A.M. Wybenga Psalmen -41 t/m 50.
41 – 42 – 43 – 44 – 45 – 46 – 47 – 48 – 49 – 50
Psalm 41.
1.
Looksillich hy, dy’t him forstânnich hâldt,
By hwa’t yn ’t lijen kwynt;
Hy fynt syn treast by ’t heech, by ’t sterk Biwâld,
As ’t lijen om him tynt.
De Heare scil him trou biwarje – yn drok,
Him romte -en libben jaen,
Men júcht him ta om ’t him bidielde lok,
Gjin fijân kin him slaen.
2.
Us God scil him, dy’t de earme út lijen redt
Op ’t siikbêd stipe dwaen, –
As hy forkwynt fen sjuchtme en leed en smert,
Syn leger sêftens jaen.
‘k Sei yn mysels; wêz my genedich Hear!
Genêz’ myn wounden tel,
Om ’t eigen kwea oerkomt my pine en sear,
Myn sûnde slacht my del.
3.
‘k Sjuch húnjend heech myn tsjustre fijân stean;
“Hwennear giet hy forlern?
Scou”, sizze hja, “syn namme ek hast forgean/”
Komt ien om my tosjen
Hy redent falsk, al flaeit syn tonge fyn,
Him is de ûnrjuchtens nolk,
Hy garret kwea, en bringt syn hjit fenyn
Op strjitte út, by syn folk.
4.
Hja lústrje yn ’t stille en gean my nytgjend tsjin,
Hja wrotte ta myn skea,
Bitinke ho’t se op ’t slimst my narje kinn’
Mei liep bidsen kwea;
Hj’ oerlizze: wis, in slim, in Beeljals stik
Bringt him ’t fortsjinne lean,
Dêr leit er nou for elkmes wearze en skrik;
Dy’t foel scil net wer stean!
5.
Sels hy hwaem ik alear ’t bitrouwen joech,
Dy’t fen myn spizen iet,
Dy ‘k jimmer holp, styng gysten op en sloech
My húnjend yn ’t fortriet!
Stean Heare, Jy Dy’t al myn pinen witt’,
My dôchs genadich by!
Help me op, jow ginst, det ik hjar fiele lit
Hwet hja misdiene oan my!
6.
Hjiroan scil ‘k sjen, det Jy myn helper binn’
En ’t each hâlde oer Jins feint
Det nea de man fen ’t kwea, fen tinken min
My mei syn húnjen skeint;
Sa hâlde ik groun, Jy treastigje en stypje my,
Sa bliouwt myn herte yn ’t rjucht;
Jins antlit is my sillich ljochtsjend by
Det blier myn each it sjucht.
7.
Loovje Isrels God, sjong swiet in suvre sang
Dy’t kliuwt heech boppe it stof;
sa juchje wy, sa bringt ús kleare klang
Him, Amen, ivich lof!
================
Psalm 42.
1.
Lyk in harte, hjit forjage,
Toarstich skreaut om koeljend focht,
Ropt myn siel om de-iivge dage,
Himet nei Gods timpelnocht;
Ja myn siele ropt om God,
Longert nei de libbenskat;
Hwennear scoe ‘k Syn antlit fine,
Yn Syn hûs me – oan Him forbine?
2.
Hjitte triennen binn’ myn spize,
Nacht en dei nypt near en sear,
‘k Hear ho’t skampre spotters gnize:
“Nou hwer bliuwt. dyn ljeaven Hear?”
‘k Tink dêrby yn ’t slim fortriet
Oan myn foariich fleurich liet,
Wylst Gods bern mei blide tongen
Fleurich ’s Heechsten lof bisongen.
3.
Ho, myn siel, sa bot forbûke,
Djip ûnre3stich, slim forslein;
Lit dy net fen ’t leed bilûke,
Wachtsje op God, der komt in ein!
Hoopje op Him, Hy scil ’t dy dwaen,
Dy wer lof en jubel jaen,
Dy forlosse út leed en lijen:
God, dyn God, docht dy wer dijen.
4.
‘k Sjuch me, o God, fen ’t leed forbiten
Yn de flakten der Jordaen,
Hermon wit myn eangstfol kriten
’t Lytser bercht myn gjalpen jaen;
Wyld oerstjalped my de floed,
’t Brûzjend weter dwêst myn moed,
Al Jins brûsbiroune weagen
Nettlje my mei hirde fleagen.
