A.M. Wybenga Psalmen -121 t/m 130.
121 – 122 – 123 – 124 – 125 – 126 – 127 – 128 – 129 – 130
Psalm 121.
1.
‘k Slaen nei de bergen ’t smachtsjend each;
Hwêr komt my blide dei
Mei sterke stiope wei?
Fen Him, Dy’t rêdt út ûnk en pleach,
De Skepper heech fen ierde
En himel wol my liede.
2.
Hy is by al hwet dy fortret
Dyn Wachter einleas goed,
Sa stroffelt nea dyn foet
Hy, Isrels Harder slommet net;
Hy liedt dyn wei yn ’t kleare:
Dyn Hoeder is de Heare.
3.
De Heare is dy ta koeljend skaed
Honear de sinne stekt,
Hy is ’t Dy’t dy bidekt
By moanneskyn op ’t iensum paed;
Gjin fijân scil dy narje
Godsels scil dy biwarje.
4.
Hy hoedet dy for alle kwea
For ûnheil, smerte en bân;
Dyn siele is yn Syn hân
By út- en yngean, dize en dea;
Hy scil dy, dat meist noedzje
En nou, en ivich hoedzje.
================
Psalm 122.
1.
Myn herte-is bliid honear my
God-ljeaviend noegje: hen, wy stean
Yn toai, om ’t Godhûs yn to gean,
Gean ringen mei en dogge-as wy!
Jeruzalim, myn sinneskyn
Wy gean dyn heilge poarten yn
Fen siele-en sin yn God fornoege;
Myn eagen sjugge-it glinstrjende-oan:
Jeruzalim is ryk en skoan
Fen de Opperbouhear sels bifoege.
2.
Hjir gean de stammen júbljend op,
De stammen fen Syn Israël
Nei ’s Hearen wente op heech bifel.
Ho swide geit hjar blide rop:
Ho goed is ’t yn Gods hûs! hjir sjucht
Jins folk it stoelt fen ’t ivich rjucht,
Hjir strekt him Davids erfskip hinne,
Bid allegear mei fromme stim
Om frede for Jeruzalim;
Meij’ rêstich loovje, dy’t hjar minne!
3.
Sij yn Gods fêsting frede en rêst,
Yn hjar paleizen nocht en tier;
Blouw Godsstêd, yn dyn hegens blier!
‘k Sprek om myn broerren ta dyn bêst,
En ‘k freegje: o God, stean ivich by,
Det hjir it ivich frede sij,
Noait meij de haet dyn boargers prykje!
Om ’t hearlik hûs fen Isrels Got
Us taflecht en ús heechste skat
Scil ‘k fleurich for dy ’t goede sykje.
================
Psalm 123.
1.
Ik slaen nei Jo, Dy’t yn ‘e himel sit,
Myn eagen op en bid;
Myn herte-is hjit en snok-kert nei de Heare
Yn al myn pine-en ’t neare,
Allyk iteach der boade-yn langstme-en trouwe
Opsjucht nei hear en frouwe
Sa sjucht ús each nei Isrels God
oan’t Hy Ek ús genadich sij.
2.
Wêz’ ús dôchs nei, wêze in goedginstich God:
De húnder nimt ús ûnder skot!
’t Is mear as slim, ho se ús mei skimp oerlaedzje,
Ho se ús forachtsje en smaedzje;
Wy binne oersêd it nytgjen, spotten, hunnen
Fen wieldrige skarlunnen:
Gean dôchs mei krêft, gean mei Jins grime o Hear
’t Oermoedich folk to kear.
================
Psalm 124.
1.
Hie net de Hear yn ginst ús njonken west
Gjin stipe-ús jown yn al ús leed en lèst,”
-Moat Isrel froed nou sizze-, -“en bystân dien
Do’t minsken ús nei ’t libben tingen, fêst Hien’
wy ’t forlern, wierne-yn in swang forgien
2.
Hie God Him net genadich nei ús wynd
Sa hienen ús libbensliifs forsynd
Sa hienen ús de wylde weagen slein!
Hie ’t God net west, Dy’t sterke wetters bynt
Sa wier in stream ús oer ‘e sielen tein!
3.
