A.M. Wybenga Psalmen -11 t/m 20.

11121314151617181920

Werom nei Psalmen haadside

Psalm 11.

1.
‘k Bitrouwe – op God yn al myn flymjend lijen;
Ho sizz jim hounsk tsjin myn binearde siel:
Sjuch djip yn ’t berchtme – in feilich plak to krijen,
Doarmje – om, swervje – as in fûgel yn ’t struwiel!
Hwent merk it op, de boaze spant de bôge;
Yn ’t donker sjit hy ’t skerp bislipe stiel,
De oprjuchte wirdt mei leed op leed oertôge.

2.
It founemint, it rjucht, de binlikheden
Wirde omstaet, batsk de trou omlegens treaun,
DFe boaze jowt om God, om wet noch reden:
Hwet hat it froed rjuchtfeardich folk misdreaun?
Mar d’ Opperhear, op ’s himels troane sittend
Sjucht del op d’ ierd’; Him ’s neat biditsen bleaun
Hy ’s aller dwaen en heimlik tinken wittend.

3.
De Heare ken, bimoeit Him mei de oprjuchte,
Al straffet Hy, ’t is myld, ta ’s frommen bêst;
Hy hatet dy’t mei woast geweldzjen fjuchte
En striid bimint; Hy gint gjin sûndaer rêst;
Hy lit yn wraek op ’t boaze slachte reine
Fjûr, swevel, strûp; in draeiwyn, nea bidwest
Scil yn hjar tsjilk hjar wêzen deadlik skeine.

4.
Rjuchtfeardich is de Heare yn al Syn wegen,
Hy, dy’t oan ’t rjucht Syn wolbihagen jouwt
Merk op de opjuchte, en skikt him ljocht en zegen.

Psalm 12.

1.
Bring rêdding Hear, is ’t foar Jins troan net kommen?
De goede ûntbrekt, de ljeafde – en trouwe -is wei,
Ho hyts yn tal binn Jins stil – trouwe frommen!
De minskebern forwyldrje by de dei.

2.
Hja sprekke list en falskens, draeide dingen,
En jowe om ’t heil fen frjeon en neiste net,
Hja flaeije om ’t froede folk folk yn ’t near to kringen
Hja sprekke mei in dûbelsinnich hert.

3.
De alsjende God, Bidjipper fen it herte,
Al liket it det Hy Syn earen slút,
Meij’ tel ’t gefeinis yn ’t rjuchte deiljocht sette,
Hy roeije sprekkerstonge en lippen ût.

4.
Slach, Heare, del dy’t sizze: wy scille ’t witte,
Us tonge stiet alline yn ús gewelt.
Us lippen meij’ wy ta ús tsjinst bisitte:
Hwa is de Hear, dy’t ús de wetten stelt?

5.
“Om’t hja Myn folk forwoastje en húngjend tergje;
Om ’t earme folk, dat kermjend nei My socht
Scil ik,” sei God, “nou opstean en hjar bergje
Hjar heil jaen, heech forskinend met Myn ljocht.

6.
Us Hearen wird is rein en ’t Godlik sprekken
In suver, kein, oan ’t lottre sulver lyk;
It djûrst metael, ûntdien fen lek en brekken
Oant saunkear is gjin greater glânze ryk.

7.
Jy scille o Hear, Jins tsjinders trou biwarje,
Jy hoedzje hjar, – ’t liocht heldert oer hjar wei,
Biskermjend hjar, mei ’t boaze slachte ek narje –
Is ivichlik Jins goedens sterk ús nei.

8.
De boaze mient him frij fen alle bannen
Hy draeft al roun, yn ’t bluistrich herte oerstjûr,
As ’t kweaste folk de jaechling krijt yn hannen.
Sa rint it lân fen alle sûnden oer.

Psalm 13.

1.
Ho lang, o Hear, Dy’t alles wit,
Scil Jy nou ‘k djip to kermjen sit,
My yn ’t my baernend leed forjitte,
Jins antlit my net skôgje lit-te,
Dêr’t ik al tiden hymjend bid?

2.
Ho langscil ‘k om ‘e nocht nei ’t ljocht
Utsjen? Scil hwet ik hoopjend tocht
My by de hannen ôf wer brekke?
Ho lang scil kommer my bidekke?
Nou’t dei oan dei my drôfnis brocht?