5.
Ho’t me ek need en nacht forskrikke
God scil ’t each op my wer slaen,
Op ‘e dei my ginst biskikke
Yn ‘e nacht in liet my jaen.
‘k Sjong Him wer op de âlde klang
Hertsforhuge in nije sang;
‘k Scil myn Skepper nea forjitte
Biddend fen Syn goedens witte.
6.
‘k Scil ta God, myn Taflecht, sizze:
“Hwêrom Hear, forjit Jy my?”
‘k Moat yn ’t swart yn ’t lijen lizze
Om de oerdwealske tsjinpartij.
O, dy fijân falt my hird,
Hunet mei syn snoarjend wird
As er al den dei my narret:
“Hwêr is God, Dy’t dy biwarret?”
7.
Hó, myn siel, sa fel forbûke?
Djip ûnrêstich, slim forslein?
Lit dy net fen ’t leed bilûke
Hwent Gods goedens nimt nin ein!
Hoopje op Him, hy scil it dwaen
Dy wer romte en wille jaen!
‘k Bring wer loovjend tank en eare
Oan myn Rêdder, Goed en Heare.
================
Psalm 43.
1.
Merk Heare, merk ho slim ik suchtsje,
Gean dy my húnjend nettlje tsjin!
Kom for my op, wol heiljaend rjuchtsje,
Myn saek tsjin ’t godleas folk bisljuchtsje,
Tsjin dy’t grouwélich, hounskhounsk en min,
Fol list en ûnrjucht binn.
2.
Jy binne, o God, de sterke stipe;
Ik doarmje roun yn near en skaed:
Merk op, ho’t húnders nei my gripe,
Myn fjiân is yn ’t kwea bislipe:
Hwerom haw Jy my dôchs forstaet,
Gean ik yn ’t swart oer ’t paed?
3.
Lit, Hear, Jins ljocht en trou me oerskine,
Wêz mei Jins wierheit noedzjend nei;
Lit my Jins berch, Jins hillge, fine
Dêr’t frommen hjar oan Jo forbine;
Det me yn Jins wente in mylde dei
Fol frede komme mei!
4.
Sa mei ‘k my ta Gods alter froegje,
By God, myn God, myn hearlik diel,
Dêr mei ‘k earbiedich blier my bûgje
Dêr mei ik jubljend my fornoegje;
‘k Sjong by de harpe myn Skewiel
Him de Alles for myn siel.
5.
Hosa myn siele, yn kommernisse,
Unrêstich hymjend yn dyn lot?
Gods ivich heil kin dy net misse
Hy scil dyn pleit yn ’t rjucht bislisse;
Him loovje ik wer, myn heechste skat
Myn Rêdder en myn God!
================
Psalm 44.
1.
O God, Jy brochten ’t yn ús earen,
Us fad’ren joegen ’t ús to learen,
Hok wirk Jins hân foarhinne wrocht
En ho Jins heil it Bounfolk socht:
Jy haw de heid’nen mei Jins hân
Mei eigen hân fordreaun, forheistre;
Hjar planten Jy yn ’t heillch lân,
Wylst pleach oer pleach de folken teistre.
2.
Hja hawwe it lân mei ’t swird net nommen,
Hjar earm dych hjar it heil net kommen;
’t Wier God, Jins hân, Jins hege macht,
Jins trouwe hoede en feilge wacht;
Sa skôgen wy Jins Godlik ljocht
Dat J’ oer Jins folk folhearlik dagen
Jy hawwe ús mylde útwreiding brocht;
Us gou Jins ginstryk wolbihagen.
3.
Jysels, o God, Dy’t greate dingen
Foar aller eagen witt’ to bringen
Jy binn’ myn Kening: skaffe rie
Biskikke ’t heil for Jakobs sie!
Jins stipe jowt ús sterktme yn noed
Sa kinne wy de fijân reitsje;
Jins Namme jowt ús krêft en moed
Det wy de tsjinstân tsjinstber meitsje.
4.
