Ta yntroduksje.

As ik earder berne west hie, hie Anders Minnes Wybenga myn buorman west. Wy sjogge troch ús rút wei syn hûs oan de dyk dy’t eartiids “‘e Efterste Slap-en taei” hiet en no de namme fan “Anders Minneswei” hat. It hûs dêr’t er libbe en wurke stiet der noch. Sa’t dat altyd giet, tiden ha tiden en der is in hiel soad feroare, mar de streek en it lân azemje noch hieltyd de sfear fan syn gedichten en ferhalen.

Hoewol’t dizze bysûndere man wol erkend en eare wurdt (der is in strjitte nei him neamd en der steane monuminten fan him yn Nijewier en Hantumhuzen), kenne net folle minsken syn literêre wurk noch. It is ek net sa ferwûnderlik, syn boeken wurde net mear drukt en binne no allinnich op goed gelok te finen yn in antikwariaat of werbrûk winkel. Syn namme sil yn ús ûnthâld bliuwe, mar syn skreaune wurd libbet net mear ûnder ús. Sa giet it no ienris.

As jo op Wikipedia sjogge dan wurdt Wybenga dêr degradearre ta “in doarpsdichter” of “in boer dy’t wat gedichten skreau”, wylst dat yn kontrast stiet mei syn mânske wurk. Hy hat yndied mar in pear ier legere skoalle folge (wat yn dy tiid op it plattelân earder regel as útsûndering wie) en dêrnei in “gernierkerijke” begûn om yn de drege jierren de holle boppe wetter te hâlden mar hoe’t er him ûnder dizze omstannichheden sels fertsjinstlik ûntwikkelje koe, it is wier net te leauwen. It bewiist net allinnich syn grut talint mar ek in grut trochsetters fermogen en krêft en besieling. It bliuwt in riedsel, sjoen syn útjûne boeken, gedichten, proaza, artikels, ûnbidige korrespondinsje en dan noch boppe-op ferskate funksjes besette yn it bestjoer fan ferieningen en it maatskiplik libben. Hoe’t er dat noch kombinearje koe mei syn gernierkerijke, syn húshâlding en syn famylje (dêr’t er tige oan hechte wie), mei in wûnder hite. Skriuwe en studearje oant let yn ‘e nacht , mei skraachoan ferljochting fan doe, hat grif dreech west!

Mar dochs; hoesa “in boer dy’t wat gedichten skreau”? Hiene oare Fryske skriuwers yn Wybenga’s tiid ek net in oar berop yn harren deistich libben? Moatte wy (om hjir mar ien te neamen) Fedde Schurer dan minder wurdearje om’t er yn syn jeugd as “timmermansfeintsje’ begûn wie? …. It wie in hiel, hiel oare tiid.

Gelokkich is der yn 2018 in biografy fan Wybenga ferskynd, skreaun troch de histoarikus Jan Minno Rozendal. In boek dat goed dokumintearre is en mei dêrtroch erkenning foar Wybenga’s posysje en betsjutting yn syn tiid oantoant. Goed wurk, mar litte wy hoopje dat dit de biografyske earste stap is, want kinst überhaupt in hiel libben fan immen beskriuwe yn ien boek?

Ik bin tige rekke troch Wybenga’s wurk: syn gedichten, proaza, syn ynset foar de Fryske taal, syn kristlik leauwen, syn bining mei it lân, mar foaral troch syn krêftige en unike persoanlikheid. Myn bewûndering foar him groeide neigeraden ik mear fan him lies.
Frysk is myn memmetaal net, myn frou en ik prate yn hús Hollânsk, mar ha beide in hiel soad niget oan de Fryske literatuer en skiednis, lêze geregeldwei Fryske boeken en drage Fryslân in waarm hert ta.

Mei dizze webside wol ik myn bydrage leverje oan de promoasje fan Wybenga’s literêre wurk, mar foaral myn earbetoan betsjûgje oan dizze bysûndere man.
Hy fertsjinnet it net om fergetten te wurden. Op Wybenga’s grêfstien op it tsjerkhôf fan Wetsens stiet in tekst fan KFS: ” Soan fen Fryslân. Strider en dichter ” Aeternam in memoriam! (foar ivich ta oantinken)
Lit ús dat yn eare hâlde!

