A.M. Wybenga Psalmen -31 t/m 40.
31 – 32 – 33 – 34 – 35 – 36 – 37 – 38 – 39 – 40
Psalm 31.
1.
Op Jo bitrouw ik, Hear der Hearen,
Op Jo mei hiel myn hert!
Forlit, forjit my net.
Det ‘k net biskamme doarmje – yn ’t neare;
Help me – op myn súvre beden,
Nei Jins geruchtigheden.
2.
Niig’ nei myn roppen ginstich de earen
Stean me yn de ilinden by
Bifrije ringen my,
Wêz my ta’n boarch om yn to kearen,
Lied me yn in wente, in fêsten
Plak fen bihâlden rêsten.
3.
Jy binn’ myn rots, myn feilge wente
En liede me oan Jins hân
Troch ’t dompich, sodzich lân
En skikke my in sterke tinte;
Lit me útgean út ‘e fûke
Dy’t boazen oer my lûke.
4.
‘k Jow yn Jins hân myn geast o Heare,
Hwent Jy ha my forlost
En op myn siele past,
O God fen wierheit, ljocht en eare!
‘k Scil nea op ydiens bouwe
Mar fêst op Jo bitrouwe
5.
‘k Scil, troch Jins ginst en heil forblide
Heech jubelje om Jins goed,
Jy treasten ryk my ’t moed
Yn myn ilinde en stûfe tiden;
Jy haw myn sleine siele
Mei ginstich each skewiele.
6.
Jy haw my net yn fijâns hannen
Ta rove en plonder jown;
Ik stean op fêste groun,
‘k Untglûpte oan ’s fijâns wrede bannen;
Myn foet hat romte krige
Ho’t ek bineardens drige.
7.
Wol helpe, wêze ûntfermjend, Heare!
It is my bang en swier,
‘k Fyn nearne rêst ef tier,
Tognaud forkwynt myn siele yn ’t neare.
’t Fortriet toskeint myn eagen
En liif mei bittre pleagen.
8.
Myn libben driuwt yn jammer hinne,
Myn tiden kwine wei
Yn suchtsjen en geklei,
Myn krêften flechten fier fendinne,
Myn sûnde kniest me ynwindich
Myn biente is troch-ilindich.
9.
‘k Wit dy’t my tsjin binn’, boppe driuwen
Forfolgje my mei haet;
Myn bûrljue bin ‘k ta smaed,
Goekunders sjuch ‘k fen fierrens bliuwen
Fen skrik, en op ‘e strjitte
Romt my gjin groet tomiette.
10.
Ik bin by sibbe en frjeon forgetten
Ien dy’t yn grêf lei by,
Hja skoudrje, ûntwike my.
Hja mûlkje spottend mei myn smerten,
En ik, hwêr scil ik keare?
’t Is rounom freze, o Heare!
11.
Hja tinke ’t libben my t’ ûntnimmen
Hja stelle in boaze ried;
Mar ‘k mei yn felst fortriet
Op Jo bitrouwe tsjin al ’t slimme;
“Jy binn’ myn God!” scil ‘k sizze,
Al mei ‘k yn djipten lizze.
12.
By hwet my oerkomt; al myn tiden
Binne yn Jins sterke hân,
Forlos my út de brân,
Hj’ omgounzje my fen alle siden, –
Lit myn forfolgers witte
Det Jy my nea forjitte.
13.
Lit oer Jins feint Jins ljochtens skine
Jins Godlik antlit, Hear!
Forlos me út nacht en near
Nei d’ iivge ginst út need en pine;
Ik roppe oan de ienge Namme,
Och lit my net biskamme!
14.
Biskamje dy’t oer ’t kweade romje
Lit hjar forwyndrje as tsêf
En ivich swije yn ’t grêf;
Lit sa der falsken lippen stomje:
Hja sprekke yn hjar forwachting
Mei heechmoed en forachting.
15.
Ho great is ’t lok, dat Jy ús jowe!
Jy leinen ’t ginstfol wei
For dy’t Jo freezje meij’,
Jy wrochten ’t for dy’t Jo bitrouwe
Jy brochten boppe winsken
’t Jins folk, foar ’t each der minsken.
16.
Jy litte it Bounfolk net trochdolgje,
Jy hawwe it bergjend redt
Yn ’t Godsforhoalne set,
Tsjin, dy’t mei lastrjen woest forfolgje;
’t In plak skikt, dêr’t gjin tongen
Mei netljen ’t ea forkrongen.
17.
Lit ús Gods lof en segen sjonge
Hy hat Syn goed, Syn ljocht
Sa wûnder oer my brocht
En ’s fijân’s wreed gewelt bitwongen;
Hy skikt me yn in fêste,
In sterke stêd de rêste.
18.
Ik sei wol yn myn rimpen-wêzen,
Sa fûl sloech my de pleach –
“‘k Bin ôfsnien for Gods each!”
Noch lykwols haw Jy my genêzen;
Jy haw my net forsmiten
Mar acht jown op myn kriten.
19.
Ljeavje altyd mear ús ljeaven Heare!
Hy hoedet him dy’t leaut,
Mar lit dy’t kwea bidriuwt
Oerfloedich ’t lean op ’t wirk him keare;
Wêz froed en sterk fen herte;
Gjin ûnk scil jim forsette.
================
Psalm 32.
1.
