Bydrage fan Anders Minnes Rozendal. (Fryske skriuwer en pakesizzer fan A.M. Wybenga).
Lêze, wy hawwe it allegearre leard. Mar hoe brûke wy it noch?
Allinne mar saaklik, of om mei it lêste nijs op ՚e hichte te bliuwen?
Fansels, beide sille wichtich wêze.
Mar jo kinne ek ris út jo eigen wrâld stappe troch boeken te lêzen.
Skiednisboeken, biografyen of romans, fiksje of non-fiksje.
Spannende, romantyske of humoristyske boeken. Wat jo mar wolle.
Dêrmei kinne jo de deistige beslommeringen efkes ferjitte.
Mar dat net allinnich.
Jo kinne jo wrâldbyld ferbreedzje troch boeken te lêzen fan lju dy՚t werklik wat te sizzen hawwe.
Mieningen, dêr՚t jo by stilsteane en oer neitinke.
Sa kinne jo ek gedichten yn jo opnimme, se hifkje en dêr jo eigen gedachten en bylden by foarmje.
Anders Minnes Wybenga hat in soad skreaun.
Oer de nijsgjirrige skiednis fan ús gea, mar ek koartswilige ferhalen.
Mar yn it foarste plak wie hy in dichter.
Tige wichtich yn syn oeuvre binne de psalmen dy՚t er yn it Frysk oersette.
En fansels it grut ferskaat oan poëzy dat er neilitten hat.
Poëzy dat no noch it lêzen mear as wurdich is.
Anders Minnes Rozendal
Werom nei Ta yntroduksje (bydrage)
