A.M. Wybenga Psalmen -71 t/m 80.
71 – 72 – 73 – 74 – 75 – 76 – 77 – 78 – 79 – 80
Psalm 71.
1.
O Hear ik mei op Jo bitrouwe
Fest mei folstânnich hert;
Biskamje – altyd my net,
Lit my net ivich doarmje – yn rouwe;
Jow útkomst nei Jins rjuchten,
Forlos me – en hear myn suchten.
2.
Wol my in rots ta wente biede
In boarch, in feilich plak,
In rêstich ûnderdak;
Wol tsjin der minsken list my liede,
Lit sjen, det Jy myn sinne
Myn rots en fêsting binne.
3.
Lit me út dy tsjoede hân ûntkomme
Fen him dy’t ûnrjucht docht,
Mei ynlik sielenocht,
Tirannich, greatsk en ûnbiskromme;
‘k Mocht fen myn jeugd ôf, Heare,
My hoopjend ta Jo keare.
4.
Hie net Jins hân my laet en droegen,
My woldwaend west en skoan
Fen de earste stoune ef oan, –
‘k Hie wei west do’t my minsken sloegen;
Nou mei ‘k mei herte en tonge
Jins lof alle ûren sjonge.
5.
‘k Mocht follen as in wûnder lykje;
Jy stienen, Heare, my
As sterke taflecht by!
‘k Mei nou mei lof Jins antlit sykje
Ik siz Jins hearlikheden
Yn tanksang en gebeden.
6.
Wol greate God, my net forsmite
Wêz mei myn âlderdom
Nou’t ik op jierren kom;
Lit nou’t myn krêften daegliks slite
My net fen ’t goed forstjitte;
Wol nea myn jeld forlitte.
7.
De fijân siket my ta krinken;
Hja sprekke ta myn kwea
Hja winskje nei myn dea
En loere en wachtsje nei myn sinken;
Hjar rieplacht hetsich spritsen
Is ta myn ûnk bistitsen.
8.
Hja sprekke: “God hat him forlitten
Forfolgje, set him fêst;
Hy fynt noch skûl noch rêst
Gjin helper wol fen sa’n ien witte!”
O God stean net fen fierren
By ’t stekken fen dy njirren!
9.
Wol hjar o God, biskamme meitsje;
Fortar hjar, en forniel
Dy striders tsjin myn siel,
Lit hjar fen smaed tobûke reitsje
Mei skande oerditsen wykje
Dy’t nei myn ûnheil sykje.
10.
Ik scil yn God folstannich wachtsje,
Nòch fynt myn mûle stof
Ta rike en riker lof;
‘k Scil bliid Jins rjucht en heil bitrachtsje,
En lit Jins ginsten witte
Al fyn ik tal noch mjitte.
11.
‘k Mei yn myn ’s Hearen krêften komme
En sizze yn ’t herte bliid:
Gods krêft en macht is swiid
Heech stiigt Jins rjucht, en heech Jins romme;
Jins suver rjucht allinne
Scil ‘k útsprekke en biminne.
12.
Jy haw my fen myn earste dagen
O Heare, leard en laet
Op ’t suvre, rjuchte paed
Jy toanden my Jins wolbihagen, –
Nòch bring ik bliid fen sinnen
Jins dwaen Jins folk to binnen.
13.
Wol me yn myn grizens net forlitte
Oant ik Jins earm en macht
Forkindzje oan ’t kommend slacht:
‘k Mocht me yn sok tsjûgen lokkich witte, –
Mocht ik Jins eale dieden
Ek fierders romje op ierde.
14.
‘k Sjong bliid fen moed Jins suvre ljochten,
’t Rjucht dat omhegens riist
Nei ’t grêf it kwea forwiist.
Jy, Dy’t sa greate dingen brochten
Det alle foarsten wykje:
O God, hwa mei Jo lykje?
15.
Jy lieten my bineardens priuwe,
Faek sloech my skeinend leed,
Dôchs stipen Jy me yn need
‘k Scil yn Jins ginsten libjend bliuwe;
Ik, út ‘e djipten litsen,
Bin mei Jins wjuk oerditsen.
16.
Jy wolle my forheegje út rouwe
Jins treast wier my ta skoan;
Sa ûnder ’t folk aloan
Priizje ik op harp en lút Jins trouwe,
Scil ik mei herte en tonge
De Hillge Isrels sjonge.
17.
Myn lippen scille júbljend priizje
Det ik Jins ginsten fiel
Oan myn forlosse siel,
Heech scil myn lof by dagen riizje
En sprek ik oer de segen
Fen ’s Hearen rjuchte wegen.
18.
Sa loovje en júblje ik ’s Hearen namme,
Him, Dy’t nei ’t suvre rjucht
Nei my, Syn tsjinstfeint sjucht;
Hwent al myn haters stean biskamme:
Hja, dy’t myn ûnheil tinke
Moatt’ dré fen skamte sinke.
================
Psalm 72.
1.
Jow Hear, Jins rjuchtens wiis en heilich,
De kening op syn troan,
Mei Jins rjuchtfeardigens, dy’t feilich
Bistjûrt des kenings soan
Den scil hy ’t folk, dat Jy him joegen,
Regearje wiis en sêft,
En hjarren dy’t ilinde droegen,
Rynsk bringe – op nije krêft.
2.
De bergen scille freede drage
De klingen rjucht en wet,
Der riist oer ’t lân in gouden dage
Dy ljochtet yn ús hert.
De ilindigen scill’ ’t lok wer fine
It heil strielt oer hjar bern;
Mar dy’t hjar nettlje scill’ forkwine,
Geande yn in wink forlern.
3.
De frees for Jo scil, Hear hjar bine
Oan de ienich goede wei,
Salang de sinne en moanne skine
Oant de alderlêste dei.
As drippen, dy’t op ’t nijgêrs reine
Dat hjit fen toarst forstjert,
Sa saeit Jins Geast mei mylde seine
Jins tsjinders ryk yn ’t hert.
