A.M. Wybenga Psalmen -51 t/m 60.
51 – 52 – 53 – 54 – 55 – 56 – 57 – 58 – 59 – 60
Psalm 51.
1.
Genade – o God, genade for Jins feint!
Untfermje Jo nei Jins goedginstichheden.
Dylgje – út myn kwea, myn gean tsjin wet en senden,
Ik ha to stûf my mei myn kweadwaen skeind!
Och, waskje my fen sûnde – en skilden skjin!
Slim haw ‘k my oan ’t forbeane skildich makke,
Sjuch myn birou nou’t ik wer boetling bin,
En lottrje my fen ’t slyk dêr ‘k djip yn sakke.
2.
‘k Bilide o God, de greatens fen myn kwea,
De oertrêdding sjuch ik as in berch foar eagen:
Ik haw tsjin Jo, dy’t al myn tsjoedens seagen
Opstânnich west; ‘k fortsjinne nach en dea!
‘k Haw dien hwet kwea, hwet sûnde is yn Jins each;
Ik doarst o Hear, Jo nei de kroan to stekken;
‘k Biken myn skild, de reden fen myn pleach;
Jins dwaen is rein, rjuchtfeardich ’t founis sprekken.
3.
’t Is net dit kwea allinnich, né, ik bin
To wrâld komd sterk mei sûnde en slyk bismodze,
Sels earder wier ‘k ien inkle sûndesodze
Gyng boas myn aerd Jins suvre wetten tsjin!
Jy haw bihaech oan wierheit yn ús moed
Oan minsken dy’t op rjuchte wegen steane,
Bisterkje my yn suvre wiisheit froed;
Jy binne ’t Dy’t oer al myn tinken geane.
4.
Bring reinens my, forjow myn misse die
Lit me yn Jins each wer gloed fen ljeafde lêze,
Skjin waskje my en ik scil witer wêze
Den suvre wol, en blanker mear as snie.
Skik my wer freugd, wêz mei Jins blidens nei,
Lit myld me o Hear fen Jins forjeffnis witte;
Det op in nij myn biente júchje mei
Jy bryzlen ’t, Hear, Jy kin ’t wer hylje litte.
5.
Wêz my, o God, yn myldens ginstich, slút
Jins hillich each for al myn skild en sûnden;
Myn kwea slacht me yn myn herte djippe wounen,
Och dylge myld myn ûngerjuchtens út!
Skep my, myn God, in herte oprjucht en rein,
Lit net omdoch myn bea nei ’t hege kliuwe;
Och waerd yn my in fêster geaste lein,
Den moch ik ticht by ’t suvre Godsgerjucht bliuwe.
6.
Forwerp, forstjit my fen Jins antlit net,
Lit dôchs fen my Jins Hillge Geast net wike,
Lit me op myn wei wer treast en stipe blike,
Bisterkje my ta dieder fen Jins wet.
Hear, hoedzje my, stean by tsjin ’t sterk fordjer
Bring me yn Jins hûs en stjitte my net bûten,
Jow fen Jins heil de rjuchte bliidskip wer
En hâlde my mei wisse geast op foetten.
7.
Sa scil ik elts, dy’t nei Jins wet net sjucht,
’t Oertrêdzjend folk Jins hillge wegen leare;
De sûndaer scil Jo siikje en him bikeare
En wanlje nei ’t folsillich Godlik rjucht.
Forlosje my fen bloedskild, o myn God!
Lit net myn siele yn nacht en ûnk forklomje;
Den sjong ik bliid Jins heil de greatste skat
Den mei ik heech Jins mylde goedens romje.
8.
Help, rynske God, me út al it slyk en stof,
Jow op in nij in lofliet op myn tonge,
Lit my nei ’t leed wer fen genede sjonge,
Jow yn myn mûle in sang fen tank en lof!
‘k Wij Jo myn herte, o meits my trou en froed,
Brânoffers kin Jins hillich each net haegje
Jy freegje as jefte in morf, tobritsen moed
Jy litte for forsleinen ’t moarnsrea daegje.
9.