3.
Ho lang scil my de fijân slaen?
Oanskôgje o Hear, ’t grouwelich dwaen,
Forhear me en help me út strange beagen,
Forhelddrje yn ginst myn gûlende eagen;
Wol my oan Dea as bût net jaen.

4.
Det nea de fjiân sizze mei:
“Ik bûts him del, ik nim him wei
Hwent nearne mei er helpe biidzje!”
Lit dôchs de boaze ‘im net forbiidzje;
As ‘k strofflje mocht, – bliuw, Hear, my nei.

5.
‘k Fotrou, al stekt my ’t sterk fortriet
Op God, Dy’t oan myn side stiet;
‘k Forhúgje me yn Jins heil allinne
‘k Wol sjonge om ’t Jy myn helper binne;
Jo earje ik blier mei ’n júchjend herte.

Psalm 14.

1.
De greadske dwaes sprekt yn ’t oerstjûre moed:
“Der is gjin God” de minskesoannen meitsje
’t Al mear forkeard, hja litte it kwea hjar smeitsje
As ’t swietste swiet, hja binn grouwélich tsjoed,
Gjin minsk docht goed.

2.
De Heare God sloech út Syn himel ’t each
Op Adams team, Hy ûndersocht hjar wirken,
Eft hja op Him, en op Syn wûnderen mirken,
Eft mei forstân ek ien de sûnde ûntfleach
En nei Him seach.

3.
De minske is fier it rjuchte paed ûntroun;
Hja dwylje slim, hja sûndigje allegearre
Yn stjonkend kwea; ’t is bot ho’t hja ’t fordjerre;
By nimmen wirdt noch suvre hertegroun,
Ef frommens foun.

4.
Hat den dity folk, sa yn ‘e groun bidoarn,
Gjin witnis fen Gods wei en suverheden?
Hja ite as brea myn folk, tsjin rjucht en reden,
Hja bidde nea, hja roppe joun noch moarn
Har Skepper oan.

5.
Dré wirde hja mei djippe ûntsteltnis slein,
Dré scil hjar krêft en moed en glânze ûntwike,
Yn noed en need ’t forskrikte hert biswike;
Hwent God hat op it folk fen herten rein
Syn segen lein.

6.
Dû boazert spotst en hunest al to kwea,
Dû narrest dy’t yn ûnk en lijen kwine;
God scil dy tel yn dyn heechmoedens fine;
Der froeden Help jowt hjar net oan ‘e dea
Mar heart hjar bea.

7.
Och kaem de tiid dôchs ringen oan det God
Forlossing brocht út Sion oan de frommen!
Is ’t finzen folk wer yn syn erfskip kommen
Júcht Jakob bliid, sjongt Isrel fen syn skat
En hearlik lot.

Psalm 15.

1.
Hwa mei d’oerhearlike eare ha’,
Fen yn Gods tinte to forkearen?
Hwa komt des Heechsten segen sa
Yn wenplank op Gods heilberg ta,
By ’t heilsliocht fen de Hear der Hearen?

2.
Dy’t sêft fen sinnen, froed en sljucht
Gerjuchtigens en suverens skiet,
Dy’t net nei falske saken sjucht
Dy’t wierheit sprekt, fen herten rjucht
En mei Gods wet syn geast forriket.

3.
Dy’t nearne ef nea nei ’t kweade slij
Ta’s neisten skea, syn bu3rmans namme
T’ oersmoargjen tink mei rabberij, –
Him ha3ldt fen smaed en laster frij
En jimmer him for ljeagnjen skamme.

4.
Hwaens each ’t forwirpen folk net stiet;
dy’t earet, hwa de Heare tsjinje;
Dy’t hwet er swarde hold al wie ’t
De soks him skea brocht en fortriet
Scil siker op Gods Sion wenje.

5.
Hy dy’t gjin jild op woeker set;
Om d’ ûnskild tsjin de groeun to rinnen,
Nin jeften nimt, mar ’t kwea bilet
Him hâldt en draecht nei ’s Hearen wet
Scil nea noch nimmer wanklje kinne.

Psalm 16.

1.
Biwarje my, Jins earme feint, o God!
Ik moat aloan ta Jo myn taflecht nimme,
Jy seit myn siel, Jy binn myn Hear myn Skat;
‘k Fyn nearne – oars lok, al kin ‘k ta jo net klimme,
Om ’t kwea bistean, ‘k mei dochs Jins folk ierde,
Jins hearliken, myn skoanste jeften biede.