4.
’t Rjuchtfeardich folk scil dije en groeije
Syn heil- en loksteat kliuwt;
Yn frede scil it ierdryk bloeije
Salang de moanne bliuwt.
Fen sé oant sé scil Hy bistjûre
De folken fier en hein
Him earet djip Eufratus’ oere
Mei ’s ierdryks uterst ein.
5.
It woast folk scil foar Him bûgje
De fijân falt yn ’t stof,
’t Ryk Tarsis scil earbiednis tsjûgje
’t Bringt skatten nei syn hôf;
De keningen fen fiere lannen
Wit hwa’t s’ as Oerste ha,
Ut Seba’s lân, fen Skeba’s strannen
Fier sy him jeften ta.
6.
Ja, Him bringe alle foarsten eare
Ho heech fen rang ef steat,
De naesjes tsjinje Him, de Heare
Hwent Hy allinne is great.
Hy scil ’t bihyplik hert genêze
Dat hymjend om Him bidt;
Hy scil for de earme in Helper wêze
Dy’t al syn freezjen wit.
7.
Hja, dy’t yn need troch ’t libben kwine
Jowt Hy Syn ûnderstân,
Hy helpt earmoedgen út ‘e pine
Mei Syn forheven hân.
Hy wit hjar sielen to bifrijen
Ut listen en gepleach,
Hjar bloed, hjar triennen en hjar lijen
Binn’ dierber yn Syn each.
8.
Troch de ieuwen wirdt syn tiid forlinge
’t Ljocht strielet oer syn wei:
Men scil him ’t goud fen Skeba bringe
Him seegnje yn blide dei.
In hânfol koarn, yn ’t berchtme siedde
Dijt sterk in risping fen
Dy’t rûzet, stealik yn syn swierte
As op de Libanon.
9.
De stêdsbiwenners meije bloeije
As ’t keinste en skienste blomt;
Syn ear scil troch de ieuwen groeije
Dêr’t elk Syn dieden romm’t.
Syn namme is heilsum as de sinne
Syn glâns giet nea forlern;
Ut Him driuwt seine oer ’t minskdom hinne
Ta ’s neiteams fierste bern.
10.
Der heidnen lof scil sjongend riizje
Mei blide segenbea,
Sy scille Him loksillich priizje
Dy’t rêdt út ûnk en kwea.
Wy sjonge aloan ús greaten Heare
Dy’t hillge wûnders docht;
Wy bringe oan Isrels God ús eare
Mei ynlik-djippe nocht.
11.
Lûd jowt de lof fen ’s Hearen Namme
Oer hiel de wrâld syn rop!
Syn hearlikens moat de ierde omklamme:
Elk sjongt hjir: Amen, op.
================
Psalm 73.
1.
Dochs wis, ús God is Isrel nei,
Hy docht ús goed, bistjûrt ús wei;
Dy’t lottere fen herten binne,
Is hy aloan in mylde sinne;
Mar al ho goed ik witte mei,
Myn foet wier slimme stroffling nei,
Ik miste ’t doel en ’t rjucht bislút,
Myn trêdden glieden amper út.
2.
Ik seach ’t mei nidige eagen oan
Det dwazen pronkje op hege troan,
‘k Mirk ho’t godleazen hichten fleane,
Op ierde altroch op roazen geane;
Hja witte fen gjin triennebrea,
Der binn’ gjin bannen oant hjar dea,
Hjar krêft is frisk, hja bliuwe soun
En fleurich oant hjar libbensjoun.
3.
Hja witte trochstrings fen gjin leed,
Hja sitte as oaren net yn need,
Hja wirde net mei ’n iizren beage
En net as oare minsken pleage;
Dos dogge hja sa frij, sa rom
De greatskens as in keatling om,
’t Gewelt, sa hird, sa wyld, sa wreed
Leit om hjar lea, allyk in kleed.
4.
Hjar eagen pûdzje fen hjar fet;
De ynbielding fen hjar bluistrich hert
Fljucht wit-hwêr-earne, is slim oermjitte
Dêr’t s’ alle deugd en ear forlitte.
Hja mergelje de minsken út,
En prate slij nei roaf en bút
Tsjoed fen fortraepjen dei oan dei;
Hja sprekke út ydle hichte wei.
5.
Hja stekke God sels nei de kroan;
Hjar mûle taest de himel oan,
Hjar tonge wanlet dryst op ierde
En lit de fromme en de earme bliede.
Dêrom wynt him Gods folk hjir ta
En freget nei it ho en ’s sa
Det it de fromme earsling giet
En ’t wetter oan de lippen stiet.
6.
Den peinzje wy: is ’t wier? scoe God
Wol kinde hawwe fen ús lot?
Scoe de Alderheechste siker witte
Ho djip wy hjir yn ’t ûnleech sitte?
Hen, dizzen binn’ godleas en wreed,
En dôchs hjar slacht gjin moeite ef leed,
Hja hawwe rêst, it giet hjar skoan
En hjar bisit wint jimmer oan.
7.
Sa haw ik den omdôch myn hert
Aloan op Gods geboaden set;
‘k Haw om ‘e nocht fen sûnde en klâdden
Myn lottre hannen suver hâlden
Hwent pynlik geane dei by dei
De pleagen as myn skaed my nei,
Ik tref bytiid, yn ‘e iere moarn,
Bistraffing en kastijing oan.
8.
Honear ik spriek: ik gean dy wei,
‘k Fortel, hwet my myn herte sei –
Den scoe ‘k net mear deselde bliuwe
Den scoe ‘k Jins bern fen ’t heilspaed driuwe;
Lykwols, Gods wegen nei to gean
Syn riedling-tinzen to forstean
Wier tiden my to slim en swier,
’t Wier me as in tsjokke dize skier.
9.
