A.M. Wybenga Psalmen – 81 t/m 90.

81828384858687888990

Werom nei Psalmen haadside

Psalm 81.

1.
Lit ús rom to moed,
d’Iivge in lofliet sjonge,
Hy is sterk en goed,
Jublje de ealste skat,
Romje Jakobs God,
Heech mei blide tonge.

2.
Stimme in sjongsum liet,
Lit de trommels komme,
Roppe yn sterk geniet
Ynlik oandien ’t út;
Harpe en snare en lút,
Kindzje yn ’t roun Gods romme!

3.
Lit op dizze dei
De bazunen klinke:
Glâns is oer ús wei,
Nije moanne blier
Jowt ús feest en tier
Det syn glinsters blinke.

4.
Dit is ’t fêst bistel
Fen der Hearen Heare
Oan Syn Israël,
Dit is ’t heech gebot
’t Rjucht fen Jakobs God:
Him de tank en eare!

5.
Dit docht Jozefs sie
Oan Egypte tinken;
Tael dy ‘k net forstie
Sloech my fel en hird;
’s Fijân’s wrimpen swird
Teistere ús ta sinken.

6.
“‘k Makke ta hjar bêst
Dêr hjar hals en hannen
Los fen dracht en lêst,
Los fen pôt en koer,
Fen des fijâns kloer,
Strange en wrede bannen”.

7.
“Do, fen ’t neare lot
Mei skerpe izers britsen
Rôpen jim oan God:
‘k Seach jimm’ nacht en need,
‘k Haw jim út jimm’ leed
Ut ‘e djipten litsen”.

8.
“‘k Haw jim antwird jown
Yn myn tongrjend kommen.
‘k Haw oer ’s herten groun,
‘k Moat jim folchsum ha’ –
By de Meriba
Hichte fen jim nommen”.

9.
“Hear, myn folk, nei My
Hwet Ik rjuchtlik sizze,
Hâlde it hert ‘er by
Lústrje o Israël!
Wol Myn wiis bistel
Yn jimm’ sielen lizze”.

10.
“Wol gjin útlânsk God
Tsjinstich ear bistjûgje;
Wol nei Myn gebot,
Foar gjin falske skyn,
Dreaun fen frjemde wyn,
Ta myn smaed jim bûgje”.

11.
“Ik bin God de Hear
Yn Myn wêzen heilich
Iivrich for myn ear;
‘k Haw jim mei Myn hân
Ut Egyptelân
Opfierd frij en feilich”.

12.
“Leauwe oan Myn forboun:
Iepnje frij jim mûle,
’t Fetste wirdt jim jown;
Ut Myn mylde hân
Siigt jimme ûnderstân
Seegnjend oer jimm’ holle”.

13.
“’t Hirde folk woe nea
Harkje nei Syn stimme,
Sonk yn sûnde en kwea.
Isrel socht my net,
Woe Myn wird en wet
Nea yn ’t herte nimme”.

14.
“‘k Liet dit folk oerstjûr
Nei hjar tinken hanlje
‘k Joech ’t de oerdwealskens oer,
‘k Lit dit skaei sa min,
Nei syn eigen sin
Op syn dwylpaed wanlje”.

15.
“Och hie oan Myn rie
Dôchs Myn folk him hâlden!
Och hie Isrels sie
Wannele op Myn paed
Dat nei boppen laet, –
Wêrs fen sûnde en klâdden!”

16.
“‘k Hie yn koarten tiid
’s Fijâns macht fortieze,
Slein mei striid op striid,
En jimm’ haters scoen’
Ho’t s’ ek tsjinstean woen’
Tsjin Myn hân ’t forlieze”.

17.
“Haters fen de Hear
Scoene flaeijend bûgje.
Tsjûgjend fen jimm’ ear,
En jimm’ tiid fen lok
Scoe nei striid en drok
Ivich jim fornoegje”.

18.
“‘k Lit jimme op jimm’ groun
’t Nôtfjild dije en groeije;
‘k Hie oan koarn jim jown
Det Myn bounfolk iet;
‘k Liet de hunich swiet
Ut ‘e rotsstien floeije”.

Psalm 82.

