A.M. Wybenga Psalmen -131 t/m 140.

131132133134135136137138139140

Werom nei Psalmen haadside

Psalm 131

1.
O Hear, Jy witte-it fen myn hert Heech
en nei ’t hege steande-is ’t net,
Jy witte-it fen myn dimmen each,
Dat nea neiydle greatens seach.

2.
Ik fjirde net in hege steat:
ik wanle net yn hwet to great
To wûnder for Jins tsjinstfeint wie’
Dêr’t ik Jins yn herte hie.

3.
Haw ik myn siele en sinnen net
Stil hâlden en nei ’t goede set?
Hja hat hjar hiel yn Jo forlern,
Is réstig as in ôfwend bern.

4.
Bljuw hoopjend Isrel, hâlde moed,
Dyn Heare is myld, ûneindig goed,
Fortrou op ’t wird, dat Hy dy seit
Fen nou ôf oant yn ivichheit.

Psalm 132

1.
Tink Heare-oan David ta syn goed,
Tink oan ‘e moeiten for syn foet,
Hy dych in eed oprjucht fen moed,
Hy hat de wisse wegen gien,
En Jakobs Sterkte ’t hjitten dien:

2.
“‘k Scil,” spriek er, “yn myn hû net gean
Net nochtfol yn myn tinte stean
Ef lizzend rêst jaen oan myn leân,
Mar earst ik wijde Godswirk dwaen.

3.
Ik slûgje net, nea slomje ik yn
Ear’t ik in sté for de livge fyn,
Ear’t de arke, ’t Boundfolks sinneskyn
Syn fêste wente fine mei:
Ho’n langst hat dêr myn herte nei!”

4.
Ho’n freugde trille yn ’t útsjend hert!
Wy hawwe ‘er fen yn Efrath heard
Wy gybgen blide en poazen net
Wy sochten sterk fol ûngedild
En founen hjar yn Jaärs fjild.

5.
O lit ús gean yn ‘e iere moarn
Nei ’s livgen wente, ’s Hearen troan
En bidd’ Him foar Syn foetbank oan!
Riizje op de Heare, ta Jins rêst,
Stel hjir Jins machtige arke fêst.

6.
Oerklaei, o heeste Majesteit
Jins preesters mei gerjuchtichheit,
Det heech Jins folk syn jubel seit!
Forsmaedzje om Davids wille, nea
Jins Salfden Kennings froede bea.

7.
De Heare hat oan David sein,
Mei ’n eed yn wisse wierens lein,
Mei ’n wird dat swink nimt, kear noch ein
“ ‘k Set fen dyn liifs frucht op ‘e troan
Bifêstige mei stêf en kroan.

8.
Honear dyn soanen Myn forboun,
En ’t foarskrift ta hjar heil hjar jown
Trou dogge, rjucht yn ’s herten groun
Sa scil dyn sied alle ieuwen lâns
De troan bisitte yn macht en glâns.”

9.
De Heare is by ústa ús bêst
Yn Sion stiet Syn wente fêst
“Dit bliuwt yn ivichheit Myn rêst”
Sa spriek Er, “dit wier myn bigear
Hjir wenje Ik as jim hege Hear!

10.
‘k Scil ’t ginstich each op Sion slaen,
Hjar kost yn folle mijtte jaen,
Hjar earmen troulik helpe dwaen,
’t Heil klaeit Myn preesters wûndre skoan
Myn ginstgeneaten jublje aloan.

11.
“Dêr lit ik David mei Myn macht
In hoarn útbotsje yn krêft en pracht,
Dêr haw ‘k Myn salfde yn need en nacht
In lampe jown, in strieljend ljocht,
Mei blide glâns Myn folk bitocht.

12.
“Gjin fijân strûst mear oer syn lân,
Myn hân, myn ûnwjersteanbre hân,
Hâld ivichlik syn ryk yn stân;
Sa blinkt en bloeit de gloaerjekroan
For Davids hûs op Davids Soan.

Psalm 133

1.
’t Is goed, ’t is skoan, as broerren meinoar kinne,
Yn foar en tsjin eltsoar weardearjend minne,
Sa bloeit de ljeafde-roaze ryk;
’t Is oan de salve-en kostlike-oalje lyk
Dy’t Aron oan it heilich ampt forbint,
Dêr’t fen yn ’t hert de wearglâns skynt.