Loksillich hy hwaens ûngrerjuchtichheden,
Hwaens yngean tsjin Gods súvre wet en reden
Forjown binne – en hwaens sûnde dwaen tsjin ’t rjucht,
Biditsen is, det God syn kwea net sjucht,
Loksillich is de man, hwaens bannen brieken,
Hwaens skilden, dy’t him slim en swier bidieken
Net rekkne wirde – en dy’t mei súver hert
Tsjin list, bidroch en alle kwea him set.
2.
Do ‘k swei en ’t kwea my woech op knieze herte
Forâlde aloan myn biente yn felle smerte;
Ik foel allyk in skaed by dagen wei;
Ho skriemde is slim, ho kjirme ik hiel de dei!
Do hie ‘k Jins grime oer al myn kwea to dragen,
Jins hânlaei swier by nachten en by dagen
My op de lea, myn libbensfochte waerd
Ta simmerdroechte en nearne foeun ik skaed.
3.
Myn sûnden dy’t Jo nei de kroane stekke,
Myn skild o God, mei ‘k langer net bidekke;
Bilydnis moast ik fen de oertrêdding dwaen
En sinstryk woen’ Jy my myn kwea forjaen.
Sa mei ta Jo mei bidden ydre fromme
Yn ’t sieleneare it heil forwachtsjend komme.
Al mei in gjalp fen greate wetters slaen
Hja bûtsje ús net, Jy meitsje ús romme baen.
4.
Jy hoedzje my, al mei my ’t leed ombrûlje,
ik mei yn need en eangens by Jo skûlje;
Jy haw yn ginst my set op fêstegroun,
’t Bifrijingsliet great me yn ‘e mûle jown.
Ik sjong Gods lof, ‘k moat lûd syn goedens priizje!
Lit, minskdom, my jim troulik ûnderwiizje,
‘k Jow rjuchte ried, ‘k lit jim Gods wet foestean,
Hjir leit de wei dy’t ider hat to gean.
5.
Wol dôchs net njûr in stringwreed hynser lykje
Net de ezel by, tsjin driuwershân ’t bisikje!
Gean nea dy wei, it bist hat gjin forstân
Men liedt it mei de team nei ’s minske hân.
Wé dy’t him stymsk to skoar set tsjin Gods wetten,
Hy scil forknize yn leed en stûfe smerten;
Sa freezje Him, hwent dy’t op Him bitrout
Scil sjen, ho’t him Gods ginst de segen jouwt.
6.
Rjuchtfeardich folk, lit lûd jimm’ júchjen klinke
Forbliidzje jim, Hy lit Syn goedens blinke!
Jim, dy’t oprjucht fen wannel binne en hert
Sjong ’t júbljend út, de Hear forjit jim net.
================
Psalm 33.
1.
Sjong froalik, jublje rom fen herte,
Rjuchtfeardich folk, in treflik liet!
’t Past det jim ta Gods lof jim sette,
Dat ’s alle – oprjuchte herten swiet,
Bring oan de iivge Heare,
Mei de siter de – eare,
Sjong fen biidens ’t út!
Wol mei friske tonge,
By de snaeren sjonge,
Loovje by de lút.
2.
Sjong nou mei nije freugdenklangen
De sterke bliken fen Syn ginst,
Lit rûzje heech yn suvre sangen
Jimme oan Syn deugden wijde kinst.
Sjong Him krêftfol: eare!
’t Wird fen God de Heare
Toant Him rjucht en rein;
Fêst meij’ we op Him bouwe:
Al Syn dwaen is trouwe,
Al Syn wirkjen kein.
3.
Hy nimt yn ’t hillich rjucht bihagen,
Syn suvrens prielet d’ ierde yn ’t roun
Syn ginst, Syn goed is al ús dagen
Us libben ryk ta segen jown.
Troch it Godswird binne
Him’len, loft en sinne
Skepen, ljocht en klear,
Troch Syn Geast en mûle
Hat Hy ’t flûnkerfolle
Foarme ta hjar hear.
4.
Hy lit de greate wetters brûzje
Forgarret hjar op heappen tel
Det hja nei ’s ûngrouns keamren strûzje,
Dêr bêddet Hy hjar skolprjen del.
Lit yn djippe freze
De ierde earbiednis sizze
Oan it Albiwâld;
Lit Him ider duchtsje
Elts yn kjeltme suchtsje
Oer ‘e hiele wrâld.
5.
Nin dwaen, nin wirking bart der wisser
Den ’s Hearen heech en wiis bistel,
Syn Godlik’ Almacht sprekt en ’t is ‘er
Syn wollen hjit en ’t stiet der tel.
God hat hillich spritsen:
Heidne rieplacht britsen,
Oerjown hjar ta smaed;
Slein der folkne plannen
Ut hjar wrede hannen,
Lake mei hjar haet.
6.
De hege rie fen de iivge Heare
Stiet jimmer fêst en bliuwt mei macht;
Nin minske kin Syn oerliz keare,
Syn tinzen binn’ fen slachte op slacht.
Lokkich, sillich binne
Dy’t hjar heil allinne
Witte yn God, hjar Rom,
’t Folk fen Him, de Heare
Utkard ta Syn eare
As syn eigendom.
7.
De greate Skepper aller dingen
Sjucht út Syn hege himel wei
Op ’t minskebern, syn twingen, kringen,
Giet al syn winsk en wrotten nei.