Us hege God is djip-forsleinen nei;
Jy scille nea ’t forbriizle hert misachtsje;
Forbûken meij’ Jins mylde skat forwachtsje,
Jy skine mei Jins segen oer hjar wei.
Dogge oan Jins berch, Jins hillich Sion goed
Skik heech Jins rêst nei ’t foarich wolbihagen,
Bring oer Jins stêd wer mylde en golle dagen
Bouw mûrre en toer wer op yn nije gloed.
10.
Gean we op Jins wei, den ’s ’t offer net forlern
Dêr’t wy Jo mei nei ’t hillich rjucht forearje,
By ’t alter scil Jins folk Jins heil forklearje:
Jy wolle yn ginst op de offerdieren sjen.
================
Psalm 52.
1.
Ho kinst dy sa yn ’t kwea formeitsje,
Dû, skeinder fen it rjucht?
Kinst yn dyn boazens frede smeitsje,
Dêr ’t God dochs alles sjucht?
Ho riidst mei skimp de froede nei,
De suvre hiel de dei!
2.
Dyn tonge wynt nei ’t kwea yn ’t stille
In flymskerp skearmes by,
Bidragen is dyn hertewille
Der is gjin rjucht yn dy!
Dû hâldst fen ’t kwea, forsmytst it goed
Op ljeagen setst’ dyn moed.
3.
Nea scilst nei ’t rjuchte en ’t suvre sprekke
Dyn reednen binn’ forkeard,
Dyn tonge is loas, dyn wirden stekke
Yn stûf forrie biteard.
God brekt dy del, dyn wente mei,
Den bist foar ivich wei.
4.
Sa scil dyn kwea-bistean net lokke:
Dêr scil in sterke hân
Dy út dyn tinte en skûlsté rokke
Untwoartele fen it lân.
De froede scil ’t forhúvrjend sjen:
De boaze giet forlern!
5.
“Hen”, seit men bliid, “de oerdwealske domme
Hy, op syn rykdom great,
Droech op syn goed as ’t heechste romme:
Hy swymt, falt wei yn ’t neat!
Hy wier to dryst omhegen flein
Sa leit er nou forslein!
6.
My bringt God ginst yn it wide en ’t fette:
Hy scil sa sterk as prûs,
Lyk in olivebeam my sette
Folhearlik yn Gods hûs.
De goedens fen de greate God
Is myn bitrou, myn skat.
7.
’t Is rjucht Gods ginsten út to roppen:
Jy hawwe it wûndre dien!
Sa stiget bliid ús lof nei boppen
‘k Forkindzje ’t eltsenien.
Jins Namme is heech en great en goed
For ’t rjuchte en fromme moed!
================
Psalm 53.
1.
De – oerstjûre dwaes seit yn ’t forbluistre moed:
“Der is gjin God!” De minskesoanen reitsje
Al mear fen ’t paed, hja litte – it kwea hjar smeitsje
As hunich swiet, hja binn grouwélich tsjoed:
Net ien docht goed.
2.
De hege God sloech út Syn himel ’t each
Op Adams team, trochsocht en preau hjar wirken
Ef hja op Him en op Syn dieden mirken;
Ef mei forstân wol ien de sûnde ûntfleach
En op God seach.
3.
De minske is dryst it wisse paed ûntroun;
Hja dwylje yn ’t wyld, hja sûndigje allegearre
Yn stjonkend kwea, ’t is slim ho’t hja ’t fordjerre,
Yn nimmen wirdt in suvre hertegroun
Noch froedens foun.
4.
Hat den dit folk, yn eveldwaen bidoarn
Gjin ealjen fen Gods wei en suverheden?
Hja ite as brea myn folk, tsjin rjucht en reden,
Hja bidde nea, hja roppe joun noch moarn
Hjar Skepper oan.
5.
Dré wirde hja mei djippe ûntsteltnis slein;
Dré scil krêft en moed en glâns ûntsline
God struit hjar wei, det hja gjin rêstplak fine
De skande en smaed op ’t húnjend kweafolk lein,
Nimt nimmer ein.
6.
Och kaem de tiid dôchs ringen oan det God
Heech rêdding joech út Sion oan Syn froeden!