Myld hat God oan Syn tsjinder tocht
Hy joecht me yn it hillichdom Syn ljocht,
Dêr docht Er witnis oan de froeden –
‘k Sloech acht op ‘e ein fen d’ ydle tsjoeden:
‘k Seach op hok glystrich kwêdzjend paed
Jins hân heechmoed’ge sûndaers laet:
Hja falle ringen yn in tel
Yn ivige forwoasting del.
10.
Ho gean de sûndaers tel to sink
Forslein, togruzele yn in wink:
De oerdwealske man, de sterke en greate,
Tart hastich wei en falt yn ’t neate.
Hjar weelde is as in drôge nei
It kjel towekker wirden wei;
Honear J’ ûntweitsje, greate Hear,
Bistiet hjar idel hert net mear.
11.
Do’t ik to rimpen tsjin Jo spriek
’t My djip yn ier en sinen stiek,
Do woe myn hjitforbolgen herte
Him net nei ’t Godlik rjuchtdwaen sette;
Ik laei yn djip-rampsilge steat
Unwiis en sinleas wist ik neat;
Ik brocht mysels yn bitter wé,
In ûnforstân by Jo as ’t fé.
12.
Nou slynt de twivel wei, ik bliuw
Bistindich weitsjend ticht by Jo,
Jy woenen me op in hichte sette
Jy haw myn hân, myn rjuchter fette;
Jy scill’ my liede troch Jins ried
Ut al myn lijen en fortriet;
En as myn stof to rêsten leit
Oanskôgje ik Jo yn hearlikheit.
13.
Hwa haw ik boppe Jo omheech?
For hwa scoe boppe Jo omleech
Myn fen Jins hannen sêdde siele
In lôge suvre ljeafde fiele?
Bijowe hjar myn liif en lea
Komt oer myn flêsk de kâlde dea, –
Hja bliuwe stipe for myn siel,
Myn rots, myn heil, myn ivich diel.
14.
Dy’t fier fen Jo, yn ’t boaze stean’,
Scille ûnder swiere flok forgean.
Jy roegje wei, dy’t, sterke Heare
Oerhearrich Jo de rêch takeare.
Mar jimmer tichte by myn God
To wêzen, bliuwt myn heechste skat.
‘k Haw by de Hear myn taflecht socht
En bring Syn wirk by elts yn ’t ljocht.
================
Psalm 74.
1.
Hwêrom o God, haw J’-ús sa slim forstaet?
Moat ivig den Jins grime tsjin ús lôgje,
En wy de lêst fen Jins Forwoedens tôgje,
Binn’ wy gjin skiep, lang fen Jins hannen laet?
2.
Tink oan Jins trou, ús eren ginstfo jown,
Tink oan Jins folk, hwêrop fen âlds Jy pasten
Oan ’t útkard erf, dat J’ yn Jins krêft forlosten,
Oan Sions berch, Jins wente en hill’ge groun.
3.
Kom ringen ta en sjuch de púnheap oan,
Sjuch ho’t de stêd fornield leit en forgetten,
De fijân hat syn pylken op ús sketten
En alles leit yn ’t hillichdom fordoarn.
4.
Jins fijân hat mei nidich woast gewelt
Op ’t wijde sté ’t útraesd lyk liuwen balte;
Jins hûs leit plat, fen ’s haters hannen spalte,
Yn ’t hillichdom haw hja hjar teiknen steld.
5.
Hja skeine ús slim, nimme op gjin rjuchten acht,
Hja hawwe it Hûs togruzele en tostitsen
Hja hawwe it sté, Jins lottre wenplak britsen
Lyk men de bile yn ’t opgeand kaphout slacht.
6.
Sa woedzje hja, ’t fornielen nimt nin ein,
Hja kapje en slagge, en brizelje en fordjerre
De pylders, de gravearsels allegearre
Binn’ hompend mei houwielen stikken slein.
7.
Hja joegen dryst Jins hillichdom oan ’t fjûr;
Nea haw hja hjar it spotske ûntheilgjen skamme,
Sa sljuchten hja de wente fen Jins Namme
En sloegen oan Jins hûs d’ ûnhillge kloer.
8.
Hja sprieken op: ‘Lit ús dit hiele lân
Utroegje, det hja fen gjin opstean witte;
Wy scill’ se dré yn kûlen sinke litte!”
Sa stieken s’ al Jins timpels yn ‘e brân.
9.
Wy sjugge heil noch hope ef teiken mear
D’r is gjin profeet mei ljochtsjend rêdding-sizzen,
Net ien dy’t wit, ho lang ’t yn lijen lizzen
Yet dûrje scil; de nacht falt tsjok en near.
10.
Ho lang o God, scil yn ús felle smert
De tsjinpartij ús mei syn hún oerlaedzje?
Scil ivich sy Jins namme groulik smaedzje,
En merke Jy dy fûle laster net?
11.
Hwêrom o Hear, ha Jy Jins mylde hân
Fen ús, Jins folk, yn ’t slim fortriet ûnttritsen?
Och waerd er út Jins boezem hastich litsen!
Och meitsje in ein en bring wer frede oer ’t lân!
12.
Ho near ’t me ek is, dôchs is myn God myn ljocht
Myn kening en myn heil fen âlde tiden,
Dy’t útkomst joech en stipe en hertsforbliden,
Dy’t mids op ierde in tal fen wûndren wrocht.
13.
Jy spjalten mei Jins krêft de Reade sé,
Jins folk is oer syn droege boaijem tritsen,
Yn ’t wetter binn’ de drakekoppen britsen,
Sa rêdden J’ ús fen ’t op ús loerend wé.
14.
De koppen fen ’t Great-bist haw J’ yn ‘e groun
Forbrysle, det se nea wer nei ús wize;
En Faro mei syn feinten haw J’ as spize
Oan ’t roavjend djier der woastenijen jown.
15.
’t Wier Heger ginst, dy’t myld ús útkomst joech
En welle en beek mocht út ‘e rotsen komme,
En foar ús foet haw J’ ús it paed forromme:
Jy makken djippe en sterke streamen droech.