Ut Syn went, Syn fêste
Syn paleis, Syn rêste
Is Syn each aloan
Op ús skreppen, switten,
Op ús dwaen en litten
Op ús ierdsk fortoan.
8.
Hy great en machtich yn Syn wêzen
Foarme yn Syn wizens ’t minkehert,
Wit yn it djipst der siel to lêzen;
Us wirk, ús dwaen ûntkomt Him net.
Skylden, bôgen, dolken,
Machtige oarlochsfolken
Bringe gjin biwâld;
Docht er sterke dieden,
Wiis noch krêftfol lieden
Jowt in helt bihâld.
9.
Gjin fjouwrjend hynsder scil ’t oerwinne
Ho foars bistjûrd fen de oarlochshelt;
Hja scille it net ûntkomme kinne:
Hjar sterktme wirdt fen Hin net teld.
God is heech allinne!
’s Hearen eagen binne
Ginstryk oer it hert
Dat Him freezjend biidget,
Op Syn goedens tiidget,
Nei Syn wirden heart.
10.
Syn machtige earm is oer de fromme,
Untskoert syn siele oan grêf en dea;
Nin froede scil yn ’t leed forkomme,
Yn toarst noch hûnger, ûnk noch kwea.
Biidzjend mei ús siele
’s Hearen goedens fiele:
Hy sa einleas myld,
Scil ús nea forjitte
Nea ús doarmje litte,
Bliuwt ús stipe en skyld.
11.
Us God lit noait Syn folk biskamme,
Yn Him forblidet ryk ús ’t moed,
Dêr’t wy bitrouwe op ’s Hearen Namme,
Dy Namme, hillich, great en goed.
Sij Jins goedens, Heare
Myld oer ús yn ’t kleare,
Lyk wy biidzjend bliuw’,
Utsjend, hertehûngrjend,
Freegjend, sielelongrjend
Hoopjend fêst op Jo!
================
Psalm 34.
1.
Ik priizgje God aloan,
Myn mûle sjongt mei lof in liet;
Ik loovje Him, Syn ginst is swiet,
Syn tsjinst sa heilsum skoan,
Myn siel forearet bHim;
’t Sêftaerdich folk, sa rom, bliid,
Falt mei my yn, sjongt sillich swiid,
En jubelt heech fen stim.
2.
Set júchjend mei ús yn,
Forearje Him en meitsje great
Forheegje Him, Dy ’t paed ús leart
Us liedt yn sinneskyn.
Ik haw de Heare socht
Mei smeekgebet, mei drôve klacht:
Do sloech Er op myn frezen acht
En joech my romte en ljocht.
3.
Hja seagen op nei God,
Hja kamen weagjend op Him ta, –
Net rea-biskamme bleauwen hja
Yn hjar bihyplik lot.
Hy dy’t yn need en drok
Delparse laei, rôp oan ‘e Hear, –
God look him út syn pine en sear,
Brocht redding him en lok.
4.
Des Hearen Ingel bliuwt
In himelwacht oer ’s froeden Lea,
Biwarret him for ’t ûnk en kwea
Dat oer syn holle driuwt.
Sjuch, God is myld en goed!
Loksillich, dy’t yn ’t fêste stiet
Ta God, syn sterke Taflecht giet
By alle need en noed.
5.
Bring dimmen freezjend ear
O hillich folk, oan Him, jimm’ God!
Neat brek haw jim, Hy bliuwt jim’ Skat;
Ho blinkt Syn heilljocht klear!
Yn hûngrjen jowt gjin moed,
Gjin krêft de jonge liuwt ’t gerak,
Mar by de Heare is ’t ljeaflik plak
Fen ’t himelsk tatoch goed.
6.
Fornim myn leare, o bern,
Dy’t siikje om ’t ljocht yn ’s Hearen wet,
Ik lit Gods freze oan ’t longrjend hert
As heechste wierheit sjen.
Haw jim oan ’t libben sin
Oan dagen, det jim ’t goede met?
Wyk ôf fen ’t kwea mei tonge en hert
En gean ’t bidragen tsjin.
7.
Hâld suver jim fen ’t kwea,
Bitrachtsje nei Gods wetten ’t goed,
Bifêstgje de frede yn ’t moed,
Forbrekke de iendracht nea.
God sjucht mei ginstich each
Op elts, dy’t him bijowt nei ’t rjucht,
My heart hjar rop, Hy wit hjar sucht
En lûkt hjar út ‘e pleach.
8.
Gods each is lôgjend fjûr
Tsjin elts, dy dryst mei hertenocht
Yn Godforhúnjen ’t kweade docht:
Gjin namme bliuwt him oer.
Mar kryt de fromme yn need,
Komt foar Gods troane it djip gebet, –
De Heare heart, de Heare redt,
Bifeilicht him tsjin ’t leed.
9.
De Heare is ’t britsne hert
Yn ’t freegjen om genade nei,
Hy liedt forsleinen op ‘e wei,
Forjit forbu3ken net.
Al grânzget ûnk de dea,
Is tsjinspoed des oprjuchten diel,
Syn God forlost syn kniesde siel
Ut alle ramp en kwea.
10.
God soarget for syn lea,
Al flimet him it skerpe swird –
Det nea in bien him britsen wirdt,
Him bringt dy need gjin skea.
