A.M. Wybenga Psalmen -111 t/m 120.

111112113114115116117118119120

Werom nei Psalmen haadside

Psalm 111.

1.
Hallélujah, Hallélujah!
Ik sjong myn God myn lofsang ta,
Ik loovje lûd ús ljeaven Heare;
Ik priizgje Him mei sin en died,
Ik bring yn der oprjuchten ried,
En gearkomst Him de treftichste – eare.

2.
Gods wirken binne ûneindich great
Wy, nochtfol, sjugge se yn hjar steat
Optritsen nei in wize reden.
Al hwet Er docht is majesteit
Is glânsryk heech yn hearlikheit,
Syn rjucht bistiet yn ivichheden.

3.
Hy jowt det ús Syn blierens blinkt
En det men oan Syn wûndren tinkt,
Wy Syn genede en goedens fiele.
Hy hat, dy’t freezje, spize jown,
Tinkt ivich oan Syn trouforboun,
Barmhertich weitst Er oer ús siele.

4.
Hy makke det Syn folk Syn wirk
Syn greatens, Syn oerwinnen mirk:
Sy haw der heidnen erve ûntfongen.
De wirken fen Syn sterke hân
Binn’ trou en rjucht nei wiis forstân:
Syn lof wirdt noait genôch bisongen!

5.
Syn wetten oan Syn ginstfolk jown
Steane op Syn trou en de iivge groun
Fen wierheit en gerjuchtichheden;
Hy hat Syn folk forlossing stjûrd,
Syn fêst forboun is ’t dûrsum goed
Dêr’t fêst op oan kin yn syn neden.

6.
De hillge namme fen ús God
Is freeslik for dy’t Him bispot
Dy kin Syn oardiel net ûntrinne.
Us Hear to freezjen elke stoun
Is ’t goed forstân, der wiisheit groun,
Gods lof bistiet troch de ieuwen hinne!

Psalm 112.

1.
Loksillich dy’t Gods wegen siket,
Net fen Syn freze en wetten wiket,
Dy’t nochtfol ’t wiis gebot bitrachtet,
Dêr riizjend lok en treast út wachtet,
Syn kroast scil machtich wêze op ierde;
Jins segen scil hjar ljochtsjend liede.

2.
It heil scil nea de fromme ûntwike:
Hy wirdt mei have en goed forrike;
Nea scil er Gods gerjuchtens misse:
Him riist it ljocht út tsjusternisse
En jimmer mei er ’t suver herte
Nei goeddwaen en erbarmjen sette.

3.
Loksillich sy’t him myld ûntfermet,
Utlient as de earme om bystân kermet,
Hy mei nei ’t rjucht syn saken skikke;
Him scil op ’t paed gjin ûnk forskrikke,
Syn eare scil àl heger kliuwe,
Syn namme yn ivich tinken bliuwe.

4.
Him scil gjin kweade tynge ûntsette
Hwent fêst en rêstich is syn herte;
Hy scil altroch op God bitrouwe,
Syn hûs op de iivge stipe bouwe;
Dré scil, dêr’t him Gods hân biwarret
Hy delsjen op dy’t him fornarret.

5.
Hy struit syn goed; de earmoed-bange
Mei út syn hannen spize ûntfange;
Him kin gjin boaze it rjucht ûntkriuwe
Mar ’t scil him ivich stypjend bliuwe;
Syn hoarn fen sterkens wirdt yn eare
Forhege en útlein fen ‘e Heare.

6.
De oerstjûre tsjoede is wrang to moede
It stekt him det de froede it goede
Fornoeget, fen Syn God forlosse:
Sa scil er op syn tosken gnarse,
Tel raent er wei yn eangstme en smerte
Syn winsk kin nea syn fal bilette.

Psalm 113.

1.
Sjong, Hallelujah, lof en ear,
Oan God de machtige Opperhear,
Jim, dy’t Him tsjinje from to moede!
De namme fen Syn majesteit
Sij priisge oant yn alle ivichheit,
Mei friske krêft, mei heil’ge gloede.

2.
Fen hwêr’t de sinne yn ’t Easten blinkt
Oant dêr’t se yn ’t fiere Westen sinkt
Sij love ’s Hearen greate Namme!
De Heare is heech oer ’t heidendom;
Syn himelwiid fortelt Syn rom;
Syn macht hâldt sinne en moanne omklamme.

3.
Hwa is allyk oan Isrels Hear,
Oan God, Dy ta Syn ivige ear
Yn ’t nea t’oanskôgjen hege wennet?
Dy’t fen Syn swide himeltroan
Sjucht al ús ierdske wrotten oan,
Dy’t wit, hwa Him fen herten tsjinnet!

4.
Hwa is oan God, ús God allyk
Dy’t de earmen helpt út sodze en slyk,
Utrêdt, dy’t rie noch ophael witte,
Dy, jaende in romme pleats fol nocht
Hjar sels by prinsen wenjen docht
En lit hjar njunken foarsten sitte?

5.
Hwa lovet net Gods wûndre trou?
Hy lit de lang ûntfruchtbre frou
Yn ’t húsgesin de freugde riizje;
Hjir mei de blide mem hjar bern
Yn frede en woltier dijen sjen; –
Lit ús Gods woldwaen ivich priizje!

Psalm 114.

1.
Do’t Israël syn hirde tsjinst forliet,
’t Hûs Jakobs ’t folk, dat ta syn slim fortriet,
Mei frjemde tael him narre,
Foun Juda yn syn God syn heilich hâld;
Oer Isrel gyng Syn heech, Syn wiis biwâld,
Det hjar sa trou biwarre.

2.
Gods krêft gyng mei: dit seach de Reade-sé
Hja flechte tel, wyke út hjar skodzjend sté,
’t Jordaenwiet roun ta dammen
En kearde yn skrik; de berchtmeknoop sa dreech
Forwege kjel, sa’t rammen springe omheech;
De klingen sprong’ne as lammen.

3.
Hwet wier ’t, o sé, dat dy sa flechtsjen die?
Jordaenrivier, det dy dos oantaest hie
Hwet koe dyn wetters twinge?
Hwet bergen, diich jim stiigrjen op jimm’ sté?
Hwet, klingen, diich jim huppljen lyk it fé,
Allyk as lammen springe?

4.
Krimp, ierde, gear foar ’t antlit fen de Hear
Foar Jakobs God, foar Isrels ivege Ear
De hearlike op Syn troane!
Hy makke it mei Syn ôfmêd Bounsfolk goed
De rotsstien waerd in rike wetterfloed
De flint in wetterboarne.

Psalm 115.