2.
Hja, dy’t hjar wynsk-forbjustre, oerdwealske hert
Op idelheit, in neazige ûngod sette
En jeften tôgje nei hwet sjucht noch teart
Fall’ ringen del yn mannichfâlde smerte.
Bloedoffjern wirdt fen my fêst net fornommen
Hjar nammen scil net oer myn lippen komme.

3.
Myn ljeaven Hear is ryk en goed, myn God
Myn erflik diel, de tsjilk me yn reinens mongen;
Hy ûnderhâldt, bistjûrt myn wei, myn lot,
Myld jowt Er stof in fleurich liet to sjongen,
It ljeafliks plak woe Hy me yn romte mijte;
Dat hearlijk diel mei ‘k bliid fen sin bisitte.

4.
Ik scil de Hear, Dy’t my geskikte ried
Yn de earen brocht, mei lofsang jimmer priizje,
Yn ’t Godlik ljocht stim ik myn krêftig liet
Dêr’t Godlijk ljocht stim ik myn nieren me ûnderwiizje.
Ik stel de Hear my jimmeroan foar eagen;
Hy oan myn hân is ’t skyld tsjin leedzje en pleagen.

5.
‘k Forwrigje net, dos mei ‘k fen herten bliid
Myn God yn liet en psalmsang júchjend tsjinje,
‘k Mei júbliend gean séls troch de nearste tiid,
Ek scil myn siel net yn ‘e hel forjitte,
Jins heilige scil fen gjin fordjerren witte.

6.
Jy meitsje my bikend mei ’t libbenspaed
Hjir reitsje ik net fen leed ef ûnk forbjustre;
‘k Fyn freugde myld, ‘k blindens sûnder skaed,
In sinne, nea fen dizewolk oertsjustere;
Yn ljeaflikens mei him myn siel forkwikke;
Jins rjuchterhân scil ’t ivich heil my sikke.

Psalm 17.

1.
Och Hear, och harkje nei myn bea,
Wol tel myn goede saek fornimme,
Merk myn gegûl, forhear myn stimme:
My wearzget list, bidroch en kwea;
Myn lippe spriek in wiere reden;
Waerd dôchts myn rjucht yn ’t heilich ljocht,
Myn súvrens foar Jins antlicht brocht,
En skôgen Jy de binlikheden!

2.
Jy haw myn lotter herte preaun,
Bisocht by nacht yn freugde en smerte, –
Myn mûle sprik de tael fen ’t herte,
Ik hawgjin idel stik bidreaun;
Hwet wei de sûndaer ek biwanlet,
‘k Haw nei Jins wet him stien, ik haet’
D’ ynbrekkers op hjar groundlik paed,
My wearzget hwa’t godleaslik hanlet.

3.
‘k Hâld dreech myn foetstap yn Jins spoar;
‘k Forwrigje net, ik hâld fen herten
Jins wirk foar ’t each, en min Jins wetten
Gean Jy my mei Jins heilljocht foar.
Jo rop Jy ’t kriten witte o God!
Jow dôch myn siele rommer bod
En niigje de earen nei myn reden!

4.
Meits Heare oan my Jins woldwaen great!
Forlossing brocht Jins hân de frommen;
Al seagen hja de fijân kommen,
Jy haw him britsen yn syn feart.
Stean Hear my by tsjin de my tergje,
Oerdek me as de apel fen Jins each,
Wol for myns fijâns bân en pleach
My ûnder feilige wjuk forbergje.

5.
Bihoedzje my tsjin ’t wyndrich ras,
Tsjin dy’t op myn fordjerren sinne,
Dy’t deadlik my fijânnich binne
Fen alle wet en rjuchten los;
Hja binne fet, hja groeije en dije
Hja sprekke mei oerdwealske stim:
Wy fine, wy omsinglje him,
Dré scil syn lûd for altyd swije.

6.
de boaze is lyk in felle liuw
Hy loert op bût, syn glindige eagen
Bigeare dy’t God siikje yn beagen:
Yn tsjuster spits him ’t goedleas reau,
Stean op, greatmachtich Opperheare!
Kom ’t wyld forwrongen antlit foar,
Slach del dat ras yn ’t eigen spoar
En wol Jo ta myn siele keare.