De boazens fynt syn master dré;
De sûndaer falt op eigen spoar;
Hy dy’t de oprjuchte haetsje doar
Scil doarmje yn tiezjend wé.
11.
Us God forlost Syn folk;
Dy’t op Him rêst as ienge groun
Wirdt net as skildich straffe jown,
’t Heil bliuwt him blier en nolk.
================
Psalm 35.
1.
Bikampje myn bikibbers, Hear!
Gean myn bistriders tel to kear,
Bring skyld, harnas en spytse harren,
Stean op ta help tsjin ’t narjend swarren.
Bilet hjar kommen, slút de wei,
Det hja gjin romte hâlde meij’,
Fortreastgje blidensjaend myn siel,
En sizz’ hjar: ‘k Bin dyn Heil, dyn Diel.
2.
Lit hjar forskamme yn ’t neare stean,
Lit hjar yn skande en kwea forgean,
Lit s’ efterút en skamrea sinke
Dy’t kwea tsjin my, Jins feint bitinke;
Blies mei Jins dylgjend fjûr deryn,
Lit s’ as in plúster foar de wyn
Utdwarrlje, en det Jins ingel Hear,
Hjar jachtsjend driuwe út steat en ear.
3.
Det ierdetsjuster ’s boazen wei
En wil syn dwylpaed wêze mei,
Hy falle, fen syn kwea trochdolgje,
Den ’t himelwraekfjûr efterfolgje;
Hwent sûnder reden haw s’ in net
Yn ’t heimlik groevne tsjin my set;
Hja hawwe, ’t hert mei hate fold,
In kûle foar myn foetten dold.
4.
Slach, Hear, myn fijân ûnfortocht,
Binim him ’t lokjaend libbensljocht;
De sûndaer falle yn ’t leed bidwelme,
Syn eigen fâlle fange ‘imselme!
Hy bounzje yn near fordjerren del,
Hy baerne wei yn nacht en hel!
Sa sjong ik heech, sa jublje ik bliid:
De Hear brocht rêdding yn ‘e striid!
5.
Sa seit myn biente yn ’t heech ûntwyk:
O Heare, hwa is Jo allyk?
Jy, dy’t de ilind’gen rêdde kinne
Fen hjar, dy’t fier oermachtich ’t winne!
Jy binn’ de tsjirmjende earmen by
Tsjin der forwyldren twinglandij,
Tsjin, dy’t godleaslik him bistelt
Mei driigjend wird en rou gewelt.
6.
Ho skramt der wrimpe tsjûgen rop!
Hja easkje hwet ‘k net weinaem op,
Al ha ‘k mei goeddwaen hjar oerditsen
Hja haw mei hate en kwea my stitsen;
En ik, – sloech hjar de pleage yn ’t near, –
Gûlde yn in rouklaed om hjar sear;
Ik fêste en bea, om ’t leed oerstjûr,
As wier ’t myn frjeon, as gou ’t myn broer.
7.
Ik gyng yn ’t swart, ik bûge my
As om myn mem yn rou, – mar sy…
Do’t ik mei rampen hie to krijen
Forhugen hjar yn ’t flymjend lijen;
Hja rounen gear mei hate yn ’t hjert,
Noch mirk ik earst hjar húchling net, –
By ’t spottersmiel, fen tonge los
Bistookle my hjar toskegnars.
8.
Ho lang scil, Hear, Jy wirkleas sjen
Nei ’t tjirgjen fen dy minskebern?
Lûk dôchs myn siel wer op fen ’t lijen
Jow hjar wer romte nei ’t forspijen,
Bring me út de liuwetosken wer;
Den loovje ik Jo mei allegear
Dy’t Jo earbiedzje as de Opperhear
‘k Priizje ûnder ’t folk Jins macht en ear.
9.
Lit s’ yn hjar hounske spotternij
Hjar net forbliidzjend júchje oer my,
Lit hjarren ’t pleit, de stiid net winne
Dy’t sûnder rjucht myn fijân binne!
Lit dizze hirde minskebern
Net spitich gnyskjend op my sjen;
Ik lei gjin stiennen op hjar paed,
Hja haw gjin reden for hjar haet.
10.
Hja sprekke net fen frede, nea;
Hjar hertewinsk is list en kwea
Tsjin hjar, dy stil hjar wegen geane
En nei gjin hege dingen steane.
Hja skoerre wiid hjar mûlen op,
Forwoastgjend brûst hjar wylde rop:
Wy sjugge it, moai! mei eigen each!
Him nettelt ûnk en leed en pleach!
11.
Jy hawwe it sjoen, greatmachtich Hear,
O swij net, nou ‘k yn ’t leed forkear,
Stean net fen fierren, Heare ûntweitsje,
Wol ta myn rjucht de fijân reitsje!
Kom for my op, biskik my ’t rjucht
Det ’s fijâns glindich each it sjucht;
Hja binn’ heechmoedich, falsk en wreed
Lit hjar net bliid wêze oer myn leed.
12.
Lit hjar net sizze yn ’t bluistrich moed:
Sjésa, dat ’s kreas, dat docht ús goed!
Net sizze mei hjar halzen ritsen:
Wy hawwe dy skarlún tostitsen!
Lit hjar forslein fen skamte rea
Dy’t nocht hawwe oan myn ûnk en kwea;
Oerdek mei smaed hjar, Heare oerklaei
Mei skamte en skande it skimpend skaei.