1.
Us net, o Hear, ús komt gjin eare ta,
Jins Namme mei allinich gloarje ha,
Om al Jins ginst en trouwe;
Hwêrom o Hear, scoe ’t Heidendom fol spot
Us húnje: hwer forkeart hjar Heil, hjar God,
Dy’t sy hjar hilde jowe?

2.
Al leit dit folk Jins Israël ek leech,
Us God is dôchs fol majesteit omheech,
Slacht hwet Er wol, yn bannen;
De ôfgoaden dêr de heiden op fortrout
Binne idel wirk fen silver en fen goud,
’t Bidriuw fen minskehannen.

3.
Al is in mûle yn ’t getten byldwirk set
Hja sizze neat, de stomme sprekke net;
Hja kinne it each net brûke,
It ljochtet nea; gjin lûd, ho fel, ho klear,
Gjin bea, ho drôf, fynt wearklank yn hjar ear;
Ek mei hjar noas net rûke.

4.
Hjar hannen litte ûnmachtich ’t swakste stean;
Hjar foet, ho fiks fen foarmen, scil net gean;
Gjin lûd is yn hjar kiele;
De meitser fen de selsútfoune God
Fall’ del yn ’t grêf, en meije yn ’t selde lot
Fen nea to kinnen diele.

5.
Folk Isrels, bou jim hope op de iivge Hear,
Hy is jimm’ stipe en rêdt jim út jimm’ sear,
Jimm skyld dat nea biswiket;
Hûs Arons, rêst bitroujend op jimm’ God,
Hy is jimm’ Help, jimm’ skyld en heechste Skat
Dy’t jim de siel forriket.

6.
Fortrou op God mei noait forwrigjend moed;
Jim, dy’t Him freezje, is God ûneindich goed,
Hy is jimm’ Skyld yn ’t striden.
De Heare is ús trochmyld bitinkend wêst,
Hy segent ús, jowt Isrel wille en rêst
En Arons hertsforbliden.

7.
De hege God scil ’t each op ’t Bounsfolk slaen,
Hjar dy’t Him freezje in mylde segen jaen
De lytsen mei de greaten;
De Heare God, it machtich Albiwâld
Bihoedzje jim, bring’ segen mannichfâld
Oer jim en oer jimm’ leaten!

8.
De Heare God, Dy’t yn Syn greate macht
Hjir d’ ierde stelde, omheech de himelpracht
Forsterket jim mei segen.
De himel is Syn eigendom, Syn troan,
En de ierde jowt de minske it fiedsel skoan
Bidauwe fen omhegen.

9.
Gjin deade bringt de Skepper eare en lof;
Yn ’t kâlde grêf leit stil ’t forwirden stof
Dêr scil gjin tankpsalm riizje.
Mar wy scill’ Him, de heechste Majesteit
Us lofsang jaen, Him romje yn ivichheit
Him al de tiden priizje!

Psalm 116.

1.
Ik ljeavje God, dy trouwe Heare heart
Aloan myn klacht oer ’t jok dat ‘k haw to dragen,
Hy bûgt Him del, dos tsjinje ik al myn dagen
Myn leed him oan, klei ‘k Him myn felle smert.

2.
My nypten fûl de bannen fen de dea,
Ik laei yn leed, fen felle eangsten forfike,
Binaudens stiek, ‘k moast hast fen ’t leed biswike
Mar ‘k rôp oan God myn snokkerjend-hjitte bea:

3.
“Och Heare, och waerd myn siel fen Jo dôchs rêdt”
Hy hearde my, my mocht genede blike,
Hy hiele my, forromme giet myn sike;
Gods ljeafde is myld ûntfermjend op ’t gebet.

4.
De ienfâldige biwarret God yn need:
‘k Laei úttard, mar Hy skikte my wer ’t fêste;
Net bang, myn siel, wêz hoopjend yn dyn rêste!
Dû bist forlost, God diich dy goed yn ’t leed.

5.
O Heare, Jy haw, do de dea my wonk
Myn siele rêdt, myld opdroege al myn triennen,
Myn foetten hoede op ’t paed fol skerpe stiennen;
Ik wanlje frij, ik wit in feilich honk.

6.
Ik leaude oan God, dos spriek ik ta Syn ear.
Mar ‘k waerd binypt, fen minsken wreed forgetten,
To hastich is my do de tael ûntsketten:
“By ’t minskdom is nin trou, nin wierheit mear!”

7.
Hwet scil ik God for ’t heil Syn tsjinstfeint jown
Weromdwaen, ho scil ’t bêst Syn eare riizje?
‘k Scil by de tsjilk des heils Him tankjend priizje,
Ik rop Him oan út ’s herten djipste groun.

8.
Hwet ik ûnthiet yn blidens jow ik wis
Ik scil Him trou, mei suvre tankstim priizje,
By al Gods folk scil ‘k Him myn lof biwiizje,
By ’t folk, hwaens dea yn ’t Godseach kostlik is.

9.
O siker Heare, ik bin Jins feint, ik bin
Jins boade soan, út neare djipten litsen,
Jy haw myn boei en bange bannen britsen;
’t Lofoffer bring ik mei forromme sin.

10.
Jins Namme o Hear, Dy’t hillich is en great
Oanrop ik trou, ‘k scil hwet ik sei bitelje,
‘k Scil fen Jins krêft en hearlik dwaen forhelje
Oan ’t folk, fen God mei eigen wirden leard.

11.
‘k Scil bliid fen moed nei ’t hûs myns Hearen gean,
‘k Scil knibblje dêr, om God myn tank to sizzen
En foar Syn troan myn herte del to lizzen;
Jeruz’lim scil myn kleare sang forstean.

Psalm 117.

1.
Sjong folken, priizje ús God en Hear.
Bring naesjes, bring Him romjend ear,
Mei blide siel en from fen moed,
Hwent machtich is oer ús Syn goed
En ivich stiet Syn fêste trou;
Sa riist omhegen ’t Godsgebou.

Psalm 118.

1.
Lit ider nou mei blide tonge,
Oprjucht fen sin, mei tankjend moed
Des Heechsten djûre ginsten sjonge:
De Heare is ivich myld en goed.
Lit Isrel from en froed nou sizze:
Ho goed, ho ginstryk is ús God!
Hy liet ús net yn de eangsten lizze,
Mar joech Syn folk in heilge skat.

2.
Lit Arons team nou tankjend sjonge:
Wy steane oer ’t prinslik heil forslein!
Wy loovje Him mei herte en tonge
Syn mylde goedens nimt nin ein. –
Jimm’ sang meij’ boppe wolkems kliuwe
Jim, dy’t Him freezje, wij’ Him ’t liet!
Syn goedens mei jim ivich bliuwe
Syn sterke ginst is rûm geniet.

