe him rêdding jaen.

12.
De kening laei yn Jozef’s hannen
’t Biwâld oer goed en hûs en lannen
Om foarsten nei syn sin to dwaen
En oersten yn ‘e bân to slaen;
Egypte’s âldsten heech fen ear
Wiern’ by syn wiisheit yn ‘e lear.

13.
Do kaem út neare hûngerdjipte
Eartsfader Isrel yn Egypte,
Forkearde Jakob mei syn stam
As frjemdling hoask yn ’t lân fen Cham;
Dêr woechs yn tal it hillich slacht’
Oertrof dy’t tsjin him stie, yn macht.

14.
Egypte’s folk ynwindich stitsen
Tocht dré syn ryk fen Isrel britsen
En eigen macht fordwoun as skaed:
Sa woechs yn ’t herte in hirde haet,
Hja treauwen Isrel tsjoed en fel
Mei tsjinstbrens yn ‘e djipten del.

15.
God stjûrde Mozes yn hjar lannen
Mei Aron, útkard ta Syn plannen;
Hja beiden fierden ’t heech bislút
Mei teiknen great en wûnder út:
Sa foelen mei ûndraechbre klam
De pleagen oer it lân fen Cham.

16.
Hy hat Egypte’s folk forbjustre
Hjar ’t ljocht ûntnommen, ’t swirk fortsjustre:
Noch húnden hja forhirde yn ’t tsjoed –
De wetters waerden wearzich bloed,
De fisken stoaren fen dat kwea
En rounom drige skrik en dea.

17.
God spriek en frosken kamen ringen
Om ôfgriis oer it lân to bringen,
Hja krielden sels yn ’s kenings hôf;
De luzen kamen op út stof,
By ’t swarem miggen skerp en fel
Foel gleon op minsk en bisten del.

18.
Hy kaem tsjin hjar mei hertsforskrikken:
De heil foel del by greate stikken;
Hy joech hjar druvebeam oan ’t fjûr
Hjar ealste stam ’t forbaernen oer,
Hjar figebeam foel tsjin ‘e groun
Hjar ljeaflik-dragend beamt fordwoun.

19.
Hy spriek, – sprinkhoanne en fretter kamen
Dy’t alle grien it lân ûntnamen,
Hja kamen setten sûnder tal,
Tognauden frucht, gewaeks en al;
Noch slimmer sloech Egypte ’t kwea
Yn aller earstling-bernen dea.

20.
Mei silver en mei goud oerditsen
Is Isrel út Egypte britsen,
En nimmen stroffele op syn wei.
Egypte seegne de úttochtsdei
Hwent al hjar hope wier forblikt
En aller siele yn ’t leed forskrikt.

21.
God spraette in wolk út foar hjar eagen
Dy’t s’ as dekklaed hoedzjend seagen,
Hy joech hjar nei Syn wiis bistjûr
As ljocht by nacht Syn wûnderfjûr,
En stjûrde op hjar sielebrea
Syn kwakkels del en himelsk brea.

22.
Hy iepne rotsen, wetters floeiden
Dy’t yn it sân ta streamen groeiden,
Sa foel oer toarre fjilden focht
Det ryk him Isrel sêdzje mocht:
Hy tocht oan ’t wird, oan ’t heilforboun
Oan Abraham, Syn tsjinstfeint jown.

23.
Sa mocht him ’t útkard folk fornoegje
En júbljend fen Gods ginsten tsjûgje,
Dêr’t Hy hjar as Syn skiepkes droech
En hja der heidnen lannen joech:
Der folken wirk, biwraemd mei swit
Naem Isrel erflik yn bisit.

24.
Sa joech ús God hjar lân en spize
Woe hjarren ginst op ginst biwize,
Det hja aloan mei folchsum hert
Hjar skikke scoenen nei Syn wet,
En sjonge ’t bliid Hallélujah
Him ivich yn hjar lofsang ta!

Psalm 106.

1.
Lofsjong de Heare rom fen moed:
Us God is ljochtsjend great en goed,
Syn ginst mei ’t froede folk fornoegje.
Mar hwa, ho leard er wêze meij’
Scil fen Gods dieden ’t wisse tsûgje?
Hwa mit Syn rom, hwa wit Syn wei?