13.
Lit frommen sjonge t’ aller tiid
Lit froeden jublje ynwindich bliid;
Lit sizze hjar mei suvre wille
Hwaen o myn rjucht de herten tille:
Wy meitsje God, de Hege, great!
Yn frede riist Syn feinte steat!
Sa sjongt myn tonge hiel de dei
Jins lof, Jins rjucht, Jins wize wei.
================
Psalm 36.
1.
De sûnde-oerbluistret ’s boazen hert;
Hy skrikt for God, for rjucht noch wet,
Eit nea him yn to binen;
Hy flaeit himselme – yn ’t idel moed,
Syn each is blyn for ’t wiere goed,
En mient nin skild to finen,
Hy bliuwt ta hate – en wraek bislist,
Syn mûle sprekt bidroch en list;
Scoed ‘r ea fen goeddwaen witte?
’t Unrjuchte – oertinkt er op syn bêd;
Hy, fen gjin tsjoede wegen sêd,
Scil nea ’t forkearde litte.
2.
Jins ginst is himmeldjip en dreech,
Jins wierheit as de wolkens heech
Jins rjucht, sa ’t bergen stige,
Jins oardiel as greate sé;
Jy hoedzje, o Heare, minske en fé
Dêr’t wiid Jins ginsten sige.
Jins jeften binne in stream, o God!
Jins libbensboarn jowt mylde skat,
Jins ljocht oerskynt ús herte.
3.
O God, sa rynsk for ’t fromme moed
Bistindgje, oan Jins feinten ’t goed
Allyk hj’ yn ’t Godswirk lêze.
Wol jimmer ’t rjuchte en ’t froede hert
Dat flitich ta Jins tsjinst him set
Nei ’t rjucht goedginstich wêze.
Gjin greatske foet, gjin tsjoede hân
Fortraepje my, ef jeij’ me út ’t lân, –
Lit my net hymjend rinne!
Dêr foelen de hymjend rinne!
Dêr staetten Jy de boazen del
Det hja net opstean kinne.
================
Psalm 37.
1.
Wêz net om ’t heil fen ’t boaze folk ûntstitsen,
Foroarje jim om ’s tsjoeden loksteat net,
Al haw hja hjar mei ’s ûnjuchts klaed oerditsen,
Dré komt hjar dei, dy’t hjar yn lôge set;
Hjar wylje – as ’t krûd, djip kniesd yn skildich hert.
2.
Bitrou op God bitrachtsje aloan it goede,
Sa mei jim foet op ’t ierdryk feilich stean,
Biwenje it lân, rom weidzjend ym Gods hoede,
Formeitsje jim mei ’t yn Syn wegen gean;
De Heare jowt nei hertewinsk jim groede
Oerklaeit jim lea mei hillge sieraedsklean.
3.
Bistel oan God jim wei, hwent Hy scil weitsje,
Bitrou op Him, Dy’t jim mei ’t heil bitocht,
Hy scil it dwaen, jim paed bistindich meitsje,
Jimm’ rjucht wirdt dré foar aller antlit brocht;
Jim scille yn nocht gerjuchtichheden smeitsje,
Dré blinkt jimm’ lok yn ’t ljeaflik middeisljocht.
4.
Swij for de Hear, wol de liv’ge yn stillens biidzje
Gjin wanginst mei jim prykje om ’s boazen wei
Om hjarren dy’t yn kweadwaen hjar forbliidzje;
Gean lilkens tsjin en lit de grime nei;
Wêz net oerstjûr, – wol op jimm’ Helper tiidzje, –
Fall net yn ’t kwea, forlaet yn hjitte hei.
5.
De tsjoeden geane in stûfe dea tomiette
Mar ’t goede is oer dy’t hoopje Isrels Hear,
Hja scille de ierde as erflik diel bisitte;
Noch ’n inkle stoun, de boaze fynt syn kear,
Kâld lit er ’t sté, hy moat syn steat forlitte
Hy falt dêr wei, men fynt him nearne mear!
6.
’t Sêftaerdich folk scil dije en groeije op ierde,
Yn frede great mei ’t ryk syn oerfloed sjen; –
De tsjoede wol de fromme út list forliede
Gnarst mei syn tosk en winske him forlern; –
God spot mei him. hy scil syn skat ûntskiede
Dy dei komt dré oer de ylde minskebern.
7.
De boazen haw hjar skerpe swirden litsen
Hjar bôgen spand om froeden del to slaen,
Om earme folk yn need en ûnk britritsen
To slachtsjen, hjar in stûfe dea to dwaen; –
Dré wirdt hjar hert fen’t. eigen boalswird stitsen
Hjar bôgen scill’ hjar help noch rêdding jaen.
8.
It sober miel, hwêrfen de oprjuchten libje
Stekt hearlik út by ’s boazen kostber goed;
De fromme mei in ivichheit bistribje,
Oer ’s boazen earm giet breuke en ûnk en tsjoed;
Mar God jowt heil hwa’t hjar oan ’t heil bisibje.
Hy wit hjar wei, steunt op hjar paed hjar foet.
9.
De Heare ken der fromme lijendragen
Wit fen hjar krús. Hjar erfnis wiket net,
Hja wirde nea biskamme yn de ûnheilsdagen,
Yn kweade tiid haw hja fen neat forlet;
Us Heare nimt yn ’t hoopjend hert bihagen,
Hy sêddet hjar, forriket sin en hert.