3.
‘k Haw yn bineardens oan Him roppen;
De fijân sloech my sûnder skild,
Mar de Iivge stjûrde help fen boppen
Joech blidens my yn ’t rûme fjild.
De Heare is by my t’ aller tiden,
Woe acht op ’t dimmen smeekjen slaen,
Ik sjuch Syn almacht for my striden:
Hwet scoe my dos in minske dwaen?

4.
De Heare wol my helpe skikke,
Hy komt mei krêft myn haters tsjin;
Hjar tûmljen scil myn siel forkwikke:
‘k Wit, Hwa’t my sterk bihoedzje kin.
’t Is wisser op ‘e Hear to bouwen
Yn nocht en nacht, yn soun en sear
Den oait op minsken to bitrouwen,
Op minsken wif en siik en tear.

5.
’t Is better nei de Hear to wykjen
Taflecht to nimmen by Syn troan
Den by greatealen heil to siikjen
By hege prins en keningssoan.
De heidnen hienen my omkrongen
Hja swird wier gleon, hjar grime fel, –
‘k Haw hjar yn ’s Hearen krêft bitwongen,
‘k Sloech hjar yn ’s Hearen Namme del.

6.
Hja hiene as bijen my omgûnze,
Hja lôgen op as toarnefjûr, –
Ik haw hjar yn ‘e djipte bûnze
Ik jow hjar oan ’t fordjerren oer!
Dû hiest me, o fijân, slim oerstjelpe
My stjitten, longrjend op myn fal,
Mar Hy, de Heare woe my helpe,
Sa stean ik tsjin de ilinden pal.

7.
God is myn sterktme en treast en gloede,
Myn lof en liet en freugdesang,
Hy jowt my rêdding, skikt my ’t goede, –
Sa priizje ik Him myn libben lang!
’t Rjuchtfeardich folk mei suvre klangen
Forheft it lûd en ’t liet sa klear
’t Sjongt júbljend syn oerwinningssangen,
Hjar tinte galmet to Gods ear.

8.
Des Hearen hân docht greate dieden,
Des Hearen sterke rjuchterhân
Wit ús op ’t wisse spoar to lieden,
Forheget ús yn ’t romme lân.
Ik scil fen ’t gleone swird net stjerre
Dêr’t God me yn ’t libben romte ûntslút,
De tsjustre listen binn’ mislearre:
Ik liz Gods dieden tankjend út:

9.
Al brocht Gods hân my stûf yn ’t lijen
Al dreau ek oer myn siele it kwea, –
My trof in faderlik kastijen
Hy levre my net oan ‘e dea.
Dogge iepen for myn snokkerjend herte
De poarten der gerjuchtichheit:
Hjir mei ik ta Gods lof my sette
Hjir priizje ik ’s Hearen majesteit!

10.
Hjir sjucht myn each Gods hillge poarte
Omstrield fen wijde sinneskyn;
Hjir giet, ûntslein fen ’t sûndich swarte
Rjuchtfeardich folk mei ljochtglâns yn.
Lit my Jo ivich loovje o Heare,
Forhearder fen myn smeekgebet!
Jy rêdden my fen pine en ’t neare
En haw my ryk yn romte set!

11.
De sark, dy’t hja forsmade hienen
Oerdweallsk forwirpen en forspein,
Hat God oer alle timpelstiennen
Folhearlik ta in slútstien lein.
De bouljue dwilen do’t hja ’t seagen,
De frommen namen ’t op yn ’t hert;
It bliuwt in wûnder yn ús eagen
Wy sjugge it, mar trochgrounje it net!

12.
Dit is de dei, de rom der dagen,
Dy’t God ús wijde nei ’t fortriet;
Lit ús mei ynlik sielsbihagen
God loovje mei in froalik liet!
Och Heare, jow nou heil en rêste,
Och Heare, hâld Jins hân net fier!
Jow foarspoed myld en skik ús ’t bêste
En bring ús lannen groede en tier.

13.
Der sjit in sprút út de âlde stamme
Ut Davids hûs in nije leat!
Wy seegnje Him yn ’s Hearen namme,
Wy seegnje Him, Syn rom is great.
De Heare is God, Dy’t ús oerljochte
Mei blide glâns, mei wille en fré;
Hâld’ de offers Him Dy’t oan ús tochte
Mei touwen oan it alter ré.

14.
Jy binn’ myn God, ‘k scil ivich sjonge
Ho myld Jins wird ús lok taleit,
‘k Forheegje Jo mei blide tonge
En loovje aloan Jins majesteit!
Lit elk mei my Gods goedens priizje
Mei suver sin, mei froalik moed
Us lofsang moat alle ieuwen riizje:
God bliuwt Syn folk in ivich goed!

Psalm 119

1.
Loksillig hja, dy’t rjucht en wier fen wei
Dy’t fêst fen gong yn súvre wierheit binne,
Yn ’t ljochte spoar fen ’s Hearen wetten mei
In sterkte krêft en wisse sinnen rinne,
Fen gânsker hert, ’t sij nacht ef blide dei,
Nei Him, jar Heil, útsjugge-en Him biminne.

2.
Loksillich hy dy’t nei in suvre groun
It rjuchte docht, ’t ûnrjuchte mijt en ’t skeane;
It heil oer hjar, dy’t oan Gods tsjinst forboun
Op ’s Hearen wei mei rjuchte trêdden geane.
Jy hawwe o Hear, Jins wize wetten jown,
Det wy mei flyt nei dy to folgjen steane.

3.
Och wier myn foet yn sterke wannel fêst
Om ’t paed to gean, det Jy as ’t rjuchte ús setten;
Biwarje ik dat, sa fynt myn siele rêst,
Den stean ik heech, gjin skande lûkt me yn smerten,
Honear ik ’t each, dat yn Jins tsûg’nis lêst
Hâlde op ’t gebot en Jins ljochtglânzge wetten.

4.
Ik scil o Hear, opjucht fen hert en sin
Jo loovje om al Jins goedens, wizens, trouwe
As ik yn ’t rjucht wòl ûnderrjuchte bin,
Yn de oarder, dy’t J’ oan ’t minskdom stypjend jouwe.
‘k Doch nei Jins wet, der ‘k nea wer bûten kin
Forlit my net alhiel yn twange rouwe.

5.
Ho hâldt in feint syn jonge dagen rein
Syn paden skjin? Mei op Jins wird to letten
Op de iivge wet oan de earme doaramer sein.
Ik freegje o Hear, nei Jo fen gânsker herten,
Jy skikke it rjucht, Jy haw myn wegen lein
Lit my net dwale ôfkearich fen Jins wetten.