‘k Fortrtou net op myn stielen bôge,
‘k Haw yn myn swird gjin rêdding skôge,
Jy bin ’t allinich, ’t is Jins hân
Dy’t great forlost út ’s fijâns brân
Jy litte ús op ús húnders sjen
Jy helpe ús fen dy tsjin ús steane;
Forskamme falle dré forlern
Dy’t haetsjend ús op ’t libben geane.
5.
God bliuwt de rêdding for de fromme,
De fijân stiet yn ’t ûnk forstomme;
Sa geane wy de hiele dei
Syn heilsbiskikken júchjend nei!
’t Hert tilt ús heech út slyk en stof,
Wy loovje Him mei siel en amme,
Wy sjonge yn ivichheit Syn lof
En romje aloan Syn greate Namme.
6.
O God, Dy’t ryk yn ’t foarge weitse
Jy liet ús nou ta skande reitse:
Jy haw Jins feinten fier forstaet,
Binn’ net mear mei ús hear op ’t paed;
Wy falle wei foar ’s fijâns each
Jy litte ús haters plondrjend rize,
Hja slagge ús yn hjar twange beach;
Jy jowe ús oer as skiep ta spize.
7.
Jy wyndrje ús wei en Jy forstruije
Us ûnder ljue, dy’t ús forspuije,
Forkeapje it folk om gjin waerdij
En dogge ta hjar priis net by.
Jy stelle ús namme en ear ta smaed;
Us bûrljue húnje ús batsk fen sinnen;
Mei gleone spot, mei wylde haet
Komme ús goe-kunders tsjin ús rinnen.
8.
Jy lieten ús ta sprekwird brûke
Fen heidnen dy’t ús nytgje en knûke;
Us nettelt wédom, pine en krús
De folken holleskodzje om ús.
Myn skande is foar my hiel de dei,
Ik stean yn eangstme en need forskamme,
It glinstrjen fen myn each is wei
En hymjend-huvrich giet myn amme.
9.
My kniest it lûd fen húnjend-sprekkers
Fen lastrers en fen brân-oanstekkers,
De fijân wrantelt yn syn tsjoed
De wrakegarder snakt nei bloed.
Dit felle leed haw J’ op ús jown
Dôchs haw wy nea Jins wet forlitten
Net falsklik hanle tsjin ’t forboun
Net trouleas by de boaze sitten.
10.
Us herte hat nei Jins geboaden
Gjin omsjuch hawn nei falske goaden,
Ek wiek ús foet net fen ‘e wei
Dy’t ús Jins wet tofoaren lei;
Dôchs doarmje we yn in drakelân
Forheistre, brizele en forbjustre;
Wy swalkje yn nacht, sa hat Jins hân
Mei dea en skaed ús lok fortsjustre.
11.
Hien’ wy fen leed op leed bisketten
De namme fen ús God forgetten,
De hannen tsjin it wiis gebot
Opheve nei in frjemde God
Scoe God dat dwyljend stik net sjen?
’t Forkearde dwaen net ûndersiikje?
Hy wit ús djipst geheim, Hy ken
De oerlizzings, dy’t yn ’t herte ús prykje.
12.
Om Jo haw wy dit krús to dragen
Hjar martlje deije ús alle dagen,
Hja achtsje ús skiep, for ’t slachtsjen klear;
Stean op, greatmachtich Opperhear!
Ho kin Jy dwaen as wiern’ J’ yn sliep?
Wol ta ús haetsje, yn ’t kweaddwaen liep;
Forstjit net, lit ús frijheit smeitsje.
13.
Moat ús dy fijân jimmer tergje?
Scil Jy Jins antlit stees forbergje?
Hwerom forjitte Jy ús leed,
Ilinde en drok, en nacht en need?
Us siele swymt yn stof en slyk
Leit yn in poel yn ûnformogen
Us lea, ús liif, in wjirm allyk
Leit slop tsjin de ierde yn neat-mear-dogen.
14.
Jo sjugge ho’t we yn ’t leed biswike:
Stean op, o God, lit helpe blike,
Forlos u1s út dit netljend near
Ut reden fen Jins ginst, o Hear!
================
Psalm 45.
1.