1.
God stiet by hwa’t as rjuchters sitte,
Hy lit Syn wird de foarsten witte.
En oardielt yn der goaden rie
Oer iders wirk, oer eltse die:
Holang scill jim yn ’t ûnrjucht dije?
Yn ’t oardiel plicht en wet forswije,
En nimme ’t pleit fen tsjoeden oan?
Is alle rjucht yn jim forstoarn?

2.
Ho litt’ jim ’t goede omfierren lizze?
Birjuchtsje de earmen, help de wezen,
Bifoardrje der bidrokten pleit
Mei moedgjend each en binlikheit;
Forlos bihoeftigen fen ’t lijen
Sjugg’ for de skeamlen help to krijen,
En rok hjar út der boazen hân,
Ut slim fortriet en felle brân.

3.
Hja hawwe wet en rjucht forlitten,
Hja lykje plicht noch eed to witten,
Hja wanklje altroch yn tsjusternis
Sa wriggelt al hwet fêstlein is;
Ik sei wol, det jim goaden wierne
En ’s Alderheechsten lyknis hiene, –
Dôchs stjerre jim as minsken tel
En falle as ien der foarsten del!

4.
Stean op, greatmachtich Opperrjuchter,
Der wees en widdou Pleitbisljuchter!
Stean op o God, fornim ús saek
En dogge oan dizze tsjoeden wraek!
Lit ringen ’t ierdryk ’t oardiel witte
It ierdryk dat J’ yn macht bisitte;
De naesjes binn’ Jins eigendom!
Stean op o hege Heare en kom!

Psalm 83.

1.
O God fen Isrel swiigje net,
Bliuw dôchs net stil op ús gebet!
Lit ús Jins stipe en bystân smeitsje:
Hwent sjuch o God, Jins haters meitsje
Hjar tjirgjend op; hja húnje en sprekke,
Sjuch ho’t se dryst de kop opstekke.

2.
Hja winskje ús djip yn pine en sear,
Hja smeije in listige oanfal gear
Om liif en siel ús troch to dolgjen
Om Jins bifeilgen troch to swolgjen,
Om Jins forhoalnen wet to bannen,
En sels to hearskjen yn ús lannen.

3.
Hja sprieken dryst en slij nei bút:
“Op wei! wy roegje Isrel út!
Lit ús hjar yn ’t fordjerren triuwe,
Sa scil it folk nin folk mear bliuwe!
Sa scille hja ta neat forsinke
En nimmen oan dy team mear tinke!”

4.
De boazert hat syn maten foun,
Hja hawwe hjar tsjin Jo forboun
Om ûnk to bringen oer Jins frommen,
Dêr sjugge we Edoms tinten kommen
By Hagarenen, Isma’liten
By Gebal en de Moabiten.

5.
Dêr ’s Tyrus, Ammon, Amelek,
Hiel Filistéa stiet to stek,
’t Greatske Assur hat him by hjar foege,
Hy fen Loths bastre soannen noege
Hat hjar ta sterktme en earmen tsjinne;
Sa teagen s’ op de striidrop hinne.

6.
Brek Hear, hjar bluistre macht midstwa
As Midian, as Sisera,
Lit hjar in bryz’ljend Endor fine
Lit hjar as Jabins macht fordwine,
As de oerste, dy by Kison sakke,
As ’t folk ta slyk en weaze makke.

7.
Slagg’ hjar mei al hjar prinsen tel
As Oreb en as Zéëb del,
Wol de ealen út hjar hegens feije,
As Zebah en Zalmuna deije,
Dy’t seinen: lit s’ ús treffe yn ’t herte
Det wy hjar wente en gea bisette!

8.
Myn God, blies mei Jins amme d’r yn,
Forjei se as stoppels foar de wyn
Om sté noch noedzjend skûl to hâlden;
Forbaern hjar, lyk mei ’t fjûr de wâlden,
Lit yn hjar binnenst ’t smoar torane
Lyk bergen, dy’t fen swevel baerne.

9.
Forfolgje mei Jins tonger ’t ras,
Lit rok- en draeiwyn op hjar los,
Wol hjar de skande op ’t antlit bine
Det hja gjin hope op útkomst fine;
Sadet se o Heare fetsje meije
Det Jy ’t godleaze slachte deije.