16.
Jins is de dei, Jins hân bistjûrt de nacht,
Jy makken ’t ljocht, Jy skoepen stjir en sinne,
It is fen Jo, lyk ’t ierdryks iggen binne,
De simmer mei de winter tsjûgt Jins macht.
17.
Tink God, tink oan Jins dieden fen alear:
De fijân hat Namme smade en hune,
It dwaze folk, de oerhearrige skarlunen
Stean skimpend op, hja lastrje dryst Jins ear.
18.
Lit dôchs dit skaei, ’t fretlustich, hetsich djier,
De siele fen Jins toarteldou net fine!
Lit net ús hope yn neare nacht fordwine:
Forjit ús net: it leit Jins earmen swier.
19.
Skôgje op en tink oan ’t hillich-sein forboun
Bring drok en skande oer Isrels stûfe boalen;
It lân is fol fen tsjustre moardnershoalen,
’t Gewelt giet sterk ús sleine kriten roun.
20.
Jow, machtich God, forwâdden blider dei,
O lit Jins slim forhunen net biskamme!
Det de earme mei de ilindige Jins Namme
Mei krêftich liet en lofsang priizje meij’!
21.
Riizje op o God, kom op for eigen saek;
Tink oan ‘e hún dêr’t hja tsjin Jo mei swarre;
De oerdwealske hat de hiele dei Jo narre:
Bitoan o Hear, om al dy lêst Jins wraek.
22.
Forjit it lûd fen Jins bistriders net,
Hja tiere oerstjûr, ’t lûdroftich skimpend roppen
Stiigt oer Jins fjild al tiden lang nei boppen:
Dat wyld geraes, dat tsjin Jins ryk him set.
================
Psalm 75.
1.
Jo allinnich loovje wy,
Ja wy loovje – ús heech ûntwyk,
Hwent Jins Namme – yn eare ryk,
Is ús ta ús bliddens by!
Sa fortelt men yn Jins lân,
Heech de dieden fen Jins hân.
2.
Jowt myn God my ampt en tiid
‘k Rjuchtsje dan yn binlikheit;
Ho’t it lân forheistre leit
‘k Meitsje dy’t forskodden bliid;
‘k Sette bôge en pylder fêst
‘k Joech de stammen nocht en rêst.
3.
‘k Siz tsjin dwazen, dom en steech:
Wêz net sûnder sin ef slot!
Tsjin de tsjoeden: tink om God!
Draech jimm’ hoarnen net sa heech,
Net sa heech, tsjin God en wet
Sprek mei stive halzen net!
4.
Gjin gefal, gjin soarch ef list
East noch west, woastyn noch sân
Draecht forheegjen yn ‘e hân ;
God is rjuchter: Hy bislist!
Dizzen docht Er ’t oardiel oan
Oaren set Er op ‘e troan.
5.
Hy hâldt yn Syn hân in tsjelk,
Skomjend brûst Syn grimewyn
En Hy jiet de folken yn;
’t Slymjend grounsap sûget elk
Dy’t godleas de Hillge stiet,
Dwers tsjin Syn geboaden giet.
6.
Ivich meldzje ik ’s Hearen dwaen,
’t Ut to jubljen is geniet,
‘k Wij de God fen Jakob ’t liet,
‘k Scil dy boaze hoarnen slaen;
Der oprjuchten macht en ear
Riist omhegens, ljocht en klear.
================
Psalm 76.
1.
God is bikend in Jud’s lân,
Dêr mirk Syn folk Syn greate hân,
Syn namme – is heech oer Israël,
Yn Salem stiet nei wiis bistel,
Syn heil’ge hut, Syn wijde tinte,
Op Sion riist Syn ljochte wente.
2.
’t Wier God, Dy’t ús fen treasting spriek,
De fjûrge pylk yn grús tobriek;
Dêr sloech Er mei ien inkeld wird
De bôge en ’t Skyld, de kriich en ’t swird.
Jy binne hearlik, heech to duchtsjen,
De oerâlde bergen skrilje en suchtsje.
3.
Dêr wier de oerdwealske lyk in skiep,
Dêr foelen hear en feint yn sliep.
De dryste hie gjin hannen mear;
Jy flokten grimich ’t heidensk hear
En wein en hynsder is as dronken
Yn djip bitize dodze sonken.
4.
De freze is oer ús siele fearn;
Hwa Heare, scoe for Jo bistean
Honear Jins grime oer ’t folk ûntstiek?
Jy binn’ ’t Dy’t heech it oardiel spriek;
Jy rjuchten ’t Al en de ierde skrille
Swei op Jins sterke stimme stille.
5.
Do’t de iiv’ge God Syn founis sloech,
’t Sêftaerdich folk forlossing joech,
Swei al it skepsel skodzjend stil. –
Der minsken hjitte grime scil
Jins greate lof noch greater meitsje;
Sa mei Jins eare al heger reitsje.
6.
Jow jimme ûnthjitten ta Syn ear
Bitelje ’t seine oan Isrels Hear;
Bitelje ’s herten djûre skat
O folken wiid yn ’t roun, oan God;
Bring de ealste jeften trou en earlik
Him Dy’t ûntsachlik is en hearlik.
7.
Jow Him jimm’ hert, Dy’t kening sit,
Al de oermoed fen de greatsken wit;
Dy’t nimt sterk op Syn oardielsdei
Der foarsten geast as druven wei,
Dy’t ierdekeengen, ho fol eare
To duchtsjen is, en fiert yn ’t neare.
================
Psalm 77.
1.
Myn gegûl, myn kritten roppen,
Stigt út eangst en leed nei boppen;
‘k Sizze – oan God: Ik swymje sa! –
En Hy niigt Syn ear my ta,
‘k Socht him yn myn stûfe dagen,
‘k Haw by nacht myn leed him klage,
‘k Frege – oan God myn Heilûntslút,
‘k Stiek myn hânnen biddende út.