2.
Dy ljeafde is blank yn stille hope en leauwe,
Dy ljeafde is lyk oan Hermons keine dauwe,
Dy’t prûzich nei de lichten wynt,
Oer Sions berch mei wite weagen tynt,
Dy’t delslacht op it Godbiwenne sté
Dêr fruchten skikt en ginst en fré.

3.
Dêr’t ljeafde bynt, dêr dauwet op ús wegen
Ut ’s Hearen hân in skat fen mylde segen
En ’t libben oant yn ivigcheit.

Psalm 134

1.
Sjong blide-en swiet ta Goades ear
O feinten fen der hearen Hear,
Jim dy’t mei ljochtsjend each de wacht
Utsteane-yn ’s Hearen hûs by nacht.

2.
Heevje op mei kleare tank en rom
Jimm’ hannen heech nei ’t hillichdom,
En loovie en sjong mei sin siel
Jimm’ Heare God, jimm’ ivig Diel.

3.
Jim wêze ’s Hearen segen nei
Syn ljocht út Sion oer jimm’ wei:
Hy skoep it Al om eigen ear
Sa loovje wy der hearen Hear.

Psalm 135

1.
Hallelujah, lof en ear!
Priizje Him yn ’t feestgedrûs,
Him lâns de -ieuwen de-Op-perhear,
Jim dy’t steane-yn ’s Hearen hûs;
Jim, dy’t yn Syn foarhôf binn’,
Loovje God mei sil en sin.

2.
Loovje Him hwent God is goed,
Sjong Syn Namme, bring Him tank:
Hy is ljeaflik, bring Him froed
Lof ta mei bazuneklank;
Jakob stelde Er ta Syn rom
Isrel as Syn eigendom.

3.
‘k Wit de Heare is hearlik great
Mear den de oaren hearsket Hy;
Alle goaden falle yn ’t neat;
Hy, yn ’t Godlik wollen frij
Kiest yn ’t Al Syn eigen baen,
Stiet oer sé en oseaen.

4.
As Er dampen riizje lit
Wolkems lûkt fen ’s ierdryks ein,
As Er ’t fjûr troch ’t loftrom sjiot,
Bliest mei wyn en jiet mei rein
Lit Er oan ‘e minskenbern
Greate en hiilge wûndern sjen.

5.
God is ’t Dy’t Egypte sloech
Fen de minskwn oan it fé,
’t Lân dat him tsjin God misdroech
Bounze Er wûnderfol yn ’t wé:
Faro en syn tsjinders mei
Foelen yn ‘e djipten wei.

6.
’t Wier de Hear, Dy’t folken sloech
Deijend oer de keengen kaem,
Sihon nei syn misdwaen joeg,
Og fen Basan ’t liocht ûntnaem;
Alle Kanans keninkryk
Wâdde Er wei yn wearze en slyk.

7.
Isrel waerd fen ’s Hearen hân
Trou biskerme op ’t toarnepaed
’t Bounfolk waerd yn ’t hillich lân
Yn ’t him talein srpskip laet;
Hear, Jins Namme en Majesteit
Stean yn d’r ieuven ivichheit!

8.
Slachte oan slachte yn ’t glânsryk ljocht
Bring Jins Namme de eare ta;
Wy, mei ’t hillich rjucht bitocht
Meije reine freugde ha’;
hy mei dearenisse yn ’t hert
Hat Syn folk yn ’t blide set.

9.
Sûnder ljocht is ’t heidendom
’t Ofbyld wirk fen goud ef stien
Is gjin God, – hjar mûle is stom;
Hawwe se ea in tynge dien?
Yn hjar eagen leit gjin glâns,
’t Ear is nea ta hearren mâns.

10.
Scoenen bylden rêdding dwaen?
Minder binne hja den fé!
Nimmer kinne se andert jaen
Steane nea ta helpen ré:
Meitsje o Hear fen ’t himelryk
Dy’t hjar makken, hjar allyk!

11.
Loovie en sjong nou de Opperhear,
Isrel, tankje op swide toan!
Bringe Aärons team Him de ear,
Him, Dy’t sit op de iivge troan;
Levi’s hûs sjong t’ aller tiid,
Godforeardes, loovje bliid!

12.
Sion loovie lûd fen stim
Him op Hwaen jim hert bitrout,
Dy’t it kein Jerusalim
Mei Syn wente glânze jouwt,
Sjong Him om dy hege skat,
Hallelujah, loovie God!

Psalm 136.