10.
It tsjoede folk komt om yn leed en pine
Al pronkje hja, hja bliuwe net bistean,
Hja scille allyk de priel der mieden sline,
’t Fijannich folk fynt syn fortsjinne lean,
Hja scille as damp, as de offerreek fordwine;
De ûnrjuchten moatte as ’t fetst fen ’t laem forgean.
11.
De tsjoede ûntlient, wol net en werjaen witte,
Hy wrot byien safolle er krije kin;
De froede scil gjin earme broer forjitte:
’t Untfermjen myld en ’t woldwaen bliuwt syn sin;
Yn segen scill dy’t seegnje de ierd’ bisitte
Yn flok fordwynt, dy’t neat as ’t flokken kin.
12.
’s Oprjuchten trêd wirdt fen de Hear bifêste,
God nimt bihaech yn ’s froeden wirk en wei;
Hy soarget trou, biskikt Syn tsjinder ’t bêste;
Al gliidt syn foet, al falt er dei oan dei
God deit him net, mar stelt him wer yn rêste,
Biedt him de hân en bliuwt him stypjend nei.
13.
‘k Wier jong, ‘k waerd âld, en ’t dych my wiisheit witten,
‘k Mirk ’t libbenswé, ‘k seach foller krêfr oan ‘e ein.
Mar nea seach ik ’t rjuchtfeardich folk forlitten
Noch ea hjar team fen ûnk en hûnger slein;
Hy lient al út en tinkt net om forstjitten,
En op syn sie wirdt mylde seegning lein.
14.
Untwyk it kweade en doch mei siele en sinnen
It goede from, sa bliuwt jim wente fêst;
God bliuwt aloan it suvre rjucht biminnen
By ’t útkard folk, en skikt Syn frommen rêst,
Forlit hjar nea, docht hjarren ’t ierdryk winnen
Mar ’t ljocht wirdt dré der boazen neiteam dwêst.
15.
It ierdryk is rjuchtfeardigen en frommen
Yn ivichheit as hearlik erfskip jown;
Hjar lok wirdt nea fen tsjoeden hjar ûntnommen
Hja wenje yn rêst en bliuwe frisk en soun;
Hjar God dych hjar in skat fen wiisheit kommen,
Hja sprekke it rjuchte op suvre wierheitsgroun.
16.
De wet syns Gods leit fêst yn ’t hert des froeden,
Rjucht giet er ’t paed, syn stap mislearret net;
De fromme is wol it loerpunt fen ‘e tsjoeden,
Dy winskje wol de deastek yn syn hert,
Mar God forlit him nea yn need noch noeden,
Forflokt him net, al wirdt him ’t oardiel set.
17.
Wachtsje op ‘e Hear, bliuwe oan Syn heilswet tinken
Gean op Syn wei, dy’t jim omhegens laet;
For jim is ’t lân, jim sjugge it erfskip blinken
De kroan op ’t wirk op ‘e ein fen ’t ierdske paed;
Jim sjugge dré de ûntheilge sûndaer sinken,
Hy tûmelt del, wykt as in delgeand skaed.
18.
Ik mirk in man, great yn geweltnarijen,
Hy pronke allyk in beam yn fette groun,
Hy wreide al út, men seach him tiden dijen,
Do ringen kaem syn dei en hy fordwoun,
Ik digre, hy wier nea yn ’t sicht to krijen
‘k Socht hein en fier, mar nearne waerd er foun.
19.
Let op ‘e fromme en slach it each nei rjuchten,
God stipet hjar, al komt op ierde de ein;
Yn frede fynt de fredesiker fruchten,
Mar ider dy’t nei ’t kwea snakt, wirdt forslein
Dêr litte s’ yn in jammerpoel hjar suchten,
En ûnk en dea wordt op hjar neiteam lein.
20.
Der frommen heil is ’t erfskip út Gods hannen,
Hjar sterktme en skûl is God yn neare tiid;
Hy helpt en rêdt út alle leed en bannen,
Forlosset hjar út kwel en kwea en striid;
Hy jowt hjar treast en seegning oer hjar lannen,
Hja siikje Him, sa strielt hjar ’t heilsljocht bliid.
================
Psalm 38.
1.
Hear’, Oanskôger fen myn wegen!
‘k Freegjem- om seagen,
Straf my yn Jins lilkens net;
Lit my witte det myn lijen, Jins kastijen,
Net me – u1t grime -yn ’t leed biset.
2.
Hear Jins hân skeat djippe smerte
Yn myn herte;
‘k Bin trochwoune yn flêsk en bien;
Jy haw ’t leed al lange riten
Oer my smiten;
Al myn lea binn’ my fen-ieen.
3.
Yn myn flesk is neat soun is
Dat forboun is,
Hwent Jins grime hat my slein;
Om myn kwea, dat my skânsearet
Jo fakseearet
Wird ik djip yn ’t lijen lein.
4.
‘k Mis om de ûngerjuchtichheden
Rêst en frede;
’t Kweade fiert de hearskippij;
“k Fiel ‘y as de mounlestiennen wagen
Net to dragen
Falt dy lêst fen sûnden my.
5.