10.
Biskamje hjar en staet hjar lea,
Meitsje ivich hjar fen skamte rea;
Forniel hjar, lit se yn pinen witte
Det Jy allinich Heare hjitte,
Det Jy ’t fen alle haters winne
En oer hiel de ierde Hearsker binne.

Psalm 84.

1.
Ho ljeaflik is Jins wente o Hear!
Myn siel sjucht út om altiid mear
Dêr Jo mei fromme sinnen t’earjen;
De langstme baernt me yn ’t longrjend moed,
’t Is my yn ’s Hearen foarhôf goed,
Oan elk Syn ginsten to forklearjen;
’t Hert ropt it út, fynt nearne bod,
As by de libbenjaende God.

2.
Sels fynt de mosk in hûs ta rêst
It swealtsje bout hjar kinstich nêst,
It noflik wenplak fo hjar jongen
By de alters ta Jins eare o God!
Jy geane oer aller skepslen lot
O Kening, noait genôch bisongen;
’t Is yn Jins hûs my wûndre skoan
Dêr priizget men Jins Namme aloan.

3.
Hy bliuwt syn lok- en heilsteat wis
Hwaens sterktme yn Jo, syn Skepper is
Him scil nin doarn op ’t reispaed kwelle;
God hoedet hjar for ûngefal
Yn ’t gleonbistriele triennedal
Is God hjar skaed en rynske welle;
Is moed en krêft toskroeid oan ‘e ein
Den stipet hjar in mylde rein.

4.
Hja geane it paed mei moedich hert,
Hjar krêft wint oan, hja eangje net,
Dré meij se op Sions berch forskine.
O Hear, Dy’t wit al hwet my met
Der machten God, forhear ’t gebet
En warje my tsjin leedzje en pine;
Wêze altyd oan ‘e side my
O Jakobs Hoeder, stean my by!

5.
O God, ús Skyld, ús ien en al
Bihoedzje for elk ûngefal
Jins salfde, dy’t Jo jimmer tsjinne;
Hwent ien dei yn Jins hûs o Hear,
To tankjen is me ûneindich mear
Den tûzen as J’ omfierrens binne;
‘k Bin better by Jins doar to plak
As ûnder der godleazen dak.

6.
Us Heare God, sa goed, sa myld
Is de ieuwen lâns in sinne en skyld
Genade jowt Er rynsk en eare;
It goede ûnthâldt Er hjarren net
Dy’t wannlje nei Jins ljochte leare.
Loksillich, dy’t Jo de eare jowt.
O Heare, en fêst op Jo bitrout.

Psalm 85.

1.
Jy hawwe o Hear, Jins lân genadich west
En skikten ús nei stûfe finznis rêst,
Jy skonken ús in ljochte simmerdei,
En namen lêst en swiere skilden wei,
Us sûnden binn’ biditsen en forjown,
De frede is oer ús wenten en ús groun,
Wy amje rom, nou’t Jins forgrimens wykt,
Gjin lilkens mear, mar ginst en heil ús blykt.

2.
Bring, hoedzjend God, ús heil op ’t feilich sté,
Jins woede oer ús, Jins wrimpnens wike dré;
Scill’ J’ altyd-oan tsjin ús forgrymje o Hear?
Slacht ivichlik Jins lilkens ús yn ’t near?
Lit Jy ús nea wer ljochter dage sjen?
Gjin blidens mear oan Isrels sleine bern?
Bring Hear, Jins ginst ús wer foar ’t glinstrjend each,
Jow ’t prinslik heil en útkomst út ‘e pleach.

3.
‘k Scil hearre hwet God my nei ginst ûntdekt
Fornimme hwet Hy tsjin Syn tsjinder sprekt;
Hy scil Syn folk de frede sizze yn ’t rjucht
Dat Him fortrout en nei gjin dwazens sjucht.
Forfêst Syn heil is by dy’t feardich ’t hert
Yn Goades freze op Him to folgjen set:
Sa riist ús lok en sterket Hy ús hân
Sa wennet eare en eale frede yn ’t lân.