2.
Loksillich, dy’t mei fêstens sjucht
En hannelt nei ’t folsleine rjucht.
Wol Heare, nei Jins wolbihagen
Jins feinten toand yn need en striid
My stypje yn al myn libbensdagen
En meitsje mei Jins heil my bliid.

3.
Jow Heare it goede my foar ’t each;
Och det ik ’t lok fen ’t Bounfolk seach
It heil fen hjar dy ‘k útkard priizje
Jow my Jins naesjes blidens mei,
Lit yn hjar rom myn krêften riizje
En great wirde op Jins erfiels dei.

4.
Wy ha tsjin God op ’t slimst misdien
Binne út Syn rjuchte wegen gien
Allyk ús foarfaers, drôve riten;
Wy hanlen min, yn ’t hert forkeard
Wy hawwe it hillich boun forsmiten
En wiernen op ús kweadwaen great.

5.
Do’t de âlders yn Egypte wiern’
Ha’ hja Jins wûnders net forstien
Jins ginstbiwizen hounsk forgetten,
Hja hawwe by de Reade sé
Tsjin de Alderheechste-sels hjar setten
As keallen stien’ hja steech op ’t sté.

6.
Om eigen namme, om eigen macht
Forlosse God dit stive slacht’,
Skelde op ‘e sé, det dy fordroege,
En liet hjar oer syn boaijem gean;
De hater waerd mei smaed oerloege
De tsjinpartij koe net bistean.

7.
De wetters kearden op Gods wink
En Faro gyng yn sé tosink
Gjin fijân koe de dea ûntkomme;
Do leaude it folk, hie jubelstof,
Hat him yn ’t Godlik wirk biromme,
En song mei blide mûlen lof.

8.
Ho ring forgeat it folk Gods dwaen
Syn ginst, syn myld forlossing-jaen!
Hja woenen net yn Him birêste;
Forgappen hjar oan wyn en skyn,
En fregen hwet hjar sinnen lêstte
Dwers tsjin Gods rjucht-bisluten yn.

9.
Hja fergen yn ‘e wyldernis
In prôve oan God, Dy machtich is;
Do joech Hy hwet hjar herte frege,
Mar yn dy oerfloed tynde it kwea
In tarring fierde it folk yn ’t lege
En ’t seach de swetten fen ‘e Dea.

10.
Hja hunen Mozes troch-in-dei
En kamen Aron’s ampt to nei;
Do ’s Dathan’s tint fen de ierde oerditsen,
Abiram’s folk, yn tsjuster lein;
Do waerd in fjûr oer hjar ûntstitsen
In lôge is oer dy tsjoeden slein.

11.
Hja makken ta hjar eigen spot
By Horeb’s berch in keal ta God,
En bûgden dêr mei liif en siele,
Forrosten sa hjar Ivige Ear;
In bounfolk doarst foar ’t byldwirk kniele
In getten okse waerd hjar Hear!

12.
Hjar doarm- en dwylsiik hert forgeat
Hjar Heilân, Him Dy’t sterk en great
Hjar rêdde alear út Faro’s bannen,
Dy’t wûndren yn Egypte die’
In hearlik wirk yn Cham’s-berns lannen
Dy’t freeslik by de Skylpsé wier.

13.
God drige hjar mei ûnk en kwea;
Ek wiernen hja nét oan ‘e dea –
Sa great wier ’s Hearen grime – ûntkommen,
Hie yn de bres gjin Mozes stien,
En ’t for dat tsjoede slachte opnommen, –
Oars hie Syn wraek hjar wis fordien.

14.
Hja hawwe yn húnjend ûnforstân
Forsmade it winslik, kostlik lân,
Hja woenen oan Syn wird net leauwe,
Hja akslen tsjin mei damsteech hert
Hjar dwaen wier dwylje en narje en kreauwe;
As de Iivge spriek – hja telden ’t net.