1.
Loovie God, hwent Hy is goed.
Loovie Him mei priizjend moed,
Hwent Syn ginst for minsken ryk
Blouwt yn ivichheit allyk.

2.Sjong der goaden greate God
Hege stjûrder fen ûs lot;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

3.
Sjong jim lieten, ljocht en klear,
HIm der hearen Opperhear;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

4.
Priizje God mei blide nocht.
Him, Dy’t wûndren swide docht;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

5.
Mei Syn wiischeit, troch Syn macht
Stiet de himel fol fen pracht;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

6.
Loovie Him, Dy’t great dizze ierd
Ut de wettren riizje liet;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

7.
Sjong Him, Dy’t de dage rôp
Dy’t de greate ljochten skoep;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

8.
’t Sinneljocht oer hiel de wrâld
Joech Er op de dei ’t biwâld;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

9.
Moanne en stjirren joech Er macht,
’t Rêstich hearskjen oer ‘e nacht;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

10.
God sa sterk yn macht en die
Daette Egyptes earstlingsie;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

11.
Loovje God, Hwaens hearskippij
Isrel fierde út slavernij;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

12.
Hy hat mei in sterke hân
Hjar forlosse út Faro’s lân;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

13.
Loovje Him, Dy’t heech fen die
Skylpesé yn dielen snie;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

14.
Hy hat troch de sé ús laet,
Lâns de boaijem laei ús paed;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit alluk.

15.
Faro mei syn hear om bút
Skodde Er yn ‘e Skylpse út
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

16.
Hy naem it Bounfolk by de hân
Brocht hjar troch woastyn en sân;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

17.
Loovje Him, Dy’t Isrel droech
Greate keningen forsloech;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

18.
Hege keengen, sterk op ’t paed
Hat Er yn Syn greatens daet;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

19.
Loovje Him Dy’t Sihon sloech
De Amoryt nei ’t misdwaen joech;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

20.
Loovje Him, Dy’t Basan’s helt
Weinaem út syn woast gewelt;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

21.Kanan, ’s grimen fijâns groun
Hat Er ús as erfskip jown;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

22.
Eltse fijân joeg him del
’t Erfpart bliuwt oan Israël;
Hwent Syn gi nst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

23.
Hy fornaem ús lege steat
Tocht oan ús en makke great
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

24.
’t Wier Gods macht, dy’t oer ús kaem,
Us oan ’s haters hân ûntnaem;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

25.
Loovje Him, Dy’t de ierde bout
Alle flêsk de spize jouwt;
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

26.
Siz de God des himels de ear!
Loovje in liet fen klangen klear!
Hwent Syn ginst, for minsken ryk
Bliuwt yn ivichheit allyk.

Psalm 137

1.
Wy laeine- yn ’t stof, wy gûlden hjitte triennen,
Do’t wy yn ’t ûnk by Babels streamen wiernen,
Ho near wier ’t ús, ho woun yn nacht it ljocht
As ’t hert yn leezje-oan ’t heilich Sion toch;
Elk hat syn harp,-hwa scoe sa tinke-oan sjongen?-
Yn bittre klachte-oan treurge wyljen hongen.

2.
De fijân doarst by al ús ûnk ús tergje
Us op it sang, in liet fen Sion fergje;
Ho mochten hja, dy ûnbisnienen ’t ha
En ride ús nei, narje en forhúnje ús sa?
Wy gljapten ’t út: ho scoe ús droege tonge
Yn ’t frjemde lân in liet des Hearen sjonge?

3.
Jeruzalim, mocht ik dy oait forjitte
Den mei myn hân net fen himsels mear witte!
Myn tonge mei fortoarje as ik ien wink
Net oan dyn berch en ’t hillich wenplak tink,
Droech myn forwulft, al ’t wé oer ’t dwyljend herte
Mocht ik Gods stêd boppe alle nocht net sette!

4.
Tink, Heare tink, hwet binne wy forsmiten!
Ho hunen ús by ’t fallen de Edomiten!
Nòch sjucht ús each dy wrede tergers stean
Mei ’t boalewird: tropje hjar de klean,
Liz bleat, liz bleat, lit hjar as tsjef forstouwe,
Der mei gjin stien op ’t founemint mear bliuwe.

5.
Dy Babylon! wy sjugge tel dy fallen!
Loksillich hy, dy’t kladdert oer dyn wallen,
Dy deadlik slacht, dy ’t kwea forjildzje mei,
Datst’ ús misdychtst’! Dû sakkest ringen wei;
Dû doarst to stûf it hillich Bounfolk narje:
Dré scil Gods wraek hjin leat noch bern dy sparje.