De Heare is great yn goedens sûnder ein,
Oars hien’ wy djip yn ’t dryste wetter lein
Wy priizje Him, dy’t ús genadich droeg;
Hy wier ’t Dy’t ús – nou hat de fijàn swein-
Net ta in bút yn rôverstosken joech.
4.
Us siele is lyk in fûgel ’t leed ûntflein;
Des fangers strûp, bislepen om ús lein
Briek ringen los,- ús help is fen de Hear
Dy’t himel, sé en ierde kreas en kein
Yn wêzen rôp, en stipet om Syn ear’.
================
Psalm 125.
1.
Hy scil net wrigje, nea biswike,
Hy scil dy’t fêst bitrout Syn herte-oan de-livige
jowt, As Sions berch fen ’t sté net wike,
Lyk Sions bercg, dy’t great forhege
Stiet ûnforwege.
2.
Lyk om Jeruz’lim bergen binne
Rjue bergen, ieuwen dreeg
Mei pjitsen, himelheech
Sa is de Heare om ’t bounfolk hinne;
Hy scil Syn tsjinders ivich hoedzje,
Mei heil bigoedzje.
3.
Der tsjoeden skepter bliuwt net rêsten
Op ’t erf fen ’t fromme moed;
God bliuwt Syn froeden goed
En rêdt hjar út hjar soarch en lêsten,
Det hja gjin hân nei ’t kweade útstekke,
Gjin ûnrjocht sprekke.
4.
Jow Heare, aloan Jins folk genade,
Dogge oan de oprjuchten goed,
Mar lit der boazen foet
Delknoffelje op syn krinkenlpaden;
Stjit wei dy’t kwea docht, straf de wrede:
Jow Isrel frede!
================
Psalm 126.
1.
Do’t God ús redde – út ’s fijâns hân,
Syn Sion brocht yn ’t heilich lân,
Do dwile – it ús fen bliidskip sa
’t Like – ús in swiete drôge ta;
Wy laken, jublen, dounsen, sprongen,
Wy haw’ Gods eare tankjend songen;
Do haw’ de heidnen ’t sels forstien,
God hat Syn folk dit wûnder dien.
2.
Ho blonk yn ’t each in tankbre trien!
Us Got hat greate dieden dien!
Dos sjonge wy, dos jublie wy:
’t Sied Jakobs is forlosse en frij!
Wol Heare, ek fierders oer ús weitsje,
Lit al ús finznen frijheit smeitsje;
Forkwikke ús lyk it Suderlân
Mei himelfocht nei sinnebrân.
3.
Hjir flimet lijen en fortriet,
Hjir sieddet men mei triennen ’t sied,
De sidder skoddet jamk de hân,
Bitrout mistreastich ’t sied oan ’t lân,
Mar God scil dré syn moed forliochtsje:
Hy scil mei jubelsangen sichtsje,
God groede is oer syn ikkers gien,
Hy bringt syn skeaven bliid by’n-ien.
================
Psalm 127.
1.
As de -Opperbouhear ’t hûs net set,
Gjin heil by ’t wirk, gjin segen jouwt,
Net ginstryk stien op stiennen bout,
Sa baet ús wrammend bodzjen net,
De wachter wekket om ‘e nocht,
As God net sels it weitsjen docht.
2.
’t Is om ‘e nocht, honear jim ier
Opsteane en wrotte oant jounstiid let,
En gysten ite it brea der smert;
Omdôch de gânske dei yn ’t spier;
Mar dy’t Him tsjinje as trouwe skiep
Jouw Hy syn segen yn ‘e sliep.
3.
Hwa’t God bimint, scil ’t goede sjen
For ’t ûnk biwarre en ’t fûl fortriet;
Syn erfskip is in hillich sied.
Der frommen soune, friske bern
Binne in bileaning fen hjar God,
Ik rike kroane, in mylde skat.
4.
Allyk de pylken yn ‘e hân
FEn de ûnforwinbre, drege helt
Dy’t ôfslacht alle woast gewelt
Dat slij is nei syn erve en lân –
Sa binne ek ta der âlders freugd
De foarse soannen fen ûs jeugd.
5
Loksillig hy, dy’t soannen woun
Dy’t freegje nei Gods wil en wet,
Gjin skamte ef leed docht him forset
Hwet wirk syn fijân ea bigoun;
Gjin hater komt hjar hûs to nei,
Hjar sprekk’ him by hjar poarten wei.