15.
Sa swarde God – omheech de hân -:
Ik slach hjar yn dit hjitte sân
‘k Scil yn dit woaste hjar fordjerre;
Hjar team scil ‘k fier fen hûs en sté
Forstruije, ‘k lit s’ yn ’t lijen stjerre,
‘k Forsilje hjar oer lân en sé.

16.
Hja ha fen Moab’s bern forlaet
By Baäl-Peors tsjinst hjar skaet
En de ûngodsoffers priizjend iten,
Hja hawwe hjar mei iepen each
Yn ’t oer hjar kommend lijen smiten;
En djip snie yn hjar lea de pleach.

17.
Do hat in helt, in preester stien
En straffend oan it rjucht foldien,
Hat Pinehas ’t kwea-bloed forgetten,
Dit wirdt him as gerjuchtens teld;
Om ’t drege útwirkjen fen Gods wetten
Romt ivich slachte oant slacht dy helt.

18.
Hja kamen tsierend op Him ta
By ’t wûnderwetter Meriba
Sa ’s oer hjar hún Syn grime ûntstitsen.
’t Gyng Mozes om dit folk forkeard:
Hy, bitter, hat in miswird spritsen
Dat ûnfortocht syn mûle ûntskeat.

19.
Hja haw dy folken net forslein
Al hie de Hear ’t hjar plichtsjend sein,
Mar haw hjar mei dy heidnen mongen
En learden hjar grouwélich dwaen,
En haw de lof fen de ûngod songen:
Dat waerd in falstrûp oer hjar waen.

20.
Hja haw hjar bern tsjin rede en ljocht
Op ’t alter fen ‘e divels brocht
It jonge, ûnskildich bloed forgetten,
’t Bloed fen ‘e bern, fen God hjar jown;
Oan de ûngod offren hja hjar herten
Mei dwilesiele oan de ydlens boun.

21.
Sa brocht der slim fordoalden hân
In swiere bloedskild oer it lân,
In skild troch God yn lilkens mirken;
Hja doarsten Him yn ’t antlit slaen
Bismodzen hjar mei tsjoede wirken
En hoerken troch ôfgryslik dwaen.

22.
Hja joegen neat om ’t Albistjûr; –
Do lôge oer hjar Gods grimefjûr,
Hy hie in grouwel fen hjar wegen
En joech Syn erve oan heidnen oer,
Hjar haters riisden rêd omhegen
En namen oer hjar lannen ’t roer.

23.
De fijân sloech hjar mannichkear,
Sa tomlen hja yn slyk en near;
Wol hat hjar Heilân faek hjar holpen
Mar hja fordoaren ’t al den dei
Sa hat hjar misdwaen hjar oerstjalpe
En sonken se yn hjar skilden wei.

24.
Do’t Hy fornaem ho bang ’t hjar wie’
Do’t Hy hjar neare gûl forstie
Tocht Er oan ’t boun, Syn folk ta segen,
Hie ‘r nei Syn ginst, mei ’t leed to dwaen,
Barmhertich ljochte Er oer hjar wegen
Woe ‘r út ‘e finznis hjar ûntslaen.

25.
Forlos ús, great en machtich God
Stean by tsjin ’t faei, hihyplik lot,
Tsjin naesjes dy’t yn leedzje ús krongen,
En rjuchtsje ús op út slyk en stof,
Den wirdt Jins Namme en ear bisongen,
Biromje wy ús yn Jins lof.

26.
Sjong, loovje ús Heare, it bounsfolks God
Om al Syn ginst; in bliere skat
Woe Hy ús yn ‘e skerte lizze.
Bring d’ ieuwen lâns Him gloarje ta,
Lit al it folk yn jubel sizze:
Lof, Amen, lof, Hallélujah.

Psalm 107.

1.
Lit ús mei blide tonge,
Mei tank yn ’t júchjend moed
Gods swide ginsten sjonge:
Us God is einleas goed!
Lit soks mei ’n optein hert
Nou Syn forlosten tsjûgje;
Hy hat hjar noedzjend redt,
Woe hoedzjend oer hjar bûgje.

