A.M. Wybenga Psalmen -141 t/m 150.

141142143144145146147148149150

Werom nei Psalmen haadside

Psalm 141

1.
‘k Rop Heare – yn eangstme, need en pine
‘k Rop Jo yn ’t parsjend lijene oan;
Och harkje nei dy neare toan
en lit my helpe – en rêdding fine.

2.
Lit myn gebet as swietrook rane,
In oangenammens for myn geast,
’t Opheevjen fen myn hân sij treast
Lyk de offers dy’t by ’t jountiiod baerne.

2.
Jouw det my for ’t kweade wachtsje,
Bihoedzje miner lippen doar;
Set dêr in wacht yn oandacht foar,
“sa mei myn Jins wet bitrachtsje.

4.
Lit me yn gjin tsjoede saken reitsje;
Jow, alsjend God, det ‘k jimmer skrik
For der godleazen groulik stik;
Lit my hjar swietekau net smeitsje.

5.
Lit frij de frommen it leksum lêze
Oer ’t kwea dat ik to faken sleau
Mysels ta skande en skea bidreau –
’t Scil oalje for myn holle wêze.

6.
Der froeden slaen scil my net hindrje
It docht myn dimmen herte goed;
‘k Scil, pinicht de ûnspoed hjarren ’t moed,
God bidde om ginstfol ’t leed to mindrjen.

7.
Hjar rjuchters ha my njûr forstjitten
De rotsen ôf, – mar elk forstie
Ho oangenaem myn reden wie’;
Ik dych hjar ’t leaflik wird to witten.

8.
Wreed hat de fijân ’t Godsfolk pleage,
Us bonken oan ‘e miet fen ’t grêf
Forstruid, forwyndre as stof en tsêf; –
Slagg’ Hear, Jins haters yn ‘e beage!

9.
Op Jo binn’ Heare, aloan myn eagen
Op Jo bitrout myn bliedend hert,
Untbleatsje dôchs myn siele net
En nim my op út wylde weagen.

10.
Wol Heare, my yn tsuster sparje
For falle en strûpen op myn wei,
De fijân riidt my jimmer nei:
Wol for de ûnrjuchten my biwarje.

11.
Lit rel ’t godleaze folk verkwine
Wylst ik foarbygean, lit hjar kjel
Falle yn hjar tizetouwen del;
En lit Jins feint in skûlplak fine.

psalm 142.

1.
Ik rôp ta God, ik smeke Him
Yn’t skeinend near mei heaze stim,
Ik haw myn klacht by ’t earste ljocht
Yndimmen foar Syn antlit brocht.

2.
Do’t alles dwile foar myn each,
Do ‘k nmearne helpe ef útkomst seach,
‘k Oerstjelpje laei yn nacht en skaed
Do koenen Jy, o God, myn paed.

3.
Hja haw tsjin alle rjucht en wet
In falle foar myn foetten set;
‘k Seach rjuchts en lofts, mar nimmens hân
Dych stipe my ef ûnderstân.

4.
It stje der faei, bihyplyk foar,
‘k Seach gjin ûntkommen, ‘k foun gjin skoar,
Ik foun gjin treaste noch skewil,
Dêr’t nimmen noed stie fen myn siel.

5.
Ik rôpta Jo, o Heare, ik sei:
Jy binn’ myn Taflecht al den dei:
Jy binn’ myn diel yn ’t ierdske lân,
My liedend sterk mei hege hân.

6.
Fornim myn gûlen, myn gerop,
‘k Bin úttard, nim ’t for my dôchs op!
Rêd me út myn slim binearde steat
Fen myn forfolgers, sterk en great.

7.
Lied, Heare, me út ‘e finznis wei,
Det ik Jins Namme loovje mei!
’t Rjuchtfeardich folk hat sielenocht
Honear Jins hân my helpe docht.

Psalm 143.

1.
O harkje ginsfol, Hear der Hearen,
For nim myn smeekbea, niigje de earen,
For heegje mei Jins trouwe my
Om fen myn siele – it leed to kearen, –
Stean nei Jins rjuchtlik dwaen my by!