7.
Bigrije’ mei Jins hân me o God!
Fen hjarren dy’t fen de ierde binne,
Dy’t rykdom, wielde en steat biminne
En ’t wrâldske goed as heechste skat;
Hjar diel is yn dit tijdlik libben;
Mar ringen falt de kâlde dea
Hjar oer de oerdwealsklik sêdde lea
En jowt hjar skatten on hjar sibben.

8.
Jins ginst o Heare! is great en myld:
‘k Scil ’t ljochtsjen fen Jins antlit smeitsje,
Honear ‘k yn ’s himels glânze ûntweitsje;
Dêr sêddet my Jins Godlik bild.

Psalm 18.

1.
‘k Scil dimmen – bliid o God, fen gânsker siele.
Jo ljeavje, en ryk me-yn-’t Jo forheegjen fiele.
Jy wierne-aloan myn sterke Hâld, myn God.
Myn boarch, myn rots, myn djûrste-en ealste skat.
1. ‘k Bitrou op Him, Hy is myn skyld yn ’t striden,
Myn heech forbliouw; jowt my syn heilsforbliden,
Ik rôp oan God, ‘k rôp oan dy dreechste Helt,
En ‘k waerd forlosse-út ’s fijâns wreed gewelt.
Deadbrânning wiele-yn woastens om myn siele,
In stream fordjer scoe polskjend my forniele,
De helle wier mei stûfe bannen nei,
De dea laei my syn strûpen op myn wei.

2.
Do ‘k roun fen ’t leed omsletten waerd en ’t neare
Rôp ik oan God, oanrôp ik sterk de Heare,
Myn stimme kleau oant ’s himels troanseale op,
It Godlik ear fornaem myn bange rop; –
Dêr skokte de ierde yn ’t founemint forskrikke
Dêr waerd de foet fen heechste berchtme wrikke,
Hja skodden kjel nou’t God ûntstitsen wie’
Det my, Syn feint, de fijân trape hie.

3.
Reek út Syn noas hold Him for de ierde skûle;
In lôgjend fjûr sloech slinende út Syn mûle;
Hy njigde it swirk en daelde yn majesteit;
Syn foetten stiene op damp en donkerheit;
In sterke macht fen tsjuster steaple wolken
Forbirg Syn glâns for ’s wrâlds forbjustre folken,
Hy fleach troch ’t rom, in Cherub wier Syn wein;
Heech kaem Er op der winen wjukken tein.

4.
Hy hold Him yn der tsjusternisse wente
For ’t each biskûl, Syn dekking wier Syn tinte:
Dêr teagen great de tsjustre wetters gear
Dêr dreauwen wolk by wolk om ’s himels Hear;
Fen ’s Iivgen glâns, mear strieljende as de sinne
Dreau fjûr en heil forwoastjend sterk dêrhinne.
De Heare tongere yn ’t weltich himelheech
God joech Syn stim, sterk foel Syn fjûr omleech.

5.
Hy liet de minsk ien ’t sjittend fjûr ûntstelle,
Forstruide it folk mei pylken, gleone en felle,
De djipste kolk waerd droech, dêr teach de weach,
En ’s ierdryks groun laei bleat for ’t skrilsjende each.
Ho bloezen op Gods wink d’ ûntstitsen winen!
Ho wist Syn krêft de fijân del to binen!
Hy fen omheech kaem mei Syn stipe nei,
Loek my, Syn feint, út sterke wetters wei.

6.
Hy holp my tsjin dy’t my nei ’t libben stienen
Fen haters dy’t to sterk, to machtich wiernen;
Hja foelen me oan, do’t stûf my ’t lijen biet,
Mar God wier my de stipe yn ’t fel fortriet,
Hy rokte me út, joech romte me op myn wegen,
Ik hage Him, sa brocht Syn ginst my segen;
Hy dych my goed, dêr ik it rjuchte socht;
dêr ‘k rein fen hân wier hat Hy ’t heil my brocht.

7.
Ik haw Gods wet en dierbre wegen hâlden
Ik wachte my for ûnrjucht, sûnde en klâdden,
‘k Bin net tsjin God en bûten ’t foarskrift gien,
Syn rjuchten haw ‘k mei ’t djipste wollen dien,
‘k Wier rjucht for Him, al nypte my ek ’t lijen,
Ik weitse trou om ’t sûndich spoar to mijen;
Sa joech de Hear mei nei myn suver dwaen,
Sa woe ‘r yn ginst ’t each op myn reinens slaen.