4.
Dré wann’lje ginst en wierheit woltomoed,
Gerjuchtens bringt de frede in ljeafdegroet,
De wierheit tynt en sprút út de ierde tel
Gerjuchtens sjucht út ’s himels sealen del.
Ek scil de Heare oerfloedich ’t goede ús jaen
En meij’ wy ’t each op fruchtbre lannen slaen,
Wy sjugge it rjucht foar ’t Godlik antlit gean
En op de wei fen ’s Iivgen foetleast stean.

Psalm 86.

1.
Heare, niigje yn ginst Jins earen,
‘k Moat ilinde en wé forneare,
Pine docht myn herte sear,
‘k Haw gjin moed, gjin krêften mear;
Lit my dochs Jins ginsten fiele,
Warje my, forlos myn siele,
Hwent Jy witte it fen myn leed,
Help Jins tsjinder út ‘e need.

2.
Ik fortrou yn al myn lijen
Ienmel fêst Gods help to krijen;
Dêrom rop op slimme wei
Ik Syn ginst yn, hiel de dei:
Lit my dochs net langer lije
Wol myn britsen krêft fornije,
Meitsje det ik ’t blide priuw,
Hwent ik siikje it heil by Jo.

3.
Jy binn’ goed en Jy forjowe
Hjarren ’t kwea, dy’t oan Jo leauwe.
Dy’t Jo oanropt ûnkbineard
Wit Jins ginsten goed en great.
Harkje o Heare nei myn beden
Steun me om Jins barmhertichheden
’t Stiet mei my sa eang, sa slim
Merk dôchs op myn heaze stim.

4.
Ik bin wend yn bange dagen
Al myn leed Jo oan to dragen,
Hwent Jy witte it fen myn kwea,
Jy forsmite bidders nea.
‘k Bin gjin oare help fen noaden,
‘k Sykje it net by frjemde goaden,
Dy kinn’ gjin forlossing jaen
Neat allyk Jins dieden dwaen.

5.
Al de heidnen, fen Jins hannen
Makke en plante yn fiere lannen,
Bidde tel hjar skepper oan
Bûgje djip hjar foar Jins troan,
Bringe oan de iivge Namme de eare;
Jy binn’ great yn wûndren, Heare,
Aller froeden drege skat,
Jy allinne binne God.

6.
Lear my fen Jins wize wegen
Stjûr my fen Jins wet de segen,
Wêz’ my sa oan ’t herte nei
Det ik trou Jo freezje mei.
‘k Scil Jins Namme en Majesteit
Troulik ta Jins lof my sette,
‘k Scil Jins Namme en Majesteit
Tankjend sjonge yn ivichheit.

7.
Hear, Jins goedens hearlik riizge
Haw Jy myld Jins feint biwiizge,
En my ’t nochlik libbensljocht
Nei de nacht en ’t grêfsté brocht.
Heare, ‘k sjuch al wer tirannen
Rieden dwaen mei dryste mannen,
Ta myn sielsfortriet en pleach:
Nea haw hja de Hear foar ’t each.

8.
Greate God, Jy binn’ lankmoedich,
Jins genade is ryk oerfloedich,
Jins bihâld is my sa skoan,
Op Jins trouwe kin ik oan.
Wol my fen my it lijen keare,
Jow my treast en sterkens Heare!
Sjugg’ Jins feint barmhertich oan,
Rêd Jins tsjinstfaems drôve soan.

9.
Set in teiken oan myn namme,
Meitsje it haetsjend folk forskamme;
Bring ’t godleaze folk ’t yn ’t sin
Det J’ aloan myn Helper binn’.

Psalm 87.

1.
De Heare wol Syn stifting heech biminne
Hat myld Him oan Syn heilge bergen boun,
De Sionspoarte in goudne segen jown,
Oerglânzge mear as Jakobs wenten binne.

2.
Dyn hearlikens riist júbljend fen ús tonge,
O keine stêd fen Isrels Opperhear!
‘k Scil Rahab, ik scil Babel ta dyn ear
Opneame by dy’t fen myn greatens sjonge.

