Tiidline
1881– 25 oktober. De bertedatum fan Anders Minnes Wybenga. Berne ûnder Nijewier. De ienlinkssoan fan Minne Wybenga (1848) en Janke Jans Elzinga (1847).
1887 – Nei skoalle yn Nijewier.
1891 – De lytse Anders Minnes moat fan skoalle ôf om syn heit te helpen op de pleats. Hy bliuwt him fierder as autodidakt ûntwikkeljen.
Notysje: Oer de bernejierren, skoaltiid en de jeugdjierren fan Wybenga kinne jo lêze yn Wumkes foarwurd fan “Loddespitten”, yn “Alderheljen” fan Doede Wiersma en yn de biografy “Yn us eigen taal’ fan Jan Minno Rozendal.
1896 – De earste foardrachten.
1900 – Aldereinling yn de Grifformearde tsjerke fan Nijwier.
(Fierder ek yn it jier: 1918, 1933 en 1945)
1903 – Ynterrese foar Krite Dokkum fan “Ald Seskip”.
1907 – Publikaasje “In Koaning” yn Friesch dagblad.
1907 – Publikaasje “Us libben yn Teltsjegea” yn Friesch dagblad.
1907 – Fierdere publikaasjes yn Friesch dagblad. De stikken fan “Fetse Greidema” (pseudonym fan Wybenga) wurdt in soad lêze.
Notysje: Oant de ein fan syn libben (1948) bliuwt Wybenga publisearjen yn de measte Fryske kranten en tiidsfiten. (Gedichten, proaza, oersettingen, boekeresinsjes, polemyk, ynsûnde stikken) Sjoch de list * (ûnderoan dizze side).
1908 – Mei-oprjochter fan Christlik Selskip foar Fryske skriftekennise en in tal jierren haedbistûrslid oant 1925.
1909 – Skriuwer fan de Krite fan it Selskip Dokkum.
1909 – Oant en mei 1920, meiwurker oan “Yn ús eigen Tael” ek ûnder pseudonym Fetse Greidema en In Fryske Jonge. (Gedichten, proaza, oersettingen, boekeresinsjes).
1909 – Publikaasje earste psalmoersetting (72 en 116)
1910 – Foarsitter en oprjochter fan de Krite Nijewier.
1910 – Publikaasje “Earefrissel for Master W. Faber”.
1911 – Publikaasje “Loddespitten”.
1911– Publikaasje “Frysk sangboekje” (mei O.S. Akkerman).
1911 – Publikaasje “It Fryske Foardrachteboek”.
1914 – Publikaasje “Foar de fûst wei”.
1912 – 9 maaie: Yn ûndertrou gean mei Renske L. Heeringa út Lioessens (berne 8 jannewaris 1888).
1912 – 23 maaie: It huwelik mei Renske Heeringa.
1912 – Diaken yn de Grifformearde tsjerke fan Nijwier
1913 – 9 augustus: Bertedatum fan dochter Janke.
1914 – Publikaasje “Foar de fûst wei”.
1916 – Definityf plan om alle psalmen yn it Frysk oer te setten.
1916 – Lid fan de Jongfryske Mienskip.
1918 – 22 juny: Bertedatum fan dochter Siebrigje.
1918 – Scriba yn de Grifformearde tsjerke fan Nijwier. (Fierder ek yn it jier:1930 en 1939)
1918 – 4 novimber: Lêzing yn Dokkum “De Jongfryske Biweging”
1920 – Psalmen oersettingen en tariede foar de publikaasje. (In part publisearre yn “Yn ús eigen Tael”).
1921 – Oant 1925 Samler fan “Yn ús eigen Tael” (Gedichten, proaza, oersettingen, boekeresinsjes).
1923 – Publikaasje fan 150 psalmen. Huldiging yn Ljouwert. “Himmelsk harplûd!” (loovjend sitaat fan Wumkes).
1923 – Mei-revisor fan It Nije Testamint.
1924 – 3 febrewaris: stjerd Janke Wybenga Anders Minnes mem.
1925 – 22 febrewaris: stjerd Minne Wybenga de heit fan Anders Minnes.
1925 – Publikaasje fan “Frysk rymsnoer” G.A. Wumkes (mei bydrage fan A.M. Wybenga)
1930 – Skriuwer fan it Gifformeard Selskip.
1932 – Oant 1936 Meiwurker oan it Grifformeard Selskip.
1930 – Publikaasje fan “Hwa sjong mei”.
1931 – Publikaasje fan “Foar it Fryske jongfolk”.
1932 – Publikaasje fan “Yn ‘e nije pronk”.
1932 – Publikaasje fan “De blijde gast”.
1933 – Publikaasje fan “Blêd en blom”.
1933 – Wybenga bitanket as skriuwer en wurdt huldige troch it Grifformeard Selskip en kriget 6 stuollen oanbean.
1934 – K.F.F.B. oprjochte. Fan 1935 ôf tsjinne as bistjûrslid-foarsitter oant syn dea yn 1948.