8.
Jy dogge goed, oan dy’t oanhanklik minne,
Oprjucht binn’ Jy by hjar dy’t suver binne,
De reinen witt ho rein Jins wegen binn’
Mar dwersen gean Jy krêftich wraksljend tsjin;
Hwent Jy forlosse ’t folk fen ’t leed biditsen,
Mar ’t heechsjende each wirdt op Jins winken britsen.
Myn lampe jowt hjar ljocht nei Jins bistel
Myn sinne riist, dêr wykt de dize del.

9.
Ik scil mei Jo troch sterke binden kringe,
‘k Mei mei myn God oer hege mûrren springe.
Gods wei is rjucht, folslein Syn suver dwaen,
Syn rede is goud, Syn paed in suvre baen,
Hy is in skyld for dy’t op Him bitrouwe,
Him roppe om help, himm siikje yn lok en rouwe.
Hwa is Him lyk, ús Heare en heechste skat?
Hwa is in Rots, in skûlplak bûten God?

10.
’t Wier God, Dy’t holp, honear myn krêft forswakke,
Hy hat myn wei my rjucht en effen makke;
Myn foetten binne as fen ‘e hartekij
Hy draecht me en op myn hichten set Er my.
Hy stjûrt myn hân, sa haw ‘k myn fijân stitsen;
In stielen bôge is fen myn earm tobritsen;
Jy joegen my Jins heil as feilich skyld,
Jy stipen my, Jy wiernen me einleas myld.

11.
Sa wird ik great, ‘k fyn romte oan alle siden;
Myn trêd is fêst, Jy hoedzje my for gliden;
De fijân wykt, ‘k forfolgje en kom him by;
Ik kear net om; ho skrikt en skrillet hy!
Ik stek hjar del, hja koenen ’t fjild net hâlde;
‘k Haw yn Jins krêft hjar mei myn foet towâdde;
Hja haw hjar hope en treast en kroan forlern;
‘k Mei yn myn heil Jins ginst en bystân sjen.

12.
Jy skonken my nei ’t leedzjen heech forbliden,
Jy joegen my Jins help en krêft yn ’t striden;
Dy’t my wjerstie foel del, fortieze, oan ‘e ein,
‘k Stean op hjar hals, myn haters binn forslein;
Hja rôpen wol, mar sûnder help to finen,
Sels oan ‘e Heare yn ’t flymjen fen hjar pinen, –
Gjin andert kaem, – sa gyng ‘k hjar grúzjend nei,
Ik romje as stof, as strjitteslyk hjar wei.

13.
‘k Stean, mei de kroan út folkne twisting rezen,
‘k Sjuch ’t Heidendom for my hjar oerste frezen,
My tsjinnet sels ’t folk dêr ‘k nin weet fen ha,
’t Docht nei myn wet, komt flaeijend op my ta;
De frjemden moatte, al mei ’t hjar hert net foegje,
Hjar krêft toraent, en al hjar stiigrjen mei;
Hja flechtsje yn skrik út slot en boargten wei.

14.
Sa libbet God, de machtige en iivige Heare;
Sa bringe wy ús Rotsstien lof en eare;
Forhege sij God Dy’t my wrake jowt,
En folk by folk oan myn biwâld bitrout;
Hy, ginstryk, slacht myn fijân yn ‘e bannen,
Forlost my fen myn haters wrede hannen,
Forheget my boppe alle ierdsk gewelt
Dat sterk fen ’t kwea him tsjin Gods tsjinstfeint stelt.

15.
Sa bliuwt Jins lof heech jubljend op myn tonge;
Jins Namme mei ‘k de ljochste lieten sjonge;
Jins rynske geast bringt my yn sterke steat:
Myn helpe is rom en myn forlossing great.
Hy wol Syn goed myld oan Syn Salfde skinke,
Oan David en syn neiteam ivich tinke.

Psalm 19.

1.
It twinkljend himelwiid
Lofpriizget ynlik bliid,
Gods hege majesteit,
It djippe blqauwe, it swirk,
Sprekt fen Syn Godlik wirk,
Ropt fen Syn wiis bileid,
De dei lit oan ‘e dei
Gods wûnderfolle wei
En swide krêften witte,
Ho strielt nacht by nacht,
Fen stille stjerrepracht!
God witnis is oermiette!