3.
De Filistyn, de Tyriërs, de Moaren
Witte yn Gods stêd ’t hjar eedljend bertesté,
Yn Sion bliid fynt frjemd en kinde fré,
Giet op kom-ôf út de eable stêd to foaren.

4.
De hege God scil sels oer hjarren weitsje
Det fêst hjar steat, fol glânze it heil hjar bliuwt;
En yn Syn boek, dêr’t Hy de folken skriuwt,
Wol Hy hjar lyk oan Sions boargers meitsje.

5.
De sjongers scill’ Gods Namme op ’t heechste priizje,
Musikers spylje op harpe en lút hjar liet,
Hja dounsje it út, hjar boarne wellet swiet:
Sa mei ús sang al de ieuwen treftich riizje!

Psalm 88.

1.
O God fen ’t heil, ’t is my sa kwea,
Fornim, forstean myn drôve klachten:
Ik rop by dagen en by nachten
Jo snokkrjend oan; och lit myn bea
Genadich ta Jins antlit stiiggje,
Wol de earen nei myn kriten niigje.

2.
Myn siele is ramp en tsjinstuit sêd
Jy haw myn libbenstried forswakke,
‘k Bin nei der grêven djipte sakke
Fier oer ‘e meuch giet my dit mêd,
‘k Wird rekkne, – krêftleas kwyn ik hinne –
Mei hjar, dy’t yn ‘e kûle binne.

3.
Ofsûndere bin ‘k de deaden lyk,
De deaden dy’t yn ‘e ierde sonken,
Dy’t ôfsnien fen Jins hân forblonken
For hwa’t nin treast is, nin ûntwyk;
‘k Moat yn dit djip Jins heilsljocht misse
My nettelt kolk en tsjusternisse.

4.
Ho slim, ho near is ’t yn myn siel!
Jins grime nypt me yn ’t skolprjend herte
Jy triuw’ my del yn klamme smerte
Hjir bliuwt nin ophael noch skewiel;
Jy haw my boun mei strange beagen
Me oerditsen mei Jins wylde weagen.

5.
Myn frjeonen steane wit-ho-fier
Giisgobjend oer myn ûnk en pleagen
Ik bin in grouwel yn hjar eagen,
’t Fortriet leit op myn lea sà swier,
Ik bin bisletten en forklomme
En kin net út ‘e djipten komme.

6.
Myn each fortsjustert yn myn leed,
Ik treurje en rop yn ’t flymjend lijen
Yn ’t strang my stjûrde pinesnijen;
‘k Liz hiel de dei yn noed en need,
En stek yn eangst en neare bannen
Nei Jo omheech myn gamle hannen.

7.
Scill’ J’ oan de deaden wûnder dwaen?
Scil dy’t forstoaren ’t grêf ûntriizje,
Jo loovje, it Godlik woldwaen priizje?
Scil ’t grêf Jins goedens eare jaen?
Kinn’ J’ út ‘e kûle ’t Godsryk bouwe
Fortelt me’ yn ’t near fordjer Jins trouwe?

8.
Hwa scil Jins wûndren, Jins biwâld
Yn nacht en tsjusternis fortelle?
Hwa dêr Jins rjucht yn ’t deiljocht stelle?
Fynt ea yn ’t grêf de witnis hâld?
Mar ik: myn heaze stimme klaget
Ear’t moarns it ljocht yn ’t Easten daget.

9.
O Heare omheech, hwêrom forstjitt’
J’ yn grime myn binearde siele?
Hosa lit Jy Jins each net striele
Oer my, dy’t snokkrjend bystân bidt?
‘k Liz fen myn jeugd oan yn fordjerren,
‘k Liz yn ilinde en sear op stjerren.

10.
‘k Draech Jins bisiking yn myn leân,
‘k Driuw twivelriedich wei yn pinen;
Jins hjitte grime skroeit myn sinen,
Forskrikking doch myn liif forgean,
‘k Haw dei oan dei mei tûzen rampen
As wylde weagen, stûf to kampen.

11.
Jy haw goekinder, maet en frjeon
Fen my forwiidre yn ’t flymjend lijen,
‘k Haw ’t iensum mei myn lot to krijen,
‘k Bin drôf allinne sitten bleaun.
Alle oanspraek is my fier fendinne
‘k Sjuch treast noch kindskip om my hinne.