6.
Jins eask, o Hear, lei ‘k djip yn ’t longrjend hert:
Sa mei ‘k my for de sûnde en kweatnis wachtsje.
Ik loovje Jo om Jins rjuchtlottre wet,
Leidt my Jins geast, sa mei “k dy sterk bitrachtsje;
Lear my fen ’t rjucht oer ’s minske dieden set,
Jow my de krêft det ‘k op Jins oarders achtsje!

7.
Myn lippe telt Jins rjuchten dei by dei,
Ropt elts yn ’t sin de wetten fen Jins mûle;
‘k Forhúgje me yn der djippe tsûg’nis wei,
‘k Fornoegje my, ‘k haw by Jins foarskrift skûle;
Gjin rykdom bringt sa golle rêste mei:
‘k Wit de ierdske skat omlein fen ’t wearzgjend fûle.

8.
Ik scil o Hear, bipeinzje Jins bifel
My nei Jins wet mei niigjend herte skikke;
‘k Hâld ’t each op ’t paed en op Jins wiis bistel;
Yn ’t rein gebot mei him myn geast forkwikke;
Nea scil ‘k Jins wird, dat ik myn libben tel
Forjitte: sa scil my gjin dea forskrikke.

9.
Wol oan Jins feint o Hear, it goede dwaen,
Sa scil ik bliid Jins ljochtsjend wird biwarje,
Nim ’t deksel me ôf, wol de eagen ’t skôgjen jaen
Det ‘k út Jins wet in rike segen garje;
Lear me op Jins wirk en wûndren ’t each to slaen,
Sa scil dy tins myn wiffe foetten skoarje.

10.
Ik bin, o Hear, in frjemd op ierde, ik bin
in doarmer fier fen hûs yn skiere lannen;
Forbergje nea for my Jins wet en sin,
Myn siel sjucht út, ik heevje heech myn hannen,
Ik longrje det ‘k Jins oardiel fetsje kin,
‘k Sjuch suchtsjend út nei rêdding út ‘e bannen.

11.
Jins skellen straft it greatsk oermoedich hert
Dat yn syn waen fier op ‘e doele rekke,
Mei njûre haet tsjin ’t wier gebot him set.
Och lit gjin smaed fen minsken my bidekke!
‘k Haw troulik nei Jins Godlik tsûg’nis heard
Ik nim ’t yn acht, ‘k haw nea Jins foarskrift lekke.

12.
Al mochten ek de foarsten op hjar troan
Tsjin my in plan, in swiere rieplacht meitsje,
Noch bliuwt my Jins gebot t’ oerpeinzgjen skoan
En mei ‘k it nocht fen ’t Godlik foarskrift smeitsje;
Ik sjuch ’t bifel mei blierkjende eagen oan
Dat skikt my rie, ’t scil noedsteand oer my weitsje.

13.
Myn syle raent yn ’t stof, och sjuch myn steat,
Jow ’t libben my, nei ’t seegnjend wird me ûnthjitten;
Ik lei for Jo myn wei en wannel bleat,
Do haw ik Jy heard, yn ’t ûnk my net forlitten,
Stean Jy my by, sa waeksje ik sterk en great;
Lear my Jins wet en foarskrift nea forjitten!

14.
Jow ’t ynsjuch my yn Jins bifelen wei:
Det ik aloan fen ’t suvre ljocht bestriele
Jins wûndren rjucht bipeinzgje dei by dei!
Ho raen ik wei, yn wémoed gûlt myn siele
En ropt it út: o Heare wêz’ my nei
Wol nei Jins wird oprjuchtsjend my skewiele.

15.
Det ljeagentael gjin fet hawwe op myn moed!
Lit my net gean op wegen fen bidragen!
Ik keas de wei der wierheit for myn foet,
Yn suvre trou wier jimmer myn bihagen,
Jins rjuchte dy’t sa hillich skittrje en goed
Hâlde ik foar ’t each, oerpeinzgje ik nacht en dagen.

16.
Myn herte is trou yn ’t nei Jins wird to dwaen
Ik klibje fêst oan hwet Jy ’t folk bitsjûgje;
O Heare mocht yn skamte ik nea forslaen!
For Jins gebot scil ‘k my earbiedich bûgje,
‘k Wol me op dy wei mei sterke foet bijaen:
Jins romtejaen kin my myn hert fornoegje.

17.
Lear my o Hear, de wei dy ‘k haw to gean,
Den scil ‘k oan ’t ein dy ljochte paden kieze;
Jow trochtsicht my om ’t Godswird to forstean
Sa reitsje ik nea yn sûnde en kwea fortieze;
Ik fyn yn ’t acht slaen op Jins wet myn lean;
‘k Mei ’t heech gebot nea út myn hert forlieze!

18.
Set fêst myn foet op Jins geboadne paed,
Jow my al mear dy suvre wet to minnen,
Dêr longrje ik op; forkwik my mei Jins skaed;
Och fytrje me oan, bring ’t foarskrift my to binnen;
Och waerd ik nea fen sucht nei jild forlaet
Om idel nei in skyn fen winst to rinnen.

19.
Lit nea myn each mei smucht op de ydlens sjen!
Wol me op Jins wei it wiere libben skikke;
Jow det Jins feint Jins ljochte paden ken,
Wol nei ’t ûnthjit him op syn tocht forkwikke;
Hy ’s oan Jins freez’ forboun as rêstich bern,
Lit den gjin spot, gjin smaedzjen him forwrikke.

20.
Lit dôchs gjin smaed bisette ’t slingrjend moed
De sterke hún dy’t ik lytskrêftich duchtsje;
Jins rjuchten binn’ sa hillich, wiis en goed:
Sjuch, ho’t ik djip mei sterke langstme suchtsje
Nei Jins bifel; bring my de libbensgroed’
Bring ’t foar myn each ho’t Jy yn suvrens rjuchtsje.

21.
Lit Hear, Jins ginst, Jins tsjinders iepenlein
My ta myn diel yn dizze kriten komme,
Mei ’t ljochte heil nei Jins ûnthjitten sein, –
Den mei ik sterk tsjin dy’t my húnje, romme;
‘k Fortrou op ’t wird, – Jins wierheit nimt nin ein,
Sa stean ik nea by smaed en spot forstomme.

22.
Untnim it wird der goudne wierheit net
Alhielendal my fen ‘e mûle o Heare!
‘k Hoopje op Jins heil, dat my yn fêstens set,
‘k Sjuch yn ’t gebot it ljocht, it suvre kleare;
Ik doch mei flyt dy godlik-hege wet;
Yn ivigheit bring ik Jins tsûg’nis de eare.

23.
Sa wanlje ik yn rom en ljochtsjend lân,
Ik mei fol freugd nei Jins bifelen freegje;
My bynt oan ’t wird in Godlik-sêfte bân;
By keengen great wol ik dat wird forheechje;
Al gloeit yn hjar in tsjoede en greatske brân
Gjin skamte kin myn blide siel forleegje.