Psalm 138.

1.
Scil mei myn hiele hert Jins ear,
Bliid sjonge – o Hear!
Myn tank mei riizje:
‘k Scil mids de goaden heech Jins macht
En trouwe wacht
Mei psalmen priizje
Ik scil my yn Jins hûs, o God,
Nei ’t wiis gebot
Fol blidens bûgje,
En fen Jins Namme – en ginst en goed
Mei priizjend moed
Yn psalmen tsjûgje.

2.
Jy makken oer ús lege steat
Jins wirken great
Mear den ’t ûnthjitten;
Jy ha myn siel op ’t smeekgebet
Hjar riizje litten.
De foarsten bûgje o Heare, tel
Foar Jo hjar del
Mei lof en eare;
Hja haw Jins wird sa kostlyk heard,
Sa mei hjar hert
Nei ’t liocht him keare.

3.
De keegen wije oan de lvige it liet
Yn ’t myld geniet
Fen ’s Hearen wegen;
Heech riizget ’s Hearen hearlikheit;
Syn Majesteit
Jow ljocht en segen.
Hy skôget fen Syn hege troan
De froeden oan
By ’t nedrich bidden,
Mar sjucht fen fierren ’t idel hert
Dat greatsk him set
Yn ’t tsjoed formidden.

4.
Honear ik wanlje yn need en nacht
Hâldt Hy de wacht,
Scil Hy my liede;
Omtwingt my ’s fijâns griemebrân
Syn rjuchterhân
Scil rêdding biede.
Des Hearen trouwe is fêst as ’t swirk
Hy scil Syn wirk
For my foltôgje.
Forlit net hwet Jins hân bigoun
Lit, Libbensgroun
Jins ljocht my skôgje!

Psalm 139.

1.
Jy witte – it Heare, fen myn steat
Foar Jo leit hiel myn wêzen bleat,
Jy kenne my, Jins greatens wit,
Hweesanne – ik stean, hwerearne – ik sit,
It ynlinkst tinken fen myn herte
Haw Jy fen fierrens al trochfette.

2.
Jy hifkje o Hear myn gânske dwaen,
My gean en lizzen, hiel myn baen,
Fortroud binn’ Jy mei hiel myn wei
Jins each giet al myn dieden nei;
Gjin wird is oer myn tonge kommen
Ef ’t waerd yn ’t hert fen Jo fornommen.

3.
Jins macht biset my op myn spoar
Omslút fen eftren my en foar;
Jy lizze op my Jins greate hân;
Hoscoe ik mei myn lyts forstân
Jins wûndre kinde fetsje kinne?
Dêr bliuwt myn tinken fier fendinne.

4.
Hwer scoe ik neatich minskebern,
Om Jo t” ûntkommen, hinnetsjen?
Al kleau ik heech, nei ’s himels trâns
Dêr skynt Jins ljocht mei swide glâns;
‘k Scoe noait fen Jo me ûntwiidrje kinne,
Sels yn ‘e hel Jo net ûntrinne.
5.
Al waerd ik fen it dageljocht
Op flugge wjuk nei ’t fiere brocht;
Nei de uterste igge fen ‘e sé –
Ek dêr yn ’t nea-biwenne sté
Scoe Hear, Jins hân my hâlde en liede,
Scoe nea Jins rjuchter fen my skiede.

6.
Honear ik sei: de tsjusternis
Bidekt my foar Syn antlit wis
Den blonk de nacht yn ’t helderst ljocht
Dat my syn folste strieling brocht;
`Yn neare nacht, yn ierdetsjuster
Wier noait Jins ljochtsjend each my bjuster.

7.
Ho great binn’ Jy, myn libbensgroun!
Jy haw myn nieren ’t wêzen jown,
Ik loovie Jo: traoch Jins biwâld
Bin ‘k foarme wûnder op ‘e wrâld;
Ja wûndren docht de Hear Hjirboppe,
Moat ik út ’s herten djipten roppe.

8.
Myn biente wier by Jo net wei
Do ‘k yet yn nacht biwoelle laei;
Do ‘k foarmleas yet fen leden wie’
Stie ’t alles opskreaun yn Jins rie;
De dei fen myn op ierde kommen
Wier fêst yn ’t skeppingsplan al nommen.

