A.M. Wybenga Psalmen -91 t/m 100.
91 – 92 – 93 – 94 – 95 – 96 – 97 – 98 – 99 – 100
Psalm 91.
1.
De minske fen ‘e Hege laet,
Yn ’s Iivgen skûlplak sittend,
Oernachtet ûder machtich skaed,
Him bliid en feilich wittend.
‘k Mei sizze heech mei ’n optein moed:
Myn Taflecht en myn Fêste,
Myn God, Jy binn’ myn ivich Goed,
‘k Mei fol bitrouwen rêste.
2.
Hy jowt út strûp, út noed en dea
Dyn siele in sterk ûntkommen,
Al strûst de pest yn ’t huvrjend gea
En skeint de keinste blommen,
Hy dekt dy ta, sa goed sa myld,
Syn wjuk scil dy biskermje,
Syn trouwe bliuwt dyn skuttend skyld,
As tsjoeden helpleas kermje.
3.
Dû frezest net, nin tel, nin wink
For ’t nachtlik njûr forskrikken,
Gjin pylk, ho skerp, sjit dy tosink,
Gjin evel oerlein mikken;
Hy scil dy for de pest, dy’t yn
De tsjustrens loert, biwarje,
For stikkewyn, by sinneskyn
Genadichik dy sparje.
4.
Gods gisel giet oer ’t skodzjend lân,
Dû sjuchste tûznen fallen,
Tsientûzen oan dyn rjuchterhân,
Mar ’t komt net oer dyn wallen;
Dû hast mar mei dyn each to sjen
Ho’t hja fordwinend môgje,
Dû kinst it ûnk der boaze bern
Mei riizjend moed oanskôgje.
5.
Dyn taflecht is de Heare yn need,
Dyn stipe tsjin ’t bistriden,
Dyn skûlplak tsjin ’t binearjend leed
Dyn wente yn swiere tiden,
Oer dy gjin ûnk, gjin ramp, gjin kwea
Hwent God scil dy biwarje;
Hy scil dyn tint for pleach en dea
En ’t skeinend ûnheil sparje.
6.
Hy jowt Syn ingels ’t heech bifel
To hoedzjen dy dyn dagen;
Hy hjit hjar, foelst’ oars hymjend del
Op hannen dy to dragen,
Dos stjitst dyn foet net oan gjin stien;
Dû wâddest liuw en njirre
En liuwe-jong en draek mei-ien;
Sa wirdt dyn krêft forswierre.
7.
Omdet syn siele My bimint -,
Seit God, – kom ‘k him tomiette,
‘k Scil him as him it leed birint
De drok ûntkomme litte.
‘k Scil him forheechje yn ljochte steat,
Syn fijân wykt forskamme,
Hwent hy hat nei Myn wet him keard
En ken Myn hillge Namme.
8.
Hy ropt my oan yn pine en smert
En ‘k lit him útkomst fine,
Ik bliuw by him en scil syn hert
Mei hearlikheit oerskine.
Ik sêdzje him, Myn feint, Myn bern
Mei lange, blide dagen
‘k Lit him Myn heil en frede sjen
En noedzjend wolbihagen.
================
Psalm 92.
1.
Lit ús de rêstdei wije,
Mei psalmen, lof en ear;
Wy meije o Opperhear
Net fen Jins Namme swije;
’t Is skoan ús, as wy jowe
Moarns ier Jins goedens tank,
Mei kleare snareklank,
En yn ‘e nacht Jins trouwe.
2.
’t Is foechsum, bliid fen tongen
Gods goedens bliuwt ús swiet –
Mei ’t kinstfol-rike liet
Op harpe en lút to sjongen;
‘k Mei ta Jins lof my foegje,
Jins dieden ha my ljocht
Ta sang en jubel wrocht:
‘k Mei ynlik my fornoegje.
3.
Ho great, ho sûnder grinzen
Op ierde en heech yn ’t swirk
Is Hear, Jins wûnderwirk,
Ho djipgeand binn’ Jins tinzen!
De siel fen ’t stof forbjustre
Forstiet Jins dieden net;
Dwaes bliuwt der dwazen hert,
Hjar oardiel is fortsjustre.
4.
Al mei de tsjoeden dije
En waekse as ’t grien by ’t wiid,
Al mei de ûnrjuchte in tiid
Fen bloei en knopjen krije, –
God lit hjar ’t oardiel witte
Fordylget se yn in feech,
Wylst Jo myn God omheech
Op de iivge troane sitte.