24.
‘k Mei Jins gebot, dat ik fen herten min
Myn ryk fornoech, myn sielsforkwikken achtsje;
Myn ljeafde is sterk, hjir wit ik ’t heechst gewin,
Hjir gryp ik nei en scil der heil fen wachtsje;
Myn ljeafde is heech, ik mei mei siele en sin
Jins wetten great en libbenjaend bitrachtsje.

25.
Tink Heare, oan ’t wird, oan ’t plechtich sein forboun
Tsjin him dy’t Jo fen herten tsjinnet, spritsen,
Dêr haw Jy my sa’n blide hope op jouwn.
Dit is myn treast, al bin ‘k fen ’t leed bitritsen;
Jins heech ûnthijt bliuwt my de libbensgroun,
Jy seinen ’t my, sa binn myn noeden britsen.

26.
’t Oermoedich folk dreau mei Jins feint en spot,
Mar mochten s’ ek my mei hjar hún oerladzje
Ik hold Jins wet as de ealste en djûrste skat;
Jins oardiel brocht oer allen dy’t Jo smaedzje
Fen âlds ôf ’t ûnk, dêr tocht ik om, o God!
Dat treastge my, ’t koe my yn yn hjitten skaedzje.

27.
In grime stiek, ûnstjûrens niep me yn ’t hert
Oer boaze bern, dy’t hounsk Jins wet forjitte;
Mar fen it rjucht yn ginst Jins feinten set
Mocht heech myn lûd myn lieten hearre litte;
Al swalkje ik roun, al stekt my ’t near forlet
Yn ’t frjemde lân, ‘k mei blide treast bisitte.

28.
Ik haw by nacht Heare, oan Jins namme tocht,
‘k Mocht yn dy tins forstân en treaste garje;
‘k Haw dreech fen moed nei ’t suvre heiswird socht;
Jins wet to dwaen mei my yn ’t goespoar skoarje;
Dit waerd myn diel, ‘k sjuch yn ’t bifel myn ljocht
Omdet ik Jins bifelen trou biwarje.

29.
De Heare is ryk myn diel, myn ivich goed;
Ik haw biloofd Jins wirden nei to kommen;
Ik rop Jo oan mei earnstich-siikjend moed,
’t Is foar Jins each, ho heech myn langstmen klommen,
Genade o Hear, jow romte for myn foet,
Haw ‘k net Jins wet ta myn bihâld fornommen?

30.
Oerwoegen ha ‘k de wei, dy ‘k hie to gean,
Ik dygre roun om ’t wisse paed to witten;
Sa mei ik yn Jins foarskrift feilich stean,
Mei rêdde trêd gean ‘k op de ljochte strjitten,
Ik talme net, – hjir wirdt de segen bean –
Om nei ’t gebot to reegljen dwaen en litten.

31.
Al loek my slim der boazen strûp yn ’t near
Jins hege wet ha ‘k nea yn need forgetten;
Mids yn ‘e nacht is my Jins wizens klear
Den loovje ik Jo om al Jins hillge wetten;
‘k Bring om Jins rjucht yn de iere ûntweits Jo de ear,
Ier stean ik op, om op Jins dwaen to letten.

32.
Ik hâld ta frjeon, ‘k slút my by hjarren oan
Dy’t yn dit lân ’t paed yn Godsfreze geane,
Dêr fiel ‘k my thús, dêr winkt op ’t wirk de kroan
Om’t se op de wei fen Gods bifelen steane;
O Hear, Jins goed is op dizze ierde skoan!
Lear my Jins wet en hoedzje my for ’t skeane.

33.
Jy hawwe o God, my mylde segen jown,
Jins feint, nei ’t wird opholpen út syn lijen;
Lear my o Hear, der witnis wiere groun.
Jow me oer Jins wirk in goed bistek to krijen;
Mei blidens haw ‘k me oan Jins gebot forboun
‘k Fortrou dêrop tsjin ’t minskne dryst forspijen.

34.
Fier dwaelde ik ôf, forbjustre yn ’t idel hert,
Sa moast Jins drok, Jins slaende hân my fine;
Do kearde ik tel, nou harkje ik nei Jins wet,
Mei ‘k nei Jins eask my rjucht oan Jo forbine;
Jy binne goed, goeddwaende us ier en let;
Lear my Jins rjucht, sa scil ik nea forkwine.

35.
’t Heechhertich folk wreau swiere ljeagens me oan
Mar ik haw Jins bifelen net forgetten,
Dy kom ik nei, dat bliuwt myn siele skoan.
Hjar herten binn’ mei fet en smoar omsletten,
Mar ik fyn rêst, myn geast dijt jimmeroan,
Forkwikt him yn Jins ivich rjuchte wetten.

36.
It dych my goed det triuw op triuw my trof
Dat dych my ’t rjucht dat Jy ús setten, learen.
My jowt Jins wet de hearlik-rykste lof,
Dy is my djûr, my fierwei heger t’ earen
Den heappen goud en silver, nearzich stof,
Gjin sêdding jaend by ’t ynlik hertsbigearen.

37.
Jins hannen ha my makke en fêstens jown:
Jow my forstân, det ‘k op Jins heilswird tiidzje
Sa leare ik Jins geboaden en hjar groun;
Jins feinten scill’ my sjende, hjar forbliidzje,
Hja hawwe treast yn myn forheging foun;
Ik mei Jins wird en ’t heech ûnthjitten biidzje.

38.
Ik wit, Jins rjucht is suver en folsein,
Dêr’t hillich-wis ly ’t Godlik founis wize:
‘k Waerd fen Jins trou yn drok en bannen lein.
Skik Hear, my Jins goedginstigens as spize,
Bring my Jins treast yn myld ûnthjitten sein
En lûk my wei út nacht en kâlde dize.

39.
Och stean my by, erbarmjen oer Jins feint,
Den libje ik, – hwent ‘k mei me yn Jins wet fornoegje.
Bring skande oer ’t skaei dat my skarlunich skeint,
Oer greatsken dy’t falskaerdich tsjin my tsjûgje,
Jow det dat ras net yn syn stribjen ein’t, –
Ik mei my nei Jins wet t’ oerpeinzjen foegje.

40.
Lit hjarren dy’t Jo freezje hjar nei my
Bijaen, sy dy’t Jins Godlik tsjûgnis witte;
Och, mocht myn hert, – stean dêrta seegjend by,
Oprjucht him nei Jins wetten stjûre litte!
Den reizgje ik bliid en wannlje ik rom en frij
Gjin skande kin my den omlegens stjitte.