Keart wer ús diel nei tsjustre nacht ta’n goede
Sa júcht Jins folk, sjongt Isrel fen syn skat
En ljochtsjend lot!
================
Psalm 54.
1.
O God forlos me – út noed en nacht,
Rêd me – út de djipten troch Jins Namme,
Lit my net yn myn leed forskamme,
Skaf rjucht my nei Jins swide macht;
O heilich God, forhear myn bea,
Wol ta myn reden de earen niigje,
Dêr ’t ik der machtleas hinne siigje,
Forlos my fen ’t me – oertsjustrend kwea.
2.
De frjemden gnuve nei myn pleach,
Tirannen nei myn sleine siele,
Graeg scou hjar haet myn lea forniele:
Gjin God noch wet is foar hjar each.
Wis, God Dy’t al myn wounen sjucht
Merk ik as Helper my op side
Hy fjurret oan, dy’t for myn stride
En skikt my hearlik ljocht en rjucht.
3.
Hy scil dit kwea, – hja binn’ bidoarn! –
Op myn bistriders komme litte;
Roegje út, dy’t my nei djipten stijtte
It giet Jins trou en wierheit oan!
‘k Mei Jo, myn God, mei ’n optein moed
Frijwillich offrje en júchjend bûge
‘k Scil fen Jins ginst en myldens tsjûgje:
Hwent Hear, Jins namme is great en goed!
4.
Hy rêdde my, syn útsjend bern
Ut need en netteljende pine:
Myn fijân moat yn nacht forswine
‘k Mei ’t foar myn blierkjende eagen sjen.
================
Psalm 55.
1.
Wol God, myn bea, myn britsen stimme
Goedginstich yn Jins earen nimme,
Och wol Jo net for my forbergje;
Merk op, forhear, slach ginstich acht,
‘k Toraen yn eangstme – en neare klacht,
Ik kreun, dêr’t my de – oerdwealsken tergje.
2.
‘k Fornim des fijâns húnjend roppen,
Des boazen narjen slacht nei boppen,
‘k Forskrik yn ’t leed, ik skodzje en skrilje:
Hja bringe tsjustrens oer myn lea,
Bistooklje my mei ûnk en kwea,
Dêr’t hja fen hjitte grime trilje.
3.
Myn siel krimpt gear fen felle smerte,
De deaskrik huvret oer myn herte,
De freze hat myn moed tobritsen
Ik kermje yn eangstme en nacht oerstjûr,
It is my near oergjalpend sûr,
‘k Forkwyn, fen grousum leedzje oerditsen.
4.
‘k Sei: “Joech my immen douwewjukken
‘k Untfleach den dré myn ûngelokken,
‘k Scoe fierfendinne in skûlsté fine
In rêsthûs dêr ik wenje mocht,
Den foun ik harberch, ljochte nocht
Sels yn ‘e toarre sânwoastine.
5.
Slim ho’t ’t needwaer en stoarm my tergje,
Hwet scoe ‘k my jerne hastich bergje.
Wol Heare hjar mei fjûr forsline
Fordiel hjar tonge, brek hjar spraek:
De stêd is fol gewelt en wraek,
De fromme falt yn need en pine.
6.
By nacht en dei gean s’ oer hjar mûrren
Om hounsk to nettljen en to skoerren,
De moeite en de oertwang troanje binnen,
Fordjer en ûnheil riist oerein,
Bidroch en list stiet op hjar plein
‘k Sjuch op hjar strjitten ’t ûnrjucht ’t winnen.
7.
’t Is my gjin fijân, wreed fen sinnen
Ik hie syn hún noch drage kinnen! -.
‘k Waerd slim fen felder leed tostitsen;
’t Is myn trochstringse hater net
Dy’t wreed him opbliest om myn smert, –
Ik hie my wol foar him biditsen!
8.
My sloech de man dêr’t ik op boude,
Myn frjeon, myn likens, myn bitroude,
Mei hwa’t ik sûnder erch forkearde,
Wy gyngen siblik, roun en from
Yn ’t Godshûs nochtfol mei’noar om
As ’t Bounfolk jubljend God forearde.