2.
Fortreastgje my by ’t sielesuchtsjen:
Bigjin net mei Jins feint to rjuchtsjen,
Gjin libbne docht nei rjucht en wet;
Och, seach ik ’t sûndich dwaen oersljuchtsjen
Nei Jins genade op ’t smeekgebet.

3.
Graech hie de fijân my forswolge,
Myn hater hat my stûf forfolge;
Hja slagge del, ‘k sjuch nearne ûntwyk;
Hy hat yn tsjuster my trochdolge
En makket my de deaden lyk.

4.
Sa is myn geast oerstjelpe yn rouwe,
‘k Fyn nearne rêst, ‘k sjuch nearne trouwe;
It húnjen slacht my flymjend sear;
De smerten dy’t me oan ’t herte gnauwe
Tonettlje my, forlos me o Hear!

5.
Ik tink by al myn lêsten-dragen
Trou oan Jins ginst yn earder dagen,
‘k Sin op Jins dieden eltse stoun,
‘k Oertink Jins wirken fol bihagen
‘k Merk op Jins wûndren en hjar groun.

6.
‘k Breidzje út yn al myn leed en bannen
Nei Jo omheech myn skeamle hannen,
Myn siele toarstet nei Jins ljocht
Allyk nei rein fortoarre lannen;
Och, det Jins ginst myn siele socht!

7.
Meits myn bitrouwen net biskamme,
Forhear me om de eare fen Jins Namme,
Forbergje it antlit net for my!
Nim dôchs net wei myn geast en amme
Det ik yn ’t grêf for altyd swij.

8.
Lit my Jins goede ginst fornimme
Harkje yn ‘e moarntiid nei myn simme
Slagg net mei ramp op ramp myn lea,
‘k Bitrou op Jo, mei ’t ûnk ek klimme, –
Wiis my de wei, yn ljochter gea.

9.
Ik longrje o Hear, mei hiel myn siele
Nei Jo, Jy sjugge it ho’t ik kniele;
Och liz myn fijân yn ‘e bân,
By Jo fyn ‘k skûl; lit me ivich fiele
Jins ginsten út Jins mylde hân.

10.
Och lear my dôchs mei alle frommen
Jins wolbihagen nei to kommen;
‘k Mei op myn God myn eagen slaen,
Och hie Jins Geast my ’t leedzje ûntnommen,
My liedend op in effen baen!

11.
Och mocht Jins Geast Jins feint oerweitsje,
Ut reden fen Jins Namme meitsje
Det ‘k libje ta Jins stiigjende ear,
Lit me út der tsjoeden hannen reitsje,
Help me om Jins rjucht út nacht en near.

12.
Lit nea de boaze ’t ûnk ûntrinne
Roegje út dy’t my fijânnich binne!
Fordogg’ him, dy’t my nypt en skeint
Hwent ik, ik tsjinje Jo allinne,
Ik bliuw Jins trouwem froede feint.

Psalm 144.

1.
Ik tankje God, de Heit, Dy ’t allertiden
Myn Rotsstien is my stipe docht yn ’t striden:
Myn fingers binn’ ta kriich en tsjinwar klear,
Myn hannen fyn’ hjar bystân by de Hear,
Ik mei oan Him, myn Sterktme – en Fêsting leauwe,
Hym as myn Skyld en hege went bitrouwe;
Hy is myn Boarg; Syn ginstfolk Isräel
Bûkt op Syn eask him dimmen foar my del.

2.
Hwet is de minsk, hwet mei der yn him stykje
Det Jy o Hear, him mei JIns ginst forrykje
Det Jy him kenn’? hwet leit yn ’t minskebern
Det Jy Jo bûgje om nei him om to sjen?
Hy ’s de ydlens lyk, syn tiden komme en geane
Sa’t wolkems foar de wyn troch ’t loftrom fleane;
Hy stiet mar krekt, hy set syn foet op ’t paed –
Dêr slynt er hinne as in foarbygeand skead.