2.
Djippe ilinde boun myn siele
‘k Wegre treasting en skewiele;
Sels by ’t tinken oan myn God
Dreau de skimer oer myn lot;
Kreune moat ik fen myn pinen,
Sûnder ’t utrjend wird to finen;
‘k Waerd oerstjelpe slim en fel
En myn siel falt hymjend del.
3.
‘k Snokkere oerstjûr nei fredich sliepen
Mar myn eagen bleauwen iepen,
Sa forheistre, yn ’t herte slein
Haw ik yn de ilinde swein.
Peinzje moat ik oan de dagen
Fen Gods foarich wolbihagen,
Oan de jierrenj, lang forflein,
Oan de ginsten, fier fortein.
4.
‘k Tocht wer oan myn snaren, ‘k tochte
Ho’t Gods hân my rêdding brochte;
Tinke moat ik yn ’t fortriet
Oan myn foarich riizjend liet:
’s Nachts fortsjustre fen ‘e smerte
Spriek ik triljend yn myn herte
En myn geast gong ’t siikjend nei
Mar ik foun gjin ljocht, gjin wei.
5.
‘k Tocht: scil God ús kermje litte,
Hy Syn hymjend folk forstjitte?
Op Syn folk gjin acht mear slaen
Gjin bihaech noch goed ús dwaen?
Scoed Er fen gjin ginst mear witte
Us net jaen hwet Hy ûnthjitte?
Sjen wy nea wer helpe-glâns
De ieuwen troch, de slachten lâns?
6.
Scoe de Heare it folk forjitte,
Noait mear fen ûntfermjen witte?
Sleat Er Syn barmhertens sa
Mei Syn hjitte grime ta?
‘k Sei dêrop: dit moat my krinke
O hjir mei ik net om tinke:
Is ús Hearen rjuchterhân
Den foroare oer folk en lân?
7.
‘k Bring my ’s Hearen wirk tobinne,
’s Heechsten dieden fen foarhinne,
‘k Scil wel op Jins wirkjen sjen
En nei ’t hoedzjen oer Jins bern;
Bliid scil ‘k op Jins wûndren achtsje
De útkomst fen Jins dwaen bitrachtsje,
‘k Scil wer fen Jins rom en wei
Sjonge en tsjûgje, nacht en dei.
8.
Hillich binne o God Jins wegen
Yn Jins oardiel, yn Jins segen;
Hwa o heech en sterk ûntwyk,
Hwa is great en Jo allyk?
Jo, Dy’t for Jins Isrel fjuchtsje
Wûndren ta ús heil forrjuchtsje!
Hear Jins macht en ljochte rom
Prielet heech oer ’t heidendom.
9.
Jy hawwe eren ús forlosse,
Woenen myld op Isrel passe:
Jakobs soannen, Jozefs bern,
Mochten hearlike útkomst sjen,
Greate God, de wetters seagen
Ho J’ op ’t paed fen Isrel teagen,
’t Wetter joech him ôf en del
De ûngroun beve en skokte kjel.
10.
Wolkems skouden, wolkems tomlen,
Wetters foelen, slaggen romlen;
Fjûr en pylken, fier yn ’t roun
Fleagen oer de ûntheistre groun.
Hearlik sieten J’ op Jins troane
En de swiere tonger droane,
’t Skerpe, gleone wearljochtfjûr
Flitste ’t beevjend ierdryk oer.
11.
De ierde skodde oer al Jins pleagen,
Skomjend skolpren heech de weagen,
Troch de wetters gyng Jins wei
En der bleau gjin foetleast nei.
Jy, Dy’t sterk Jins feinten laetten
Nea fen ’t hillich Bounfolk skaetten
Brochten hjar mei Mozes’ hân
Feilich nei ’t bilove lân.
================
Psalm 78.
1.
Wol nou, myn folk, myn ûnderjucht fornimme,
Niigje – ear en herte – en harkje nei myn stimme!
Myn rede lit jim súvre wizens witte,
Myn spraek scil djip ’t forhoalne strome litte,
Sa wiis ik op Gods wirk en wûndren swiid,
Dy’t Hy forrjuchte-yn lang forteine tiid.
2.
Dy wûndren, dy’t wy hearden, oer ús ljochten
Us fadren mei formeits hjar neisied brochten
Scill’ wy ek for ús soannen net bidekke;
Tsjin ’t kommend slacht’ scil wy yn blidens sprekke
Oer ’s Hearen dwaen, hok heil Syn krêft ús wie’,
Hwet wûnder Hy mei machtiger earm ús die.
3.
Syn heech gebot hat Hy yn Jakob setten,
Oan Isrel joech Hy suvre rjuchte wetten,
Det hja hjar bern dêr mei yn kinde brochten
En ’t folgjend team wist hwet J’ yn wûndren wrochten;
God easket det fen ’t fierste slachte it bern
Scil ljocht fen each Syn hearlik wirkjen sjen.
4.
Sa scoene hja op God hjar hope sette
Mei Him foar ’t each, Syn heilswet yn hjar herte;
Net hounsk en stymsk lyk de âlden Him forachtsje
Fordraeid en krûm, ’t fen de ûngod heil forwachtsje;
Hjar herte stie opstannich tsjin ’t gebot,
Hjar geast wiek ôf, hold him net oan syn God.
5.
Hja woenen net fen ’s Hearen tsjûgnis witte,
Mar Efrim doarst moedwillich God forlitte;
Sa liet ek God Syn hjitte grime blike.
De skutter moast for ’s fijân’s hearkrêft wike;
Hja hâlden Gods forboun en sizzen net,
Hja weegren steech to wanljen yn Syn wet.
6.
Syn wûndren hat dit swypkjend folk forgetten,
Hja namen hwet hja seagen net ter herten;
Hjar fadren each hat greate en sterke wirken,
Hat wûndren heech en hillge dieden mirken.