‘k Bin alhiel fen ’t leed forbûke;
Kwealik rûke
My myn wounen en myn sear;
Om myn sûnden bin ‘k forbûke;
Bin ‘k trochstitsen,
’t Is my om myn dwazens near.
6.
‘k Moat alhiel nei de ierde nige;
Delbûgd tige
Strofflje ik trurich al den dei;
Tsjuster flues lûkt foar myn eagen;
Hear, Jins pleagen
Namen al myn sounens wei.
7.
Neat, dat my myn leed forsêfte
Al myn krêften
Binn’ toknieze en my ûntflein;
‘k Skriem om ’t flymjen fen ‘e smerte
Yn myn herte;
‘k Wird yn flêsk en biente slein.
8.
“t Is my stiif, en ’t is ûntstitsen,
‘k Bin bilitsen,
’t Antlit is my bleek en hol,
‘k Alje it út yn ’t herteprykjen
’t Flêskbiswykjen,
‘k Brul yn ’t leed en djip forfal.
9.
Heare, sels yn al myn pinen,
Myn forkwinen
Sjuch nei Jo ik longrjend út.
Net forhoalen is myn duchtsjen
Is myn suchtsjen;
’t Komt my oer nei Jou bislút.
10.
Slim ho’t my de holle gûnzet
’t Herte bûnzet,
Al myn krêft hat him bijown,
Tsjuster is ’t my, de eagen binne
Wei fen triennen;
‘k Diigrje dûnker nei de groun.
11.
Dy’t alear myn frjeonen wiernen,
Ljeaf my hienen
Haw ‘k ta djipper leed, forlern;
Al myn sibben stean fen fierren
Nei myn blierren
Nei myn lêst en ûnk to sjen.
12.
Hja, biwend oer ’t paed to glûpen,
Lizze strûpen
My ta falle op ‘e wei;
Sizze wirden om to krinken,
Hjar bitinken
Is ûndogens hiel de dei.
13.
‘k Bin yn al dit leed en ’t drôve
As in dôve
‘k Jow hjar wirden oan ‘e wyn;
Tonge en lippen binn’ forstomme;
Noait net komme
Reden tsjin hjar húnjen yn.
14.
‘k Scil net mear fen hjar fornimme,
Lit hjar stimme
Boldrje, ‘k sizze it minste net;
‘k Wit myselme to bidimmen
‘k Bin as immen
Dy’t nin wird, nin spritsel heart.
15.
Jo, myn God, Jo bring ik de eare,
Hwent o Heare
‘k Tiidzje op Jo yn al myn need;
Jy scill, mei ‘k hjir úttard lizze
Andert size
My forhúgje nei dit leed.
16.
‘k Sei: lit hjar net borbliidzje
Dêr’t se biidzje
Det myn foeten strofflje scill’
As ik wankle scoe hjar tonge
Júchjend sjonge,
Dêrom swij ‘k birêstend stil.
17.
‘k Fiel, myn lichem is forroppe,
En forsloppe
Is myn foet fen pleach by pleach,
En de flymjend felle smerte
Snijt me yn ’t herte,
Nettelt me en bilûkt myn each.
18.
‘k Wol myn sûnden, dy’t Jo tergje
Net forbergje
Heare, ’t parset my op ’t moed;
Oer myn ûngerjuchtichheden
Bin ‘k yn neden
Oer myn kweadwaen bin ‘k yn noed.
19.
‘k Sjuch myn wrimpe fijân dijen,
Romte krijen,
Libjen yn hege steat;
‘k Sjuch dy’t my mei ’t ûnrjucht snije,
’t Kwea net mije
Machtich wirden, ryk en great.
20.
Hja dy’t kwea for goed tatelle
Rache en stelle
Slagge my sa fûl as ’t kin,
Dêr’t ik trou nei ’t goede stribje
For God libje
Steane my de boazen tsjin.
21.
Heare! wol my net forjitte
Net forlitte
Stean my ta myn stipe by;
Greate Hearsker fen hjir boppen
Hear myn roppen,
Hâld Jo dôchs net fier fen my!
22.
God! alle eigen stipen wike,
‘k Moat biswike
O, forsmyt my langer net!
Help my, oppermachtich Heare,
Ut al ’t neare
En forhear myn smeekgebet.
================
Psalm 39.
1.
‘k Sei by my sels: ‘k scil acht slaen op myn dwaen,
Det’k mei myn tonge fier fen kwea
En misset bliuw, myn mûle-yn boeijens slaen
Salang dy’t útsjucht nei myn dea,
Dy’t my godleas biloert mei list en haet
Noch foar my oer stiet op myn paed.
2.
‘k Stie stil en stom, ‘k spriek net fen ’t goede mear;
Al swierder woech myn felle smert,
It baerende my yn, ’t wier me yn myn binnenst near,
’t Fjûr lôge me yn myn peinzjend hert,
Oant my àl mear in hjitte gloed stiek, –
Do boarste ik los, myn tonge spriek.
3.
“O Heare, jow myn útein my to sjen,
Lear my, ho fjer myn dagen gean’,
Jow witnis oer ’t forganklik hinnetsjen.
Sjuch al myn libbensdagen stean’
As neat by Jo; de minsk, ho sterk yn skyn
Is inkeld idelheit en wyn.
4.
“Is net de minske in byld, in wykjend skaed?
Fordwynt net tel syn ear en macht?