3.
Lit greate God, ’t hielal Jins grime witte,
Lit berch en kling Syn reek en lôge sjitte,
Saei nei Jins krêft de blaksum nei de groun,
Forstrui se, smyt Jins pylken fjer yn ’t groun,
Stek út Jins hân, rok me út de wetterwaegen, –
De frjemdling wynt om my syn twange beagen;
Slagg’ del de man dy drystwei ljeagen sprekt
Hwaens rjuchterhân ynfalsk Jins folk forbrekt.

4.
O God, Jy jowe in lofsang op myn tonge:
‘k Scil fen Jins stipe yn blide psalmen sjonge!
Jy stienen by, fordreauwen myn fortriet
‘k Stim by de harp in nij en fleurig liet.
It is fen Jo det foarsten hearskje kinne,
’t Is Jins biewâld, as keningen oerwinne;
For David dych Jins mûle it Godlik wird,
Yy rêdden him fen ’t bloedforjiettend swird.

5.
Untslagg’ my, rêd my fen der frjemden hannen,
Forlos my fen der ljeagenlizzers hannen,
Hjar rjuchterhân is hjit op rôf en bút
Hja binne op list, bidroch en falskens út;
Stean Jy ús by, den scille wy genêze,
Us soanen yn ‘e jeugd as planten wêze
Dy’t groeije altroch ús dochters kein prûs
Blinke as in stien fol pracht yn ’t keninghûs.

6.
Lit God Jins ginst oer skûrre en winkel skine
Lit rom ús spize en sleet yn waren fine,
Jow op ús hiem ús fé in feilich hâld
Lit dêr hjar tal formeardrje tûzenfâld.
Jow de oksen krêft, jow woltier op ús strjitten,
Dogge yn ús gea de frede oan ’t folk to witten,
Bliuwe ynbraek wei, balstjûrich trjigjen fier,
Biwarje ús for gekerm fen minske ef dier.

7.
Loksillich ’t folk, dat fen Gods mylde segen
Bidauwe weirdt, treast fynt op al syn wegen;
Loksillich ’t folk dat ken syn greatste skat;
De Heare heech bliwt de ieuwen lâns syn Got.

Psalm 145.

1.
O greate God, myn Kening heech yn ear,
Ik sjong Jins rom, Jins glânze kein en klear,
‘k Mei yn Jins lof de wiere wille ha;
Jins Namme komt al d’-ieuwen glorije ta,
‘k Lit dei oan dei myn blide sangen riizje,
De Heare – is great, al ’t skepsel moat Him priizje,
Syn greatnes is ’t oereagjen noch to mjiten,
Laech docht oan laech Syn hearlik wirk to witten.

2.
Hja sprekke fen Jins sterk en machtich dwaen,
Jins Majesteit en glânzgjend segenjoan;
En ik forkûnzje oan alle minskebern:
‘k Mei yn Syn ljochtSyn wûndre dieden sjen.
Jins hearlikheit strielt riker as de sinne
Jy binn’ de Helt, scille yn ‘e striid oerwinne;
Jins folk mei bliid yn ’t roun Jins lof forklearie
En lûd Jins Namme en swide rom forearje.

3.
Jins ginstfolk sjongt út follens fen hjar moed
Jins myldens ryk, de greatnes fen Jins goed;
Hja scille Jins gerjuchtigens en rjocht
Utrappe aloan mei jubelsang en nocht.
Hja júblje ynbliid. hja sjonge tank en eare:
Genadich en barmhertich is de Heare!
Syn hoedzjen wirdt fen al Syn skepsels mirken,
Syn goednes leit útspraet oer al Syn wirken.

4.
Al ’t skepsel mei yn Jo syn wille ha,
Jins fromme folk bringt rom en tank Jo ta!
Sjongt fen Jins macht en ’t Godlik keninkryk,
De Almogentheit en ’t hillich heech ûntwyk,
Fen ’t ivich lok yn ’s Heechsten tsjinst to smeitsjen,
Om al Jins krêft de wrâld bikend to meitsjen,
Om al Jins glâns oer bergen en oer klingen
For aller ear de heechste rom to bringen.