================
Psalm 128.
1.
Loksillich, hwa’t de Heare,
Trou folgsum freezje mei,
Dy’t hannelt nei Syn leare,
Dy’t wannelt op Syn wei.
Jy djie wol, jy scille
Op ’t wirkjen mei Jins hân,
De fruchten ite – yn wille:
God heil oer ús lân.
2.
Jy scille it goede oplêze
Yn ’s Hearen ginsten ryk
Jins wiif scil fruchtber wêze
In druvebeam allyk;
Jins bern, dy foarsen, binne
Oliveplanten skoan
Jo om Jins tafel hinne:
Hja waeksje en dije aloan.
3.
Sa scil foargrif de segen
Jo floeije dei by dei,
Sa dauwet op jins wegen
Gods heil út Sion wei.
God nimt Syn wolbihagen
Oan hwa’t Syn hjitten docht;
Dy sjucht yn al syn dagen
Jeruzlims heil mei nocht.
4.
Jim sjugge út mylde boarnen
Bigoedge op ’t hillich sté
De soannen fen jim soannen;
En ’t wêze oer Isrel fré.
================
Psalm 129.
1.
Hja haw my stûf mei slimme slaggen slein
Fen de-earste ûre -ef oan, – moat Isrel sizze,
Ik bin in paed fol skerpe toarnen tein,
Dôchs koen’ hja my net yn ‘e kûle lizze.
2.
Hja ploegen my djip skoerrend oer ‘e rêch,
Hja hawwe wreed oerlange foergen tritsen;
Mar Hy Dy’t heech myn flymjend lijen seach
Hat bân en tou fen ’t godleas ras forbritsen.
3.
Meits, sterke God, Dy’t al myn leedzje witt’,
De wreedaerd lyts, it njirrebrod biskamme;
Bring om de man, dy’t Sion kermje lit:
Den loovje wy aloan Jins greate namme.
4.
Slach ’t boaze filk, en meitsje oan ’t gêrs hjar lyk,
Oan ’t gêrs dat kwynt op ’t tek yn gleije sinne;
Lit jimmeroan hjar snokkrje nei ’n ûntwyk
En slach hjar del ear’t s’ op ‘e helte binne.
5.
Lit hjar lyk gêrs dat nearne djipte fynt
Op skûrrenael forskronfelje en foartoarje,
Dat nimmen meant; lit him dy’t skeaven bynt
Syn earm der noait in sprútseltsje fen garje.
6.
Slach ’t boaze folk, den seit de wanler net:
Gods segen lit jim tierje en wolfeart krije!
De Heare deit de oertrêdders fen Syn wet
Mar ’t fromme folk mei waechsje en fleurich dije.
================
Psalm 130.
1.
Yt djipten leezje – en smerten,
Forkniesd fen ’t kweabidriuw,
Binypt, forslein fen herten
Kermje – ik o Heare – oan Jo!
O harkje nei myn stimme,
Mocht Jins meilydsum ear
Myn smeekgebet fornimme:
Forlos me – út pine – en sear.
2.
As J’ oan ús kweadwaenen tochten,
Us joegen ’t sûndelean,
Net ginstryk ús oerljochten:
Hwa – minske koe bistean?
Ho sillig! Jy forjowe
Tinke oan ús skild net mear:
Sa mei we op Jo Bitrouwe,
Jo biidzjend freezje o Hear!
3.
Ik mei myn Hear forwachtsje
Al falt my ’t lijen hird,
‘k mei op Syn goedens achtsje,
‘k Hoopje op ’t my tasein wird.
Myn siel mei Him forbiodzje
‘k Wachtsje op Syn ginst aloan,
Mear den de wachterstiidzje
Op ’t riizjen fen de moarn.
4.
Hoopje op jim Hear, jim frommen
Hâlde, Isrel, rêstig moed!
Forlossing stiet to kommen:
Us God is einleas goed;
Hy scil Syn folk forlosse
Fen sûnde en skeinend kwea,
Myld op Syn Isrel passe
Tsjin alle noed en dea.
================
(Boarne: Privee kolleksje)