Dêr gyng Syn wrake oer ’t batske Egyptelân
Oer Soäns fjild wier sterk Syn greate hân.
7.
Syn Almacht wist de Reade sé to skieden
’t Forfolge folk droechfoets dêr lâns to lieden;
As op in heap liet Hy de wetters riizje,
Mei eigen hân woe Hy ’t rom paed hjar wiizje;
Deis laette hjar in wolkem, nachts in fjûr,
Sa brocht Er hjar it woaste sânfjild oer.
8.
De hirde rots spjalte op Gods hege winken,
Hy skikte hjar in boarn fen ’t hearlikst drinken,
In breade stream brocht tsjin hjar toarst Syn segen,
Spielde oer it sân, joech myldens op hjar wegen,
Lyk in rivier, dy’t weagjend floeit troch ’t lân
Sa dreau Gods wiet yn ’t bare droege sân.
9.
Mocht ek Gods folk Syn ginst oermierte smeitsje
Nòch doarsten hja yn sûnden hjar formeitsje;
Hja akslen tsjin, forsochten Him, de Hege
Haw nei hjar nocht Syn macht om spize frege,
Hja stelden God de proef, it Albiwâld
Op né ef ja om libbensûnderhâld.
10.
Hja nytgen: kin God yn ‘e wyldernisse
Us nei ús sin it fette op tafel disse?
’t Is wier, Hy sloech de rots, de wetters floeiden,
De beken oer ‘e hjitte sânnen groeiden
Mar kin Er ús ek brea om t’ iten jaen?
Scil ’t folk nei winsk mei flêsk syn mieltyd dwaen?
11.
Soks hearde God, soks hat Er nidich skôge
In fjûr sloech op tsjin Jakob, heech yn lôge;
Hjitbaernend moast Hy Him tsjin Isrel keare
Om ’t húnjend hja net leauden oan hjar Heare;
Hy sloech hjar del, brocht hjar yn nacht en nau,
Om hjar misdwaen tsjin al Syn heil en trou.
12.
Us God dôchs hie de wolkems heech ûnthjitten,
Ta Bounfolks treast Syn rêdding fiele litten;
Hy nei Syn ginst hie ’s himels doar ûntsletten
Syn segen rynsk oer Isrel daujend getten;
Sa haw s’ op reis it Manna t’ iten hawn;
Hy sêdde hjar, Hy joech hjar himelsk koarn.
13.
Sa mochten op hjar paed in lange rite
De minsken ’t brea des Machtich sterken ite;
Hy skikte hjar ’t biderf mei folle mjitte,
Hy sêdde hjar, liet noait hjar hûngrjend sitte.
Syn Eastewyn gyng troch de loften skoan,
Hy fierde myld in suderwaeijinge oan.
14.
Do joech de Hear it flêsk as stof ûntwiten,
Yn oerfloed krige it twingend Isrel t’ iten,
In fûgelhear as ’t swide sân der strannen
Yn machtich tal foel Jakobs team yn hannen,
It foel yn ’t mids fen dy forhirde bern,
Syn leger mocht it om hjar wenten sjen.
15.
Do ieten hja en waerden sêd fen ’t goede;
Hy joech hjar nei hjar brânnich hjitte gloede,
Hy wier hjar nei nei hjar longrich hert to wille.
Nòch ieten hja, do’t al hjar siele skrille,
Nòch hienen hja de spize net forslein
Ef God kaem mei Syn wrake tsjin hjar tein.
16.
Do waerd Gods grime op ’t heechst tsjin ’t folk ûntstitsen,
Do hat Er mei Syn straf de sterksten britsen,
De fetsten daet; de helten foelen ringen.
Noch wier dat skaei net op ’t goepaed to bringen,
Hja koestren troaisk de sûnde oan ’t bluistrich hert:
Hja leauden oan Syn eale wûndren net.
17.
Sa liet Er gean hjar dagen yn fortsjustring
En ydle flecht, hjar jierren yn forbjustring.
Wol fregen hja as hjar Syn ljocht ûntskaette
Nei Him de Hear Dy’t hjar yn grime daette,
Wol seagen hja op Him yn ‘e iere moarn,
Dôchs rôpen hja dy God net suver oan.
18.
As God hjar sloech, den tochten se oan Syn dieden,
Oan Him, de Rots, en oan Syn noedzjend lieden,
Ho’t hja by Him, de hege Rêdder skûlen;
Noch flaeiden sy Him mei hjar falske mûlen,
Noch gyngen hja net rjucht op ’t suvre spoar,
Mar ljeagnen Him mei fliemske tongen foar.
19.
Hjar hert wier tsjoed, mei liep-oerleine streken,
Untrou binn’ hja út Syn forbining weken;
Mar Hy fol ginst woe hjarren net fordjerre
Forsoende it kwea en liet Syn folk net stjerre;
Faek kearde Hy en liet Syn wraek bitsjen,
Bidimme Him oer ’t kwea fen Jakobs bern.
20.
Al hat Syn swird ek glinstrjend oer hjar flime,
Dôchs kaem Hy net mei Syn folsleine grime;
Hy tocht oan hjar, ho swak s’ op foetten stienen,
Det s’ inkeld flêsk en stof en yeske wiernen,
Mar damp en wyn, dy’t komt en sà forfljucht
In plúster dy’t men tel forwaeijen sjucht.
21.
Ho faek bliek op hjar reis ’t wearstribblich herte!
Ho dikmels dych hjar opstân Goade smerte!
Hja doarsten Him yn ’t wylde op ’t uterst tergje,
Op krêftsbiwiis de Hillge Isrels fergje,
Hja stelden oan dy hege God in park,
En tochten net om Siner wûndren mark.
22.
Hja tochten net oan ho’t Er op hjar paste,
Great út ‘e hân fen hatren hjar forloste;
Do’t de Ivige yn Egypte teiknen brochte
Yn Soäns fjild Syn greate wûndren wrochte;
De Nyl waerd read, de greate wetterfloed
In walchlik sop, de streamen skolprjend bloed.