5.
Jins keninkryk. Jins Godlik-wiis biwâld
Stiet de ieuwen fêst, giet oer de hiele wrâld;
Trou is Jins wird: hwa’t falt yn leezje en lêst
Fynt nei syn krús wer golle wille en rêst.
Delbûgden litt’ Jy net yn toarst forsmachtsje.
Wy sjugge op Jo, ús aller eagen wachtsje;
Jy jowe rom de spize ús alle dagen
Jy sêdzje ’t àl yn Godlik wolbihagen.

6.
De Heare is rjucht en suver yn Syn wei
Syn ginst is ús yn al Syn wirken nei;
Dy’t Him oanropt fynt stipe en mylde treast;
Dy’t Him snakt mei suvre oprjuchte geast,
Dy nimt Hy op, biwiist Syn wolbihagen
Mei út it ûnk him hoedzjend wei to dragen;
Hy wit syn winsk, forheart syn eangstfol kermjen
Forlosset hiom yn Godlik-ryk ûntfermjen.

7.
De Heare helpt, dy’t op Syn wegen giet
Mar ’t oardiel dylgt elk hwa Syn almacht stiet;
Myn mûle sjongt Gods lof, jowt ivich ear,
En alle flêsk lofsjongt der hearen Hear.

Psalm 146.

1.
Hallelujah, sjong myn siele,
Sjong mei bliide stimme lof!
Priizje God, dy’t ryk me- oerstriele
‘k Haw sa hege jubelstof!
‘k Scil salang ‘k op ierde bin,
Lof ophelje froed fen sin.

2.
Set op prinsen nea dyn herte
Nea op ’t ydle minskebern,
Dat gjin rêdding docht yn smerte;
Ringen scilst him fallen sjen;
Is er ienris hinnetein
Al syn dieden binn’ to’n ein

3.
Lokkich hy, dy’t yn dit libben
Jakobs God as treaster wit;
Falle ringen frejeon en sibben
Fêst en dreech bliuwt syn bisit.
Sillig, dy’t syn heechste skat
Fynt yn ’t hoopjen op syn God.

4.
’t Is de Heare, Dy’t de himel
Mei dizze ierde makke en droech,
Dy’t de sé syn djierewrimel
Yn ‘e djipe kolken joeg,
Dy’t oan hwet Er seit en docht
Trou bliuwt ta ús ivich nocht.

5.
Hy de Heare heart it kermjen
Skikt it rjucht, hwa’t Him bitrout,
Hy is ’t Dy’t ryk ûntfermjen
Hûngrich-sleinen spize jouwt,
En de finznen makket Hy
Ut hjar neare sellen frij.

6.
God de Heare scil de blinen
’t Ljocht mei mylde strielen jaen;
Bûgden, slein yn ier en sinen
Scil Er riuchtop rinnen dwaen;
Hy hat ljeaf it rjuchte moed
Stiet as Heit fen frommen noed.

7.
’t Is de Heare, Dy’t fen boppen
Frjemden hoedet yn ‘e wrald,
Dy’t forstiet der weze roppen
De earme widdou steande hâldt
Mar der tsjustre tsjoeden paed
Keart Er om yn nacht en skaed.

8.
Ivig ta ús hertsforbliden
Fjert u1s Kening ’t heech biwâld,
Hy bistiet troch alle tiden
Is der fierste slachten hâld.
Sjong o Sion, lof en ear
Oan dyn greate Himelhear!

Psalm 147.

1.
Lit nou Gods lof omgegens riizje,
Wy moatte – ynbliid ús Skepper priizje!
’t Is tige – as wy mei fleurge tonge
God om Syn goeddwaen psalmen sjonge!
’t Is foechsum det we – ús bouwe,
Hy bringt ús gear, skynt mei Syn sinne
Oer dy’t út Isrel weireaun binne.

2.
Hy hielet britsenen fenherte
Forbynt hjar wounen, still’t de smerte;
Hy lit hjar tsjin hjar sear en pine
By Him in feilich wenplak fine.
Hy telt it machtich oantal stjirren
Dy’t swide pronkje yn ’t wide omfjerren;
Hja driuwe aloan op ’s Hearen amme,
Hy ropt hjar elkmes by sun namme.