9.
Och det de dea hjar ryk forballe,
Mocht dy as strûp hjar lea oerfalle,
Hjar libben smite yn ’t nearst der helle!
Hwent boazens, ta der frommen smert
Is yn hjar wente, is yn hjar hert;
Och mocht hjar God ta’n toanbyld stelle!
10.
Al wird ik slim fen ’t leed oerstjelpe,
Ik rop oan God, Hy scil my helpe,
‘k Scil jouns en moarns en middeis kleije
Al swalkje ik om yn tsjusternis
De Heare heart myn stimme wis,
Hy scil ’t my twingjend ûnk forjeije.
11.
Hy jowt my frede en rêst nei ’t striden
Al wiern’ hja machtich allersiden,
God heart me en scil myn fijân pleagje,
Hy, Dy’t fen âlde tiden sit
Scil, dy’t fen gjin forbett’rjen wit
Yn grime slaen, mei ’t leed oerweagje.
12.
By him is frjeon noch spylfeint feilich
By him forboun noch eden heilich;
Nea sprekt er trouwe en fêste wirden,
Syn mûle is glêd, syn herte striid,
Syn tonge is sêft, syn binnenst niid,
Syn uteringen bleate swirden.
13.
Bring al dyn noeden, alle lêste
By God, Hy soarget for dyn rêste;
Fortrou op Him, Hy scil dy hoedzje;
Hy lit net ta detst’ wrigje scoest’
Detst’ nearne rêdding fine koest’:
Hy scil rjuchtskeepnen trou bihoedzje.
14.
Jy litte o God, hjar de útein fine
Jy stjitte hjar yn ’s ûngrouns pine;
Dy’t hjar ta bloed en list bijowe
Falle op ‘e helte fen hjar dei
Yn ’t kwea fortieze ranend wei;
Mar ik, ik scil op Jo bitrouwe.
================
Psalm 56.
1.
Genade – o God, wêz nei Jins ginst my mei,
De minske stiet my tergjend yn ‘e wei
Dy’t my bistriidt kringt op de gânske dei,
Hja siikje me – op to slokken,
Dy’t my biloert, triuwt djip me-yn de ûngelokken,
Hy winsket my mei knipend jok to drokken,
‘k Sjuch tsjoeden great yn machtich tal oantrokken
Wêz Heechste, wêz dochs nei.
2.
Al bin ‘k bineard mei freze yn ’t hymjend hert
‘k Scil dôchs, o Hear, fortrouwe yn al myn smert
Op Jo, Dy’t elts, dy’t nei Jins wirden heart
Mei nocht en frede spiizje;
Yn God scil ik. syn djûr ûnthijtten priizje,
‘k Fortrou op Him, heech mei myn lofsang riizje,
Ik freezje net, ‘k scil nochtfol ear biwiizje:
Sa skaedt nin flêsk my net!
3.
Dit boaze folk fordraeit myn wird en bea!
De hiele dei bisiikje sy ’t mei ’t kwea;
Hja sku3lje gear, sy loere nei myn lea
Sy driigje nei myn siele.
Scoe den dit ras, mei ’t ûnrjuchte yn hjar kiele
Frij útgean, nea Jins sterke grime fiele?
O wol dit skaei, dat my torop’t forniele
Mei ’n huvringswarte dea.
4.
’t Is Jo bikend, ik waerd forspein, fordreaun:
Myn triennen binn’ dôchs yn Jins flesse bleaun!
Is ’t net myn God, op Jins register skreaun
Net yn Jins rôlle, o Heare?
Foarfêst, ’t scil God, honear ik bidde, oandeare
Myn dage riist, de sinne kliuwt yn ’t kleare,
Myn fijân scil forskriljend earsling keare
Sterk bliuwt myn God, myn Frjeon.
5.
Ik romje yn God, Him loovje ik bliid fen hert,
Syn ivich wird haw ‘k út Syn mûle heard,
‘k Fortrou op Him, ‘k forskrik noch freezje net
Hwet scou my ’n minsk ûntstjitte?
‘k Folbringe o God, hwet ik Jins tsjinst ûnthjitte,
Scou ‘k ta Jins ear ’t loffoffrjen oait forjitte?