2.
Hy brocht út fierrense oarden
Fen East- en Westerstrân
Fen ’t Suden en fen ’t Noarden
Hjar treastgjend yn dit lân,
Hja dwaelden sûnder fré
Yn woaste wyldernisse,
En founen stêd noch sté
en moasten ’t wenplak misse.

3.
Dêr flimen leedzje en pinen;
Yn hûnger, toarst en kwea
Wier help noch treast to finen,
Fel gappe bare dea:
Hja rôpen oan de Hear
Do’t bangens oer hjar bodde,
Hy holp hjar út it near,
Ut de eangstme dy’t hjar skodde.

4.
Sa skikte ta hjar bêste
De Heare in rjuchte wei,
In stêd, in plak fen rêste,
Op rynske, ljochte dei, –
Lit hjarren for de Hear
Syn goede ginsten priizje,
By ’t minskdom ta Syn ear
Op al Syn wûndren wiizje.

5.
Hjar God hat hjar oerstriele
Hat op in toarre groun
Hjar toarstich-hjitte siele
Sa ryk to drinken jown.
Al mocht yn ’t skeinend kwea
De minsk bidobbe reitsje –
Hy mocht wer treastryk brea
Nei al syn doarmjen smeitsje.

6.
Hja dy’t yn tsjuster sieten
Yn ’t skaed fen nacht en dea, –
Omdet se God forlieten
Forkwynden yn hjar kwea;
Hja hienen hjar forset,
Hjar tsjin Gods wird forstege,
Hja skimpten op Syn wet
En smaedden Him de Hege.

7.
Hy bûgde hjarren ’t herte,
Hja strofflen, tomlen del;
Do rôpen s’ yn ‘e smerte
Oan God: Hy rêdde tel
Ut eangst en kwel en sear,
Brocht s’ út ‘e tsjustre lannen
Nei paden ljocht en klear,
Forbriek hjar tsjoede bannen.

8.
Det hja de Heare priizje
Om ’t blide ginsten jaen,
Lit heech hjar lofliet riizje
By minsken om Syn dwaen;
Hy hat de koopren doar
Toslein ta hja forkwikke;
Hy gyng hjar goeddwaend foar,
Sloech de iizren skoattels stikken.

9.
De sotten, siik fen sûnden
Yn ’t lijen as bistoarn,
Toslein fen pine en wounen
Wirde om hjar skild fordoarn;
Hjar wearzge ’t fiedsum brea
Ho myld de spizen wonken;
Hja wiernen hast de dea
Kniesd yn ‘e earmen sonken.

10.
Hja rôpen oan ‘e Heare
Yn de eangsten, pine en need
Hy holp hjar út it neare
Ut wreed-forskroeijend leed;
Hja hawwe op ’t Godlik wird
Genêzen by Him de skûle;
Hy rêdde hjar fen ’t swird
En rokte se út ’s kûle.

11.
Heech moat hjar lofliet riizje
Om ’s Hearen ginst en goed;
Lit hjar Syn wûndren priizje
By ’t minskdom; lit hjar froed
’t Oandiene hert mei lof
Offrjend op ’t alter lizze;
Lit hjar mei júchjensstof
Oan elk Syn wirden sizze.

12.
Hja, dy’t de sé bifare
Op ’t skip mei swide fracht
Skôgje op ‘e greate baren
Gods wizens, krêft en macht;
Dêr haw se nacht en dei
Syn sterke dieden mirken,
En yn ‘e djippe wei
Syn blide wûnderwirken.

13.
God spriek, – de stoarmen boldre
Oer ’t wiid mei wrede fleach,
’t Forheistre wetter skolpre;
Dêr stienen s’ op ‘e weach
Opbûrle fen ‘e sé, –
Dêr tomlen se yn ‘e kolken;
Hjar siel toraende yn ’t wé,
Oerdreaun fen de ûnwaerswolken.

14.
Hja dounsje en wagglje as dronken
By ’t f’leindich weageslaen,
Hjar wiisheit hjar ûntsonken
Kin treast noch helpe dwaen.
Do krieten se oan ‘e Hear
Yn eangsten, ûnk en pine:
Hy holp hjar út it near
En liet hjar rêdding fine.