Psalm 89.

1.
‘k Scil ivich sjonge fen Gods goedens sûnder ein;
Jins wierheit wirdt fen my for ’t minskdom iepenlein;
Ik fiel ho’t al hwet J’ yn Jins hearlik heilsplan tochten,
Jy ’t de ieuwen troch mei krêft nei fêst bistek folbrochten,
Jins rie scil wis bistean, Jins ginst it folk forrykje,
Jins trouwe wifket net, samin de hymlen wykje.

2.
“Ik lei,” sa sprieken Jy, “op ivich fêste groun
Mei David yn Myn ginst in hillgjend trouforboun;
Him karde ik ivich út om oer Myn folk to weitsjen.
Him swarde ik ienmel ta ’t folstannich lok to smeitsjen:
Dyn sied scil op ‘e troan, en ek dyn sied allinne;
Dyn troane bou ik op troch alle slachten hinne.”

3.
Ho’n each mei ’t inglekoar op al Jins wirken ha!
De himel tsjûgt Jins lof en bringt Jo gloarje ta,
’t Op ierde hillge folk mei fen Jins trouwe witte,
It moat syn hege lof yn blide sangen jiette,
It moat syn tank oan Jo for al Jins woldwaen biede
Hwent hwa is Jo allyk yn himel ef op ierde?

4.
God wirdt op ’t heechste ûntsjoen as Hy to rjuchtsjen stiet,
Hy sjucht hwet noait in minsk, hwet noait in ingel wit.
O Hear, der machten God! hwa kin yn ’t minst Jo lykje
Hwa kin Jins sterke died Jo nei to dwaen bisykje?
Greatmachtich yn Jins dwaen en hearlik yn Jins wirken
Wirdt Jins ynfêste trou fen al Jins skepsels mirken.

5.
Jy binne it sâlte skom – it harket nei Jins wil
Ho slim de weagen slaen – Jy winke en hja binn’ stil;
Him haw J’ alear forslein, dy’t dryst Jins folk forfolge.
Des fijâns macht, ho great, waerd yn in wink forswolge;
De himel is fen Jo, troch Jo bistiet dizze ierde,
It wiis optein hielal tsjûgt hearlik fen Jins dieden.

6.
Jy skoepen ’t kâlde Noard en ’t waermbistriele súd,
De Hermon sjongt Jins lof, de Thabor geit it út;
Jy haw in earm fol krêft, hiel ’t ierdryk sjucht dy drege,
Jins hannen binne sterk, Jins rjuchter is forhege,
Gerjuchtichheit en rjucht Jins troane pylders binne,
En wierheit, ginst en trou gean foar Jins antlit hinne.

7.
Loksillich is it folk dat J’ oan Jins klangen ken
Rynsk meije se op hjar wei ’t ljocht fen Jins antlit sjen,
Hja júchje hiel de dei forhuge yn de iivge Namme,
Jins goedens kroanet hjar, Jins heil lit nea biskamme,
Hja scille noait forgees om Jins bihoedzjen freegje
Mar Jins gerjuchtichheit scil hjar nei ’t Wird forheegje.

8.
Greatmachtig’ God, Jy binne ús sterkte en rom,
Us machtich sieraed heech; Jy weitsje oer ús rounom;
Ryk is Jins frije ginst; troch ’t Godlik wolbihagen
Is ’t ús op ierde gind de holle omheech to dragen;
Us skyld is fen de Hear, wy wirde net forkrongen
Wy hawwe ús Kening fen de Hillge Gof ûntfongen.

9.
Jy haw Jins boade myld de takomst iepenlein,
En fen Jins hillge feint syn wei en wirkjen sein:
“D’r is by in greate helt de helpe to bikommen
Ik haw in dappren-ien mids út syn broerren nommen
‘k Haw David kroane oer ’t folk, – ’t is mei myn feint to noedzjen, –
Hy ’s mei myn salve oertein om Israël to hoedzjen.”