9.
Ho kostlik bin Jins tinzen my!
Dêr kin myn swak forstân net by;
Ik sjuch Jins wirken foar my stean
Yn tal as ’t sân, net nei to gean;
‘k Stean by dy nea to neamen somme
Yn ’t hert forslein, alhiel forstomme.

10.
God nimt Syn ginst net by my wei
As ‘k wekker wird is Hy my nei!
Slaen, Alformoogjend Rjuchter tel
De tsjoede en dryste sûndaer del,
Bring om, dy’t steech mei stive nekke
Tsjin Jo, de greate Skepper, sprekke.

11.
Wyk by my wei o njirrebroed,
Forjietters fen Jims neisten bloed! u
Hja geane mei in falske skyn
O God, tsjin Jins geboaden yn,
Hja doare mei in idel herte
Jins haters yn ‘e hichte sette.

12.
Hja binne mei hjar kweabidriuw
Tsjinaksljend Hear, en dryst tsjin Jo,
Hja geane aloan mei falskens om
En stelle yn ljeagentael hjar rom,
It húchljend folk neamt ûnforskamme
Oer ’t tsjoede stik Jins hillge Namme.

13.
Scoe ik net haetsje út groun fen ’t hert
Him, dy’t tsjin Jo toskoar him set?
Scoe ‘k net in wearze, in djip fortriet
Fiele oer it folk dat Jo forsmiet?
Ik haetsje se yn folsleine mjitte,
Ik moat as fijân hjar forstjitte.

14.
Trochgrounje my en stjûr myn hert, –
Haw ‘k my net nei Jins rjuchten set?
Gean lottrjend myn oertinken nei, –
Biwanlje ik mûlk in ûnheilswei?
En lied my op Jins iivge wegen,
Sa mei ik tiidgje op iivge segen.

Psalm 140.

1.
Forlos me -o Hear út ’s fijâns hannen,
Sjugg’ ho’t dy tsjoede minsk my kringt
Bihoedzje my for’s wreden bannen
Dêr’t syn gewelt me – yn ’t lijen twingt.

2.
De boaze draecht yn ’t herte it tsjoede;
Hja rinne gear ta kriich en kwea,
Hjar winsk is om Jins feint, dy froede
To nettljen oan in stûfe dea.

3.
Dy haters winskje me yn ‘e kûle
Hjar tonge is slipe allyk in swird,
Forgif fen njirren yn hjar mûle
Forhunet my mei ider wird.

4.
Wol Heare, nea Jins feint forlitte,
Ik eangje der godleazen kloer:
’t Is doel myn foetten wei to stjitten, –
Jow me oan hjar rou gewelt net oer.

5.
De greatske is spitich oer myn segen,
’t Stekt dat heechmoedich folt yn ’t hert;
Hja hawwe yn it heimlike op myn wegen
In strûp om my to fangen set.

6.
Ik siz yn de eangsten oan de Heare:
“Jy binne en bliuwe aloan myn God,
Forhear my den en help me út ’t neare
Forsêftsje tel ’t my netljend lot.

7.
“Jy hawwe alear my heil bispritsen,
My holpen yn ‘e foarge tiid
Myn holle for hjar swirden ditsen
My bystien yn e hjitte striid.

8.
Lit noait der boazen winsken komme,
Bifoardrje it kweabitinken net,
De fijân swije yn nacht forstomme:
To heech kleau oars syn bluistrich hert.

9.
“Slim ho’t der tsjoeden wirden stekke
Se omkringe my, hjar hún is fel!
Lit de eigen smaed hjarsels oerdekke,
Slagg’ Hear, ’t grouwélich opstean del.

10.
“Lit aller kweaden macht torane
Skodzje oer hjar koalen fjûr en kwea,
Lit hjar yn ljochter lôge baerne
Det hja net opsteane út ‘e den.”

11.
God kin gjin falskerts mear fordrage
Hjar lêste dagen binne nei;
De tsjoede opstânling wirdt forjage
It ûnheil stjit him gysten wei.

12.
Ik wit, de Hear scil hillich rjuchtsje
Hwent wier bliuwt hwet Syn mûle ús sei;
Hja dy’t yn djippe ilinde suchtsje,
En de earmen sjugge blierder dei.

13.
’t Rjuchtfeardich folk mei ’t goede priuwe,
It lovet Jo, fen herten bliid;
De oprjuchten scille yn wêzen bliuwe
Hear, foar Jins antlit al den tiid.

(Boarne: Privee kolleksje)