15.
Hy lit de stoarm bidarje,
De weagen jowe tel,
God woe Syn folk biwarje, –
Hjar op Syn winken del;
Sa meij se ryk yn ’t liet
Fen hjar forlossing tsjûgje;
Hja kinn hjar, nei ’t fortriet
Yn feilge haven foegje.

16.
Nou mei hjar lofsang riizje:
Hja gyngen net forlern!
Lit hjar Gods wûndren priizje
By alle minskebern;
Lit tankber hjar oan ’t folk
Syn greate macht forklearje,
Fen herte rom en nolk
Yn ’s âldsten ried him earje!

17.
Hy makket in woastine
Fen ’t ryk bifloeide lân;
Hy lit de boarn fordwine,
En toarstich draeit it sân.
Hy stelt in fruchtber sté
Ta stive en sâlte grounen,
Om’t minsken fier fen fré
Mei boazens hjar forbounen.

18.
Hy makket skrokke sânnen
Oan rinnend wetter ryk,
En fen de toarre lannen
In boarnryk, gol ûntwyk;
Dêr fynt dy’t hûngre, brea
Dêr meije hja bitrouwe
Op Him tsjin leed en dea
En kinne in wenstêd bouwe.

19.
Dêr siedzje se oer ‘e lannen,
Dêr floeit it oer fen wyn,
Dêr samlje blide hannen
Syn segen ryklik yn;
Hjar God jowt nocht en fré,
Lit hjarren soannen krije,
En segent minske en fé
Det fet hjar bisten dije.

20.
As hja om God net tinke
Bilunet hjarren ’t lok,
Hja mindre yn tal, en sinke
Yn djipten, kwea en drok;
Dêr’t Hy fen prinsen skiedt
As hja Gods wet forachtsje;
Hy jowt hjar lûd noch liet
Lit hjar yn ’t wylde oernachtsje.

21.
Hjar, dy’t yn pinen kermje
Yn lijen, krapte en brek
Bringt God mei myld ûntfermjen
In trou en fêst fortrek,
Dêr groeije hja yn tal,
En sjongt de blide fromme
De Heare fen ’t hielal:
De boazens swijt forstomme.

22.
Hwa mei forstannich wêze?
Dy scil hjir acht op slaen,
En yn Gods ginsten lêze
Syn wiis en hearlik dwaen.

Psalm 108.

1.
Myn herte, hege Himelhear,
Is ta Jins tsjinst folstannich klear.
‘k Scil sjonge fen Jins ivich goed,
‘k Scil jublje mei myn optein moed,
Weitsje op myn harpe omheech myn lút!
Weitsje op, ik sjong fol blidens ’t út!
Il scil moarnsier fol freugde ûntweitsje,
En yn Gods lof myn spize smeitsje.

2.
Ik loovje Jo mei swiete sang
Mei lof en liet myn libben lang!
Ik romje by de folken Jo
En by de naesjes Jins bidriuw.
Jins goedens sette ús yn ús steat
Jins trouwe is nea to mjitten great,
Giet heger den de wolkems driuwe:
Sa mei Jins folk loksillich bliuwe.

3.
Forheevje o God, Jo boppe it swirk,
Lit de ierde knibbelje by Jins wirk,
Sa reitsje Jins biminden frij
Fen woast gewelt en twingernij!
Jow segen mei Jins rjuchterhân,
Stjûr dijend heil oer ’t longrjend lân,
Jy hawwe yn ’t hillichdomme spritsen,
Sa wirdt myn freugde omhegens tritsen.

4.
Ik fyn myn diel yn Sichems lân,
‘k Mjit Sukkoths dal mei eigen hân;
Myn Gilead heart myn bifel,
Manasse bûgt him dimmen del,
Ik sjuch him knibbljen foar myn troan,
Myn sterkens groeit yn Efr’im oan
En Juda wiist my wize wetten
Om Davids sitstoel fêst to setten.

5.
’t Liep’ Moab, Isrels strûp alear
Hat nou gjin krêft noch heechheit mear,
Ik meitsje it ta in waskkûm my;
’t Greatske Edom fielt myn hearskippy;
Ik werp myn skoech op Ezau’s groun,
Myn broer wirdt fen myn hannen boun;
Ik júchje it út, mei ’n blide tonge
Mei ‘k oer myn Palestina sjonge.