5.
Al mei in fijân kriuwe,
Mei ’t herte op falske baen,
Jins hân scil hjar forslaen,
Forstruije, yn nacht fordriuwe.
Jy haw me omhegens setten,
My sterktme en greatens brocht;
‘k Waerd ta myn heil en ljocht
Mei oalje rynsk oergetten.
6.
Ik mei mei froalike eagen
Op myn biloerders sjen,
Delskôgje op ’s boazen bern
Dy’t netlje mei hjar beagen.
Myn earen scil it hearre
Ho’t myn bistriders giet,
Ho’t mei hjar opstân stiet
Ho tel se yn ’t ûnrjucht stjerre.
7.
’t Rjuchtskepen folk scil bloeije,
Scil waeksje as palmen ryk,
Tanimme, ceders lyk
Sa’t hja op Lyb’non groeije;
Hja, plante yn ’t hûs des Hearen
Yn ’t foarhôf, sjitte al út
Mei skoandere leat en sprút,
Fen waer noch wyn to kearen.
8.
Noch yn hjar grize dagen
Bliuwt hjarren freugde wis;
Ek sjucht hjar grien en fris
De rykste fruchten dragen,
Om ’t Godsrjucht út to lizzen
De hiele wrâld yn ’t roun.
Fen Him, myn rots, myn groun
Is neat ûnrjuchts to sizzen.
================
Psalm 93.
1.
Us hege God is kening oer ‘e wrâld.
Biklaeid mei krêft biwiist Hy Syn biwâld,
’t Hielal stiet fêst, Gods nea forswakke hân
Hâldt hwet Er skoep, ûnwrigber sterk yn stân.
2.
Ho hearlik blinkt Syn swide gloarjekroan!
De tiden lâns stiet fêst Syn hege troan;
Sy júchje it út: fen ivichheit o God
Bisteane Jy en binn’ J’ ús heechste skat.
3.
Ho rûst de wyn, ho brûst rivier en stream!
Nin minske fiert oer hjar gewelt de team,
Mar God omheech is mear den ’t wetterwé,
Hy ’s mear yn krêft den ’t skolprjen fen ‘e sé.
4.
Jins wird is wier, Jins tsjûgnis ivich trou;
De hillichheit is ’t godlik-ljocht gebou,
Jins útkard hûs, o Isrels hege Hear
Ieu út, ieu yn syn sieraed, priel en ear.
================
Psalm 94.
1.
Kom God der wrake, blinkend harren,
Bring sterk Jins grime oer dy’t ús narren;
Lit, Rjuchter oer ‘e minskebern,
Forheven ’t folk Jins riedslach sjen;
Bring oer de greatske man ’t gewelt,
Dêr’t hy mei tsjin Jins folk him stelt.
2.
Ho lang scil dy godleaze, o Heare,
Him húnjend tsjin Jins ginstfolk keare?
Ho lang springt hy fen blidens op,
Us netljend mei syn stûf gerop?
Hja meitsje ús min, hja ride ús nei
En romje yn ’t ûnrjucht al den dei.
3.
O Heare, sjuch ho’t s’ ús omgûnzje,
Forbrizelje, yn ‘e djipte ús bûnzje;
’t Stiet for Jins erve ‘er tsjuster ta:
De frjemdling plondrje en deije hja,
Hja briede haet, bidroch en kwea
En slagge wees en widdou dea.
4.
Hja sprekke greatsk op hjar formogen:
“Hy sjucht net op ús minder-dogen,
De God fen Jakob merkt it net!”
Jim ûnforstânnen sûnder hert,
Jim dwazen sûnder rede ef ljocht
Hwet idel stik ha jim bitocht?
5.
Scoe God, Dy’t ús ’t gehear foarmearre
Scoe den de Skepper-sels net hearre?
Scoe Hy Dy ’t each ús joech, net sjen,
Net skôgje oer alle minkebern?
Scoe Dy’t de heidnen wit to slaen
Oer ’t tsjoede wirk gjin straffe dwaen?
6.
God wol de minsk de witnis leare;
Us djipste-ynwindich sjucht de Heare;
Hy wit hwet ydlens yn ús tynt
Loksillich, hwa Jins tucht forbynt
Fêst oan ’t gebot mei ’n siikjend hert, –
Dy’t leart de suvrens fen Jins wet.
7.