10.
“Myn hân is fêst mei him, Ik scil him winnen dwaen
Myn earm scil jimmeroan syn earmen sterkens jaen,
Gjin fijân fol bidroch scil him yn djipten twinge,
Gjin tsjoedert scil him oait syn hearlikheit ûntwringe,
Al woll’ skarlunen ek him yn ‘e delten drokke,
Gjin oanslach scil dy bern fen ’t skeinend ûnrjucht lokke.”

11.
“Ik scil de woastling dy’t tsjin him yn ’t harnas teach,
Toplettrje mei Myn swird, toslaen mei pleach nei pleach,
Myn trou bliuwt him binêst, Myn goedens scil him liede,
Syn namme scil fol rom útklinke oant de ein fen de ierde;
Ik wit syn hearskersmacht nei ’t fierste strân to fieren,
Syn hân giet oer ‘e sé, syn rjuchter oer rivieren.”

12.
“Ik bin him ta in Rots, ik jow him ’t ealste lot
Hy mei my neame as Heit, syn heil is yn syn God;
Syn broerren scille oan him as de earste eare biede;
Syn swiid biwâld stiet oer de keengen fen dizze ierde;
Myn ginst is ivich nei, heech scil syn loksteat kliuwe,
Myn ienmel lein forboun scil him bistindich bliuwe.”

13.
“‘k Strui oer syn sied Myn goed, Myn each giet oer syn soan,
Salang de himel stiet, salang bliuwt Davids troan;
Mar as syn bern oerdwealsk Myn suvre wet forlitte
Net nei Myn rjuchten harkje en ’t heech bifel forjitte,
As hja ûnthilligjend hjar fen ’t gebot ûntwine
Den scil ik mei Myn straf ’t ôfdoarme herte fine.”

14.
“Ik scil dat kwea-bistean mei stûfe pleagen slaen,
Hjar op ’t forbeane paed in swiere sile jaen.
Mar ‘k scil Myn sterke ginst hjar net alhiel ûntnimme,
Myn trouwens bliuwt hjar ljocht, Myn grime scil ‘k bidimme,
Ik bliuw by hwet Ik spriek, yn Myn forboun ûntditsen,
Hwet oer Myn lippen kaem bliuwt stean en ûnforbritsen.”

15.
“‘k Haw neat oan David sein, hwet net yn fêstens leit,
Ik swarde by Myselme en by Myn hillichheit:
Syn sied scil ivich-troch yn macht en oansjen winne,
Syn troan scil dûrjend stean, is fêst My lyk de sinne,
Is dreech, de moanne by; dêr blinkt de himels tsjûge,
Hwet ‘k sei, bliuwt ivich fêst, neat kin Myn wird forbûge.”

16.
Mar God, hwer bliuwt Jins trou? ho tsjuster is ús paed!
Wy binne alhiel forspein, forwirpen en forstaet,
Jy smite yn grime ús wei, en dy’t Jy salven, sakke,
Syn kroane leit yn ’t slyk, syn hûs is stienbult makke,
Syn mûrren binne fen in wylde macht forbritsen,
Syn fêsting is fordwoun, en hek en stek trochstitsen.

17.
Elk slacht en ploaitst him wei en graeit: hwêr is syn God?
Syn bûrljue stekke him mei húnjen, smaed en spot,
De fijân sjongt it út; Jins ginstling doarmt yn ’t lege,
’s Wearstanners rjuchterhân is ta syn skrik forhege,
Syn swird leit om, is bot en baet him neat yn ’t striden,
Hy flechtet út it fjild, hy stroffelt lange tiden.

18.
Syn glânze is fen him ôf, syn kreazens is forgien,
Hy ’s fen de troane staet, syn hearskippij is dien,
Syn jeugd forkwoun yn leed, elk kin him narje en tergje:
Holang, o trouwe God, scill’ Jy Jins ginst forbergje?
Moatte ivichlik wy ús om ’t slim forfallen skamje,
Scil as in lôgjend fjûr Jins lilkens jimmer flamje?