Nou trillet my in bûrljend liet yn ’t herte,
Ik mei myn dicht op ’s Kenings wize sette;
‘k Fiel me-yn myn wirk in goede reden ryk,
Myn tonge – is oan in skriuwenrspinne – allyk,
Wy meije, – o Foarst, Jo de alderprûste kenne
Yn swieter glâns den ien oan minsken berne,
Jins mûle sprekt genadich ta ús ljocht,
En ’t is Jins God, Dy Jo de segen brocht.
2.
Wol, greate Helt, for ’s ryks bihâldnis stride,
Kom krêftich op, nim ’t blinkend swird op side,
Kom mei Jins macht yn gloarje en majesteit
Forspried Jins ljocht, Jins glâns en hearlikheit!
Gean, om Jins trou op ’t wird der wierheit sitten,
Doch al it folk Jins rjucht en ginst to witten;
Jins rjuchterhân meij’ tûke dieden dwaen
En dy’t Jo húnje yn tsjokke boeijens slaen.
3.
Jins pylken, skerp, scill naesjes beve lutte,
De folken hein, de folken yn ‘e fierte
Falle ûnder Jo; de fijân, dy’t him wynt
Tsjin ’s Kennings wet, raent krêftleasw en fordwynt.
Jins troane, o God, stiet heech yn ’t hillge fêste,
Hjir fynt Jins folk yn Jins genade rêste,
De ryksstêf dy’t Jins hân oer ’t ierdryk hâldt
Fjert blinlik rjucht nei suvre wet biwâld.
4.
O God, jins God hat Jo mei salve oergetten
Fjer boppe in oar yn hege pleatsen setten;
Hy ljeavet Jo, hwent Jy biminne it rjucht
En haetsje it each dat nei godleazens sjucht.
Ho stean wy by Jins keine pronk forbûke!
Ho meij’ Jins klaed fen de ealste swietrook rûke!
Yn ’t ylpen hûs mei ider blindens ha’,
Bring ta Jins nocht Jo lof en gloarje ta.
5.
Hjir sjugge wy de Kenningsdochter bûgjen,
Yn kostlik liet fen Jins trochloftens tsjûgjen;
De Keningin stiet oan Jins rjuchterhân
Yn ’t lotterst goud ût Ophrys goedryk lân.
O dochter, hear, en sjuch, en niigje de earen
Om út myn sang dyn âldershûs, dyn filk
En ’t wêze dy by de ealste Kening nolk.
6.
Sa scil de Foarst him oer dyn glâns fornoegje,
Hy is dyn Hear, dû scilst dy nei Him foegje;
En Tyrus komt mei ’t heechste fen syn kinst
En ’t rykste folk snakt longrjend nei dyn ginst!
De Keningssprút o Foarst sa sear bigearlik,
Sa prûs, sa kein, ynwindich lottre en hearlik
Komt by Jins troan yn goudtrochljochte klean
As tsjeppste breid mei willeglânsen stean.
7.
Jins djûre breid komt froalik Jo tomiette,
’t Bistikke klaed mei hjar folsteatlik sitte,
Spylfammen geane yn swierjende optocht mei,
Dêr komme se, hja binn’ Jins setel nei.
Hja wirde laet mei blidens, lof en sangen,
De freugde tynt en twinkelt op hjar wangen:
Hjar laet de nocht, der wille sinneskyn,
Sa geane hja ’t paleis des Kenings yn.
8.
Wy sjugge op ’t sté der fadren, de eale frommen,
O Foarst, al dré Jins foarste soannen kommen;
Jy stelle hjar mei jins romrofte hân
Hiel ’t ierdryk oer as foarsten oer Jins lân;
Jins ljochte glâns bliuwt al de tiden blinken
Jins namme en eare by ’t fierste slachte yn tinken;
Sa romje Jo de folken fier en hein
Mei sang en klang, sa nimt hjar lof nin ein.
================
Psalm 46.
1.
God bliuwt in taflecht un ús pinnen,
In sterkt’ en treast yn ’t smertlik kwinen;
Wy waerden ryk Syn help gewaer,
Yn sielsbineardens, yn gefaer,
Sa scill wy fen gjin freesbiswike,
Mocht de-ierd’ ek út hjar banen wike,
Al wriggen bergen fen hjar sté,
Al tomlen s’ ek yn ’t hert der sé.
2.