41.
Myn siel biswykt fen ’t longrjen nei Jins goed,
It heuchlik heil my nei Jins wird ûnthjitten;
Myn each raent wei, forliest èn nocht èn gloed
Yn ’t útsjen nei it lok, my witte litten,
En ‘k freegje aloan nei suchtsjend, smachtsjend moed
Hwennear bringt my Jins heil my treast to witten?

42.
‘k Waerd as in sek op ’t rikste, toar en droech,
‘k Forgeat dôch nea Jins suvre wet to folgjen,
Ho slim my faek de pleach yn ’t lijen sloech,
Holang yet moat ik hún en smaed forswolgje,
’t Leed dat Jins feint al tiden ’t lok forjoech?
Slacht hast Jins rjucht hjar dy’t myn siel trochdolgje?

43.
’t Oermoedich folk hat boas en greatsk út aerd
Myn útein socht, dwers hann’le tsjin Jins wetten,
My kûlen dold, my lagen lein op ’t paed, –
’t Bliuwt wierheit dôchs, hwet J’ as gebot ús setten! –
Mei fûl bidroch forfolget my hjar haet,
O help my, sjuch ho ‘k foel, fen ’t leedzje omsletten!

44.
Hja hiene my op ierde slim fortreaun
Fornield neiby, wylst hja al húnje en narje,
En dôchs ha ‘k nea tsjin Jins bifel misdreaun.
Jow it libben my, wol nei Jins ginst my sparje,
Den scil ik wis, – ‘k bin op Jins paden bleaun, –
Jins wirden, Jins geboaden trou biwarje.

45.
Greatdiedich Hear, Jins Godlik nachtwird stiet
Foar ivich lyk de him’len heech yn ’t fêste;
‘k Wit det Jins trou en wierheit nea forgiet
En slacht op slacht fynt yn dy sterkens rêste,
Us ierde bliuwt op ’t sté, Jins wirkjen wie’ ’t,
Jy skepen hjar en hoedzje hjar oant lêste.

46.
Nei Jins bistel bliuwt ierden en himel stean;
Bistean oant nou en wit fen wyk noch wrikken,
Jins tsjinders scill’ net út hjar banen gean.
Jins wize wet wier jimmer myn forkwikken, –
Wier ’t oars my west, ik foun noch brea, noch klean
Weisonken wier ‘k yn herteskokkend skrikken.

47.
Ik hâld my by Jins suvre wetten, – nea
Noch nimmer scil ‘k Jins djûr bifel forjitte;
Sa joegen Jy my it libben út ‘e dea;
Jo hear ik ta, Jy mei me alhiel bisitte,
Och rêd my dôchs en hear myn sielebea:
Ik freegje aloan hwet J’ yn ’t bifel ús hjitte.

48.
Hjir wachtsje op my dy boazerts hirde bern,
Hjar rieplacht is Jins tsjinstfeint om to bringen;
Jins foarskrift ha ‘k nea út myn hert forlern.
Fen eltse saek, fen alle op-ierdske dingen
Ho sterk, ho moai, is ringen ’t ein to sjen:
Jins wiid gebot is yn gjin grins to twingen.

49.
Ho ljeavje ik sterk, ho mint myn siel Jins wet!
Ik mei dy skat de hiele dei bitrachtsje,
’t Gebot jowt my in rjucht-forstannich hert,
Hjir mei ik bliid de suvre wiisheit wachtsje,
En heger bin ‘k den eltse fijân set;
‘k Mei ivich Jins bifel myn erfnis achtsje.

50.
Ik win it fen myn masters yn forstân
Ho tûk hja ek yn grounich tinken binne;
Jins tsjûg’nis ha ‘k oerpeinzgjend foar my hawn,
Myn each sjucht mear den de âlden ealgje kinne,
Ik byn mysels mei Jins bifelen bân;
Dy kom ik nei en scil ik priizjend minne.

51.
Ik mij myn foet fen alle ûnsuver paed,
Om ’t heechsein wird fen herten nei to kommen,
Sa hat Jins hân my troch de fjilden laet.
Jins oarders ha ‘k mei dimmen hert fornommen,
Ik bin net fen Jins wize rjuchten skaet:
Jy learden my de wei mei al de frommen.

52.
Ho wier Jins djûr ûnthjit ’t forwulft my swiet!
Nin hunich koe myn mûle swieter smeitsje;
Sa jow J’ yn ’t hert in sterk en fleurich liet.
Fen Jins bifel mei ‘k ryk ta ’t ynsjuch reitsje,
Det mei forstân myn foet op ’t goepaed giet,
En ‘k scil tsjin ’t paed fen falskens mijend weitsje.

53.
Jins wird is my in lampe for myn foet,
In striel op ’t paed, in ljocht op al myn wegen.
Ik swarde en scil’t neikomme blier fen moed,
Jow Jy de krêft, de stipe fen omhegen, –
Det ik Jins wet, dy’t hillich is en goed
Biwarje scil, sa Jy ’t Jins feinten fregen.

54.
Ik sonk o Heare, yn djippe ilinde del
Forspein, forslein, – wol my wer libben meitsje,
Skik my wer krêft nei ’t wird en ’t heech bestel;
Lit dôchs, myn God, myn offerwirk Jo smeitsje,
En lear me aloan Jins rjucht en wis bifel,
Sa scil ik ’t spoar fen ’t heil nea bjuster reitsje.

55.
It nypt me yn ’t hert, myn siele is yn myn hân,
Mar ‘k sonk net ôf, ‘k haw nea Jins wet forgetten;
Der tsjoeden winsk is my yn strange bân
To nettljen, hja haw strûpen tsjin my setten,
Noch dwaelde ik net yn dwyljend ûnforstân
Ef wiek ik wei fen Jins ynwize wetten.

56.
Jins tsjûg’nis haw ‘k, en ’t wier myn siel ta rêst, –
As hillich goed en ivige erfnis krige,
Hja binn’ myn freugde en hertsforbliidzjen west;
Ik mocht myn hert nei ’t wetsbitrachtsjen nige;
Myn swakke foet is yn de ynsetting fêst,
Oan ‘e ein ta mei my sterk dy segen sige.

57.
Ik haetsje hjar, dy’t wif en dwyl fen foet
Op ’t glystrich paed hjarselm net stjûre kinne,
Mar ‘k ljeavje heech Jins wet as ’t djûrste goed;
Jy binne o Hear myn skûlplak, sterkme en sinne,
Myn skyld en ear, sa hâld ik krêft en moed
‘k Hoopje op Jins wird en ‘k mei dat biiddzjend minne.

58.
Wyk boazen, gean godleazen by my wei,
Jow romte det ik Gods gebot biwarje.
Wêz greate God, mei Jins ûnthjitten nei,
Wol stypjend my op ierde yn ’t libben sparje,
En det ik net forskamme wêze mei;
Lit nea de roas fen myn forwachting foarje.