23.
Dêr stjûrde Hy Syn miggen dy’t hjar bieten,
Dyt hjar gin rêst, gjin wink yn ‘e eagen lieten,
Det s’ yn fortriet en djippe ilinde stoaren;
Ek frosken, dy’t sa lân as folk bidoaren.
’t Gewaeks waerd fen de krûdforfrette nomd
De sprinkhoanne is oer ’t dreechbiskripte komd.
24.
De druvebeam liet Hy fen heilslach stjerre,
De wylde fiich mei iis en fjûr fordjerre,
Hy sloech hjar fé mei heil en hirde stiennen
Dy ’t freeslik fel en nea t’ ûntwiken wiernen,
Hjar keppels joech de Hear oan ’t bliksemfjûr,
Hjar bisten oan de fjûrge koalen oer.
25.
Hy liet tsjin hjar Syn felle grime lôgje,
Hja koenen nea Syn sterke lilkens tôgje;
Hja tomlen del, dêr’t ûnk by pleach hjar flime;
Hy beakne in paed for Syn ûntstitsen grime,
Hy naem hjar siel net wei fen ’t kniezjend kwea:
Hwet libbe joech Er oer oan pest en dea.
26.
Sa sloech Gods hân Egypte yn strange beagen,
Sa gyng oer ’t lân in rigle hirde pleagen,
En yn ien nacht liet de Ivige allegearre
De earstbernen fen Egypte’s soannen stjerre;
Dêr stige omheech in bitter-near geklei
It krêftsbigjin wier yn Chams tinten wei.
27.
Hy brocht Syn folk, Syn skiepkes út ‘e pine;
Syn lieding yn ‘e toarre sânwoastine
Wier hjarren by, det hja gjin freze hienen,
Dêr’t yn ‘e sé hjar haters omkomd wiernen
Syn skiepkes joech Er rêst yn ’t hillich lân;
Nei dizze berch brocht hjar Syn rjuchterhân.
28.
Hjir binne foar hjar each de naesjes fallen,
Hjir kladdren hja op ’s fijân’s stege wâllen.
Der Heidnen hiem en erfdiel mocht hjar tsjinje,
Nou’t yn hjar tint de stamme Isrels wenje;
Dôchs, ho fortsjoen, hja stienen op tsjin God,
Forbittren Him en húnden ’t heech gebot.
29.
Hja wraemden lyk hjar fadren tsjin Syn wetten,
Hja foelen ôf mei trou-ûntwende herten,
Falsk kearden s’ om allyk in draeide bôge;
Hja tergen Him, det hjar Syn grime oerlôge
En stieken op hjar hichten nei Syn ear,
Hjar byldwirk wier in grouwel foar de Hear.
30.
God seach dit wirk, dat tsjin syn makker klage,
Hy hearde hjar en ’t hat Him djip mishage;
Forsmaedde it folk dat tsjin syn God him stelde,
Forliet Syn went, nou’t Him Syn folk net telde,
Liet leech Syn sté, Syn Silo’s tinte stean,
De hillge ark nei fiere frjemdten gean.
31.
Hy liet Syn sterktme yn ’s ûnbisnienen hannen,
Syn priel oan ’t slyk, Syn folk oan ’s fijân’s bannen;
’t Swird sloech hjar del, hja huvrend kjel yn ’t lijen,
’t Leed flime yn ’t hert mei ûnfoarsjoen kastijen,
Dêr sonken hja, nou’t God Syn folk forliet
En baernend lilk Hy ’t útkard erf forsmiet.
32.
It fjûr gyng oer hjar feinten; sûnder nammen
En sûnder lof forkwynden Isrels fammen,
Gjin sang klonk op, gjin liet fen freugde en minne,
Dêr’t troch Syn swird Syn preesters fallen binne,
’t Swird dat de wees en widdou ’t herte sloech;
Hja gûlden net, hjar each bleau hjit en droech.
33.
Do wier ’t eft God wer út Syn sliep opwekke
Allyk in helt fen wyn bitsjoend, sa rekke
Hy ’s fijân’s macht mei ûnwjersteanbre hannen,
En júchjend gyng Hy oer des haters lannen,
Hy sloech hjar del, kaem hjar fen eftren oan;
Dêr binne hja yn iivge skanden stoarn.
34.
’t Wier God gjin doel yn Jozefs tint to kommen
Yn Efrims stam hat Hy gjin wenning nommen,
Hy liet Syn tins oer Juda’s stamme driuwe,
Dêr mocht Syn ear op ’t skoanst omhegen kliuwe;
Op Sions berch prielt steatlik Isrels Hear
Fol Majesteit, fol iiv’ge glâns en ear.
35.
Hjir boude Hy ta treast fen Isrels fromme
As him’len heech Syn glânsgjend hillichdomme
As de ierde dreech, dy’t Hy for ivich fêste;
Hjir fynt Syn folk for ’t longrjend herte rêste.
Helt David, dy’t Him tsjinnet yn Syn wet
Forkeas Hy, hat Er oer Syn erfdiel set.
36.
Hy naem Syn feint en helle ‘m út ‘e mieden
By ’t wolfé wei, om Jakobs team to lieden,
Om Israël to weidzjen nei Syn wetten,
Dy hoede hjar oprjucht en froed fen herten,
Dy hat Syn folk nei syn bitûftens laet
Folstannich brocht op ’t suvre en wisse paed.
================
Psalm 79.
1.
O God, ho binn’ de Heidens oer ús kommen!
Hja hawwe dryst Jins erfskip ta hjar nommen;
Ho is Jins hûs yn moude – en yeske sakke,
Jeruzalim in stof – en stienbult makke
Hja sloegen stûf en fel,
Jins froede feinten del,
’t Flêsk fen Jins frommen beaden
s’ Oan ’t hear dat swiert en krast,
De bisten gean to gast,
Op de – ûnbigroeven deaden.