Hy wrot en wraemt, is opm ‘e nocht op paed:
Oer him de dea, oer him de nacht!
Hy ropt àl gear, en ealget net hwaens noed
Him tel formakket mei syn goed.
5.
En nou, hwet bin ‘k hwet mei ‘k forwachtsje o Hear?
Ik stel myn hope allinne op Jo!
Forlos my, gean myn sûndich sin to kear,
Untnim my fen myn kweabidrjouw,
En jow my net, fen al Jins woldwaen skaet
De dwaze húnder oer ta smaed.
6.
Ik swij yn ’t leed, myn mûle ûntkomt gjin wird,
Hwent Jy, myn God, Jy hawwe it dien;
Nim wei de pleach; my slacht in flymskerp swird,
Ik bin troch tsjustere djipten gien;
Ik treft my slim, ‘k rin troch in dizich lân
‘k Forgean, sa stûf slacht my Jins hân.
7.
Bring Jy de minsk de straf op ’t skeinend kwea
Om’t hy ûntankber Jo forgeat,
DEn falt er wei, bilunet him de lea,
Wylst fen ‘e mot syn kostlikst goed forgiet
Hwent idel is hwet minske hjit!
8.
Fornim myn bea, myn eange klachte o Hear!
O swij net ta myn hjitte trien,
Dêr’t ik yn smert hjir tidenlang forkear
In frjemd, lyk al myn fadren wierr’;
Nim wei myn ûnk, det ‘k my forkwikke kin
Ear ‘k hinnetsjuch en net mear bin.
================
Psalm 40.
1.
‘k Haw lang de Hear forwachte -yn ûnk en tsjoed,
Ik stelde fêst myn hope – op[ Him;
Do hearde – Er nei myn heaze stim
Hy niigde Him en holp me – út nacht en noed;
My, yn ‘e kûle sonken,
My kaem syn rêdding njonken
Hy naem me – út weaze – en slyk.
Hat me – op in fêste groun
In rots to wenjen jown;
Sa fyn ik heech ûntwyk.
2.
Hy learde my in nij en hearlik liet,
In lofsang, follen scille it sjen
En God bitrouwe, Dy’t Syn bern
Yn ’t wounjend leedzje aloan op side stiet.
Loksillich, dy’t bitrouwe
Hjar nea nei boazens jowe
Net bluistrich binn’ fen hert:
Heil dy’t yn ’t leed gjin acht
Op ydle wramers slacht
Gjin sin op ljeagners set.
3.
Ho binne o Hear, Jins wûndren folle en great!
Ho litt’ Jins tinzen minskebern
In sé fen rjucht en wiisheit sjen;
Ho brocht Jins macht Jins folk in blide steat!
Ho scoe ‘k Jins wirken telle?
Do’t ik Jins macht forhelle
Bliek my hjar tal oermâns;
Ik stean alhiel forslein
Hjir sjuch ik miet noch ein
Forbjustre fen Jins glâns.
4.
’t Jowt Jo gjin nocht, al wirdt Jo ’t offer brocht;
Jy boarren ta Jins tsjinst my ’t ear;
’t Brânoffer helpt net tsjin ús sear,
’t Soenoffer jowt de sûndaer rêst noch ljocht.
Do spriek ik for de frommen:
Sjuch my, o Heare kommen,
Yn ’t boek wirdt oer my skreaun;
Jins wolbihaech to dwaen
Mei my de wille jaen,
‘k Bin yn Jins heilswet bleaun.
5.
Ik mei Jins heil oan ’t folk to witten dwaen,
‘k Bitwing myn tonge en lippen net,
Jy witte it fen myn tsjuster hert
‘k Scil op Jins rjucht folstânnich de eagen slaen;
Jins wierheit lit ik witte
Jins heil, for ’t folk oermiette,
Bidek, forsaekje ik nea!
Jins trou, Jins ginst, Jins goed
Jowt oan Jins tsjinders groed
Rêdt hjar fen ûnk en kwea.
6.
Jy slagge o Hear, dôchs rynsk ûntfermjende acht,
Jins trou is my sa myld en skoan;
Jy hoedzje me yn ‘e need aloan
Is ’t det my ’t ûnk mei skerpe toarnen slacht.
Ik haw mei tûzen rampen
Straffe op myn kwea to kampen:
Myn sûnden gean my nei,
Hja binn’ meartallich, swier
As op myn holle ’t hier,
Myn krêft, myn herte is wei.
7.
It wêze Jo gefallich my tsjin ’t kwea
To stypjen heech yn nacht en near!
Slagg’ mei forskammens, pine en sear
Hjar, dy’t myn siel forwinskje nei de dea.
Lit hjar tobekslein reitsje
Wol hjar to skande meitsje
Dy’t longrje nei myn bloed!
Forniel hjar, lit hjar stom
Doarmje yn in woast rounom
Dy’t sizze: ha, dat ’s goed!
8.
Forkwik ús moed mei froalikens o Hear,
Lit dy’t Jo sykje wille sjen
Bring blidens oer Jins trouwe bern
Dy’t sizze: ús God sij ivich tank en ear!
‘k Moat wol yn eangstme en freze
Ilindich hinne lizze
Dôchs soarget Hy for my!
Jy binn’ myn Help, myn Skat,
Myn Rêdder; o myn God,
Stean jimmer stypjend by!
================
(Boarne: Privee kolleksje)