‘k Mei yn Jins tsjinst myn libbensropping witte:
Jy haw my ’t libben rêdt.
6.
Jy wierne o Hear, de fêstens for myn moed,
Jy stipen my tsjin tsjuster-twange noed
Tsjin ûnk en dea, tsjin oanstjit for myn foet,
‘k Untkaem út leed en pleagen,
Gods hân loek me op út wylde wetterweagen
Sa swiigje ik net, sa wanlje ik foar Gods eagen:
Dy’t fêst op my, ta myn bihâldnis seagen:
‘k Fyn ’t libbensljocht yn God.
================
Psalm 57.
1.
Wêz my o god, wêz my genadich, bliuw
Myn libbensljocht, myn siel bitrout op Jo,
Myn taflecht is Jins feilige wjuk alline
Dêr skûlj’ ik oan’t myns fjians kweabidriuw,
D’ ûnheilien en fordjerrings oergien binne.
2.
Ik rop oan God, Dy’t yn ’t forheevne sit,
For my folbringt as ik gjin romte wit:
Hy stjûrt my help tsjin dy’t myn siel forgnauwe;
Yn skande falt, dy’t my, Gods feint forstjit,
God stjûrt Syn ginst, en steunt my mei Syn trouwe.
3.
Ik liz yn ’t mids fen liuwen, slim oerstjûr,
Hja gnarse yn grime en sjitte lôgjend fjûr,
’t Binn’ minskebern mei swiere en hirde wirden
Hjar tosken binne as skerpe pylken njûr.
Hjar tongen stekke as fjurrich slipe swirden.
4.
Forheevje Jo fier boppe ’s himels trâns
O God, lit sjen oan de ierde in swiden glâns!
Hja hiene in strûp ta myn fordjerren stitsen,
Hja krongen op, ’t waerd my de siele oermâns, –
Dêr waerden hja fen eigen kûle oerditsen!
5.
‘k Wird sterke yn ’t hert ta ’s Heechsten lof en ear;
Ryk riizt myn sang nei ’s himels hichten klear,
‘k Wol krêftich Him mei blide psalmen sjonge,
Him romje ik heech, Him de ivige Opperhear
Him priizje ik great mei willefolle tonge.
6.
Weitsje op myn ear, weitsje op myn sin, myn moed,
Nim harpe en lút, mei sterke hân bistjûrd,
‘k Scil tankjensfol by de earste dage ûntweitsje
Ik loovje by de folkenn ’s Heechsten goed,
Ik moat Jins rom de naesjes kenber meitsje.
7.
Jins ginst O Heare is great oant himelblau,
De heechste wolk is tsjûge fen Jins trou.
Forheevje Jo boppe eltse himelseale;
Bring heil oer ’t folk fordoarme yn ûnk en rou;
Oer de ierde mei Jins hearlik wêzen preale!
================
Psalm 58.
1.
Dû gearkomste – om to rjuchtsjen sitten
Blizze jim de grounfêst sljucht,
Bitsjinje jimm it suvre rjucht,
Torjegeand mei Gods heilich hijtten?
Kin ’t founis oer ‘e minskebern
It ljocht der binlikheden sjen?
2.
Né, ’t ûnrjucht hearsket yn ‘e seale
Hja geane mei forkeardens om,
Hja bûge it rjucht, hja hanlje krom,
’t Gewelt oerswierret op ‘e skeale;
De boazen, for Gods heilwird dôf
Gean God, fen memmeskirte oan ôf.
3.
Fen bern ôf, slagge ljeagensprekkers
God wirden dwyljend yn ‘e wyn;
Yn herte en mûle leit fenyn,
’t Binn’ slangen, deadlikhjitte stekkers;
Hja jowe om wird noch sizzen mear
Mar stopje lyk in njirre ’t ear.
4.
Lyk dy hjar net bilêze litte
Sa wolle ek dizzen net forstean
Mocht sterk de spreuk ek tsjin hjar gean;
Wol, God, de tosken hjar ûntstjitte,
Rok jonge liuwen slij nei bút
De wrede kiezzen rimpen út.