2.
As wetter om Jeruzalim forgetten,
’t Fjild leit oerspraet fen liken; hja ûntkeare
Hjar ’t rêstich grêf en fen ’t oerdekken de eare.
Wy wynden wei as skaed,
Oertein fen hún en smaed:
Hja laitsje om ús ilinden.
Us faei, bihyplik lot
Stelt ús ta skimp en spot
Fen frjemdling en goekinden.
3.
Ho lang o Hear, scil Jins grymhjittens baerne?
Scille ivich troch fen ’t iverfjûr wy rane?
Lit sjen Jins grime oer dy nei Jo net freegje,
Oer folken, dy Jins Namme net forheegje.
Hja toarstje nei ús bloed,
Dit folk, sa wrang, sa tsjoed
Doarst Israël forsline;
Hja roegen dei by dei
Jins Jakobs wenten wei
Det wy gjin rêst mear fine.
4.
Wol om ús skild o God, ús net forstjitte,
Kom mei Jins ginst ûntfermjend ús tomiette;
Wy binne djip yn kûle en ûnlân sakke
Wy waerden tin, binne útkwoun en forswakke.
Help ús, barmhertich Hear,
Biskermje ús ta Jins ear,
Lit ús dochs net forskamme,
Bifrije ús út ‘e dea,
Forsoenje ús skild en kwea
Om eigen hillge Namme.
5.
Hwêrom scoe him der heidnen macht forgreatsje
En ús al mear fen wente en stipe ûntbleatsje?
Sa húnjend ús ’t fijânnich folk fortriuwe:
“Hwer is jimm’ God, hwer scoe jim Helper bliuwe?”
O Mochten wy, Jins bern
Mei glinstrjende eagen sjen
’t Rjucht yn ús suvre sake!
Biwiizje it Heidensk moed
Oer ’t wreed forgetten bloed
Fen ’t fromme folk Jins wrake.
6.
O krêftich God! wol dôchs oer ús J’ ûntfermje!
Wol harkje nei dy’t yn hjar finznis kermje,
Bifrije hjar, dy’t britsen fen ‘e pleagen
Yn de eangsten lizze en mei de dea foar eagen.
Forjildzje o Hear de smaed
Hwêrmei ús bûrljue’s haet
Us smiet mei hirde stiennen;
Hja skimpe hjit en dom,
Jow saunkear hjar werom
Hwet hja tsjin Jo misdienen.
7.
Sa scille wy de skiepkes, dy’t Jo spiizje
Yn ivichheit Jins greate Namme priizje,
En ’t fierste slacht Jins lof foar eagen stelle,
Jins ear, Jins rom en swide krêft fortelle.
================
Psalm 80.
1.
O Herder Isrels, Hear der Hearen,
Nim ginstryk ús gebet yn de – earen;
Jy hawwe Jozef op syn paed,
Allyk in keppel wolfé laet,
By Cherubs is Jins greate troan:
Kom blinkende -op, kom ljochtsjende – oan!
2.
Helje op Jins macht foar Efrims eagen,
Bring Benjamin út lêst en beagen,
Forlos Manasse fen ’t fordjer,
O God der helten, bring ús wer,
Lit sjen Jins antlit hearlik ljocht
Sa wirde we út ‘e djipten brocht.
3.
Ho lang, o God fen ’s himels machten
Forwerp J’ yn grime ús neare klachten,
Forsmyt J’ ús mijend stammre bea?
Jy spizigje ús mei triennebrea,
Wy lizze delslein op ‘e wei
En drinke triennen eltse dei.
4.
Yn ’t skeinend leed, dat wy fordûrje
Bikibje om ús, dy’t oan ús bûrje
Hwa-hjarres de earste wêze mei
Us del to wâdzjen op ús wei;
Jy stelden ús, o greate God,
De wrimpe fijân djip ta spot.
5.
O Heare God, Dy’t wy forwachtsje
Wol op ús leed en pinen achtsje!
Rjuchtsje ús wer op út slyk en weach
Oerljochtsje ús mei Jins ginstich each,
Wêz mei Jins trou en wierheit by
Sa wirde wy forlosse en frij!
6.
Alear droech ús Jins wolbihagen:
Jy brochten yn ‘e foar’ge dagen
In drúfbeam út Egyptelân,
Jy laetten him mei wisse hân,
Jy reagen naesjes út hjar groun,
Hwa him der plak en dijing jown.
7.
Fier binne yn ’t roun syn woartels litsen,
Hy wreidzjend hat it lân oerditsen,
Syn skaed foel oer de bergen heech,
Syn twigen wierne as ceders dreech,
Hy droech syn lêsten fruchteswier
Fen sé oant marren en Rivier.
8.
Hwêrom haw Jy J’ oan him ûnttritsen
Hwêrom syn skut en mûrren britsen?
Elts ploaitst him, nimt syn frucht ta bút
It boskswyn wrot him gnoarjende út
It wyld fen ’t fjild tonettelt slim,
Ofweidet en forwâddet him.
9.
Sjuch sterke God, ho’t s’ ús fortôgje:
Wolle út Jins hege himel skôgje,
Slach acht op dizze druvebeam,
Bidimje dizze tsjoede stream,
Sjuch dizze stamme ginstryk oan
Ut oarsaek fen Jins ljeaven Soan.
10.
Hy ’s ôfbaernd, ôfslein, slim bineare:
Wy rane fen Jins driigjen, Heare!
Och det Jins hân net wrigje liet
De man, dy’t oan Jins rjuchter stiet,
De minskesoan nei ’t dreech forboun
Omhegens laet en krêften jown
11.
Bihâlde ús, wol op de earmen achtsje
Sa scille we ús for ôffal wachtsje
Sa roppe wy Jins heilsnamme oan.
O Heare, meitsje it ús wer skoan
Stean ljochtsjend mei Jins antlit by
Sa wirde wy forlosse en frij!
================
Boarne: Privee kolleksje)