God jowt ús krêft om ’t krús to dragen
En stipe nei ús jammerdagen,
Jy skeppe ta der froeden bêst
Ut nacht en near wer nocht en rêst,
Wylst dryste boazen falle yn ’t swird
En hjar de kûle groeven wirdt.
8.
De Hear scil nea Syn folk forstjitte
Hy scil Syn erfdiel net forlitte:
It oardiel blinkt fol majesteit
En bringt Gods folk gerjuchtichheit;
Elk, dy’t oprjucht is yn syn wei
Giet bliid Gods wize wegen nei.
9.
Hwa helpt, tsjin dy’t my knipe yn ’t herte?
Hwa scil him tsjin de ûnrjuchten sette?
Hie net de Heare ta myn bêst
Myn helpe en sterke stipe wêst
Den hie my fel de fijân slein
En hie ‘k yn ’t stille grêf al lein.
10.
Do ‘k sei: myn swakke foetten glide,
Stie my o Hear, Jins ginst op side;
Do’t yn myn tinken nacht en smert
Optwongen oer ’t forheistre hert, –
Haw myld Jy oan myn siele tocht,
Forkwikke my ’t fortreastend ljocht.
11.
Scoe ea de stoel der skeadlikheden
Plak fine by Jins rjucht en reden,
Dy’t moeite opdichtet út ‘e wet?
Hja rinne gear mei hate yn ’t hert,
Hja jeije op ’t rjuchtbilizzend moed,
Forflokke en doemje ’t skildleas bloed.
12.
‘k Mei God myn hege wente leauwe,
Hy scil myn Rots en taflecht bliuwe;
Hy leit de ûnrjuchten op ‘e lea
Hjar eigen minnens, skild en kwea;
Hy scil hjar yn hjar boazens slaen,
Fordylgjend hjar to neate dwaen.
================
Psalm 95.
1.
Kom lit ús God, ús Heil, ús Goed,
Nou tankjend sjonge blier to moed,
Hy lit Syn swide ginsten blinke!
Lit ús dy Rots, yn ljochte klean,
Mei lof en liet tomiette gean,
Us psalmen moatte lûd wearklinke.
2.
De Heare is God, ús God is great,
Us kening yn Syn hege steat
Giet al de goaden fier toboppe!
Syn hege hân bistjûrt de wrâld;
De djipten moatt’ fen Syn biwâld
De bergen fen Syn almacht roppe.
3.
Hy skoep alear de wide sé,
Hy makke machtich ’t droege ré
Om minsken lokkich hjir to wenjen.
Kom, bidde wy ús Skepper oan,
Kom, lit ús bûgje foar Syn troan
Om Him mei siel en sin to tsjinjen.
4.
Hy bleau altyd ús trouwe God;
Joech ús, Syn folk, it sillichtst lot,
Hat ús, as trouwe Harder hoede,
Hy brocht de skiepkes fen Syn hân
Hjar segenjaende yn ’t kostlikst lân
Biskikte út folle mjitte ús ’t goede.
5.
O folk, jim hearre ’s Heechsten stim
Sa bûgje djip for ’t wird fen Him
Dy’t myld jim de ealste jeften stjûrde:
“Forhirdzje dôchs jimm’ herten net,
‘k Haw eren jimme in teiken set:
Meriba’s kwea waerd Massa’s groede.”
6.
“Jimme âlders haw My terge en dien
My fjirtich jier op ’t heechst wjerstien
Do’t ik hjar yn dit Kanan brochte.
‘k Liet hjar Myn wûnderwirken sjen,
Mar nimmen fen dy stege bern
Dy’t My, mei suvre sinnen sochte”.
7.
“Ik sei: dit folk mei dwaelsiik hert
Forstiet Myn hillge wegen net,
Forsmyt oerdwealsk syn eigen bêste;
‘k Haw dos yn hjitte lilkens sward:
Hja dogge op ’t slimst Myn ear to koart,
Noait scille se yngean yn Myn rêste!”
================
Psalm 96.
1.
Lit nou in nije lofsang riizje,
Wol ierde, de Ivige ear biwiizje!
Lofsjong Syn namme út ’s herten groun,
Bring ’s Hearen lof de wrâld yn ’t roun,
Wol dei oan dei Syn heilswirk priizje.
2.
Sprek fen Syn ear by naesjes; litte
De folken ’s Heechsten wûndren witte,
De Heare is priislik, einleas great;
Syn keninkryk, Syn hege steat
Giet alle goaden fier oermjitte.
3.