3.
Us Heare is great en great Syn witten
Syn krêft, Syn macht is nea to mjitten,
Fier geane hja boppe ierdske machte
Djip binn’ Syn ynsjuch en gedachten.
Hy scil ’t sêftaerdich folk biwarje
Mar delslaen hwa Syn tsjinders narje,
’t Godleaze folk is ringen sakke,
Hjar huzen pún en broazels makke.

4.
Sjong, júchje om bar de hege Heare,
Bring de iivge Heilân loovjende eare,
Dy God, Dy’t great foar ’t each der folken
De himlen klaeit mei tsjokke wolken;
Oer de ierde driuwt Syn heil, dat keine;
Hy lit it myld oer de ikkers reine;
’t Gêrs lit Er op ‘e bergen groeije
De oerditsen delten sjonge en bloeije.

5.
Gods ginsten scill’ al de ieuwen dûrje:
Hy wol de bisten ryklik foerje;
Gjin fûgeltsje scil Hy forjitte
Mar ek syn fiedsel waechsje litte.
Ho great is God! ho lyts de minske!
Hwet scoe ús krêft, hwet jowe ús winsken?
Syn Almacht scil de macht forbrekke
Fen dy’t oer eigen krêften sprekke.

6.
De Heare wol by froeden wenje
Dy’t Him oprjucht fen sinnen tsjinje,
Dy’t fen Syn hân hjar liede litte,
Him freezje en nea Syn wet forjitte,
Dy ’t Godlik hjitten trou bitrachtsje.
O Salem, romje aloan dy Heare
Bring Sion, God jim priizjende eare.

7.
Dyn haters, Sion! binne sakke,
God hat dyn poarten stevich makke;
Hy jowt dyn bern Syn treast, Syn segen
En hoedet hjar op al hjar wegen;
Sa fier dyn fierste peallen rikke
Scil Hy dyn lannen frede skikke;
Hy jowt dy, by dyn lok en rêste,
Fen ’t eabelst nô it djûrste en ’t bêste.

8.
Hy stjûrt op ierde it Godlik hjitten
Rêd docht Syn wird Syn wil to witten;
Hy spriedt Syn snie en ’t lân is ditsen
Mei ’n klaed fen wite wolle oertritsen;
Ho sêft Syn flokken rúglje kinne!
Hy sieddet der by tûznen hinne.
Den struit Er wer mei mylde hannen
Syn rime al yeske oer wâld en lannen.

9.
Hwa bringt Him net Gods wirk to binnen?
Hy werpt Syn hirde heil as stiennen,
Hy wol mei iis de streamen floerje;
Hwa scoe Syn kjeld, sa skerp, fordûrje?
Mar ’t waer komt mylder wer en better,
Nou teit Er snie en iis ta wetter,
It wyntsje rûst by heger sinne
Dêr floeije altroch de weagen hinne.

10.
Hy lit oan Jakob’t heilsrjucht witte,
Joech Isrels team Syn Godlik hjitten,
Hy liet hjar op Syn wegen wanlje;
Sa woed Er mei gjin folken hanlje
Dy liet Er yn hjar tsuster lizze,
Dy moat it hillich wetboek misse.
Sa mei ús lof omhegens kliuwe,
Us tank troch ’t hege loftrom driuwe.

Psalm 148.

1.
Sjong, Hallelujah, Sjong Gods ear,
Bring ivig tank oan de – Opperhear!
Bring froalik rom mei rike klang
Ut ’s hiemels saele – in suvre sang!
Loovje, – Inglen, dy’t yn lok Him tsjinje,
Sjong sinne – en moane – oan ’s himels trâns,
Wêz stjirren, Him ta gloarjekrâns!

2.
Der hymlen hymlen, bûgje jim
Forheevje it lûd en loovje Him!
Sjong wetter dat yn ’t loftrom driuwt,
Sjong wolkem dy troch ’t wide wiuwt;
Hja hawwe altroch oan God to tinken:
Hja waerden skepen op Syn winken.
Hy joeg Syn hjitten, wize wet
En hja oertédzje it heilsdoel net.