5.
Lit hjar as ’t rinnend wiet fordwine
Meitsje al hjar pylken stomp, bidoarn;
Dy boaze sjitter moat aloan
As rûchte, as ôfsnien gêrs fordwine;
Gin hjar gjin treast, gjin rêst, gjin plak
Lit hjar torane allyk in slak.
6.
Wol hjar allyk in misdracht smeitsje,
Hja meije dau noch dage sjen,
Nim wei dy tsjoede minskebern,
Noch scil de pôt gjin toarnfjûr reitsje
Ef Hy nimt grimich op dy dei
Hjar libben mei Syn stoarmwyn wei.
7.
God fjuchtet for der froeden sake:
’t Rjuchtfeardich folk, mei ’t heil bitocht
Forblidet him om’t God it socht,
En skôget nochtfol op ‘e wrake;
Hjar waskje mei ryk-júchjend moed
Hjar foetten yn der boazen bloed.
8.
De minsk scil ringen froalik sizze:
Ja dôchs, dêr is in suver rjucht!
Dôchs wint de froede minske frucht
Al mei him ’t leed yn ’t lytse lizze;
Wis, God bistiet, Dy’t alles sjucht
En de ierde founist nei Syn rjucht.
================
Psalm 59.
1.
Forlos me – o God, út ’s fijâns hannen,
Nim ginstich wei hjar stûfe bannen,
Lit me – yn hege wente stean,
Tsjin hjar dy’t my op ’t libben gean’,
Forlos my fen dy’t my bistride,
Hja hingje – it ûnrjucht hjar op side,
Gean dôchs to kear dat hitsich moed,
Hja toarstje – en longrje nei myn bloed
2.
Hja lizze lagen tsjin myn siele,
Hja machtich, wolle my forniele,
En dôchs haw ik hjar nea misdien,
Gjin sûndich stik tsjin hjar bigien,
Dat haw ik net op myn gewisse!
Sjuch, ho’t hja ta de striid hjar risse,
Weitsje op, kom my tomiette o Hear!
En sjuch, en gean dit ras to kear.
3.
O greate God, wol dôchs ûntweitsje,
En dizze naesjes straffend reitsje!
Kastij nei skild dy minskebern
Lit hjar Jins wisse wrake sjen.
Det sy aloan yn ’t lijen stykje
Dy’t sûnder trou fen ’t ûnrjucht prykje;
Hja gjin de stêd om, joun op joun,
Mâltjirgje en gûle allyk in houn.
4.
Hja sprekke smaed en flokbre wirden
’t Is by hjar smeulen net to hirden
Hja ride ús nei, hja sparje net,
Hwa heart it, – sprekt hjar bluistrich hert.
Mar Heare, Jy scill’ hjar bilaitsje
En mei hjar wrotten Jo formeitsje
Jy spotte mei der ydlen waen,
Hjar bliezen en hjar bluistrich dwaen.
5.
Myn fijân meije oer greatens sprekke
Jins sterktme o Hear, scil my bidekke;
Sa sjong ik blide in kinstich liet,
Oan Jo myn hege skûl, myn ried.
Myn God scil nea Syn feint forjitte
Hy komt goedginstich my tomiette,
Dré makket Hy myn hatren kjel
Ik sjuch op hjar, dy’t sonken, del.
6.
Wol hjar net gysten stjerre litte
Den mocht myn folk to ring forjitte
Det Jy mei macht der tsjoeden lea
Oerjowe oan ’t eigenwirke kwea.
Lit hjar yn ’t skroeide en ’t woaste doarmje,
’t Moat oer hjar hollen tongrje en stoarmje:
En smyt o God, myn skyld, myn ear,
Dy húnders del mei kniezend sear.
7.
Lit oer hjar sûnden straffen komme
Meitsje om hjar wirden hjar forstomme,
Slach om hjar heechmoed s’ yn ‘e bân,
En bring hjar flok oer hûs en lân.
Lit hjarren ’t eigen swarren knieze,
Meitsje yn hjar ljeagnen hjar bitieze,
Nim hjar troch pleagen dei by dei
Yn grime, nocht en wêzen wei.