6.
Hwa stie my by, hwa bringt my rêd
De wâl oer yn in fêste stêd?
Hwa liedt my mei in drege hân
De bergen oer yn Edom’s lân?
Bin Jy ’t o God, en bliuw Jy ’t net
Hwaens hân yn ’t foar’ge yn djippe smert
En ’t neare ús wirp? scill’ Jy ’t net wêze,
Scill’ Jy ús wounen net genêze?

7.
Jow God, nei leechste en misfortriet
Us stoffe ta in fleurich liet!
Lit ús net bouwe, noait in wreit
Op minskneheil, op idelheit!
Wy scille op God ús eagen slaen,
Yn Gods krêft tûke dieden dwaen;
De fijân wirdt yn ’t stof towâdde
Mar ús scil Hy yn ’t libben hâlde.

Psalm 109.

1.
God, Hwaen ‘k romje en ivich earje,
O swij net, wol ’t fortsjustre klearje,
De tsjoede mei bidragerijen
Twingt my, Jins feint, yn ’t flymjend lijen;
Mei iepne mûle en falsk fen sin,
Gean my dy gleone húnders tsjin.

2.
S’ omgounzje my mei skerpe wirden
My stekkende as mei bleate swirden,
Hja haw me op ’t slimst, op ’t fûlst bistreden
Forgriemd, kweahânle sûnder reden.
Hja wikslen my for ljeafde haet
Ik bea, mar my trof hún en smaed.

3.
Hja stieken my mei kwea yn ’t herte
Fordûblen mei hjar skimp myn smerte
Al ljeavje ik hjar, hja rache en skelle;
Wol oer syn hûs in kweaden stelle,
De Satan sij mei ’n felle brân
Him netljend oan ‘e rjuchterhân.

4.
Wol yn ’t gerjucht syn founis lêze,
Syn kwea meije op syn holle wêze,
Syn bidden sij de húnder sûnde,
Him flymje leed yn woune op woune,
Forkoartsje him de libbensdei
En jow syn ampt oan oaren wei.

5.
Lit sûndaers bern as wezen kwine,
Syn widdou nearne in treaster fine,
Syn berntsjes moatte yn ’t woaste omdoarmje
En biddlje, lit oer hjarren ’t stoarmje
Forwoastsje ’s woasten hiem en plak
En lit him smeekje nei ’t gerak.

6.
Lit, Heare, hwet se by’noar heapje
Oan have en goed, om skild forkeapje,
Lit frjemden it biskripte nimme;
Meij’ nimmen acht slaen op syn stimme,
Det nimmen him woldiedich sij,
Nin minske stean syn wezen by!

7.
Lit oer syn hûs Jins grime ploegje
En wei syn leat en neiteam roegje;
Untnim him wêzen, siel en amme
Dylgje út fen folgjend slacht’ syn namme
Sij ’t ûnrjucht fen syn heit bidreaun
Him ta fordjerren, fêst biskreaun!

8.
Wol om syn memme kwea him pleagje,
Hjar skild moat stjelpich him oerweagje,
Lit al de hirdens fen dy ljuwe
Yn tinken foar de Heare bliuwe!
God nimme ’s boazens neitins wei
Det nimmen dy forheegje meij’.

9.
Hy hearde nea nei ’s earmen kermjen
Hy wist fen goeddwaen noch ûntfermjen,
Mar hat de ilindige trochdolge,
Dy’t kwynde yn ’t leed mei haet forfolge,
Bitocht der hertekniesden kwea:
Dy skeinder socht der frommen dea.

10.
Hy ljeave flokken en fordommen –
Lit nou de flok dy boazert komme!
Him sinnige gjin ljeafde en segen –
Meij’ fier dy wike ek fen syn wegen!
Syn haet sa stûf, syn flok sa wreed
Wêze oer syn lea in knipend kleed.

11.
De hirde flok sij oer him hinne
Dy meij’ as wetter yn him rinne,
As oalje him yn ’t biente floeije
En him mei pine op pinen knoeije;
Det him syn himeltergjend kwea
In girle fêstlizze om ‘e lea.