3.
Sjong wrâldbiwenners op jimm’ baen,
Sjong reuzefisk en oséaen,
Jim fjûr en heil, jim damp en snie,
Dû storarmwyn, útstjûrd nei Syn rie,
It foeget jim Him lof to bringen;
Sjong fjilden, streamen, bergen klingen!
Fruchtbeammen, jublje yn bloeiselpracht
Júch se1ders, loovje ’s Hearen macht!

4.
Bring alle fé yn wâld en lân
Him eare ta: Syn greate hân
Biskikt jim spize, dei oan dei;
En fûgels, floiotsje tankjend mei!
Sjong foarsten, folken allegearre,
Lit rjuchters, lit jimm’ hilde heare!
Sjongt feint en faem, sjongt jong en âld
Sjogt blidemoeds yn ’t wiis biwâld.

5.
Wije elk de Heare in kostlik liet!
Syn Namme is heech, Syn lof sji swiet!
Syn Majesteit, Syn wûnderwirk
Omfiement de ierde, is bippe it swirk;
Hy hat Syn tsjinders út it lege,
Hy hat de hoarn Syn folks forhege;
De fromme lovet op syn wei:
Syn Isrel bliuwt Him ivich nei.

Psalm 149.

1.
Lit, Hallelujah, ús sjonge
In nije sang mei blide tonge;
Syn folk moeat heech Synlof forklearje
Oprjucht fen sin him earje,
Bring Isrel, bring mei ’n kleare klank,
Jim mylde Skepper suvre tank!
Lit om jim Foarst o Sions bern,
Elts jim forhúchnis sjen.

2.
Lit hjar, dy’t oan hjar Skepper leauwe
Oan ’t hearlikst liet hjar lof bitrouwe,
Spylje op ‘e floiten, psalmje o frommen
Ynblide op harpe en trommen!
Jimm’ wize wêze ’s herten tolk;
Hy hat gefallen oan Syn folk,
Hat dimmen mei ’t heil bitocht
Hja wanlje yn ’t glânzgjend ljocht!

3.
’t Sêftaerdich flk, yn golle frede
Lofpriizget op syn legerstede
Syn ginstlingfeinten loovje en júchje
Dêr’t Jy hjar ’t hert forhúgje.
Nou gjalped út de oerstjelpe siel
De lof oan God hjar nei de kiel;
It hearlyk hjitten, ’t Godlik wird
Is hjar twasnédich swird.

4.
De Heare wit der froeden sake
Hy jowd hjar op hjar bea de wrake
Oer al de heidnen, dy’t hjar pleagen,
Mei list op list oerweagen.
De folken wirdt it oardiel sein,
De keegen wirde yn boeiens lein,
Heechachten falle de nei ’t rjucht
Dat nei gjin greatnes sjucht.

5.
Dit is it lok fen al Syn frommen,
Hjar glânze is hearlik prieljend kommen,
Hjar heil wirdt fen gjin skaed forkongen:
Sa wird Gods lof bisongen.

Psalm 150

1.
Loovje God, fortel Syn rom,
Priizje Him yn ’t hillichdom!
Sjong Him om Syn greate dieden;
Sjong Him om ’t ûntsachlik blyk
Fen Syn hearlik keninkryk
Foar Syn troane – en hjir op ierde

2.
Loovie mei bazuneklank!
Siz de Skepper eare en tank,
Sjonge ynbliid fen herten ’t út,
Priizje Him mei harpe en lút,
Loovje Him mei floit en tromme
Spylje froalik op jimm’ wei
Op jimm’ snare en jimm’ skalmei;
Bring Syn gloarje yn ’t wiid rounomme!

3.Loovje en tankje o Israël,
De ieuwen lâns Syn wiis bistel;
Mei in willefolle stim,
Mei jimm’ bekkens loovje Him!
Bring jimm’ Kening stiigjende eare!
Al hwet libje en amje mei
Priizje hearlik al den dei.
Him de hege en de iivge Heare,

(Boarne: Privee kolleksje)