59.
Stean stypjend by, sa wird ik ringen rêdt,
Sa greate God scil ‘k me oan Jins wet forkwikke.
Jy scille it folk dat ôfdwaelt fen Jins wet
Forsmite fier, mei ’n stûfe dea forskrikke;
Hwent hjar bidroch is ljeagen, ’t jowt hjar net,
Hja scille tel op ’t hege wird forblikke.

60.
Jy dogge as skom de tsjoede sûndaers wei
Ho heech se ek stean, ho sterk se op ierde dije,
Dêrom kom ik ’t foarskreaune tsjûg’nis nei,
Ik ljeavje it bliid en scil ’t yn ’t roun fornije.
‘k Rydboskje yn skrik for Jo en for Jins dei,
For ’t oardiel dêr’t Jy ’t minskdom mei kastije.

61.
’t Ha wis fen sin rjucht en gerjuchtens dien:
Jow my net oer yn nettlers hirde hannen,
Hja hawwe op ’t slimst, op ’t hjitst me op ’t libben gien;
Wêz Hear, myn boarch tsjin al hjar boaze plannen;
Lit dôchs dit folk, oermoedich, hird as stien
Net knipe me yn hjar liepbileine bannen.

62.
Ik sink al wei, myn each sjucht smachtsjend út
Fen langst nei ’t heil dat J’ ús yn ginst ûnthjitten,
Nei ’t rjucht dat ús ’t heechljochtsjend lok ûntslút;
Jy seagen my sa mann’ge trien forjietten.
Dogg’ by Jins feint, det him Jins ginst ûntsprút,
Lear fen Jins wet him ’t suvre en ’t heil to witten.

63.
Ik bin Jins feint, jow my den wis forstân
Sa scil ik rjucht Jins gaedlik foarskrift witte;
’t Wirdt hege tiid, det ’s Hearen rjuchterhân
Sterk wirket, nou’t de tsjoeden bûten mjitte
Oan ’t kwea hjar jowe en skilden bringe oer ’t lân
Dêr’t sij de wet forbrekke en hounsk forstjitte.

64.
Sa mei ik Jins geboaden mear den ’t goud
As ’t lotterst goud, as ’t ealst metael biminne;
Sa haw ik, dêr’t Jins wet ús ynsjuch jowt
Bifoun ho goed al Jins bifelen binne;
Dy kar ‘k as rjucht, ‘k haw falske paden skoud
Dy haetsje ik djip, dêr scil myn foet net rinne.

65.
Ho wûnderfol is ’t foarskrift, minsken jown,
Dos scil myn siel trou op Jins tsjûgnis achtsje;
Fier strielt it ljocht fen ’t iepne wird yn ’t roun,
Wy meije fen hjar prieljen witnis wachtsje;
Jins ginste wirdt fen sljuchtwei-minsken foun;
’t Ienfâldich folk mei ’t hillgjend wird bitrachtsje.

66.
Myn mûle haw ‘k slim hymjend, iependien,
‘k Haw longerjend om Jins geboaden stikke;
Kear nei my ta, wêz mei myn langst bigien,
Untferming Hear, lit my Jing ginst forkwikke,
Nei ’t rjucht oan hjar, dy’t jimmer smeekjend wiern’
Jins namme minne en nei Jins wet hjar skikke.

67.
Meitsje yn Jins wird wird myn foet, myn trêdden fêst,
Lit my, nei de eask, my net yn sûnden minge,
Lit Hear, net ta det ‘k yn forkearens rêst,
’t Unrjuchte mei my nea nei ûndren twinge;
Forlos my fen des minsken triuw en lêst,
Sa scil ik Jins bifelen trou folbringe.

68.
Spried oer Jins feint Jins antlits ljeaflik ljocht
Lit yn dy glâns him treast en stipe fine,
Lear my Jins wet, dy haw ik biidzjend socht;
Mocht mear ik me oan hwet Jy ús setten, bine!
Wiet is myn each: Jins wet wirdt net folbrocht,
It folk stiet op, hjar greatske herten tine.

69.
Jy dogge rjucht, Jy binn’ rjuchtfeardich, Hear!
Jins oardiel falt nei de ivich-wize wetten,
Jins lean, Jins straf is de útkomst fen Jins ear.
Jy lizze ús op, en ’t is ús plicht fen herten
Jins wil to dwaen; hjir blinkt Jins rjuchtens klear,
Yn suvre trou ha Jy ’t gebot ús setten.

70.
Folivrich bin ‘k yn ûnnocht, bin ‘k bitard:
Hja haw Jins wird opstannich hounsk forgetten,
Myn tsjinpartij hat tsjoede wegen kard.
Jins wird is rein en de eask, hwêrmei J’ ús fetten
Is lotter skjin, fen fûl noch kwea bismard,
Jins tsjintfeint hat dat rjuchtlik leavjend metten.

71.
Ik bin wol lyts, wol telt de minsk my net
De greatske wrâld lit spottend my bisiden,
Dôchs haw ‘k my nea tsjin Jins bifelen set;
Jins rjucht o Hear, bliuwt rjucht lâns al de tiden,
’t Gebot is rein en wierheit is Jins wet,
Dat suvre bliuwt myn hearlik hertsforbliden.

72.
Al sloegen my ek need en eangsten del
Al wier ik det my pine en leedzje oerweagen,
‘k Forkwik my dôchs oan ’t rjucht en wis befel.
En ‘k hâlde Jins geboaden trou foar eagen;
For ivich rjucht binn’ tsjûg’nis en bistel:
Jow Trochsicht, ‘k scil den libje al teistrje pleagen.

73.
‘k Rop Jo o Hear, fen hieler herten oan,
Forhear my dôchs en ‘k scil Jins wet biwarje;
Dêr achtsje ik op en ’t is myn siele skoan,
Ik tsjirmje yn drok, forlos me en wol my skoarje,
O mocht myn lûd opkliuwe nei Jins troan,
Sa scil ik út Jins tsjûg’nis blidens garje.

74.
Ik kaem de dage foar, ik rôp en kriet,
Ik gûlde yn ’t leed, ‘k liet Jo myn treurnis witte;
‘k Hoopje op Jins wird, ik biidzje yn ’t near fortriet
Op hwet J’ yn ginst ’t Jo freezjend folk ûnthjitten;
Myn eagen binn’ de nachtweits foar, ’t is swiet
My mei Jins eask oerpeinzjend yn to litten.

75.
Hear dôchs myn lûd, slach yn Jins goedens acht
Wol nei Jins rjucht, o Hear, my libben meitsje.
Godleazen, dy’t yn tsjuster wirk by nacht,
Yn skandllik dwaen hjar heechste wille smeitsje
Komm’ my to nei; dit boas en húnjend slacht
Wykt fen Jins wet, – merk ho’t se skimpend laitsje!