Lit wyld de oerstjûre winen rûzje,
De polske weagen skomje en brûzje,
Lit bergen skodzje fen ’t gewelt, –
Us God bliuwt heech de sterke Heit,
Hy bliuwt ús boarch; Syn hillichdomme
Syn stêd, it rêstplak for de fromme
Fynt freugd en nocht, fynt groede en tier
Yn sêfte beekjes der rivier.
3.
Gjin ûnheil scil de Godsstêd narje,
De Hege scil hjar trou biwarje;
Hja skoddet net, it bliuwt hjar skoan,
Hy skikt hjar help yn ‘e iere moarn.
De folken brûsden, keninkriken
Forwegen hjar om wei to wiken, –
Us God forheve heech syn stim
En de ierde raende kjel for Him.
4.
De Hear, de God der heltenskaren
Is stipe en treast ús yn gefaren
De Hear, de God fen Jakobs sied
Is ús in taflecht, sterkte en ried.
Kom, lit ús op God dieden lette,
’t Herte op Syn wize wegen sette:
Hy wirket wûndren dei oan dei,
Hy plantet en Hy nimt wer wei.
5.
God stillet myld des oarlochs lôge,
Syn earm tobrekt de stielen bôge,
Hy jowt de spyts oan ’t oardiel oer
En baernt de weinen mei Syn fjûr.
“Fen ’t sté!” sprekt heech de Hear der hearen,
“Myn hân is fen gjin minsk to kearen;
Ik bin dy God troch de ieuwen dreech,
‘k Bliuw heech oer ’t folk, oer ’t ierdryk heech!”
6.
De Hear, de God der legerskaren
Is jimmer by ús tsjin gefaren;
De hege God fen Jakobs sied
Is ús in taflecht, sterkte en ried.
================
Psalm 47.
1.
Sjong nou folken blier,
Folken hein en fier,
Helje fleurich op,
Mei in swiden rop,
Psalmje God in liet!
Júchje fol geniet
Yn des Heechsten ear,
Duchtsje Him, de Hear!
Ider fynt ûntwyk,
Yn syn hearlik ryk:
’t Hege Godsbistjûr,
Giet hiel ’t ierdryk oer.
2.
Nei Gods wiis bistel
Bûgt foar Israël
Ider folk him tel
Earjend, knibbljend del;
’t Folk, foarhinne tsjoed
Falt ús ûnd’r ‘e foet,
’t Godlik erfskip is
Us troch de ieuwen wis.
Nei in hege rie
Joech Er Jakobs sie
Dat Hy ljeave aloan
’t Nocht út suvre boarn.
3.
God sa great fen wirk
Stiget boppe it swirk
Nei de himeltroan;
Dêr blinkt heech de kroan!
De bazuneklank
Seit Syn greatnes tank!
Sjong Him lûd en jow
Tsjûgnis fen Syn trou
Sjong mei snare en stim,
Psalmje en lovje Him,
Him de himelhear:
Bring ús kening ear!
4.
Hy ús greate God
Skikt de folken ’t lot,
Hy is Kening heech
Oer hiel de ierde en ’t leech!
Sjong mei hertsgeniet
Him in kinstfol liet!
God stiet oer ‘e wrâld
Sines is ’t biwâld
Oer hiel ’t heidendom
Sittend heech yn rom
Op Syn hillge troan;
Him bidt ider oan.
5.
De earsten fen ‘e steat
De ealen, sterk en great
Fen Gods hannen brocht
Wanlje yn Abrams ljocht
Under ’t Godlik skyld:
God is heech en myld.
================
Psalm 48.
1.
De hear’ is great, wy sjonge lof,
Yn Salems ste3d en timpelhôf
Wy meije Him fol freugde tsjinje;
Hy wol op ’t heilich berchtme wenje.
Ho kreas, ho skoan gelegen
In lust op ierde – in segen
Is Sions berch; ho blinkt ús sa
De Noarderside glânsgjend ta!
Hwa rommet heech de Godsstêd net
Mei jubljend liet, mei tankjend hert.
2.
Yn hjar paleizen wennet God
Wy kenne Him as feilich Slot
As hege Stins for al syn frommen;
Sjuch, dryste keengen wiernen kommen,
Mar do’t hja foar hjar eagen
Gods wijde wente seagen
Roun kâld de ûntsetting oer hjar lea,
Do dwilen hja fen ’t eigen kwea,
Do gyng forbjustring hjar to nei
En flechten hja fol eangsten wei.