De goaden fen ‘e folken binne
Yn ydlens neat; mar loft en sinne
Waerd makke fen ús God en Hear;
En Majesteit en glânzjende ear
Gean foar Syn godlik antlit hinne.
4.
De sterkteplant, de sieraedblomme
Waekst hearlik yn Syn hillichdomme;
Jow dos de Heare, o ider slacht’
Fen folken eare en lof en macht:
Sa wirdt Syn hillge Namme romme.
5.
Jow ivich ear mei siel en amme,
Forheevje ’s Heechsten hillge Namme,
Drage yn Syn hûs jimm’ jeften oan,
Kom smeekjend foar Syn hillge troan,
Hy lit Syn tsjinders nea biskamme.
6.
Oanbidde yn ’t hillichdom de Heare
Bring Him yn hillge feestklean de eare!
Skrikke ierde, foar Syn antlit, kjel
Fall’ minskdom foar Syn foetten del,
Litt’ folken, fen Syn wet jim leare.
7.
Sizze oan ‘e Heidnen: God is sitten
Heech hearskjend oer ús dwaen en litten;
Hy set de wrâld op fêste groun
Hat him ûnwrigber wêzen jown;
Hy docht Syn rjucht elk folk to witten.
8.
Sjong, him’len, yn Gods heil forblide,
Júchje ierdryk om Syn ginsten swide,
Siz ’t skolprjend út, dû greate sé!
It fjild tille op mei nôt en fé,
En ’t wâld moat júbljend God bilide.
9.
Hy komt, Dy’t wy ús eare jowe
Mei ’t rjucht sa klear as ’t ivich blauwe,
Dy’t rjuchtet Godlik-wiis de wrâld,
Fiert yn gerjuchtichheit ’t biwâld
Bistjûrt de folken yn Syn trouwe.
================
Psalm 97.
1.
God stiet as Opperhear;
Bring folken liet en ear,
Wêz ierdryk, sé en eilân
Forhuge yn de iivge Heilân!
Der wolkne donkerheit
Oerklaeit Syn Majesteit,
’t Rjucht is Syn pearlekroan;
De fêstens fen Syn troan
Is wiis en wis bileid.
2.
In lôge lûkt Him foar,
In fjûr giet op Syn spoar
En lit Syn fijân rane,
Syn stive hater baerne.
Syn skittrjend bliksemfjûr
Skynt ’t ierdryk oer en oer;
Hy smiet Syn wearljocht del,
En ’t minskdom skrillet kjel
Fen eangstme en skrik oerstjûr.
3.
It berchtme nimt de wyk
Raent wei oan waeks allyk,
Yn ’t inerlik bineare
Foar ’t antlit fen ‘e Heare
De Kening fen hiel de ierd’;
Yn heech, yn treftich liet
Tsjûgt Him de himel lof;
De folken sjugge yn ’t stof
Ho heech Syn glânze stiet.
4.
Hy, dy’t in nearzich byld
Him stelt ta help en skyld
Scil djip biskamme reitsje;
Gjin ûngod scil biweitsje.
Bûg goaden, bûgje tel
Foar de Iivge Fader del;
Rop Him, de Skepper oan,
Fall’ foar Syn gouden troan
En earje Syn bistel.
5.
Gods Sion hat it heard
En blidens juble yn ’t hert;
En Juda’s dochters songen:
Jy hawwe it kwea bitwongen;
Jins oardiel sloech o Hear
De fijân yn it near;
Jins heech-forheven steat
Is oer hiel ’t ierdryk great,
En de ingel sjongt Jins ear.
6.
Godljeavers, froed fen sin
Gean jimmer ’t kweade tsjin:
Hy wol jim trou biwarje
Yn twang en lijen sparje;
Hy jowt de fromme siel
Syn rêdding en skewiel,
Jowt romte en rêst yn ’t lân
Forlost se út ’s boazen hân
En jowt hjar ’t kostlik miel.
7.
God hat Syn folk bitocht
Mei ’t ljeaflik prieljend ljocht,
Hy hat de oprjuchte herten
Yn glânzgjende oarden setten.
Wêz frommen, al jimm’ tiid
Yn Him, de Heare, bliid;
Sjong lieten, ljocht en klear
Syn hillge namme en ear
Syn dieden wûnder-swiid.
================
Psalm 98.
1.