1934 – Publikaasje fan “Frisch en fleurig”
1936 – Publikaasje fan “Bikende Psalmen fan Wybenga en Schurer.
1936 – Publikaasje fan “Libbensgong”.
1937 – Publikaasje fan “It Soenhûs”.
1937 – Publikaasje fan “Ropta, syn moune en skiednis”.
1938 – “De tidden lâns”, sjongstik opfierd to Nijewier.
1939 – Publikaasje fan “By Honk” lêsboek foar Kr. Skoallen.
1939 – Publikaasje fan “Fan leed en lok”.
1939 – Publikaasje fan “Libbenswysheit” en “In samling Fryske sizwizen”.
1939 – 12 juny: dochter Janke troud mei Jan Rozendal.
1940 – Publikaasje fan “Ut ‘e patriottentiid”.
1941– Publikaasje fan “Stoarm oer Fryslân”.
1941 – 10 novimber: dochter Siebrigje troud mei Romke v/d Kloet.
1942 – Bitinkingsdeifers” 50 jier Grifformeard tsjerke yn Nijewier.
(Wybenga hat dizze tsjerke tsjinne as tsjerkeriedslid en hat ek in protte oan it jeugdwurk dien).
1942 – “Lêzing oer eigen wurk”
1942 – Publikaasje fan “Fryske dichters” F. Schurer (mei bydrage fan A.M. Wybenga)
1945 – Publikaasje fan “Fryske folksdichters” P. Terpstra (mei bydrage fan A.M. Wybenga)
1946 – Wybenga’s ferhúzje nei Easternijtsjerk en komme te wenjen yn in hûs oan’e lofterkant fan de Grifformearde tsjerke oan de Langgrousterwei.
1946 – Werpublikaasje fan “Hwa sjongt mei” (5ste printinge)
1947 – (oant 1950) publikaasje van Johannes de Heer lieten yn De Stim.
1947 – Publikaasje fan “Mikkemuoi” yn In bondel novellen fa ûnderskate skriouwers. (KFFB nr. 11).
1947 – Publikaasje “In Bern is ús berne in Bethlehem” mei in bydrage fan Wybenga.
1948 – Publikaasje fan “Klimmerstiid”.
1948 – Publikaasje fan “Sûnderling” yn Friesch dagblad fan 4 septimber: It lêste by libben ôfprinte stik.
1948 – 9 septimber: Anders Minnes Wybenga stjert yn syn hûs yn Easternijtsjerk. Op 14 septimber wurd er te hôf brocht yn Wetsens. Op’e grêfstien komt in tekst te stean: “Soan fen Frysalân. Strider en dichter”.
Hjir bin ik troch it wundere libben gien
hjir haw ik leed en lok forstien
de ljochten en de skaden
====================================================
Nei 1948 binne der yn kranten en tydskriften ferskate stikken en “in memoriam” oer Wybenga skreaun.
Yn 1968 is in Anders Minnes Wybenga komitee oprjochte ” út tankbrenes, de betsjutting fan de dichter en syn wurk, foar folk en gea to earen”
Om 1970 hinne wurdt yn Nijewier in strjitte nei him neamd.
Yn 1970 kriget Wybenga syn stânbyld yn Nijewier. Renske Wybenga mei it stânbyld ûntbleatsje.
Yn 2005 komt in Wybenga monumint yn Hantumhuzen.
====================================================
Posthume publikaasjes:
1950 -“Ljocht oer it fjild” dedichten fan A.M. Wybenga.
1951 – Lêzing: “Oer wurk en wurken fan A.M. Wybenga” (Yn skrift mei kranteknipsels mei wurk fan him, in leedbrief en in libbensbeskriuwing fan Wybenga fan E.S. Wendelaar Bonga) fan Durk van der Ploeg.
1970 – “Alderheljen”. (Wurk fan A.M. Wybenga mei in historyske skets bisorage fan Doede Wiersma)
1975 – “Troch it Lauwerseach” mei 7 gedichten fan A.M. Wybenga.
1977 – “Buorkerije, bourkerije, is de rom fan Fryslâns groun”. (In blomlêzing mei bydrage fan 4 gedichten fan A.M. Wybenga)
2018 – “Yn ús eigen taal”(In biografy fan A.M. Wybenga fan Jan Minno Rozendal ).
2025 – “Anders Minnes Wybenga Bibleteek” webside.
====================================================
* De list fan kranten en tiidsfiten: It Beaken, Dockumer Courant, Dragtster Courant, Eindhovensch Dagblad, Folk en Tael, Friesch Dagblad, Friese koerier, Frisia, Grifformeard Frysk Tiidskrift, De Groene Amsterdammer,
It Heitelân, Heerenveese Koerier, Leeuwarder Courant, Nieuwsblad van Friesland – Hepkema’s Courant, Nieuwsblad van het Noorden, De Nije Mienskip, Ons Noorden, Sljucht en Rjucht, De Standaard, De Stim fan Fryslân, Trouw, De Tsjerne, Tsjûgenis, De Upstalbeam, Yn Us Eigen Tael.