76.
Jy binne o Hear, Jy binne en bliuwe nei;
En elk gebot dat J’ ús to folgjen hjitte
Is wierheit, ljocht yn suvrens leit Jins wei;
Al tiden mocht ik fen Jins foarskrift witte
Det Jy dat fêst fen ’s ierdryks earste dei
Delsetten hawwe oant ’s ivichheden fierte.

77.
Sjuch myn ilinde o Hear, bifrijdzje my
Hwent ik haw nea Jins rjuchte wet forgetten;
Fier dôchs myn pleit, stean my yn myn sake by,
Forlos my: slim hat my ik leedzjen omsletten,
Jow it libben, dêr’t ik felle pinen lij, –
Nei ’t heech ûnthjit me op feilich fjild to setten.

78.
It heil is fier fen dy’t godleazen docht
Dêr’t dryst syn hert tsjin hwet J’ ús setten, stike,
Yn fûl en kwea en tsjoedens tynt syn nocht.
O Hear, ho great mocht Jins erbarmjen blike;
Och det Jins ginst my libben meitsje mocht!
Wol nei Jins rjucht net fen Jins tsjinder wike.

79.
Dy’t my forfolgje en stûf ta fijân binn’
Binn’ machtich, mar Jins tsjûg’nis mei my lykje,
Ik seach, en ’t wier my al den dei tsjin ’t sin
Ho sûnder trou hja hjar mei ’t kwea bislykje,
’t Fortrette my, en ’t wier my wearzgjend tsjin
Det hja tsjin ’t wird, mei ’n idel herte prykje.

80.
Sjuch Heare ho’t ik Jins bifelen min
Lit yn Jins ginst my ’t blanke libben fiele,
Jins ljochtsjend wird is wierheit yn ’t birin,
Hat fen ’t bigjin ôf kein oer ’t ierdryk priele,
Oant ivichheit scil ta Jins folks gewin
It wisse rjucht fen Jins gerjuchtens striele.

81.
Dy’t great binne op ‘e wrâld forfolgje my
Nin reden haw se ef scill’ se fine kinne,
Myn herte hâld fen minskefrees him frij
Mar trillet for Jins hillich wird allinne
Ik bin oer Jins ûnthjit forhuge en blij
Dêr mei ik ryk de skoanste bút út winne.

82.
De ljeagen haetsje ik djip mei wearzgjend hert
Der griis ik fen, ‘k mei fen gjin falskens witte,
Mar ‘k priizje heech en ljeavje djip Jins wet,
Hjir mei me yn ’t moed in suvre lôge sjitte,
‘k Sjong saunris deis Jins lof, yn wille en smert
Om ’t suvre rjucht, dat myld J’ ús skôgje litte.

83.
Ho great is ’t goed, ho strielt de frede ryk
Oer hjarren dy’t Jins wet as ’t heechste minne;
Nin stroffelstien, nin kûle ef smodzjend slyk
Bringt hjar fen ’t spoar, dat se yn Jins ginsten rinne.
‘k Wachtsje op Jins heil, ‘k hoopje op Jins goedensblyk
‘k Doch nei ’t gebot, dêr wit ik ’t lok allinne.

84.
Ik doch mei nocht, sa’t my Jins foarskrift hjit,
Jins tsjûgnis hâld ik ljeavjend yn myn siele;
Graech kom ik nei, hwet Jy my hearre litt’,
Jins tsjûgnis dat my mei syn glânze oerstriele;
Dêr’t Jy myn God, it fen myn wegen witt’
Mei ‘k me yn dy tins sa bliid en sillich fiele.

85.
Och slach op him dy’t leit to kleijen ’t each,
Waerd mei Jins wird my ’t rjucht forstân ûntditsen!
Det ik Jins paed mei suver trochsicht seach!
Merk op myn lûd: ik liz yn ’t leed forbritsen,
Stean rêddend op, forlos me út noed en pleach
Help my nei ’t wird oan ’t smeekjend folk bispritsen.

86.
Myn lippen bringe o Hear Jins lof in liet
Swiid as in boarn, hwaens wetters ryklik floeije,
Dêr’t Jy my lear’, hwet yn Jins wetten stiet;
Myn tonge scil him yn ’t ûnthjit fornoeije,
Hwent alle JIns geboaden binn’ my swiet;
Yn ’t suvre rjucht scil heech myn wille groeije.

87.
Wol mei Jins hân o Hear, my stipe dwaen,
Hwent ik mocht Jins bifelen nochtfol minne;
Ik longrje nei Jins goede ginsten jaen
Nei it ljochtsjend heil en nei Jins mylde stimme;
Jins wet is my forkwikking op myn baen
Gjin kwea hat ea dy suvre nocht bidimme.

88.
Lit Hear, myn siel, dy’t eang yn ’t lijen kwynt
Rjucht libje, ‘k mei den Jo myn lofliet wije,
Jow det yn ’t rjucht myn moed syn stipe fynt;
Faek doarmje ik as in skiep yn woastenije.
Bring sterk Jins feint op ’t sté dêr ’t heil him skynt:
‘k mei Jins gebot forjitte noch forswije.

Psalm 120

1.
‘k Sloech yn myn leed myn each nei boppen,
‘k Haw oan de Hear des himmels roppen,
Do’t ik forkwoun yn ’t neare en ’t slimme,
En Hy forhearde yn ginst myn stimme,
Lit Heare al mear Jins bystân fiele,
De fijân krinkt my, rêd myn siele,
Fen falske lippe en Ijeagenwird
Sa skerp as in twasnedich swird.

2.
Hwet scilst, skarlún, hwet scilst bidije
Mei listen, mei bidragerije?
Hwêrom woestû de oprjuchten twinge?
Hwet foardiel kin dyn kwea dy bringe?
De Machtige scil ’t fen dy winne
Dû kinst Syn pylken net ûntrinne!
In hjitte gloede, in slimme dei
Nimt al de dryste sûndaers wei.

3.
O wé my! fier fen ’t folk fendinne
Doarmje ik yn Mesech lykme-allinne;
‘k Moat frjemdling hjir yn Kedar wenje
By minsken dy’t it kweade tsjinje;
Myn siele hat al tiden wenne
By hjarren dy’t gjin rjuchtens kenne,
By’t folk dat frede en rêst forstjit
Fen God noch Syn geboaden wit.

4.
‘k Wol freedsum haet en skeel bidekke;
Mar kwealik kin ‘k oer ’t goeddwaen sprekke
Ef ’t blykt, ho’t hja ’t godleaze herte
Op wrake en moard en oarloch sette.

(Boarne: Privee kolleksje)