19.
Bitink o Hear, ho swak ik bin, ho koart fen dûr,
It libben is in wink, it komt en ’t is wer oer;
Hat om ‘e nocht de minsk den ’t ierdske plak ynnommen?
Hwa kin der kâns ta sjen de neare dea t’ ûntkommen?
Hwa rêdt syn siel fen ’t grêf? Hwerom oer ús dy rouwe?
Hwer is Jins foarge ginst, de oan David swarde trouwe?

20.
Tink Hear, tink om de smaed, dy’t oer Jins tsjinders giet,
Hwerom myn stitsen each sa mannge trien forjiet;
De smaed dêr’t ús o Hear, ús haters mei oerlaedzje,
Dêr hja de foetleast mei fen dy Jy salven smaedzje.
Ik bring Jo ivich lof, al mei ‘k yn ’t lijen lizze;
Us tank oan God! elk moat dêrop syn Amen sizze.

Psalm 90.

1.
Jy hawwe o Hear, fen de alderâldste tiden
In stipe ús west, in taflecht tsjin ’t bistriden
Ear’t berch en rots opkamen, ear’t de widen
Fen ’t wetter de ierde omjoegen allersiden
Ear’t de ierde wier, o aller frommen skat,
Fen ivichheit binn’ Jy de hege God.

2.
Koart is de tiid dy’t wy yn wêzen binne,
Jy plantsje ús del, nimme ús fen ’t sté fendinne
Jy sizz’: “Tobek, dyn ûrwirk moast forrinne
O minskebern!” en slinend driuwt er hinne;
Hwent tûzen jier binne yn Jins each ien dei,
Dat lange rêk spielt as in nachtweits wei.

3.
In tins, in dream is ’t libben dat we oanskôgje
J’ Omstreame hjar, ’t sij minsken weitsje ef drôgje,
Hjar tiid slynt wei: hja komme, hjar formôgje,
As ’t grien hwêroer de sinnestrielen lôgje,
As ’t gêrs dat moarns ryk bloeit en dré forkwynt,
Jouns ofsnien wirdt, fortoarret en fordwynt.

4.
Jins grime o Hear lit ús yn nacht forkwine
Jy slagge ús del, sa moatte wy forwine
Wy tomlje op ’t paed, forbjusterje en fordwine
Dêr’t Jy ús sûnde en tsjustre skilden fine;
Us tsjoedens is fen Jo yn tinken brocht,
Us heimlik kwea yn ’t àltrochsiikjend ljocht.

5.
Us dagen binn’, dêr’t ús Jins gleonens strime
Toraend, fordwoun, toknieze fen Jins grime;
Wylst dei oan dei ús ’t eigen ûnrjucht flime;
Us tiid is as in sucht nei ’t sigen swime,
Us libbenstiid, fen moeite en lêsten swier
Stiet sauntich, ef op ’t measte tachtich jier.

6.
It hearlikst fen ús minskne libbensdagen
Jowt ûnk en lêst, jowt leedzje en striid to dragen,
Wylst siiktme en dea as blêdden ús forlagen;
Wy lûke wei as dampen út ‘e hagen.
Greatlykjend binn’ dôchs we yn in wink fortein;
’t Is rêd foarby, ’t is as de reek forflein.

7.
Hwa hat Jins grime o Heare rjucht bifette?
Hwa wit fen Jins grammoedigens de swette?
Jow det wy op ús dagen de oandacht sette
Sa krije wy in rjucht forstannich herte.
Kear nei ús ta, – ho lange noch? – forjit
Jins ginstfolk net, dat om syn sûnden lit.

8.
Jins ginst scil mear as ’t hearlikst fiedsel spiizje;
Lit yn ‘e moarn Jins heilsljocht noedzjend riizje,
Sa scille wy Jo jublje en ear biwiizje,
Sa mei ús sang Jo al ús dagen priizje;
Forbliidzje ús nei de mjitte fen ús drok
En jow ús nei der jierren leed ús lok.

9.
Lit Hear, Jins dwaen nea fen ús each fordwine,
Lit al Jins bern Jins hearlik antlit fine,
Det hja hjar herte àl mear oan Jo forbine;
Meije ús Jins glâns, Jins ljeaflikens biskine;
Jins segen wêze ús by ús skrippen nei
Bikroanje ús wirk, bistypje ús op ús wei.

Boarne: Privee kolleksje)