Sjong nou in treftich liet ús Heare,
In nije sang rûzje oer ús lân;
Bring God de Heilge, lof en eare
Om ’t wûndre wirkjen fen Syn hân,
Hy docht Syn heil oan’t folk to witten
Gerjuchtigens blinkt de ierde yn ’t roun;
Hy hat de heidnen fiele litten,
De segen oan Syn ginstfolk jown.
2.
Hy tocht yn Syn genade om ’t goede
Oer Isrels hûs fen âlds foarsein;
Des ierdryks hernen bliid to moede
Steane oer Syn ljochtsjend heil forslein.
Sjong Goades lof mei herte en tonge
En júblje ta Syn eare ’t út!
Woll’ ierdbiwenders, júchje en sjonge:
’t Is God, Dy’t rynsk Syn ginst ûntslút.
3.
Lit by jimm’ harpe psalmen klinke
Bring de Opperheare lof en tank,
Wol ’t priislikst liet for Him bitinke
En spylje it by bazuneklank!
Lit Goades hûs fen freugde rûzje
For Him, Dy’t hjir Syn wenplak hâldt,
Lit heech de sé yn follens brûzje,
En júchje yn blidens, loft en wrâld!
4.
Lit al de streamen God forearje
Mei hannen klappend jubel dwaen,
Lit eltse berch Gods macht forklearje
Yn Him forblide freugde útjaen!
Hy komt, Hy komt, scil de ierde rjuchtsje!
Hy Isrels Hear, Dy’t wierheit seit
Scil op de wrâld elk skeel bisljuchtsje
En liedt elk folk yn binlikheit.
================
Psalm 99.
1.
God it Albiwâld,
Hearsket oer ‘e wrâld,
Bûg for Him jim del,
Dy’t by Isrel,
Twisken Cherubs sit;
Folken beevje en bid,
Ierdryk, skodzje en skrilje,
Skokke yn ’t herte en trilje.
2.
God, sa heech fen steat
Is yn Sion great,
Hy stiet einleas heech
Boppe ’t folk omleech;
Knibblje dos yn ’t stof
Bring Syn Namme lof,
Bring Syn greatens eare:
Hillich is de Heare!
3.
Loovje nacht en dei
’s Kenings sterktme en wei
Dy’t yn Syn biwâld
’t Rjuchte ljeavjend hâldt.
De iivge Majesteit
Groune binlikheit
Under Jakobs slachte
Dat Syn heil forwachte.
4.
Romje him, ús God
Him, ús heechste Skat;
Rop Him ynlik oan,
Bûgje foar Syn troan,
Knibblje tankjend tel
Foar Syn foetbank del;
Lit jin ’t suvre leare:
Hillich is de Heare!
5.
Amrams greate soan
Rôp God offrjend oan,
Aron knibble del,
Rjuchter Samuël
Rôp yn ’t snijend sear
Longrjend oan ‘e Hear:
God woe ’t lûd fornimme
Hat hjar striid bidimme.
6.
Ut Syn hillichdom
Yn in wolkkolom
Hat Er de iivge wet
Hjar as tsjûgnis set;
Hja yn ’t Godlik ljocht
Hawwe it wird folbrocht.
Dienen froed fen herte
’t Rjucht dat Hy hjar sette.
7.
Jy, ús Heare en God,
Wiern’ hjar ealste skat,
Jy haw hjar gebet
Yn Jins ginst forheard,
Hjar de skild forjown:
Hja haw frede foun
Ho’t se ek mei hjar sounen
Kwel en kwea hjar wounen.
8.
Sjong nou ivich de ear
Fen ús God en Hear,
Knibblje o Israël
Tankjend foar Him del,
Foar Syn Majesteit
De iivge hearlikheit
Op Syn berch der eare:
Hillich is de Heare!
================
Psalm 100.
1.
Sjong ierdryk! júchje lof en ear,
Yn blidens oer ús God en Hear,
Him heech to priizjen is sa swiet;
Kom for Syn troan mei jubljend liet.
2.
De Heare is God, de Heare is great,
Hy sette ús yn ús hege steat;
Hy jowt it oan Syn folk sa skoan
En nimt ús ta Syn skiepkes oan.
3.
Bring yn Syn poarten, bring him tank
Mei lofsang, mei bazuneklank!
Wy priizje Him for ’t djûr biwâld
Syn Namme is great oer hiel de wrâld.
4.
Us ljeaven Heare is myld en goed;
Hy stipet de ieuwen lâns ús ’t moed,
En hoedet ús for smerte en rou:
Oant fierste slachte stiet Syn trou!
================
Boarne: Privee kolleksje)