12.
Sa meije dy’t my fiere yn ’t neare
Hjar lean thúskrije fen ‘e Heare;
Sa meij hjar de eigen hún forniele
Dy’t kwea bitinke tsjin myn siele;
Sa wirdt hjar nei hjar wirkjen jown
En hja mei eigen keatling boun.

13.
O Heare, wol ’t mei my dôchs meitsje,
Lit me om Jins ginst forlossing smeitsje:
‘k Liz yn ilinde en noed en smerte
Trochwoune yn ’t binnenst fen myn herte,
Omtsjustre is my de libbensdei
‘k Fal as in skaed by jountiid wei.

14.
Hja skodzje me út, en hja fortriuwe;
‘k Mei nearne allyk in sprinkhaen bliuwe,
Myn knibbels stjitte my ûnwiten
Al tiden wit ik net fen iten;
’t Miskeart myn flesk oan glanzgjend fet
Sa bin ‘k formeagre en leedomset.

15.
Al nypt my tsjustre need yn ’t herte
Noch docht hjar smaed my fûlder smerte;
Hja binne hjit op ’t kwea to wollen,
Hja skodzje gnyskjend mei hjar hollen.
Help greate God, me út pine en sear,
Meitsje om Jins ginst myn wegen klear.

16.
Lit, Heare, de godleazen witte
Det Jy Jins tsjinstfeint nea forstjitte,
Det dit Jins hân is, det Jy ’t dienen
My nypten, en wer ginstich wiernen
Lit hjar den flokke, dryst en wyld
Mar sij Jins segen my ta skyld.

17.
Lit hjar dy ’t listige oanslach meitsje
Yn de ydle hoop biskamme reitsje,
Den mei Jins feint him ryk forbliidzje;
Mar smaedheit meij myn fijân biidzje.
Biwoelje yn skande him en kwea
As mei in mantel om syn lea.

18.
‘k Scil bliid fen mûle de Iivge priizje
‘k Lit mids yn ’t folk myn lofsang riizje,
God scil des earmen nacht fordriuwe
Scil oan syn hân, syn rjuchter bliuwe
Om him to rêdden út de macht
Fen dy’t oer him it founis slacht.

Psalm 110.

1.
De Heare hat myn Heare ’t ryk bispritsen
Hy spriek mei macht: Sit oan Myn rjuchterhân,
Dré is ’t gewelt fen ’t haetsjend folk forbritsen,
Ta foetbank Jo slach Ik hjar yn ’t bân.

2.
Ut Sion scil de Hear de skepter skikke
De skepter, dy’t Jins eare tsjûgt en glâns,
En hjitte: slach sa fier hjar peallen rikke
De fijân del en hearskje de ieuwen lâns.

3.
Jins folk scil op Jins heilsdei feardich rinne
Mei folchsum moed, yn wijde preesterklean,
Hjir floeit de dau fen jonge dage oerhinne
En blide jeugd riist oer hjar blank bistean.

4.
De Heare swarde en ’t scil Him nea birouwe:
“Jy binn’ de Foarst, útkard nei hege rie,
‘k Mei ivich Jo it preesterskip bitrouwe
Jy steane yn ’t ampt sa’t Melchizédek stie”.

5.
Oan Jo de krêft: de hege en sterke Heare
Scil oan Jins hân yn ’t striden winnen jaen,
De Machtge kin gjin opstânsfjûr forneare,
Mar keengen scil Hy yn syn grime slaen.

6.
Hy scil Syn rjucht oer naesjes komme litte;
Hy slacht it folk, forlern yn sûnde en skild:
Hy laet yn ’t kwea hwa’t grousum ’t bloed forjitte,
Forplettert him dy’t machtich is yn ’t fjild.

7.
Hy scil op ’t paed bliid út ‘e beken drinke
Hy bûgt him yn syn digre krêften dreech,
Him mei fol nocht de wisse oerwinning winke
Dos stekt Er blier Syn ljochte holle omheech

(Boarne: Privee kolleksje)