3.
De foarsten hiene ús dea op ’t each:
Do brochten Jy mei fleach op fleach
Hjar lyk in frou yn ’t heechst der pinen,
Sa brekk’ Jy ’t skip mei de eastewinen;
Allyk wy ’t hearden, seagen
Wy ’t oan ho’t Jy hjar reagen!
Hjir yn ús stêd, ús hillge skat,
Hjir yn ‘e went fen Isrels God
Fynt myld it seegne Bounfolk rêst:
Hy stelt dit sté foar ivich fêst.
4.
Wy tinke oan God, ús heilryk goed
Mei stil ûntsach, mei ’n optein moed;
Hjir yn Jins timpel sweeft Jins amme;
Jins eare is great allyk Jins Namme.
Hjir moat ús lofliet riizje
Moat elts Jo earje en priizje;
Fen Sions berch iant ierdryks ein
Wird lof en tank Jins greatens sein;
Jins wize wil bistjûrt it lân:
Fol rjucht is, Hear, Jins rjuchterhân.
5.
Lit Sions berch forhuge yn God,
Lit Juda’s dochtren júchje om ’t lot
Hjar fen der fadren God ûntditsen
Om ’t oardiel oer de fijân spritsen!
Sjuch Sion mei hjar mûrren,
Gean ’t roun en tel hjar toerren,
Merk op mei stil-oandachtich hert
De boargen ta hjar bolwirk set,
Det jimme it jubljend eltse dei
Oan ’t kommend slachte sizze meij’.
6.
Sa is ús God, ús hege God
Us hearlik Diel, ûnmjitbre Skat;
Nea scil Er fen Syn Isrel skiede
Mar de ieuwen lâns ús feilich liede.
================
Psalm 49.
1.
O folken hear, o minskebern fornim,
O stervling lústrje – en niigje nei myn stim,
Hear earm en ryk, it wird dat suver slút,
Myn mûle seit in wize learing út!
Myn herte bringt in tael dy’t stypjend bout,
‘k Wit yn myn ear de spreuk dy’t God my jowt,
By siterklang mei ik jim de – útkomst sizze,
It djip geheim en ’t riedling iepenlizze.
2.
Hwêrom scoe ‘k freezje yn slimme en fûle striid?
Hwêrom scoe ‘k trilje yn neare en tsjustre tiid?
As ’t ûnrjucht my fornettelt, haetlik grypt
My triuwt, me omkringt, mei felle fingers knypt?
Al twingt my del, dy’t op syn goed bitrouwt
Op rykdom snueft: al hwet er by’noar klaut
Scil dochs syn broer gjin lospriis bringe kinne
Gjin soenjild bringt de minsk by ’t grêf fendinne.
3.
Sa kostlik is de lospriis for de mins’
Hy fynt yn tiid noch ivichheden lins,
Det hy foartoan al dûrjend libje scoe
Det gjin fordjer syn lichem ropje koe!
Hy wit to goed ho dré de wize stjert
Ho tel de dwaze en de ûnfornuft fordjert;
Hja scille allyk in stjir dy’t falt, forsjitte,
En moatte lot en skat oan oaren litte.
4.
Al flaeit him ’t hert: dyn went bliuwt ivich stean
Oer scil dyn hûs fen slachte op slachte gean! –
Al sette hja de folken nei hjar hân
En neame greatsk nei eigen namme ’t lân, –
’t Falt all’gear wei, forjage as fen ‘e wyn
De minse yn oansjen heech, is damp en skyn,
Syn oantins slynt, hy scil as reek forfleane
Hy tommelt lyk de bisten dy’t forgeane.
5.
Howol de minsk him dos mei de ydlens klaeit
En hy syn hert mei dwaze heechmoed flaeit, –
Dôchs giet syn team it selde kronkljend paed
Fynt syn bihaech yn dize en wykjend skaed;
Hja wirde wei as skiep un ’t tsjustre grêf;
Meand fen de dea forwaeije hja as tsêf,
En op dy dei, dy greate dei des Hearen
Fynt yn hjar fal de oprjuchte syn bigearen.
6.