8.
Lit hjarren yn ’t fordwinen witte
Det Jy, myn God as Hearsker sitte;
Op Jakob binn’ Jins ginsten lein,
Jins machtwird rikt oant ’s ierdryks ein.
Lit den hjar komme, joun op jounen
De stêd omrinne en gnúvje as hounen,
Lit den hjar swalkje en suchtsje om brea
Oernachtsje mids it hûngerkwea.
9.
Ik scil fen Jo, myn Sterktme sjonge;
In júchjend liet riist op myn tonge,
Ik bûgje loovjend foar Jins troan,
‘k Bijúblje Jo yn de iere moarn,
‘k Scil froalik trou Jins gollens priizje
Jins myldens fromme tank biwiizje:
Jo haw me yn bangens, leedzje en lêst
In heech forbliuw, in taflecht west.
10.
Ik scil, dêr’t Jy Jins wolbihagen
Bitoanden yn myn neare dagen,
Fen Jo, dy’t krêften jowe en treast
De psalmen sjonge, bliid fen geast.
’t Is my sa noflik, rom to moede:
Myn taflechtsoard biskikt my ’t goede,
In ljochtsjend lân, in myld biskot:
Jy binn’ myn ginstich-goede God.
================
Psalm 60.
1.
O God! Jy hiene -yn ’t leedzje – ús laet,
Us folk forwirpen en forstaet,
Us gea toskoerd ús erfnis slein;
O hylje – ús, nimme – it kwea in ein!
Jy lieten de – ierde skodzje; – ús lân
Forspalte-en splitre fen Jins hân.
Genêze-o Hear, syn slimme brekken,
It wrigget fen Jins flendich stekken.
2.
Jy lieten oan Jins teistre bern
O Heare in hirde sake sjen,
J’ omwolkmen ús de sinneskyn
Us drank wier dwyl- en swimelwyn;
Mar nou haw J’ ús op frijer groun
In fleurich wapprjend findel jown,
Sa helje wy wer rommer siken.
Jins wierheit docht Jins heil ús bliken.
3.
Jow Hear, nei al ús eangstme en striid
’t Biminde folk wer rommer tiid;
Bring ’t heil ús ta mei mylde hân;
Forhear ús, stypje it suchtsjend lân.
God spriek ta ginst yn ’t hillichdom:
Ik jublje fen myn heil, myn Rom,
‘k Scil Sichem partsje, Sukkoth mjitte
Dêr mei ik lân en dal bisitte.
4.
Dêr bûgt him Gilead foar my
Manasse fielt myn hearskippij,
Oer Efrim, dat him foarstlik hâldt
Fier ik myn prinslik heech biwâld,
It bliuwt de sterktme fen myn Ryk,
Mar hwa is oan myn Juda lyk?
Hjir stiet myn troan, hjir mei ik sitte
En lit it folk de wetten witte.
5.
’t Heechhertich Moab fielt myn bân
Is as in wasktobbe yn myn hân,
Ik stel myn skoech op Edoms goed,
Dêr bûgt de berch him for myn foet.
Júch Palestine yn sangen nij,
Sjong reuzeslachte, jublje om my!
God hat my hjir as Kening setten
Ik jublje it út fen blider herten!
6.
Hwa fiert my op, hwa liedt my wis
De stêd yn, dy’t bibolwirke is?
Hwa stiet my by, hwa stelt my fêst
Op Ezaus berch, yn Edoms nêst?
Scil Jy ’t net wêze o greate God!
Jy Dy’t ús joegen oan ‘e spot
Dy’t mei ús legermacht net teagen
En nei ús jammersteat net seagen?
7.
Wy smeekje o Hear, wol helpe dwaen
Wol sels de ûnderdrukkers slaen,
Hwent minskeheil is neat as skyn
Hjar bystân idelheit en wyn.
Mei God gean wy de fijân tsjin,
’t Is God, Dy’t krêftfol helpe kin,
Hy scil, dy’t ús sa stûf biklâdzje
’t Fijânnich folk yn ’t stof forwâdzje.
================
Boarne: Privee kolleksje)