2.
In reine sulverklank
Bringt de livge Skepper tank,
Driuwt sêft it iedryk oer;
De minsk fornimt dy stim
En sjongt en lovet Him
En ’t sillich Albistjûr
Dat lûd wirdt rounom heart,
It kliuwt fen ’t uterst swet:
Heech blinkt Gods himel prachtich!
En de útein fen ‘e wrâld
Sjongt fen Syn heech biwâld:
Lof sij oan God Almachtich!

3.
God hat for ’t greate ljocht
De sinne in tinte wrocht
Honear dy dûkt yn sé;
Hy riist út syn ûntwyk
In blide breg’man lyk
Oerglânzjend minske en fé;
Hy ’s blier allyk in helt
Dy’t stien noch toarnen telt
Om ’t gaedlik paed to finen;
Ho blinkt syn blide glâns
De ljochte himel lâns!
Neat kin dy gloede ûtwine.

4.
Folslein is Goades wet,
Bikearnende ús it hert
Fen nacht en kwea bidoarn;
Us Hearen tsjûgenis
Is rjucht en fêst en wis
En jowt u1s goed forstân;
Yn ’t Godlik hjitten sjucht
Us each it hillichst rjucht;
Hy wol ús ’t heilslok wiizje;
’t Gebod is suver, rein,
Is ’t oer ús eagen tein
’t Scil as Gods ljocht ús riizje.

5.
Des Hearen freze is rein;
Wy witte ús iepelein
In heil dat noait forgiet;
Des Hearen rjucht is wier
’t Is ’t minskdom iepenbier
Ho’t ’t sterk doelmiettich stiet.
’t Lok dat Gods wet ús jowt
Blinkt mear den ’t lotterst goud
Skynt kleader den de sinne!
Hjar smaek giet oer ‘e miet
Fen ’t swietste hunichswiet;
It kin fen ’t ealste it winne.

6.
Sa Heare wirdt ús ’t liocht
Fol trou formoanjen brocht
Om ’t rjuchte paed to gean;
Hy, dy’t Jins hjitten docht
Fynt wiere wille en nocht
Hwent great is ’t Godlik lean.
Mar hwa kin oer syn dwaen
Himselme tsjûgnis jaen
Det trou hy ’t goede wirket?
Sprek, Hear, my op myn bea
Frij fen ’t forhoalen kwea
Dat troch myn siele fjurket.

7.
Biskermje o Hear Jins feint
Det hy Jins wet net skeint
Mei heechmoed en mei waen,
Den mijt er mear oprjucht
De tsjoede sundesucht,
De falske, brede baen.
Lit jimmer hwet ik siz,
Yn ’t herte oertinkend liz
Jins hillige eagen haegje,
Myn rots, myn God en Hear
Bisterikje my Jins lear,
Sa scil my ’t moarnsrea daegje.

Psalm 20.

1.
Meij’ nei Jins klacht de Hea fornimme,
Yn stûfe-en neare dei,
Det Jakobs God op ’s froedens stimme,
Syn wente wêze meij’!
Det Hy út ’t ivich heilichdomme,
Jo helpe-en bystân skikke,
Det Jo Syn ginst út Sion komme,
Sa steane J’ ûnforwrikke.

2.
De heare litte oer Jins offerspize
Syn hiemelbôge sjen,
De yeske meij’ de ginst biwize
Oer Isrels froede bern,
Hy jowe jo ’t bigear fen ’t herte
’t Lok ljochtsjend oer jins wegen,
Hy meij jins ried yn útfier sette,
Sij jo jins winsk ta segen.

3.
Saleit de jubel op ús tonge
Scill’ wy Gods heil en ear
By wapprjend-hege banen sjonge, –
Nei winsken docht de Hear!
‘k Wit fêst, God scil Syn Salfde sparje
Hy heart, forheart syn beden,
De Heechste scil syn heilsteat skoarje
Stpje út Syn mogendheden.

4.
Oan hynders, weinen, helteskaren
Sjucht de ierdske minske hâld,
Mar wy fornije op stim en snaren
Gods lof en ’t heech biwâld.
Hja haw hjar delbûgd, binne fallen
Hjar krêft gyng fjer fensiden,
Mar wy riizje op, steane op ús wallen
Oerein mei hertsforbliden.

5.
Stjur, Hear Jins feint it heil fen boppen
Bihâld ús nei Jins macht,
Forhear ús nei dimmen roppen,
Jow útkomst op ús klacht.

(Boarne: Privee kolleksje)