Hy wyndret wei, ho heech hy minske ek stiet
Om’t al syn glâns mei him yn ’t grêf forgiet;
Mar nei de dea is my it libben ré,
God nimt my op, draecht me út dit neare ste.
Gjin frees for him, dy’t yn syn skatten tynt,
Hwaens machtich hûs him greatsk oer ’t ierdryk wynt,
Neat nimt er mei, honear er komt to stjerren
Syn eare slynt en niigt him nei ’t fordjerren.
7.
Al mient de dwaes him lokkich, heech en ryk
Al romt men him, as wier d’r in ingel lyk
Dôchs wirdt er dré by ’t earder slachte brocht
Dôchs skôget er yn ivichheit gjin ljocht!
De minske dy’t yn oerdied tart en smart
Mar gjin forstân, gjin doel noch trochsicht hat
Wirdt nei syn dwaen mei djip fordjerren leane
Tel wirdt er lyk de bisten dy’t forgeane.
================
Psalm 50.
1.
Der Goaden sprekt nei Syn swide macht,
En ropt dizze ierd fen dêr’t de sinne-yn pracht
Ut ’t easten riist, oan’t dêr’t ‘r yn sé fordwynt;
Ut Sion, sa folhearlik prûs, forskynt
Us God fol glânse, en scil nin sûndaer mije
Hy God, ús God scil delkomme – en net swije.
2.
Foar ’t antlit Gods giet sterk in lôgjend fjûr
In felle stoarm rûst sé en lânnen oer;
Hij scil Syn each op ierde en himel slaen
En oan Syn folk, Myn froede ginstgeneaten
Dy My ’t forbouin mei hillige offers sleaten.
3.
De himel tsjûgt fen Syn gerjuchtichheit
Hwent God is heech, de Rjuchter oer ús pleit,
Hy sprekt: nim ’t oan; myn Isrel, niigje ’t ear,
Ik sterke God, Ik bin jimm’ God en Hear!
Ik scil jim net om hwet jim offren, sane
‘k Sjuch det s’ aloan op ’t hillich alter baerne.
4.
‘k Freegje út jimm’ hûs it manklik hoarnfé net
‘k Haw yn jimm’ stâl nei bok noch ei my set:
Dêr ‘k oer elk dier fen ’t wâld biskikke kin,
De bisten dy’t op tûzen bergen rinn’;
Ik ken en mijt der fûglen rêd forsjitten
Hwet him forweecgt op fjild is Myn bisitten.
5.
Ik sei ’t Jim net al mocht Ik hûnger ha:
My heart de wrâld, My ’t lichem spize jaen?
Scoe Ik Myn toarst mei bokkebloed forslaen?
Né, offrje God jimm’ lof dogg’ tank to witten
Bitelje nei Syn hegens jimm’ ûnthjitten.
6.
Rop my om help, biknypt jim pine en sear
Den rêd ik jim, sa bringe jim My de ear!
Mar boazen sprekt myn God forheftich oan:
Jim mien’ ’t net mei Myn wet; jim binn’ fordoarn
Doarr’ jim ’t forboun op falske loppen lizze?
Jim litt jim dôchs fen wird noch straffen sizze!
7.
Sjugg’ jim in dief, jim rinn’ bihaechlik mei,
Jim hâlde fen des trouforbrekkers wei,
Jimm’ mûle slacht fûlbandich yn it kwea
En longert nei des neisten nacht en dea,
Jim mûle fynt yn ljeagnjen swiid bihagen
Jimm’ tonge knoopt de strûpen fen ’t bidragen.
8.
Jim sitte kwea to sprekken fen jimm’ broer
Jim hompe ‘im del en litte oan ’t lot him oer,
Dit dogge jim, dêr ‘k tiden swije kin
Sa tinke jim, det ‘k jim gelikens bin, –
Dré scil Ik ’t jim mei sterk forwyt bilette
En snijend skerp jim ’t kwea foar de eagen sette.
9.
Nim dit dôchs op, forjitters fen Gods wet:
’t Forgriem jim oars, ‘k forniel det nimmen redt.
Hwa him ta lof en tank folstânnich set
Hy earet My en offret nei Myn hert:
‘k Scil, dy’t syn wei goed oanstelt net forstjitte
Mar him Gods heil, it suvre, skôgje litte.
================
Boarne: Privee kolleksje)