Roman Jaworski , Wetsens, febrewaris 2025


Draech de noed for Fryslân fieder,
Soannen fen dit stille lân,
Mei de ljeafde fen jim herte,
Mei de klearens fen ’t forstân.
’t Kostber erfskip fen de foartem
Hâld it suver, hâld it djûr:
Jow it oer fen hân yn hannen,
Rik it altyd fierder oer.


Anders Minnes Wybenga.

Bydrage fan Anders Minnes Rozendal,
Fryske skriuwer en pakesizzer fan A.M. Wybenga.

Lêze, wy hawwe it allegearre leard. Mar hoe brûke wy it noch?
Allinne mar saaklik, of om mei it lêste nijs op ՚e hichte te bliuwen?
Fansels, beide sille wichtich wêze.
Mar jo kinne ek ris út jo eigen wrâld stappe troch boeken te lêzen.
Skiednisboeken, biografyen of romans, fiksje of non-fiksje.
Spannende, romantyske of humoristyske boeken. Wat jo mar wolle.
Dêrmei kinne jo de deistige beslommeringen efkes ferjitte.
Mar dat net allinnich.
Jo kinne jo wrâldbyld ferbreedzje troch boeken te lêzen fan lju dy՚t werklik wat te sizzen hawwe.
Mieningen, dêr՚t jo by stilsteane en oer neitinke.
Sa kinne jo ek gedichten yn jo opnimme, se hifkje en dêr jo eigen gedachten en bylden by foarmje.

Anders Minnes Wybenga hat in soad skreaun.
Oer de nijsgjirrige skiednis fan ús gea, mar ek koartswilige ferhalen.
Mar yn it foarste plak wie hy in dichter.
Tige wichtich yn syn oeuvre binne de psalmen dy՚t er yn it Frysk oersette.
En fansels it grut ferskaat oan poëzy dat er neilitten hat.
Poëzy dat no noch it lêzen mear as wurdich is.

Anders M. Rozendal

Tankwurd:

Myn leave frou Thea foar har help en stipe.
Anders Minnes Wybenga (postúm), Anders Minnes Rozendal en syn soan Jan Minno Rozendal foar de ynspiraasje.
Pieter Sijtsma foar it weardefol artikel oer it Anders Minnes hûs fan doe en foar in soad eftergrûnynformaasje.
Jan Walda (postúm) foar de ynspiraasje en syn weardefol ûndersyk-neilittenskip oer de skiednis fan Nijewier en Wetsens.
Eeke Nutma foar har ferhalen oer eartiids.
Famylje Stout (de hjoeddeistige bewenners fan it Anders Minnes hûs) foar harren boek bydrage.
Sake v/d Kloet en Rennie Veenstra foar harren taalkundige advizen.
Alle besochte argiven en biblioteken foar harren bydrage.
Elkenien dy’t hjir direkt en yndirekt entûsjast holpen hat.

Taheakke: Oer it meitsjen fan de webside:

Yn dizze tiid hast in hiel soad mooglikheden om flitsende websides te meitsjen, ik ken se wol. Mar … Hoe soe Anders Minnes dat sels wollen ha? Wat paste goed by syn “kalvinistyske” karakter? Ik haw foar alle wissichheid efkes “nei boppen” skille om him te freegjen … “Net sa folle drokte jonge!” sei er, “Gjin fodden en bellen delhingje, dêr hâld ik net fan.” “It moat wol te lêzen wêze!” Ik ha syn ried opfolge. Jimme moatte it der mei dwaan!

Noch efkes dit:

By it ta stân kommen fan de website haw ik in biografysk argyfûndersyk dien nei Anders Minnes Wybenga. Der is in hiel soad oer him fûn. Foar de lêsberens is hjir mar in part publisearre. De bibleteek bliuwt yn ûntwikkeling, it ûndersyk giet troch dus der komt letter mear materiaal by. Mochten jo fragen hawwe of yn besit wêze fan nije gegevens, ferhalen, famylje-oantinkens, foto’s, ûnbekende publikaasjes van Wybenga, nimme jo dan kontakt mei my op?
Jo materiaal bydrage foar de bibleteek wurdt tige op priis steld. Alle nuttige tippen binne ek wolkom!